header_0

Heit en mem

heit&mem hat as doel oansteande en (jonge) âlders te ynformearjen oer it grutbringen fan bern fan 0 oant 12 jier. Meartaligens is hjir in substansjeel ûnderdiel fan. heit&mem docht dit troch de ynformaasje oan te bieden yn benammen it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk. heit&mem is in inisjatyf fan de Afûk en wurdt finansjeel stipe troch de provinsje Fryslân. Dêrnjonken kinne bedriuwen ek advertearje op de site www.heitenmem.nl of yn it tydskrift heit & mem.

heit&mem ferskynt op de webside www.heitenmem.nl, yn de foarm fan de tydskriften heit&mem en lytse heit&mem, en is ek te finen op Facebook, Pinterest, Twitter en Youtube. Yn alle ferskiningsfoarmen wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.heitenmem.nl, of nim kontakt op mei Carolien ter Schuur of Dieuwke van der Meer-Posthumus.
De betelpagina wurdt laden