O O O

Lida Dijkstra skriuwt Aksjeboek foar Bern oer Mata Hari

21 april 2017

It Aksjeboek foar Bern 2017 wurdt skreaun troch Lida Dykstra. It wurdt in ryk yllustrearre sjochboek foar de boppebou oer it libben fan de yn Ljouwert berne Margaretha Geertruida Zelle (1876 – 1917), dy’t letter ferneamd waard as Mata Hari. Dat Lida Dykstra keazen hat foar Mata Hari as ûnderwerp is gjin tafal: yn oktober is it op ’e kop ôf 100 jier lyn dat de eksoatyske dûnseres op fertinking fan spionaazje fusilearre waard yn Frankryk.

De yllustraasjes fan it boek wurde makke troch Natascha Stenvert. It boek ferskynt begjin oktober yn it ramt fan de Berneboekwike. By oankeap fan in Frysk boek, is it foar de spesjale aksjepriis fan € 4,95 te keap. It wurdt foar Boeken fan Fryslân makke troch Utjouwerij Wijdemeer.


Oftraap sutelaksje grut sukses!

7 april 2017

Tiisdeitejûn 4 april is de earste sutelaksje fan dit jier úteinset yn Easterein. It wie in grut sukses. Leden fan fanfare Wilhelmina ha mei de kroaden by de doarren lâns west en binnen twa oeren foar hast € 3.000,00 oan Fryske boeken ferkocht. Dat is foar de fanfareferiening in moaie opstekker, want fan de opbringst meie se 25 % (sa’n € 750,00) op harren eigen rekken byskriuwe. Fanfare Wilhelmina sil op sneon 15 july meidwaan oan it Wereld Muziek Concours yn Kerkrade en kin it jild goed brûke foar alle ekstra repetysjes, de busreis, it ferbliuw ets. It Wereld Muziek Concours yn Kerkrade wurdt ien kear yn de fjouwer jier hâlden.

Ferdinand de Jong, koördinator fan de sutelaksje, is tige tefreden oer it resultaat: “Geweldich, binnen twa oeren foar € 3.000,00 ferkocht”. Hy hopet dat mear muzyk-, sportferienings ets. folgje sille.

Klik foar in ympresje op ûndersteande link: https://youtu.be/VNKGr4SAKuY


'Wapper' selektearre foar ynternasjonale yllustratoare-tentoanstelling de Biënnale

3 april 2017

In het najaar 2017 vindt de 26ste editie van de Biënnale van Illustraties in Bratislava (Slovakije) plaats. Deze internationale illustratorententoonstelling is van september tot oktober te zien in Bibiana, het Internationale Huis voor Kunst voor Kinderen in Bratislava. Tijdens de Biënnale wordt ook de prestigieuze Grote Prijs BIB uitgereikt, samen met vijf Gouden Appels en vijf Medailles voor de beste illustraties uit de tentoonstelling.

IBBY-Nederland verzorgt, in samenwerking met het Nederlands Letterenfonds, de Nederlandse selectie voor de inzending van origineel werk van maximaal tien Nederlandse illustratoren. Illustratoren kunnen dus niet individueel voor deze tentoonstelling werk insturen.

De selectie commissie heeft stapels boeken door haar handen laten gaan en na lang overleggen een selectie van maar liefst vijftien illustratoren gemaakt, die ingezonden zullen worden voor de tentoonstelling. En nu maar afwachten of de internationale jury in september één of meer van onze illustratoren zal verblijden met een bekroning.

De volledige selectie (met omslagen van de boeken) is te vinden op: www.ibby-nerland.nl

'Wapper' is foar € 12,50 te keap yn de boekhannel mar kinst it boek ek fuortendaliks yn ús websjop bestelle!


Boeken sutelje foar eigen doarp of feriening

30 maart 2017

Rynk Bosma gie foar de Moanne yn petear mei Ferdinand de Jong, koördinator fan de Sutelaksje.

"Je moatte it minsken oan de doar tabringe”, sa seit skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum. De yn 1969 yn Oranjewâld berne De Jong makke as skriuwer syn debút yn 2010 mei Guozzeflecht en is ûnderwilens al dwaande mei in seisde roman. Ek is hy sneons as kollumnist warber foar Omrop Fryslân. Dêrneist is hy de man dy’t de ea sa ferneamde sutelaksje ‘rêchdekking’ jout en fasiliteart."

Lês fierder op demoanne.nl en miskien organisearresto aanst wol jim eigen Sutelaksje!


de Moanne nr. 2 is ferskynd

29 maart 2017

Dêr wied er al! de Moanne nûmer 2! Goeie stikken en moaie plaatsjes! Lês mear op demoanne.nl, wurdt abonnee of helje 'm yn de boekwinkel.


Tresoar siket Fryske skriuwers foar ferbliuw yn Maribor, Slovenië

23 maart 2017

Hjoed iepenet de fjirde call foar it literêre útwikselingsprogramma Other Words / Oare Wurden. Fryske skriuwers kinne oant 20 maaie in foarstel yntsjinje foar in ferbliuw fan acht wiken yn de Sloveenske stêd Maribor. It ferbliuw fynt plak yn de perioade septimber-novimber 2017.

Other Words is in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen. It projekt jout skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen. Doel fan sa'n ferbliuw is om in literêr wurk te meitsjen, mei te dwaan oan it kulturele libben yn it gastlân en in nij (skriuwers)netwerk op te bouwen. It úteinlike literêre wurk wurdt yn it Ingelsk en de oare dielnimmende talen oerset en op de webside fan Other Words publisearre. Yn ruil dêrfoar krijt de skriuwer in honoararium, in deistige talage en in fergoeding fan de reiskosten. Alle ynformaasje oer de seleksje, dielnamekritearia en honoararia stiet op www.tresoar.nl.

Maribor leit yn Noardeast Slovenië, oan de rivier de Drava. Mei rom 100.000 ynwenners is it de twadde stêd fan Slovenië. It hat in universiteit en in bloeiend kultureel klimaat. Oant 1918 hearde Maribor by Eastenryk-Hongarije. Nei de Earste Wrâldoarloch hearde Maribor by it Sloveenske part fan it keninkryk Joegoslavië. De offisjele taal yn de stêd wie doe Sloveensk, mar in grut part fan de befolking wie Dútsktalich. Yn 1941 waard de stêd troch de nazi’s ynnommen. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie Slovenië earst in dielrepublyk fan it Joegoslavië fan Tito. Yn 1991 waard it in ûnôfhinklike republyk.

Yn de perioade 2016-2018 dogge kinne Fryske skriuwers oan de útwikseling fan Other Words meidwaan. Yn 2016 wienen André Looijenga yn de stêd Bitola yn de Republyk Masedoanië en Bart Kingma yn San Sebastian yn Spaansk Baskelân. Ynkoarten ferbliuwt de Biltske skriuwer Gerard de Jong acht wiken yn San Sebastian. Begjin juny makket de sjuery, dy’t bestiet út Tryntsje van der Steege, Marijke de Boer en Bart Kingma, de kandidaat foar Maribor bekend.

De dielnimmende lannen en regio’s oan Other Words binne op dit stuit Baskelân, Ierlân, Slovenië, Masedoanië en Fryslân. Ynsidinteel kinne oare Europeeske partners, lykas Wales, Malta en Oksitanië, oanslute. De kommende jierren sil besocht wurde om mear lannen en regio’s foar it projekt te ynteressearjen. Yn Fryslân wurdt it projekt útfierd troch Tresoar, yn gearwurking mei de provinsje Fryslân en Ljouwert-Fryslân 2018. Other Words / Oare Wurden is ûnderdiel fan it kulturele haadstêdprogramma Lân fan taal.


By de Afûk ferskynd:' Pykje Fjouwer' fan Lida Dijkstra

16 maart 2017

Skreaun troch Lida Dykstra mei prachtige yllustraasjes fan Ina Hallemans.

Tik tik tik. tik tik tik .......
Trije aaien yn it skriezenêst binne al út. Mar it pykje yn it fjirde aai kin de dop net stikken krije. Dêrom wurdt Pykje Fjouwer samar troch syn famylje achterlitten. Gelokkich nimt Kealtsje him mei nei de pleats fan Yfke. Mar nei in jier wol Pykje Fjouwer fleane. Hiel fier. Miskien wol nei Afrika. Mar dat fynt Kealtsje net sa'n goed idee. Want sil er syn skriezefreontsje oait noch wol weromsjen?


'Pykje Fjouwer' is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek nochris nijsgjirrige feiten oer de skries; Kening fan 'e Greide. Foar alle bern dy’t fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.

Oanbieding earste eksimplaar
It earste eksimplaar wurdt tongersdei 16 maart om 18.00 oere oanbean troch deputearre Johannes Kramer oan boer Jehannes Fopma by it maitiidsfeest “Amalia’s Wolkom”yn Britswert. Boer Fopma is gasthear fan Amalia, de skries dy’t diel útmakke fan de tûzenen skriezen dy’t ôfrûne wykein arrivearre binne yn Fryslân. It feest begjint om 17.00 oere en fynt plak oan de Kromwâl 18 yn Britswert. Elkenien is fan herte wolkom. Oanmeldings fia www.waarisamalia.nl

Boekgegevens

Pykje Fjouwer
Lida Dykstra
Yllustraasjes: Ina Hallemans
Utfiering: Ynbûn
ISBN: 978 94 9217 645 5
Ferkeappriis: € 13 ,50

Fan 'Pykje Fjouwer' is ek in Nederlânsktalige ferzje ferskynd ûnder de titel 'Kuikentje Vier' (ISBN 978 94 9217 649 3).


Koen Eekma hâldt yn april 2018 op as direkteur by de Afûk

6 maart 2017

Afûk-direkteur Koen Eekma (65) nimt op 25 april 2018 ôfskied fan de Afûk. De Afûk bestiet dan 90 jier. Yn 2017 wurdt fierder boud op de fûneminten dy’t de ôfrûne jierren lein binne foar de grutte fernijende projekten yn it ûnderwiis en foar Lân fan Taal as ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

‘Dit jier moat der noch in protte wurk út ’e wei set wurde troch de Afûk, ûnder oare mei de organisaasje fan it Talepaviljoen en de Taletún yn de Prinsetún yn Ljouwert en de Taalkaravaan yn de provinsje. Ik wol dêr as mei-inisjatyfnimmer fan Lân fan Taal noch graach myn stientsje oan bydrage, mar nei april takom jier wol ik my ûnderdompelje yn de festiviteiten fan KH2018’, sa seit Eekma.

Syn ôfskied sil plakfine op it jubileumkongres fan de Afûk op 25 april 2018. Fan ’t hjerst sil begûn wurde mei it sykjen nei in opfolger.

- ein parseberjocht

De betelpagina wurdt laden