Mear mei it Frysk - Afûk op nei de 100

De Afûk is yn 1928 oprjochte yn in tiid dat der in rop wie om de Fryske taal te beskermjen en ek om derfoar te striden dat it Frysk in grutter plak yn de maatskippij krije soe, yn alle hoeken fan de mienskip. Sûnt dy tiid is der in soad feroare. It Frysk hat syn posysje krigen yn de Nederlânske en Europeeske wetten en regelingen: dat wie nedich en it helpt de taal foarút. Dêrom draait it no minder om de beskerming fan de taal sels, mar mear om wat minsken mei de taal dogge.

It Frysk is in libbene taal. Hjoed-de-dei brûke likernôch in heal miljoen minsken de taal alle dagen, binnen en bûten de provinsje Fryslân. Al dy minsken brûke it Frysk as memmetaal, om’t it foar harren de taal fan it hert is. Yn 2028 bestiet de Afûk 100 jier en yn ús beliedsplan litte wy sjen hoe’t wy by de Afûk de kommende fjouwer jier ynsette op wat der noch mear mei it Frysk kin. Dêrom neame wy ús beliedsplan: ‘Mear mei it Frysk – Afûk op nei de 100’.

Lês yn ús beliedsplan 2024-2028 hoe’t wy dêr de kommende jierren stal oan jaan wolle of sjoch werom op ús wurk mei ús jierrekken en jierferslach 2022. (2023 folget ynkoarten.)
In spesjaal nûmer fan tydskrift de Moanne dat yn 2018 ferskynde by it 90-jierrich jubileum fan de Afûk jout ek in moai byld fan wat wy allegear dogge. Download hjir dy spesjale edysje.

Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen