Nijs oersjoch

Nije iepeningstiden foar de Afûk-winkel yn 2024

Mei yngong fan 3 jannewaris 2024 hat de Afûk Fryske boek- en kadowinkel nije iepeningstiden! Yn 2024 is de winkel iepen fan tiisdei oant en mei freed, fan 10.00 – 17.00 oere.

De Afûkside fan sneon 16 maart 2024

Spesjaal foar de Nationale Boekenweek, dit kear op de tredde sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûk-side. De moanlikse side is dit kear gearstald troch Boeken fan Fryslân en stie fol mei û.o. de moaiste boeketips foar de Boekenweek en ynformaasje oer it Fryske Boekenweekgeschenk.

Nasjonaal Boekewikegeskink fan famylje Chabot ek yn it Frysk

It nasjonale Boekewikegeskink ferskynt ek dit jier wer yn it Frysk. De Fryske oersetting, mei de titel ‘Gesinsferpakking’, is makke troch Ytsje Steen.

subsydzjeregeling foar Frysk ûnderwiis opnij iepen

Ek dit jier is der wer subsydzje beskikber foar it fersterkjen fan it Frysktalich ûnderwiis. Alle skoallen yn Fryslân kinne fan april 2024 ôf (de krekte datum is noch net bekend) in subsydzje oanfreegje foar de regeling Frysk foar no en letter. Der is subsydzje beskikber foar (nei)skoalling fan learkrêften en it oanskaffen fan ekstra […]

Gerrit Hiemstra skriuwt Grut Frysk Diktee oer de ympakt fan it klimaat

Op tiisdei 23 april sit de Steateseal fan it Provinsjehûs wer fol mei swittende minsken dy’t besykje om de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee sûnder flaters te skriuwen. Waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra skriuwt dit jier de dikteetekst. Kwalifisearje foar it diktee kin fan tiisdei 5 maart ôf troch it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl te meitsjen.

Dit is de Afûk BoekeTIP10 foar maart

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Nûmer 1 is net mear […]

Rely Jorritsmapriisfraach 2024 iepensteld

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 70ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei […]

Foar alles in ferske!

Op 1 maart ferskynt by Utjouwerij Afûk it nije ferskeboek ‘Foar alles in ferske!’ fan Clara Rullmann. It boek befettet tolve nije ferskes en ferhaaltsjes foar bern fan 2 o/m 6 jier. De ferskes binne makke foar gebrûk op de berne-opfang en yn de ûnderbou fan it primêr ûnderwiis, en geane oer ûnderwerpen dy’t dêr […]

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 22 febrewaris is: pûlemûlkje

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: ‘pûlemûlekje’.

Twa fakatueres by de Afûk!

De Afûk hat de ambysje om de kommende jierren noch mear minsken te berikken mei ús kursusoanbod. Dêrom sykje wy twa nije kollega’s foar de kursusorganisaasje om it team te fersterkjen. It giet om in ‘Kursusorganisator’, de spil yn de organisaasje fan ús Fryske kursussen, en in ‘Lesjouwer/materiaalûntwikkeler’, dy’t kursussen jout oan de purtikuliere en […]

Premjêre Dútske film mei Fryske ûndertitels op Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de Nederlânske premjêre fan de suksesfolle Dútske film Mittagsstunde fan regisseur Lars Jessen. De film is basearre op […]

Meindert Talma skriuwt Kadoboek foar Fryske Boekewike 2024

Meindert Talma (It Surhústerfean, 1968) skriuwt it Frysk Kadoboek 2024. Talma: “It wurdt in autobiografyske, tragykomyske novelle, dy’t him foar it grutste part ôfspilet yn Fryslân. En it kriget in frij dramatysk ein.” It Kadoboek wurdt presintearre op freed 1 novimber 2024 by de ôftraap fan it Frysk Boekefeest en is dêrnei de hiele Boekewike, […]

Earste beropssertifikaten Frysk útrikt op it mbû

Sa’n 25 studinten fan Firda krigen tongersdei 8 febrewaris in sertifikaat útrikt foar it súksesfol ôfrûnjen fan it kardiel ‘Frysk yn de beropskontekst’. Mei dat sertifikaat kinne hja by sollisitaasjes en ferfolchopliedingen oantoane op watfoar nivo sy it Frysk behearskje.

Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: Gozert

Op 7 febrewaris 2024 ferskynt by Utjouwerij Afûk de Fryske oersetting fan it prachtige berneboek Gozert. Skreaun troch Pieter Koolwijk en oersetten nei it Frysk troch Rymke Zijlstra. De boekpresintaasje is op woansdei 7 febrewaris, tagelyk mei de premjêre fan de teäterfoarstelling ‘Gozert’ foar basisskoallen, spile troch Jeugdtheater Frets.

De Afûkside fan sneon 3 febrewaris 2024

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.

Dit is de Afûk BoekeTIP10 foar febrewaris

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Nûmer 1 is net mear […]

Fryske teäterfoarstelling én oersetting fan berneboek ‘Gozert’

It is in dream dy’t útkomt: Frysk teäterselskip Frets giet mei it bekroande berneboek Gozert de teäters yn. Op 7 febrewaris 2024 is de premjêre yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean. Tagelyk is ek de boekpresintaasje fan de Frysktalige oersetting fan Rymke Zijlstra, útjûn troch Utjouwerij Afûk.

No ek Fryske meditaasjes beskikber

Anna-Maria Heidbuurt, in Friezinne mei in leafde foar meditaasje, hat ein jannewaris har nije projekt online setten: de Fryske meditatie Podcast. Yn gearwurking mei muzikant Daniel Kolk hat Anna-Maria dy unike meditaasje-podcast ûntwikkele om minsken ûntspanne te litten yn harren eigen memmetaal.

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 25 jannewaris is: Ferrifelje

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: ‘ferrivelje’. (En ‘oer it mad komme’)

Poëzieweek 2024

Fan tongersdei 25 oant en mei woansdei 31 jannewaris is it wer tiid foar it grutste jierlikse poëzyfeest fan de ‘Lage Landen’. Yn de Poëzijwike rinst oeral yn Flaanderen en Nederlân gedichten tsjin it liif: op skoalle, yn de boekhannel en biblioteek, op in poadium, sosjale media of gewoan op strjitte. By de Afûk stiet […]

Nasjonale Foarlêsdagen 2024

Mei de ‘Nationale Voorleesdagen’ is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0-6 jier. Dy binne dit jier fan 24 jannewaris o/m 3 febrewaris. It ‘printeboek fan it jier’ dat mei de Nationale Voorleesdagen sintraal stiet is ‘Help! Een verrassing!’ fan Miriam Bos. Alle berne-opfanglokaasjes yn Fryslân hawwe fan de Afûk in lesbrief […]

Mear as 5200 learlingen lêze Frysk boek ‘Tie/Break’ foar LêsNo

11 jannewaris wie de kick-off fan de 10e edysje fan LêsNo op OSG Sevenwolden op It Hearrenfean. Mear as 5200 learlingen fan 33 middelbere skoallen yn Fryslân sille seis wiken lang yn ’e klasse oan ‘e slach mei LêsNo. LêsNo is in ynnovatyf Frysk lêsbefoarderingsprojekt foar learlingen yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Twa […]

Nije Fryske webside Tiidwurden.frl

Der is in nije webside foar it Frysk lansearre: Tiidwurden.frl. It doel fan dy webside is alle Fryske tiidwurden mei de Nederlândske oersetting te sammeljen. Sa kinne de tiidwurden maklik fûn wurde. Ideaal foar it ûnderwiis en elkenien dy’t de taal leare of ferbetterje wol.

Friezen lêze mei-inoar by ‘Mei-inoar lêze’

Ljouwert UNESCO City of Literature, de Culturele Apotheek en biblioteken en boekhannels yn Fryslân sette útein mei it projekt ‘Mei-inoar lêze’: op tolve lokaasjes yn Fryslân begjinne yn de earste moannen fan 2024 Mei-inoar lêze-groepen. De tagong is fergees en elkenien kin meidwaan.

Kampanje foar pakes en beppes: Praat mar Frysk, ek mei dyn bernsbern

Fan 9 o/m 23 jannewaris is der ekstra omtinken foar de pakes en beppes yn Fryslân. Mei de pake & beppe-kampanje wol de Afûk (oansteande) pakes en beppes bewust meitsje fan de bysûndere rol dy’t sy spylje kinne yn de taalûntwikkeling fan harren bernsbern. As mei-opfieder kinne pakes en beppes de twa- of meartalige ûntwikkeling […]

De Afûkside fan sneon 6 jannewaris 2024

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.

Dit is de Afûk BoekeTIP10 foar jannewaris 2024

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Nûmer 1 is net mear […]

By de Afûk is ferskynd: De Freon, fan I.E. Bloem

By Utjouwerij Afûk is in nije jeugdroman fan I.E. Bloem ferskynd: De Freon. In feest! Dat is wat Jeroen en syn freonen yn coronatiid wol brûke kinne. En wêr kin soks better as yn it bosk, dêr’t fierder gjinien him yn it donker sjen litte sil. Hielendal net no’t soks ferbean is fanwegen de jûnsklok.

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 14 desimber is ‘Bûke’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘Bûke’ en ‘Bûkemantsje’.

Iepeningstiden Afûk-winkel fanwege feestdagen

Yn ferbân mei de feestdagen, binne der de kommende wiken oanpaste iepeningstiden fan de Afûk boek- en kadowinkel. It giet om tiisdei 19 desimber, beide krystdagen, moandei 1 jannewaris en tiisdei 2 jannewaris.

By de Afûk is ferskynd: Klút & Mients ûntdekke eb en floed

By Utjouwerij Afûk is in prachtich moai printeboek útkaam: Klút & Mients ûntdekke eb en floed. Mei dit edukative printeboek komme bern op in boartlike wize yn ’e kunde mei eb en floed en de bisten fan de Waadsee.

Nûgje de BBA út!

De Berneboeke-ambassadeur (BBA) set har yn om lês- en boekewille te fersprieden, yn de breedste sin. De BBA bringt dêrfoar Fryske berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk, en jout de promoasje fan berneboeken in werkenber gesicht.

De Afûkside fan sneon 2 desimber 2023

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.

Dit is de Afûk BoekeTIP10 foar desimber

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Nûmer 1 is net mear […]

Nije workshops ‘Taalpsychology’ rûnom yn Fryslân

Ek foar takom jier steane der wer nije workshops Psychology fan dyn Taal op it programma. Tinksto der wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it wolris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat […]

Kursus Printeboek Meitsje mei Lida Dykstra

Minsken dy’t de dream hawwe om in printeboek te meitsjen, mar net sa goed witte hoe’t se begjinne moatte, kinne har no opjaan foar de Kursus ‘Printeboek Meitsje’ mei Lida Dykstra. Dat fynt plak takom maitiid yn Tresoar, Ljouwert. Dy kursus jout yn fiif byienkomsten ynformaasje en help om oan in eigen printeboek te wurkjen, […]

Nij ferskynd by de Afûk: Omke Ûle sjocht stjerren

By de Afûk is ferskynd: Omke Ûle sjocht stjerren fan Paul van Dijk. In waarm ferhaal oer freonskip en it neijeien fan dyn dreamen, foar bern fan 2 oant 6 jier.. Omke Ûle wol hiel graach nei de romte. Neefke Eppy wit wol rie, hy bout foar omke in raket. Mar de raket docht net […]

Fryske jongeren sette harren yn foar mear Frysk by it stimproses

22 novimber is it wer tiid om nei de stimbus ta te gean. Mar wêrom is de stimpas eins folslein yn it Nederlânsk? Oer dy fraach bûgden de studinten fan Yung Frysk harren de ôfrûne wiken. Dat late allinnich mar ta mear fragen: wat wurdt der eins dien mei it Frysk yn de stimproseduere? En […]

Der is wer in nije heit&mem!

In moai nij hjerstnûmer fan de heit&mem leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Om lekker smûk op de bank te lêzen… Dit kear giet it yn de heit&mem oer: fjouwer generaasjes fan it selde geslacht, in prachtige bernekeamer, machtige foto’s fan bern dy’t wat útfretten ha, moaie […]

Arjan Hut is de nije Dichter fan Fryslân

Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 16 novimber is ‘Brimstich’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘Brimstich’.

Omtinken foar Fryske taal en kultuer yn 3e edysje ‘Stap de Rode Loper!’

Nei twa suksefolle eardere edysjes, komt it lanlike taal- en lêsprojekt ‘Stap op de Rode Loper!’ dit jier wer nei Ljouwert. Op moandei 20 novimber binne likernôch 1.000 Fryske vmbo’ers en harren dosinten de VIP’s yn in unyk literêr-kultureel aventoer. Der falt fan alles te sjen en te belibjen: der komme dichters, rappers, ferhalefertellers, auteurs, […]

Digitale stipe foar rymjende Fryskskriuwers

De tiid fan dichtsjen en rymjen komt der wer oan as Sinteklaas ynkoarten foet oan wâl set. Yn it ferlet fan alle helpsinteklazen, mar ek hobbyrappers en aspirant-dichters wurdt no foarsjoen. Op sneintemiddei 12 novimber 2023, presintearret de Fryske Akademy, yn ‘e mande mei rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn maten, Sweder Oosterkamp en Teun de […]

Twa Fryske foardrachten foar de IBBY Honour List 2024

De boeken ‘Abe en de Aardichman’ (Utjouwerij Afûk, 2022) skreaun troch Tialda Hoogeveen en ‘Lampke’ (Utjouwerij Afûk, 2023) fan Annet Schaap, oerset troch Rymke Zijlstra, binne foardroegen foar de IBBY Honour List 2024. Dy Honour List fan de IBBY (International Board on Books for Young People) is in ynternasjonale, twajierlikse seleksje fan resint publisearre boeken […]

De Afûkside fan sneon 4 novimber 2023

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed […]

Fryske Boekewike 2023

No freed 3 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn dûnsskoalle Saco Velt yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2023. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Hiltje yn Pella’ fan Anita Terpstra presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 4 o/m 12 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske […]

Dit is de Afûk BoekeTIP10 foar novimber

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Nûmer 1 is net mear […]

Lêste gedicht Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân

‘Fannijs’ is it lêste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

No ek Fryske digitale printeboeken yn Bereslim!

Bereslim is dé oanbieder fan digitale printeboeken en pedagogysk ferantwurde kompjûterspullen foar jonge bern. It wurdt brûkt op skoallen en by berneopfangorganisaasjes, logopedisten en biblioteken. Mei de digitale printeboeken wurdt de taalûntwikkeling fan bern fan 2 oantemei 8 jier oantoanber stimulearre. En dat kin no ek yn it Frysk!

By de Afûk is ferskynd: ‘De groep fan mees bok’

Op Freed 20 oktober binne de earste eksimplaren fan de prachtige nije boekesearje ‘De groep fan mees bok’, foar begjinnende Frysk-lêzers, oanbean oan de bern fan groep 3-4 fan CBS De Oanrin yn Twizel. De rige fan fiif nije boekjes is skreaun troch Lida Dykstra, mei yllustraasjes fan Ina Hallemans. Earder binne se útbrocht yn […]

Fryske film Bartele Bûse yn premjêre op Cinekid Festival

De film Bartele Bûse fan Omrop Fryslân Tsjil giet yn premjêre op it Cinekid Festival yn Amsterdam, it grutste film- en mediafestival foar bern yn de wrâld. It is foar it earst dat in Fryske fiksjefilm fertoand wurdt by Cinekid.

‘Abe en de Aardichman’ opnommen yn seleksje White Ravens 2023

It boek Abe en de Aardichman fan Tialda Hoogeveen is selektearre foar de White Ravens 2023 fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer.

Firda wurket oan praktoraat meartaligens yn it mbû

Firda sjocht serieus nei it ynstellen fan in nij praktoraat op it mêd fan meartaligens en taalûntwikkeling yn it mbû. In wichtich ûndersyksterrein is dan it Frysk, om dêr lessen út te lûken nei de praktyk fan it ûnderwiis. ‘Zo verbinden we ons mbo nog beter aan wat van groot belang is in deze regio’, […]

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 12 oktober is ‘Skewiele’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘Skewiele’.

De Afûkside fan sneon 7 oktober 2023

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed […]

32 Utsteld gelok-ferhalen sammele yn blomlêzing

Yn de earste edysje fan kultuermanifestaasje Arcadia brocht Ljouwert UNESCO City of Literature ‘Utsteld gelok’: 100 nij skreaune ferhalen, foarlêzen yn 100 tunen yn Fryslân. De ferhalen foelen yn de smaak by it talrike publyk. Om se foar noch mear minsken beskikber te meitsjen frege de organisaasje letterkundige en skriuwer Henk Pröpper om in seleksje […]

By de Afûk is ferskynd: FC Nostalgia

It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt achter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy’t der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, pakes en beppes, […]

Dit is de Afûk BoekeTIP10 foar oktober

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Nûmer 1 is net mear […]

Nije dichtbondel fan Elske Kampen: Net fiksearre hûs

Net fiksearre hûs is de sechsde poëzybondel fan Elske Kampen. Sy ropt hjiryn in wrâld op dy’t leit tusken de werklikheid fan in ienfâldich Ru-skaaltsje yn Museum Princessehof en de ûnwerklike thúskomst fan ien dy’t net bestie. Dichtsje is foar Elske in foarm fan oarderje en harmonij skeppe. De twang fan de fersfoarm twingt har om […]

Sytze de Haas út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023

Sytze de Haas (11 jier) út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 14 oktober kriget hy ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert, op itselde stuit […]

Ferhalejûn BoekHjerstBoek yn Jorwert

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it de ferhalejûn BoekHjerstBoek. Dy wurdt holden op freed 17 novimber om 20.00 oere yn kafee It Wapen fan Baarderadiel yn Jorwert. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal te skriuwen mei it tema ‘Stoarm’.

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 15 juny is ‘Stúsjekoard’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘Stúsjekoard’.

Bestseller: De Jongen, de Mol, de Vos en het Paard no ek yn it Frysk!

De wrâldwide bestseller ‘The Boy, the Mole, the Fox and the Horse’ fan Charlie Mackesy, yn it Nederlânsk suksesfol oersetten troch Arthur Japin, is no ek yn it Frysk ferskynd, ûnder de titel: ‘De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder’. De Fryske oersetting is fan ’e hân fan de ferline jier ferstoarne dichteres […]

Lida Dijkstra’s ‘Schaduw van Toet’ wint Thea Beckmanpriis 2023

Yn juny waard bekend dat ‘Schaduw van Toet’ op de shortlist stie foar de Thea Beckmanpriis. En ôfrûne sneon wie it dan safier: de priis waard yn it Museumpark Archeon útrikt oan it beste hystoaryske jeugdboek. ‘Schaduw van Toet’ fan de Fryske auteur en eardere Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, Lida Dykstra, wûn dy priis.

Earste eksimplaren poëzijposters Dichter fan Fryslân foar Beyers Naudé

It Kristlik Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert hie hjoed de eare om de earste eksimplaren fan de 6 poëzijposters fan de Dichter fan Fryslân yn ûntfanst te nimmen. De posters binne it einprodukt fan in poëzijwedstriid fan de Dichter fan Fryslân. By de offisjele oanbieding wienen ek de fiif winners fan de poëzijposter-wedstriid oanwêzich. Mei […]

Ferhaal Nationale Voorleeslunch ek wer yn it Frysk beskikber

Ek yn 2023 organisearret de Leescoalitie wer in Nationale Voorleeslunch op nasjonale âldereindei. Dy dei falt dit jier op freed 6 oktober. It ferhaal foar de Nationale Voorleeslunch is spesjaal foar dizze dei skreaun troch Ronald Giphart en is, yn gearwurking mei it projekt ‘Frysk yn ‘e soarch’ fan de Afûk ek wer beskikber yn […]

Gysbert Japicxpriis 2023 foar Jetske Bilker

De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier oan skriuwster Jetske Bilker takend. Se krijt de priis foar har roman Spegel en sonde. De priis wurdt op sneon 14 oktober troch deputearre Eke Folkerts útrikt. Neffens de advyskommisje hat de skriuwster mei har roman in ‘fakkundich literêr wurkstik ôflevere’. It tema demintens wurdt op oangripende wize mei […]

‘Skearing en Ynslach’ is de nijste ferhaleroman fan Bouke van der Hem

Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: ‘Skearing en Ynslach’ de nijste ferhaleroman fan Bouke van der Hem. Yn dit boek wurdt by biten en brokken benammen it opgroeien fan boeresoan Reinder Beetstra yn Fryslân beskreaun, syn wederwarichheden yn militêre tsjinst, it studintelibben yn Grins en de fersuterjende relaasje mei jeugdfreon Sipke.

Foarlêsbus jout startsein foar Lês-mar-foar-wiken

Fan 11 oant en mei 29 septimber binne de ‘Lês-mar-foar-wiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling. Hielendal foar in minderheidstaal as it Frysk. Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar-foar-wiken in […]

De Afûkside fan sneon 2 septimber 2023

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed […]

Dit is de Afûk BoekeTIP10 foar septimber

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is […]

Kom nei de Afûk mei Uit in Huis op sneon 9 septimber

Op sneon 9 septimber iepenje de kulturele ynstellingen yn Ljouwert it nije kulturele seizoen mei it Uit in Huis Festival. Hast alle organisaasjes sette de doarren wagewiid iepen om dy fergees yn ‘e kunde komme te litten mei harren oanbod! Fansels docht de Afûk ek mei! Wy sette de doar iepen en biede hielendal fergees […]

Bestel ‘Dwarsliggers in Appelscha’ no mei koarting

It boek Dwarsliggers in Appelscha ferskynt yn novimber 2023, mar kin no al besteld wurde foar de yntekenpriis fan € 25,-. In prachtich boek mei ferhalen en anekdoates oer dwerse minsken dy’t kleur jouwe oan de skiednis fan it reade feandoarp Appelskea. In tiidsbyld dat net allinnich (âld-)Appelskeasters oansprekke sil, mar ek foar in soad […]

Popke Popma (1939 – 2023)

Yn 2000 gie Popke Popma mei pensjoen as direkteur fan basisskoalle ‘De Wynbrekker’ yn Eastersee. Neist syn wurk skreau Popke al geregeldwei foar bern, mar bygelyks ek kollums foar De Strikel, Byntwurk of De Oesdrip en boekbesprekken foar De Pompeblêden fan de Afûk. Nei syn pensjoen koe Popke alle enerzjy stekke yn fertellen en skriuwen […]

Aggie (1927 – 2023)

Guon minsken hawwe eins gjin achternamme nedich. At jo sizze: ‘Aggie’, dan is dat foldwaande. Seine jo dat tsjin har, dan seach se op mei har priemkjende eagen, fol fjoer en fragen. En dan fuort der achteroan har ûntwapenjende en oansteklike laitsjen.

Winners Poëzijposter-wedstriid Dichter fan Fryslân bekend

Bauke Vermaas, Berber Spliethoff, Lara Kool-De Vries, Neeltje Terpstra en Sietske Boonstra binne de winners fan de poëzijwedstriid fan de Dichter fan Fryslân. De winners ûntfange €200,- en de gedichten wurde as poëzijposters ferspraat ûnder alle middelbere skoallen yn Fryslân.

De Afûkside fan sneon 5 augustus 2023

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed […]

Dit is de Afûk BoekeTIP10 foar augustus

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is […]

Iepenloftspul Burgum spilet yn 2024 ‘Kening & Kening’

Iepenloftspul Burgum spilet yn 2024 de famyljefoarstelling Kening & Kening, nei it boek fan Linda de Haan & Stern Nijland. It ferhaal is yn 2000 as berneboekje skreaun troch Stern Nijland en Burgumer Linda de Haan. It boekje is ûnderwilens al yn 12 talen útbrocht en kaam koartlyn foar de 2e kear yn it Frysk […]

Advyskommisje Dichter fan Fryslân bekend

Wa wurdt de nije Dichter fan Fryslân? Yn novimber fan dit jier wurdt bekend wa’t yn de fuotleasten komt fan de hjoeddeistige Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma. Deputearre Steaten hawwe de advyskommisje frege om mei in foardracht te kommen. De kommisje bestiet fan ‘t jier út Sigrid Kingma, Ammerins Moss-de Boer en Céline Wierda.

Nij ferskynd by de Afûk: ‘Ien tel de ierde stil’ fan Arjan Hut

Ien tel de ierde stil is de nijste dichtbondel fan Arjan Hut en skreaun yn de tiid dat hy wâlddichter wie fan de gemeente Achtkarspelen. Yn in perioade fan lockdowns, mûlkapkes en jûnsklokken, by him thús oan de Delistrjitte, by Tresoar, yn de trein fan Ljouwert nei Bûtenpost, ûnderweis yn de bus nei Surhústerfean, op […]

Sichtberens sintraal op Streektaalkonferinsje 2023

Save the date en jou dy op! Op 22 septimber 2023 organisearret de Stichting Nederlandse Dialecten (SND) yn gearwurking mei de Nederlandse Taalunie, provinsje Fryslân en gemeente Waadhoeke har jierlikse streektaalkonferinsje. De konferinsje is yn it gemeentekantoar fan Waadhoeke yn Frjentsjer en hat as tema: ‘Streektaal yn sicht: Sichtberens fan streektalen yn de iepenbiere romte.’

‘Wy binne mbû’ komt mei nije website mei oanbod foar professionals

De partners Aeres, Firda en Afûk komme, as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030, mei in nije website. www.wybinnembu.frl is makke foar professionals dy’t harren dwaande hâlde mei it Frysk en meartalichheid binnen it middelber beropsûnderwiis. De basis fan ‘Wy binne mbû’ leit by it ûndertekenjen yn desimber 2021 fan it konvenant dêroer: de ôfspraak tusken […]

De Afûkside fan sneon 1 july 2023

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed […]

Dit is de Afûk BoekeTIP10 foar july

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is […]

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

‘Slimmer’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Lida Dijkstra’s ‘Schaduw van Toet’ op shortlist Thea Beckmanpriis 2023

Elk jier wurdt yn it Museumpark Archeon de Thea Beckmanpriis útrikt oan it beste hystoaryske jeugdboek. Ek ‘Schaduw van Toet’ fan de Fryske auteur en eardere Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, Lida Dykstra, makket gading nei dy priis.

Advyskommisje dr. Obe Postmapriis 2024 bekend

De advyskommisje foar de Dr. Obe Postmapriis kin oan de slach. Trije minsken út de wrâld fan de letterkunde bûge har de kommende tiid oer de fraach oan wa’t de provinsjale oersetpriis takend wurde moatte. Dizze edysje jouwe Maaike Andringa, Marc van Oostendorp en Rein Smilde dêroer advys oan de provinsje.

Achtkarspelse heiten ferrast mei Sipke-boekje

Yn de gemeente Achtkarspelen krigen alle bern fan twa oant en mei seis jier de ôfrûne wike it twatalige Gouden boekje ‘Sipke leart fierljeppen‘ mei nei hûs. Tegearre mei de boekelizzer in ferrassing om heit of fersoarger kado te dwaan op heitedei.

Fryske dichtrigels Silke van der Land wurde útriden oer strân Flylân

“In moaie, rûne skulp fertelt my in ferhaal De see flústeret yn myn ear, in berjocht yn eltse taal” Dizze dichtrigels fan Silke Fardou van der Land (2001) binne út mear as 90 ynstjoerings keazen nei in oprop foar in nij Frysk strângedicht foar op de Vliehors Expres op Flylân.

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 15 juny is ‘Ljuensk’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘Ljuensk’.

Der is wer in nije heit&mem!

In moai nij simmernûmer fan de heit&mem leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Yn dit nûmer giet it û.o. oer lytse ûndernimmers, de magy fan poëzy, oer heechgefoelige bern mei in sterke wil, oer Ype Roan dy’t in auto-ymmúnsykte hat, oer bûtenboartsjen, hutten bouwe en noch folle […]

Fakatuere Lid RfT

Wy sykje in nij lid foar ús Rie fan Tafersjoch. Neffens it roaster fan op- en ôfgean, is der in fakatuere foar immen mei ûnderfining op it mêd fan ûnderwiis, taal en kultuer. De Rie fan tafersjoch sjocht derop ta dat de útfiering fan it bestjoersbelied strookt mei de rjochtlinen yn de regeljouwing en û.o. […]

‘Abe en de Aardichman’ yn seleksje foar ynternasjonale tentoanstelling

Yllustrator Yke Reeder hat mei har yllustraasjes foar it boek ‘Abe en de Aardichman’ in plakje op de Biennial of Illustrations Bratislava (BIB), in renomearre ynternasjonale tentoanstelling foar de moaiste berneboeke-yllustraasjes. IBBY-Nederland soarge foar de 10 Nederlânske ynstjoeringen. De sjuery kent by de tentoanstelling yn oktober ferskate prizen ta.

De Afûkside fan sneon 3 juny 2023

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed […]

Dit is de Afûk BoekeTIP10 foar juny

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 is […]

Nij ferskynd by de Afûk: it Letterfretter-kwartet

Fan it boek De Letterfretter is no ek in kwartet makke. In moai en tagelyk tige learsum spultsje! De Letterfretter is sljocht op de Fryske lûden (klinkers). Helpsto him om de wurden mei itselde lûd byelkoar te sykjen? Der binne 14 kwartetten te mietsjen fan elk 4 kaarten mei itselde lûd, lykas de ô, de […]

Lútsen Bakker op ‘e nij winner Grut Frysk Diktee

It Grut Frysk Diktee 2023 is wûn troch Lútsen Bakker fan Grins. Foarich jier wûn er ek it diktee. Dit jier wûn er mei sân flaters it Gouden Dakje. Der diene fan ‘t jier ek fiif teams mei. Dy teams strieden tsjininoar en it bêste team bestie út teologen. It groepsgemiddelde fan ‘de tsjinners fan […]

Syds Wiersma wint de Fryske SLAM!

Dichter, skriuwer Syds Wiersma krige justerjûn yn in grôtfol kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM! Dêrmei waard hy de bêste Poëzijslammer fan Fryslân. Jens de Vries waard twadde.

Fakatuere! Haad Underwiis

Foar ús team Underwiis sykje wy in Haad Underwiis foar 28-36 oeren wyks. As Haad Underwiis jousto lieding oan it kreative en entûsjaste ûnderwiisteam, yn goede gearwurking mei de fjouwer projektlieders. Do bepaalst de strategyske koers fan it ûnderwiisbelied en ûnderhâldst kontakt mei de partners fan Taalplan Frysk. Wy biede dy in ôfwikseljende baan mei […]

Sprekkers Frysk socht foar ûndersyk nei taalferoaring

De Rijksuniversiteit Groningen en de Fryske Akademy binne dwaande mei in grut ûndersyk nei taalferoaring fan farianten fan it Frysk. Dêrfoar sykje sy sprekkers fan it Frysk (en streektalen) yn bepaalde plakken en fan bepaalde leeftiden. Falle jo yn de kategory? Doch mei! It duorret mar 10-15 minútsjes.

Oanpaste iepeningstiden Afûk-winkel

Yn ferbân mei in tal feestdagen, binne der de kommende twa wiken oanpaste iepeningstiden fan de Afûk boek- en kadowinkel. It giet om tongersdei 18, woansdei 24 en moandei 29 maaie.

Kom nei de Mearke-Moarn yn de Afûk-winkel

Sneon 20 maaie organisearret de Afûk in Mearke-Moarn (Sprookjesochtend) yn de winkel. Bern fan 3 oant en mei 6 jier binne fan herte wolkom om 11:00 oere. De bern meie ferklaaid komme yn harren moaiste prinsessejurk of ridderpak (of wat oars fansels!). Der sil in prachtich ferhaal foarlêzen wurde, bern kinne schminkt wurde en kinne […]

Yung Frysk wol statement meitsje mei stikkeraksje

Yung Frysk hat ôfrûne wykein in stikkeraksje holden. It team hat by de HBÛ- en MBÛ-skoallen yn Fryslân del west en hat dêr by de yngongen harren stikkers plakt mei de tekst “Frysk, sa as wy dat wolle en wêr’t wy dat wolle!”. Dat dogge sy om een statement te meitsjen. It wie in ferrassing […]

Rekôrtal dielnimmers kwalifikaasjediktee

Der hawwe dit jier 372 minsken meidien oan de kwalifikaasje foar It Grut Frysk Diktee, dat binne der 115 mear as ferline jier! De 20 bêsten dêrfan meie meidwaan oan de grutte finale op 23 maaie yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Op woansdei 24 maaie om 20.30 oere stjoert Omrop Fryslân it […]

De Afûkside fan sneon 6 maaie 2023

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed […]

Nij ferskynd: ‘Kwek kwek minemyn’ fan Hindrik van der Meer

By útjouwerij Afûk is ferskynd: ‘Kwek kwek minemyn’ fan Hindrik van der Meer. Underweis op ’e fyts fan syn wenplak Goaiïngea nei syn wurk as muzyklearaar oan pabo ‘De Him’ yn Snits betocht Hindrik van der Meer faak de teksten foar de berneferskes dy’t er skreau foar de Fryske skoalradio. En dy ferskes waarden omraak […]

De Dichter fan Fryslân organisearret in Fryske SLAM

Wa is de bêste Fryske foardrachtskeunstner? Kom nei de folslein Frysktalige poëzyslam! Op woansdei 24 maaie om 19:30 sil it heve yn it tydlike kafé fan Tresoar, De Gouden Leeuw. Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma iepenet, dêrnei kinne de dielnimmers los. Gabriëlle Terpstra liedt de jûn.

Page Against the Machine yn de Prinsetún: telefoan út, boek oan!

Ljouwert UNESCO City of Literature docht sneon 27 maaie fan 13:00 oant 16:30 oere mei oan Page Against the Machine, in lêsevenemint yn Cities of Literature oer de hiele wrâld. Nim in boek, in kleedsje en wat te drinken mei en doch de telefoan út foar in wolfertsjinne ‘detox-read’ yn de prachtige Prinsetún yn Ljouwert […]

Frysk strângedicht socht foar de Vliehors Expres

Al tweintich jier rydt de Vliehors Expres de moaiste dichtrigels út oer it strân fan Flylân. Alle jierren wurdt der in wedstriid útskreaun foar nije dichtrigels. Ljouwert UNESCO City of Literature ropt no tegearre mei de Vliehors Expres op ta it ynstjoeren fan in nij Frysk strângedicht foar op de Vliehors Expres.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

‘Spjalt’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Lykas oars, by it ferskinen fan in nij gedicht fan de DfF, is it hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

SjONG junior fan Omrop Fryslân Tsjil wint Europeeske priis foar bêste regionale programma

It programma SjONG junior fan Omrop Fryslân Tsjil is yn de prizen fallen by Prix CIRCOM, dat binne de wichtichste ynternasjonale prizen foar regionale programma’s. SjONG junior is de winner wurden yn de kategory Music and Arts. Raynaud Ritsma, tegearre mei produsint en regisseur Murk-Jaep van der Schaaf ien fan de programmamakkers, is út ‘e […]

Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar maaie

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023 fan start

Bern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht. Gedichten kinne o/m 3 july yndividueel en as skoalle ynstjoerd wurde. De útrikking fan de Lytse Gysbert Japicxpriis is op 14 oktober 2023 yn de Martinitsjerke […]

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 20 april is ‘núnderje en reauntsje’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘núnderje en reauntsje’.

Ynspiraasje foar Frysk en meartalich ûnderwiis op WOW Frysk ûnderweis

Sa’n 275 ûnderwiisprofessionals kamen juster yn Blauhús by-inoar foar it ûnderwiisevenemint WOW Frysk ûnderweis. Learkrêften, dosinten en meiwurkers út alle ûnderwiissektoaren (foarskoalsk, primêr, fuortset en spesjaal ûnderwiis, mbû en hbû) koene ynspiraasje opdwaan foar it (fak) Frysk yn it ûnderwiis. It evenemint makket diel út fan it projekt Taalplan Frysk 2030.

Boeke- en Roazedei op sneon 22 april by de Afûk en de ‘Love’ fontein yn Ljouwert

Nei it sukses fan ferline jier wurdt de Boeke- en Roazedei dit jier op ’e nij fierd yn Ljouwert. Dat fynt plak op sneontemoarn 22 april yn de Afûk-winkel én by de ‘Love’ fontein fan Jaume Plensa, bekend fan de 11fountains. It is op ’e nij in moaie gearwurking tusken de Afûk Fryske boek- en […]

Einrapport Nulmjitting Kultuermonitor Fryslân presintearre

Woansdei 5 april binne yn Schouwburg De Lawei yn Drachten de resultaten fan de nulmjitting Kultuermonitor Fryslân presintearre. Ut de nulmjitting docht bliken dat Fryslân in belutsen en ferbûne kultuersektor hat. Yn ferliking mei oare provinsjes binne der yn ús provinsje in soad musea, keunstromten, boekwinkels en monuminten. Friezen lêze graach en sa’n 40% fan de […]

Subsydzje foar útwikseling jonge Friezen en Europeeske taalregio’s

Op 3 april giet de subsydzjeregeling ‘Ynternasjonale kontakten’ iepen. Der is €20.000,- beskikber foar kontakten tusken Fryslân en oare Europeeske taalregio’s. It subsydzje hat ta doel Fryske jongerein yn kontakt te bringen mei jongerein yn oare Europeeske taalregio’s. De regeling rint oant en mei 26 oktober 2023.

Sjongeres Iris Kroes skriuwt tekst Grut Frysk Diktee 2023

Twirrewyn, skroarjûn, sabeare en noaskje. Op tiisdei 23 maaie wurdt yn de Steateseal fan it Provinsjehûs wer It Grut Frysk Diktee holden. Sjongeres Iris Kroes skriuwt dit jier de dikteetekst. Kwalifisearjen foar it diktee kin fan hjoed ôf troch it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl te meitsjen.

De bookzines fan Yung Frysk: ferhalen fan jongeren foar jongeren

Fia de bookzines fan Yung Frysk kin elk kennis meitsje mei de persoanlike ferhalen fan jongeren yn Fryslân. Alle moannen ferskynt der in nij ferhaal yn it Frysk, Ingelsk of Nederlânsk. Dy ferhalen meitsje maatskiplike tema’s besprekber yn de klasse, mar ek fia de socials Insta, Tiktok en Youtube fan Yung Frysk. Krekt ferskynd yn […]

Evert Wilstra ferstoarn

Wy binne oandien neidat wy it berjocht krigen dat Evert Wilstra op 72-jierrige leeftiid stoarn is oan de gefolgen fan in ûngelok.

Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar april

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

De Afûkside fan sneon 1 april 2023

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn LC en FD stiet fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte […]

Nei Ierlân mei WikiWomen-projekt

Acht learlingen fan it Drachtster Lyceum wiene dizze wike yn Ierlân foar in útwikselingsprojekt mei learlingen út Baskelân en Ierlân. Sy wurkje mei-inoar oan it ynternasjonale WikiWomen-projekt en skriuwe nije biografyen oer Fryske, Baskyske en Ierske froulju. Oanlieding foar it projekt is de ferhâlding tusken manlju en froulju op Wikipedia (Frysk: Wikipedy), dy’t yn frijwol […]

Jim foto yn de heit&mem?

Heit&mem is ít tydskrift foar alle heiten en memmen en papa’s en mama’s mei bern fan 0-12 jier. It tydskrift ferskynt twa kear jiers as papieren magazine en hat ferskate digitale tema-edysjes. Mar heit&mem hat ek in nijsgjirrige website en is dêrnjonken hiel aktyf op de ferskate socials. Heit&mem kommunisearret yn it Frysk én it […]

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

‘Op it spoar’ hjit it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân (DfF). De oanlieding wie in tal dassefamyljes dy’t harren ophâlde by it spoar. Lykas wenst by it ferskinen fan in nij gedicht fan de DfF, is it hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de […]

‘Change Sings’ fan Amanda Gorman no ek yn it Frysk

By útjouwerij Afûk is de Fryske ferzje ferskynd fan ‘Change Sings’ fan Amanda Gorman, mei kleurrike yllustraasjes fan Loren Long. De Fryske oersetting fan de ynspirearjende, lyryske tekst mei in belangrike, hoopfolle boadskip is makke troch Michelle Samba en draacht de titel ‘Sjongsto mei my’.

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 23 maart is ‘wjuk’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei‘ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘wjuk’.

Kinsto de Fryske aksinten pleatse op de kaart? Doch de test

Kinsto hearre wêr’t in Fries weikomt oan hoe’t er praat? In test foar in wittenskiplik ûndersyk fan de Fryske Akademy en Universiteit Utrecht lit dy sjen hoe goed oftsto de ferskillende Fryske aksinten teplak bringe kinst.

Ah goeie! Frijgesel Fryslân kin op Tinder taalfoarkar oanjaan

Frijgesel, swipend Fryslân kin no op de datingapp Tinder sjen oft de persoan oan de oare kant ek Frysk praat. Yn de digitale leafdesarena is it no mooglik om oan te jaan hokker talen oftst kinst. Frysk is ien fan de talen op de list.

Bring in petear op gong mei de praatkaarten fan ‘Fertel ris’

Fertel ris, hoe wie jo skoaltiid, wat stie der by jo op tafel foar it jûnsiten en watfoar boartersguod hienen jo doe’t jo lyts wiene? Mei de Fertel ris-praatkaarten kinst op in boartlike wize en oan de hân fan ferskillende tema’s, ûnderwerpen en fragen moaie petearen op gong bringe. De fragen op de kaartsjes binne […]

Rely Jorritsmapriisfraach 2023 iepensteld

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 69ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei […]

‘Pinkeltje in Friesland’ no ek yn it Frysk

Nei ûnder oaren de Efteling, Diergaarde Blijdorp, Texel, it Dolfinarium, it Spoorwegmuseum en it Rijksmuseum wie it ferline jier tiid foar Pinkeltje om ôf te reizgjen nei Fryslân: Pinkeltje in Friesland. It boek fan Studio Dick Laan is no troch Ytsje Steen oersetten nei it Frysk en okkerdeis by útjouwerij Afûk ferskynd ûnder de titel […]

Lampje giet no ek as Lampke troch it libben

By útjouwerij Afûk is de Fryske oersetting fan Lampje, it populêre berneboek fan Annet Schaap, ferskynd. De bysûndere dochter fan de fjoertoerwachter hjit yn it Frysk Lampke. De Fryske oersetting fan it boek is makke troch Rymke Zijlstra.

Jou op 15 maart dyn stim oan kultuer!

Wenjen, wynmûnen en de wolf… We hearre en lêze der in soad oer yn oanrin nei de Provinsjale Steateferkiezingen op 15 maart. Oer keunst en kultuer giet it folle minder. Bêst frjemd, want minsken kinne net sûnder! Jou dêrom kommende woansdei dyn stim oan keunst en kultuer.

Boekewike? Boekeside!

It tema fan de 88e nasjonale Boekewike fan 11 oant en mei 19 maart is ‘Ik ben alles’. Mei dat tema wol de CPNB stilstean by de pluriformiteit fan ús identiteit. Foar de Boekewike fan dit jier is Lize Spit frege om it nasjonale Boekewikegeskink te skriuwen. ‘De earlike finer’ is in ferhaal oer freonskip, […]

Praat mar Frysk op ‘e kofje by Jacob Mannenmode

Elke twadde freed fan de moanne is it Fryske Freed en giet Praat mar Frysk op ‘e kofje by in bedriuw of organisaasje dy’t it Frysk hiel bewust en aktyf ynset foar bygelyks klantkontakten, promoasje, ynterne kommunikaasje, ensfh. Dizze kear giene wy fan Praat mar Frysk lâns by Jacob Wijnja fan Jacob Mannenmode yn Ljouwert […]

Tsead Bruinja skriuwt Boekenweekgedicht 2023

It Boekenweekgedicht is fan ‘t jier skreaun troch Tsead Bruinja. Syn gedicht ‘Anders ben ik met jou’ ferskynde freed 3 maart yn deibled Trouw, begelaat troch in ynterview mei de dichter. Bruinja hat mei syn gedicht in primeur, want it ferskynt yn sawol it Nederlânsk as it Frysk. It gedicht jout alle aspekten fan it […]

Fakatuere Kursusorganisator

Foar ús team Taalpromoasje sykje wy in kursusorganisator foar 24-32 oeren wyks. Wy biede dy in ôfwikseljende baan mei in soad selsstannichheid foar ynearsten in jier, mar mei útsjoch op in fêst tsjinstferbân. As kursusorganisator bisto de spil yn de organisaasje fan ús kursussen en ûnderdiel fan in kreatyf en entûsjast team. Wurdsto ús nije […]

Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar maart

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Subsydzje beskikber foar sichtber meitsjen Fryske taal

Op 1 maart 2023 giet de subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal wer iepen. Der is € 100.000 beskikber foar mear gebrûk fan it Frysk yn de iepenbiere romte. Gemeenten, ûndernimmers, ferieningen en stichtingen kinne gebrûk meitsje fan de subsydzje. De subsydzjeregeling is ek beskikber foar desintrale oerheden lykas FUMO, GGD, de plysje en it wetterskip. De regeling […]

‘Fries leesoffensief’ set skouders ûnder stimulearjen lêsplezier en lêsfeardigens

Tongersdei 23 febrewaris is it Fries Leesoffensief útein setten. It Fries Leesoffensief wol in boost jaan oan it lêsplezier fan de ynwenners fan de provinsje Fryslân en dêrmei de lêsfeardigens yn Fryslân ferheegje. Wichtige Fryske partners foarmje mei-inoar in lêskoalysje en sy sille de kommende jierren lêsinisjativen ûntwikkelje dy ‘t bydrage oan lêsplezier en in […]

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 23 febrewaris is ‘lins’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei‘ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘lins’.

Oanbieding opbringst Fryske oersetting Oekraynsk berneboek oan UNICEF

Yn april 2022 ferskynde it út it Oekraynsk oersetten berneboek Maia en har freonen yn it Frysk. Alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten foar dizze Fryske útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân. Ofpraat wie dat de opbringst dêrfan folslein te’n goede komme soe oan Unicef Oekraïne. No, hast in jier nei it begjin […]

Minister Wiersma bringt in besite oan de Westermarskoalle op ‘e Jouwer

Minister Wiersma fan primêr en fuortset ûnderwiis brocht hjoed in besite oan de Westermarskoalle op ‘e Jouwer. Hy folge hjir in tal Fryske lessen. Derneist gong hy yn petear mei learkrêften en de direkteur oer hoe’t sy de Fryske taal yn de praktyk in plak jouwe yn it ûnderwiis.

Wa krijt fan dy in kaartsje?

De ôfrûne wiken hat it team fan Praat mar Frysk de online oamoedigingskampanje ‘Praat mar Frysk, ék mei nije Fryskpraters’ de wrâld ynstjoerd. Minsken dy’t it Frysk as nije taal leare of leard hawwe, de saneamde ‘Nije Fryskpraters’, fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging of komplimint […]

Presintaasje unyk twatalich Gouden Boekje: Sipke komt op stoom

Tongersdei 16 febrewaris presintearren útjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk yn gearwurking mei it  Ir. D.F. Woudagemaal in nij, unyk twatalich Gouden Boekje: Sipke komt op stoom. It boekje is lykas de oare Sipke-titels skreaun troch Lida Dykstra en yllustrearre troch Harmen van Straaten. Under belangstelling fan de bern út groep 5/6 fan CBS Eben Haëzer […]

Anita Terpstra skriuwt Frysk Kadoboek 2023

Anita Terpstra (Hallum, 1974) skriuwt it Frysk Kadoboek 2023. Yn 2009 debutearre sy mei it famyljedrama ‘Nachtvlucht’. De thriller levere har in nominaasje op foar de Schaduwprijs, foar it bêste thrillerdebút. Har boeiende boek ‘Samen’ (2016) waard nominearre foar de Gouden Strop. Neist suksesfolle thrillers skreau Anita Terpstra ‘The Challenge’, in spannend boek foar jongeren, […]

Subsydzjeregeling foar Frysk ûnderwiis opnij iepen

Ek dit jier is der wer subsydzje beskikber foar it fuortsterkjen fan it Frysktalich ûnderwiis. Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 20 febrewaris 2023 ôf in subsydzje oanfreegje. Der is û.o. subsydzje beskikber foar it oplieden fan dosinten, it oanskaffen fan ekstra lesmateriaal en it frijroasterjen fan ûnderwiispersoniel foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. […]

Sneon 4 febrewaris yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn LC en FD stiet fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte […]

Poëzijwedstriid Dichter fan Fryslân

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, hat Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid útskreaun. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. Foar elk winnend gedicht is €200,- beskikber steld.

Nij ferskynd by útjouwerij Afûk: ‘De letterfretter’ fan Lida Dykstra

By de Afûk is ferskynd: De letterfretter fan Lida Dykstra. Yn dit berneboek is Lida oan ’e slach gien mei alle lûden dy’t yn de Fryske taal foarkomme. Elk lûd hat syn eigen gedicht dêr’t it lûd sa faak mooglik yn foarkomt. Yn it boek steane 47 gedichten, fol taalrykdom en humor, mei de moaiste […]

Foarlêsgids 2023: de nijste berneboeken en apps (0-12 jier)

Der is wer in nije foarlêsgids ferskynd! Earder kaam dit ynformative gidske yn de foarm fan in brosjuere, mar no as royale úttearfolder mei in prachtige poster fan De letterfretter op de efterkant. Yn de foarlêsgids fynst in seleksje fan de nijste Fryske berneboeken en apps foar bern fan 0-12 jier en handige foarlêstips.

Subsydzjeregelingen Fryske literatuer iepen

Fan 23 januari 2023 ôf binne de subsydzjeregelingen Fryske literatuer fan de provinsje Fryslân wer iepen. It giet dêrby om subsydzjes foar it skriuwen, oersetten en bewurkjen, meitsjen fan promoasje foar en útjaan fan Fryske literatuer. De regelingen foar it skriuwen en oersetten en bewurkjen jilde ek foar tonielstikken.

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 26 jannewaris is ‘bodzje’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei‘ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘bodzje’.

Tialda Hoogeveen ynstallearre as nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân

Op basisskoalle ’t Holdersnêst op ’e Harkema is Tialda Hoogeveen woansdei 25 jannewaris – by de start fan de Nationale Voorleesdagen – offisjeel ynstalleare as nije Berneboekeambassadeur. Sy krige út hannen fan de berneboargemaster fan Achtkarspelen, Lisanne Hiemstra, de amtsketting fan it Berneboeke-ambassadeurskip oerlange.

Praat mar Frysk: oanmoedigingskampanje foar nije Fryskpraters fan start

Minsken dy’t it Frysk op lettere leeftiid leard ha, saneamde nije Fryskpraters, brûke dy taal mar “hiel sporadysk”, en dat hat foar in part te krijen mei de taalhâlding fan de tradisjonele sprekkers. Dat die ferline jier bliken út ûndersyk dat Ruth Kircher fan it Mercator Kennissintrum foar meartaligens en taallearen en Mirjam Vellinga fan […]

Oftraap projekt WikiWomen yn Burgum

Yn Burgum is tiisdei de ôftraap jûn foar it Europeeske projekt WikiWomen. Yn gearwurking mei partners yn Fryslân, Ierlân en Baskelân sille learlingen fan HAVOtop (Burgum) en vwo5 fan it Drachtster Lyseum wurkje oan nije biografyen oer Fryske froulju. In oanlieding foar it projekt is de ferhâlding tusken manlju en froulju op Wikipedia (Frysk: Wikipedy), […]

Sneon 14 jannewaris yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Gewoanwei stiet er elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. Wy begjinne lykwols yn de earste moanne fan it nije jier in wykje letter mei in moaie, fernijde side! De moanlikse Afûkside yn LC en FD stiet fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten […]

9e edysje LêsNo set learlingen oan it lêzen mei ‘Kening fan de cross’

Mear as 5.700 learlingen yn de ûnderbou fan fjirtich skoallen yn it fuortset ûnderwiis yn Fryslân sille seis wiken lang oan ‘e slach mei it boek ‘Kening fan de cross’. De learlingen sille opdrachten meitsje by dat boek yn it ramt fan it projekt LêsNo!. It is de njoggende edysje fan it ynnovative lêsbefoarderingsprojekt foar […]

Kommendeweis: de Fryske edysje fan ‘Lampje’

Op dit stuit binne wy by útjouwerij Afûk dwaande mei de Fryske ferzje fan it boek ‘Lampje’ fan Annet Schaap. It boek kriget de titel ‘Lampke’ en sil nei alle gedachten yn de rin fan febrewaris ferskine. Yn de lêste wike fan de Krystfakânsje is ek de ferfilming fan it ferhaal yn trije dielen te […]

Inisjatyfrike Friezen mei goede projektideeën socht

Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 16 jannewaris oant en mei 2 febrewaris 2023 wer subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns oanfreegje. Der is foar dizze earste iepenstelling foar hiel Fryslân 1,2 miljoen euro beskikber.

Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar jannewaris

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

In memoriam Baukje Wytsma (1946-2022)

Op 29 desimber is Baukje Wytsma hommels ferstoarn. Se wie jierren warber foar de útjouwerij fan de Afûk, mar fansels fral ferneamd as skriuwster fan berneboeken, lieten en gedichten. Foar har oeuvre krige se yn 2007 in sulveren Anjer en yn 2018 waarden Baukje troch kommissaris Brok de fersiersels opspjelde dy’t hearre by in Ridder […]

Literêre jûn mei Lize Spit

Boeken fan Fryslân organisearret op sneon 18 maart 2023 in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2023 Lize Spit yn dbieb yn Ljouwert.

Ferhalewedstriid ‘Ut ’e bocht’

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan de BoekWinterBoek-ferhalejûn dy’t op freed 10 febrewaris 2023 om 20.00 oere yn kafee De Bogt fen Guné yn Frjentsjer holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden te skriuwen op it tema ‘Ut ’e […]

Doch mear mei printeboeken en krij in lesbrieveset fergees

Fregesto dy as pjutte- of beukerliedster ek wol ris ôf hokker boeken no echt de muoite wurdich binne om oan te skaffen op de groep? No, wy hawwe op dy fraach in antwurd. Us team foarskoalsk hat nammentlik in set fan seis prachtige printeboeken gearstald en by alle seis titels in lesbrief makke. It pakket […]

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 15 desimber is ‘stro’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei‘ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘stro’.

Lêste skoaloptreden Lida Dijkstra as Berneboeke-ambassadeur

Nei 153 skoaloptredens troch hiel Fryslân, fersoarge Lida Dijkstra hjoed har lêste skoaloptreden as Berneboeke-ambassadeur op op sbû ‘De Súdwester’ yn Snits. Gemeente Súdwest-Fryslân en de Afûk ferrasten har yn it skoft mei in bosk blommen en wat lekkers foar de hele skoalle om koart stil te stean by it sukses fan har wurk as […]

Mear subsydzje foar Frysk yn it ûnderwiis

Skoallen yn Fryslân hawwe dit jier foar justjes mear as € 422.000,- oanfrege foar de subsydzjeregeling Frysk foar no en letter. Der wie mei-inoar € 275.000 beskikber. Deputearre Steaten hawwe besletten om it subsydzjeplafond te ferheegjen sadat alle oanfregers in subsydzje krije. Takom jier giet de regeling opnij iepen.

Nije Fryske songs jouwe it Frysk takomst

der lieding fan Piter Wilkens en SJONG IT! setten 19 amateursjongers besteande lieten yn it Frysk oer. It projekt fan SJONG IT! ûntstie nei in oprop oan Friezen om ideeën oan te dragen om it Frysk mear takomst te jaan. It idee wie ien fan de trije winnende ideeën dy’t foar de simmer op it […]

Dokter, mei it ek yn it Frysk? Begryplike pasjinte-ynformaasje yn it Frysk #FryskeFreed

Fan hjoed ôf – #FryskeFreed − krije pasjinten yn de Fryske sikehuzen op in oantal ôfdielingen de pasjinteynformaasje sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk oanbean. It Ljouwerter bedriuw Indiveo ûntwikkelet foar ûnder oaren de Fryske sikehuzen pasjinteynformaasje yn de foarm fan animaasjefideo’s, saneamde divi’s. Yn gearwurking mei de Afûk is in earste searje […]

Fryske Keamerleden wolle de Fryske taal klinke litte yn de plenêre gearkomsteseal

In groep Fryske Twadde Keamerleden is fan doel om tongersdei 8 desimber Frysk te praten yn de plenêre fergaderseal yn Den Haach om sa mear omtinken te krijen foar de Fryske taal.

Sneon 3 desimber yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by […]

Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar desimber

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Foarstelling ‘Bijke’ foar studinten en kliïnten Fryske beropsopliedings

Tiisdei 29 novimber wie de earste foarstelling fan Bijke binnen it beropsûnderwiis. Fan de programmakommisje ‘Wy binne mbû’ út wurdt dizze foarstelling fan Pier21 oanbean by opliedingen binnen mbû en hbû. Studinten én kliïnten bringe dan mei-inoar in besite oan dizze bysûndere foarstelling oer Bijke – ien hûn dy’t twa minsken by inoar bringt.

Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2023 bekend

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2023 beneamd. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis dy’t sûnt 1947 om it jier útrikt wurdt. It iene jier foar Frysktalige proaza, it oare jier foar Frysktalige poëzy. Yn 2023 wurdt de priis takend foar proaza dat yn de perioade 2019-2022 ferskynd is.

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 17 novimber is ‘muoike’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei‘ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘muoike’.

Omtinken foar Fryske taal en kultuer yn 2e edysje ‘Stap de Rode Loper!’ yn Ljouwert

Nei de suksefolle earste edysje komt it lanlike taal- en lêsprojekt ‘Stap op de Rode Loper!’ dit jier wer nei Ljouwert. Likernôch 1.000 Fryske vmbo’ers en harren dosinten binne de VIP’s yn in unyk literêr-kultureel aventoer. Der falt fan alles te sjen en te belibjen: teaterfoarstellingen, dynamyske workshops en gesprekken mei populêre auteurs. By de […]

Skoaloptredens fan Dichter fan Fryslân grut sukses

De workshops fan de Dichter fan Fryslân binne in grut sukses. Alle fergese skoaloptredens wienen binnen de koartste kearen fersein. Fan oktober dit jier oant en mei jannewaris takom jier sil Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân op besite by 13 basisskoallen yn Fryslân om te fertellen oer hoe moai ’t poëzij wêze kin.

It Taalkado: ek foar jim berntsje!

Bern yn Fryslân skriuwe harren libbensferhaal yn in meartalige provinsje. Dat begjint by de berte. En mei in kado fol taal. In taalkado foar no en letter. Krigest it Taalkado by de oanjefte fan de berte fan dyn berntsje by ien fan de Fryske gemeenten. Hielendal fergees.

Der is wer in nije heit&mem!

In moai nij hjerst/winternûmer leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Yn it blêd fynst dit kear artikels oer û.o. gebaretaal,  adoptearre bern, oer bern dy’t net ite wolle, bêste freonen, fansels de nijste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

‘Tongebrekker’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

11 novimber is de dei… de earste Fryske Freed!

Op freed 11 novimber lansearret Praat mar Frysk de Fryske Freed. De earste Fryske Freed om presys te wêzen, want fan dy freed ôf is elke twadde freed fan de moanne Fryske Freed. It doel? It Frysk sichtberder en hearberder meitsje rûnom yn de Provinsje en dêrbûten troch minsken oan te moedigjen it Frysk faker […]

Net dreech, wol hiel leuk: de workshop Taalpsychology

Taal. Brûkst it alle dagen mar stiest der net sa faak by stil. Wat betsjut taal eins foar dy? Wannear brûksto hokker taal? Fynst it nijsgjirrich om ris stil te stean by dizze en oare fragen oer dyn ‘taalgedrach en – gewoantes’? Meld dy dan oan foar de workshop ‘Psychology fan dyn Taal’! Nijsgjirrich én […]

Sneon 5 novimber yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by […]

Kultuerprojekten sette Fryslân op de kaart yn Europa

Twa ynternasjonale kultuerprojekten dêr’t Fryske kultuerynstellingen by belutsen binne, hawwe in finansjele bydrage krigen út it Creative Europa programma en fan de provinsje Fryslân. It giet om it projekt phōnē en it projekt Ulysses. De Fryske belutsenens by de projekten soarget foar in stevige útwreiding fan it Europeeske kultuernetwurk foar ús provinsje.

Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar novimber

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Afûkside sneon 29 oktober alhiel yn it teken fan de Fryske Boekewike

Dizze sneon yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de (ekstra!) Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by de ein hawwe. Dizze ekstra […]

Fryske ynsprekmaraton fan start

Yn it Frysk prate tsjin dyn mobile telefoan of in app? Dat is no net mooglik. De Fryske ynsprekmaraton moat dêr feroaring yn bringe. Deputearre Sietske Poepjes joech hjoed tegearre mei de Fryske flogger Eduard Rekker by it radioprogramma Goeiemiddei fan Omrop Fryslân it symboalyske startskot. Mei dit projekt wol de provinsje yn ’e mande […]

Alle moannen in lêstip fan Keimpe

Keimpe de Krokodil is gek op lêzen en ferhalen. Mei lêzen en ferhalen kinst fan alles belibje en it is ek noch ris goed foar dyn taalûntwikkeling en konsintraasje. Dat jildt foar alle talen, dus ek foar it Frysk. Keimpe wol dêrom sjen litte dat Frysk lêzen hiel leuk is en hielendal net yngewikkeld! Dêrom […]

LIT-UP, nij Europeesk projekt foar literatuerpromoasje

Kommend wykein giet op it Plaça del Llibre-boekfestival yn Valencia in nij Europeesk projekt foar literatuerpromoasje fan start, yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature. It ynternasjonale projekt LIT-UP rjochtet him op útjouwerijen, skriuwers en boekpromoasje-organisaasjes en stimulearret gearwurking, kennisútwikseling en profesjonalisearring.

Organisearje ris in sutelaksje

De sutelaksje fan Boeken fan Fryslân is in freonlike en leechdrompelige promoasje-aksje foar it Fryske boek dy’t organisearre wurdt yn gearwurking mei pleatslike klups en ferienings. Foar it Fryske boek én foar de dielnimmende ferieningen is it in effektive wize fan gearwurkjen. Fryske boeken wurde promoate en oan ’e man brocht en de ferieningen hâlde dêr […]

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 20 oktober is ‘goarre’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei‘ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘goarre’.

Promoasje-ûndersyk Nika Stefan: ‘Ynfloed Nederlânsk op Frysk fariearret’

De Fryske sprektaal hat in soad ferskaat, net allinne wat de Fryske dialekten, mar ek wat ynfloed fan it Nederlânsk oanbelanget. De resultaten út ûndersyk fan taalkundige Nika Stefan (Wrocław, Poalen, 1985) befêstigje it tige algemien foarkommen fan lienwurden en lienkonstruksjes yn it sprutsen Frysk en it ferskil mei de Fryske standert, mar litte ek […]

‘It neidiel fan ‘e twivel’ fan I.E. Bloem bekroand mei in White Raven

It neidiel fan ‘e twivel fan I.E. Bloem is ien fan de White Ravens op de jierlikse list fan de Internationale Jugendbibliothek München. Earder dit jier waard it boek, dat yn 2021 ferskynde by Utjouwerij Afûk, ek al bekroand mei de Simke Kloostermanpriis 2022 as bêste berne- of jeugdboek. De White Ravens binne oanbefellingen foar […]

Nij! Fryske bernefilmkes mei dochplaten

Enge monsters ûnder it bêd, nuvere bisten yn Fryslân, in hiel fiis filmke oer poep en in famke dat fertriet hat. Sjoukje de Boer en Franke Wiersma hawwe fjouwer prachtige filmkes makke mei ferskes en animaasjes oer tema’s dy’t werkenber binne foar bern. By alle filmkes is in dochplaat makke, mei lês-, praat- en dochtips foar […]

Dichter fan Fryslân ‘on tour’ by basisskoallen yn Fryslân del

Poëzy kin folle mear wêze as in aardich ekstraatsje. De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, lit sjen hoe’tst poëzy ynspirearjend en boartlik ynsette kinst op skoalle by it oanlearen fan feardichheden en kennisoerdracht. “Poëzy is in moaie jas dy’t altyd past, en kinst leare om dy jas sels oan te dwaan.” Fan hjoed ôf kinne […]

NIJ! heit&mem online hjerst-edysje (e-magazine)

Njonken it reguliere tydskrift fan heit&mem dat yn de simmer én yn de winter ferskynd, is der no in ekstra  heit&mem (online) hjerst-edysje! In superleuk nûmer foar elkenien dy’t mei de opfieding fan bern fan 0 oant 12 te krijen hat, mei û.o. prachtige hjerstplaten dy’st útprintsje kinst, in Tomkeferhaaltsje, sliepferskes en fansels boeketips.

‘De waanzinnige boomhut’ no ek yn it Frysk!

Dit jier ferskynt yn de nasjonale Berneboekewike foar it earst ek in Fryske oersetting fan it Kinderboekenweekgeschenk. Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân is in Fryske oersetting makke fan it Kinderboekenweekgeschenk 2022 ûnder de titel: ‘Healwize beamhutferhalen, oer doe’t it Stoel-Yn-Dyn-Noasdei wie en oare healwize saken’. De oersetting is makke troch Martsje de Jong.

Earste edysje Lês-mar-foar-wiken suksesfol ôfsletten

Yn de moanne septimber wiene de Lês-mar-foar-wiken en waard der troch de hiele provinsje foarlêzen oan pjutten op sa’n 400 pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlden. De feestlike ôftraap wie op 3 septimber mei it grutte Tomke Foarlêsfeest by paviljoen MeM yn Bûtenpost. Freed 30 septimber wiene de lêste foarlêsaktiviteiten en waard de foarlêsmoanne yn styl […]

Tsjil Tsjekt: it nije ynteraktive programma foar de boppebou

Omrop Fryslân Tsjil komt mei in nij programma foar de boppebou: fan takom wike ôf kinne skoalklassen meidwaan oan it ynteraktive programma Tsjil Tsjekt. Njonken it programma sil presintator Raynaud Ritsma ek wer fysyk by skoallen del.

Fryske Boekewike 2022 set útein mei Frysk Boekefeest

Op freedtejûn 28 oktober wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2022. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘De oarloch fan Jan Snip’ fan Ferdinand de Jong presintearre wurde. De Fryske Boekewike duorret dêrnei oant en mei 6 novimber. Yn dy perioade krigest it Kadoboek hielendal fergees by […]

Tialda Hoogeveen nije Berneboeke-ambassadeur

Tialda Hoogeveen is fan takom jier ôf Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, sa is hjoed by de presintaasje fan de Fryske oersetting fan it Berneboekewikegeskink bekendmakke. Fan jannewaris 2023 ôf sil Hoogeveen twa jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, Lida Dykstra, op.

Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar oktober

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Ynspiraasjemiddei ‘Wy binne mbû’ mei lansearring Yung Frysk fideorige en Bookzines mei persoanlike ferhalen

Op woansdei 5 oktober wurdt de earste grutte byienkomst holden fan de programmakommisje ‘Wy binne mbû’, yn it libben roppen om mear omtinken te kreëarjen foar de identiteit en kulturele ferskiedenheid fan it Fryske wurkfjild yn it middelber beropsûnderwiis. In ynspirearjende middei yn Neushoorn oer Frysk en meartaligens yn it mbû; foar dosinten, ûnderwiismakkers en […]

Ferhalen Nationale Voorleeslunch ek wer yn it Frysk beskikber

Ek yn 2022 organisearret de Leescoalitie wer in Nationale Voorleeslunch op nasjonale âldereindei. Dy dei falt dit jier op freed 7 oktober. Ta gelegenheid fan de 10e edysje binne der dizze kear mar leafst trije auteurs dy’t in spesjaal foarlêslunsjferhaal skreaun hawwe; Bart Chabot, Marion Bloem en Kader Abdolah. De ferhalen binne yn gearwurking mei […]

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 22 septimber is ‘sibbe’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei‘ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer it wurd ‘sib/sibbe’.

Nij ferskynd: unyk fotogedichtenboek oer it Noarderleech

Noarderleech unyk poëtysk lânskip / uniek poëtisch landschap is de titel fan in nij fotoboek fan Evert Wilstra mei twatalige gedichten fan Jochum Rijpma, ferskynd by Utjouwerij Afûk. It Noarderleech is ien fan Europa’s grutste kwelders en wurdt sjoen as tige wichtige natuer foar Europa. Yn ’e rin fan ’e jierren hat fotograaf Evert Wilstra prachtige […]

Meldpunt Fryske Taal foarsjocht yn ferlet

Friezen binne en bliuwe skerp op it brûken fan it Frysk troch allerhanne ynstânsjes. Dat docht bliken út de opbringst fan it Meldpunt Fryske Taal fan de provinsje Fryslân. Yn de ôfrûne twa jier kamen der 52 meldingen binnen fan net of ferkeard brûken fan it Frysk yn ferskate uteringen. Sa ferskynden de donorfolder en […]

Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar septimber

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Tsead Bruinja tekenet ferhalen âldere Friezen op

Fan 6 septimber ôf lûke dichter Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotografe Rosa van Ederen by wensoarchynstellingen yn Fryslân del om ferhalen fan âldere Friezen op te tekenjen. Bruinja begûn mei ‘Portretten in Poëzie’ doe’t er Dichter des Vaderlands wie. Troch Ljouwert UNESCO City of Literature kin it projekt no trochgean.

Fjirtich skoallen Súdwest-Fryslân krije besite Berneboeke-ambassadeur

Fan moandei 5 septimber ôf start Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra yn ’e gemeente Súdwest-Fryslân mei har toer lâns de fjirtich basisskoallen yn dy gemeente. De ôftraap wie freed 2 septimber de moarns op de Sint Martinusskoalle yn Makkum.

Earste Diet Huberpriis foar Mirjam van Houten

Wy lokwinskje Mirjam van Houten mei it winnen fan de Diet Huberpriis! De Diet Huberpriis, ornearre foar it moaist yllustrearre berne- of jongereinboek, wurdt dit jier foar it earst útrikt en giet nei By beppe útfanhûs, skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). It boek ferskynde yn de simmer fan 2021 by útjouwerij […]

Grut Foarlêsfeest ôftraap foar ‘Lês-mar-foar-wiken’

Fan 5 oant en mei 30 septimber binne de ‘Lês-mar-foar-wiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje dat fan ‘t jier it tema ‘thús’ hat. Nei it foarlêzen op de pjutte-opfang krije alle pjutten it boekje mei nei hûs. Dêrnjonken is it boekje de hiele moanne fergees te krijen by […]

Nij Frysk berneboek no al yn Dútsk Museum

Sûnt dizze simmer leit der in Frysk berneboek yn in Dútsk museum. Jurjen Faber en Paul van Dijk hawwe harren nijste berneboek ‘De Bjusterbaarlike Baron’ oan it Münchhausen Museum yn Bodenwerder oanbean. Dat museum hat de grutste kolleksje boeken oer de baron Von Münchhausen. De kolleksje telt in lytse 1200 útjeften yn 48 ferskillende talen. […]

Trije nije berneboeken fan Fryske boaiem ferskynd by útjouwerij Afûk

Sawat tagelyk ferskynden dizze moanne by útjouwerij Afûk mar leafst trije nije berneboeken fan Fryske skriuwers en yllustratoaren: ‘De Bjusterbaarlik Baron’ fan Jurjen Faber mei yllustraasjes fan Paul van Dijk, ‘Jelle en Juf’ skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten én ‘Abe en de Aardichman’ fan Tialda Hoogeveen mei yllustraasjes fan Yke Reeder. Prachtich oarspronklik […]

Mylpeal foar Omrop Fryslân: 1 miljard views foar Fryske gifkes

Gifkes mei populêre Fryske útspraken as ‘Koe minder’ en ‘Opsokkebalje’ gean de wrâld oer. Se binne der al in skoft, mar mei 1 miljard views hat Omrop Fryslân in mylpeal berikt. Omrop Fryslân stiet dêrmei yn de top 10 fan oare regionale en lanlike omroppen.

Eksklusyf yn de winkel fan de Afûk: tas mei moaie Fryske wurden

De ‘moaie wurden’ fan Praat mar Frysk binne fan hjoed ôf net allinne te krijen as in moai pakketsje kaartsjes, mar steane no ek – in seleksje – op in tas! Superleuk om sels te hawwen mar ek om wei te jaan as kadootsje. Om de priis hoechst it net te litten want dizze tas […]

Nij! Keimpe en Tomke – Wolkom by ús op skoalle!

De oergong fan pjutteboartersplak nei basisskoalle is in grutte en spannende stap foar fjouwerjierrigen. Dêrom ûntwikkele it team ûnderwiis fan de Afûk in saneamd ‘oergongsboekje’: Keimpe & Tomke – Wolkom by ús op skoalle! It kin troch basisskoallen as kadootsje meijûn wurde oan bern dy’t foar it earst op skoalle komme. It boekje is in […]

Nije sprekkers fan it Frysk brûke it Frysk mar tige sporadysk

Minsken dy’t it Frysk op lettere leeftiid leard ha, brûke de taal mar “tige sporadysk”. Nei alle gedachten fiele se har minder op har gemak by it brûken fan de taal mei tradisjonele sprekkers. Dat is ien fan de útkomsten fan in ûndersyk nei nije sprekkers fan it Frysk. Undersikers Ruth Kircher (Mercator/Fryske Akademy), Mirjam […]

Socht: nij lid ekspertkommisje Europeesk Hânfêst regionale en minderheidstalen

De earste amtstermyn fan it hjoeddeiske Nederlânske lid fan it Ekspert Komitee Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa rint yn desimber 2022 ôf. It Komitee fan Ministers fan de Ried fan Europa kiest in lid foar de Nederlânske sit út in troch Nederlân opstelde list fan trije kandidaten. Belangstellenden wurde útnoege om net […]

Relypriis 2022 foar 4 ferhalen en 4 fersen

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach binne 74 ynstjoeringen ynkommen, 32 koarte ferhalen en 42 gedichten. De sjuery, besteande út Rianne Blokzijl, Oene Spoelstra en Beart Oosterhaven, dy’t de ynstjoeringen anonym ta beoardieling krige, hat fjouwer ferhalen en fjouwer gedichten bekroand.

Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar de moanne augustus

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Mei Keimpe de Krokodil op syk nei greidefûgels

Tegearre mei de Afûk hat IVN (Instituut Voor Natuureducatie) dit jier in placemat/sykposter en in boekje ûntwikkele, oanslutend by it tema greidefûgels: ‘Keimpe de Krokodil – Fûgelsop’. De Provinsje Fryslân hat de útfiering fan greidefûgeledukaasje – in ûnderdiel fan it greidefûgelbelied – by IVN Fryslân belein. IVN jout dêr ynfolling oan troch op ferskate manieren […]

Wikipediatrainingen en lesmateriaal ûntwikkelje foar WikiWomen-projekt

We kenne Wikipedia allegear as in fergees tagonklike online ensyklopedy, mar hoe wurket it eins presys? En hoe kinst it brûke op skoalle om saken as taalfeardigens, boarneûndersyk en oare ûndersykswizen te learen? Fan 27 oant en mei 30 juny wienen dosinten en ûnderwiismeiwurkers út Fryslân, Ierlân en Baskelân (Spanje) yn Baskelân foar in partnerbyienkomst […]

Wurdsto ús nije kollega?

De Afûk is in aktive, ûndernimmende organisaasje, dy’t as doel hat om de Fryske taal yn alle geledingen fan ús Fryske mienskip in folweardich plak te jaan. In sterke gearwurking mei it ûnderwiis fine wy essinsjeel foar in moaie takomst fan de Fryske taal. Wy binne op syk nei twa nije kollega’s!

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

‘De wierheid’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. It gedicht is skreaun nei oanlieding fan de patstelling op it stuit yn de stikstofkrisis. De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma: ‘De stikstofkrisis hâldt […]

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 14 july is ‘weit’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer it wurd ‘weit’.

MBU’ers slute kardiel Frysk ôf mei Fryske flochs

Mbû-studinten dy’t it kardiel Frysk folgje, moatte allegearre wurkje oan in praktykopdracht. Guon fan de studinten by Aeres hawwe yn dat kader flochs makke oer harren berop en staazjeplak en dêrmei it kardiel mei sukses ôfsletten. Underdiel fan de opdracht wie dat yn de flochs bepaalde opfallende wurden út de sektor útlein wurde moasten. Foar […]

Sierk Meijer wint moardferhalewedstriid fan Boeken fan Fryslân

Sierk Meijer wint mei syn ferhaal ‘Muoike Joukje’ de moardferhalewedstriid fan Boeken fan Fryslân.

Nijs foar it ûnderwiis: metoades Frysk no fergees oan te freegjen

De digitale lêsmetoades foar it fak Frysk yn it basisûnderwiis (Spoar 8) én yn it fuortset ûnderwiis (Searje 36), binne fan no ôf fergees foar alle skoallen yn Fryslân. Oanmelde giet fia de webside fan Taalplan. Dêrnjonken binne oanfoljende materialen fan no ôf hiel maklik te finen en te bestellen fia de nije websjop websjop.taalplan.frl.

Ekstra punten foar Frysk en Streektalen yn it Iepen Mienskipsfûns

Projekten dy ‘t op kreative wize de sichtberens fan it Frysk of ien fan de Fryske streektalen fergrutsje, meitsje aanst mear kâns op in bydrage fan it Iepen Mienskipsfûns. Omtinken foar it Frysk smyt ekstra punten op, wêrtroch’t de kâns op honorearring grutter wurdt. Dêrmei wurde inisjatyfnimmers oanmoedige om nei te tinken oer de rol […]

Dokter, mei it ek yn it Frysk?

It petear by de dokter yn it sikehûs is foar in protte minsken spannend. Foaral wannear’t je ûnwis binne en emoasjes in rol spylje is it nei ôfrin sykjen nei wat der ek mar sein is. It Ljouwerter bedriuw Indiveo ûntwikkelet foar ûnder oare de Fryske sikehûzen pasjinte-ynformaasje yn de foarm fan animaasjes dy’t de […]

Earste Ljouwerter literêre bank ferbynt gedichten en ferhalen oer iensumens

Tongersdei 30 juny hat wethâlder Hein Kuiken mei it publyk de earste literêre bank fan Ljouwert ûntbleate by de Grutte of Jacobijnertsjerke. De literêre bank is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert. Dichter Sytse Jansma hat foar Ljouwert UNESCO City of Literature ynhâld jûn oan de earste literêre bank. Hy hat literatuerprojekt Sprekende stenen fan […]

Sneon 1 july yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by […]

Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar de moanne july

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Simmerlêze: boeketips foar de fakânsje

De simmermoannen july en augustus steane yn it teken fan lêzen! In hiel soad minsken wolle wol graach lêze, mar ja … it komt der net fan. Nei wurk, gesin, sport, hobby’s en fansels sosjale media, is de dei hieltyd alwer foarby en bliuwt it boek ticht. Gelokkich is der de simmer! Ít momint om […]

LIT-UP: in nij Europeesk projekt foar de promoasje fan literatuer yn minderheidstalen

Boeken fan Fryslân en Leeuwarden City of Literature binne sûnt dizze simmer partner yn in nij Europeesk projekt: LIT-UP. It doel?  Ta nije strategyen komme om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better foar it fuotljocht te krijen op de nasjonale en ynternasjonale merk. De oare partners yn it projekt komme út Kataloanje, […]

Ryksuniversiteit Grins wurket oan Frysk prate mei kompjûter

“Hé Siri, wa is de Hjoeddeistige Kommissaris fan de Kening yn Fryslân?” Apple’s stimassistint begrypt dy fraach no noch net. Mar dat sil feroarje. De Ryksuniversiteit Grins giet oan it wurk mei Fryske spraaktechnology, sadat it yn de takomst ek mooglik is om apparaten yn it Frysk om help te freegjen.

Mear eksamenkandidaten foar it fak Frysk

Der wiene fan’t jier 156 eineksamenkandidaten Frysk. Dat klinkt miskien as in beskieden oantal, dochs is der sprake fan in opfallende groei yn it tal learlingen dat eineksamen Frysk docht. Ta fergelyk: seis jier lyn wienen it der noch 110 en yn 2019 en 2020 dienen respektyflik 146 en 145 learlingen it eksamen Frysk.

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 16 juny is ‘daaie’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer it wurd ‘daaie’.

Der is wer in nije heit&mem!

In moai nij simmernûmer leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Yn it blêd fynst dit kear û.o. neikommerkes, Frysk yn ‘e klasse, Fryske berneboeken, boartsjen, ferdieling fan soarchtaken en noch folle mear.

Dichter fan Fryslân skriuwt gedicht foar ‘Bosk’ fan Arcadia

‘Swalker’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân, skreaun foar it Arcadia-projekt Bosk: ‘Projekt Bosk is in mearke-eftige belibbing. It grien yn Ljouwert hat in bysûndere útwurking op foarbygongers. Minsken strike der as fûgels del en rinne sigesaagjend en fluitsjend troch nei harren wurk of ôfspraak. By Bosk heart poëzij.’

Utsteld gelok lûkt al 1.000 besikers

Snein 12 juny koe Ljouwert UNESCO City of Literature de 1.000e besiker wolkom hjitte by harren Arcadia-projekt Utsteld gelok. Yn Burdaard harken 35 minsken nei it ferhaal fan Jetske Bilker dat aktrise Tet Rozendal dêr foarlies. It wie de 37e dei fan de hûndert dagen wêrop’t foarlêzen wurdt.

Bondelpresintaasje Peter van Lier

Sneon 11 juny wie yn ús de winkel de bondelpresintaasje fan Minym ferweech / Minieme gebaren fan Peter van Lier. Yn dizze twatalige bondel hat de dichter in represintative kar makke út sân fan syn bondels. Elske Schotanus sette de gedichten oer yn it Frysk. Sy krige ek it earste eksimplaar oanbean.

Staetlânsskoalle út Tsjom wint SjONG junior 2022

Nei in spannende finale is de Staetlânsskoalle út Tsjom de winner fan SjONG junior 2022 wurden. De skoalle giet er mei de earste priis fan troch. Se wûnen mei it ferske ‘Fake!’. De sjuery wie tige te sprekken oer it optreden fan de skoalle: “Knap hoe’t dizze winner de snelle teksten sa dúdlik sjonge koe. […]

Sneon 11 juny is ús winkel ticht, presintaasje Peter van Lier giet wól troch

Om’t wy fan’t wykein alhiel ynsletten binne troch poadia en hekken fan it festivalterrein fan Into The Grave, hawwe wy besletten om de doarren fan ús winkel dizze sneon ticht te hâlden. Wy ferwolkomje klanten graach in oare dei. De bondelpresintaasje fan Peter van Lier moarns om 11.00 oere giet wól gewoan troch.

Sneon 4 juny yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by […]

TIIDMASINE siket (song)teksten

De organisaasje fan it nije Fryske lietprojekt TIIDMASINE, in muzykprojekt yn it ramt fan Arcadia, is op syk nei teksdichters en lietskriuwers dy ‘t in (song)tekst skriuwe kinne en wolle. Der binne mar leafst tweintich tema’s dêr’tst in tekst oer skriuwe kinst. Ut de ynstjoeringen wurde teksten útkeazen dêr ‘t muzyk op skreaun wurdt en […]

Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar de moanne juny

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Doutsen studearret yn it Frysk ôf oan de Utrechtse skriuwersoplieding

Al har stúdzjegenoaten studearje ôf yn it Nederlânsk, mar Doutsen van Gosliga woe wat oars: se is de earste dy’t yn it Frysk ôfstudearret oan de oplieding Writing for Performance yn Utrecht. Doutsen komt fan It Hearrenfean. Se woe wat mear mei it Frysk dwaan. “Ik hie altyd wol skreaun yn myn libben, mar dat […]

ZEA feroveret Italië mei Frysktalich album

De nijste Frysktalige cd fan ZEA slacht oan yn Italië. ZEA, de artystenamme fan de út Makkum ôfkomstige Arnold de Boer, reizget tiisdei ôf nei it suden. ZEA bestiet sawat tweintich jier. Earst as band, letter redusearre ta ien man: Arnold de Boer. Foar syn solo-optredens wurket De Boer faak mei oare muzikanten of dichters. […]

Heitedei: jou in boek kado

Snein 19 juny is it (wer) heitedei. Wij sizze: jou in boek kado en meitsje it ekstra bysûnder mei ien fan spesjale heit-boekelizzers! Hoe leuk is dat? Mar ek foar in oar orizjineel Frysk heitedei-kadootsje giest nei de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk yn Ljouwert of winkelst yn ús websjop. Fansels pakke wy dyn […]

Modellen socht foar kursuskampanje!

Foar in nije kampanje foar de kursussen fan de Afûk – tink oan byg. in nije kursusbrosjuere en poster, sfearbylden op websites en socials – sykje wy minsken dy’t model wêze wolle by ús fotoshoot! Bisto tusken de 18 en 65 jier âld? Hasto altyd al ris model wêze wollen? En bisto beskikber op woansdei […]

Fan 5 o/m 30 septimber 2022 binne it de Lês-mar-foar-wiken!

Fan 5 o/m 30 septimber binne de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen út it nije Tomke-boekje. Nei it foarlêzen krije alle pjutten it boekje mei nei hûs. Dit jier is it tema ‘thús’. Wolst meidwaan of witte wat der noch mear te belibjen is yn de Lês-mar-foar-wiken? Lês dan gau hjirûnder […]
Fryske toetseboerd apps

Flaterfrij Frysk type op dyn mobyl?

Mei Gboard fan Google kinst maklik en flaterleas berjochten yn it Frysk type op dyn mobile telefoan of tablet. Ek Swiftkey is al jierren in bysûnder populêre toetseboerdferfanger. Kinst Google Gboard en Swiftkey ek brûke yn bygelyks Whatsapp en de apps jouwe dy in foarsizzing fan de wurden dy’tst yntypst. Boppedat leare de apps ek […]

Fryske lesmetoaden en tydskriften fergees foar skoallen

Alle skoallen yn it (spesjaal) primêr en fuortset ûnderwiis krije fan takom skoaljier ôf fergees Frysk lesmateriaal oanbean. Yn it primêr ûnderwiis giet it om de digitale metoade Spoar 8 en it tydskrift Tsjil. Skoallen yn it fuortset ûnderwiis krije fergees tagong ta de digitale lesmetoade Searje 36 en ûntfange it tydskrift LinKk. It fergees […]

Berneboekewikegeskink: ‘De waanzinnige boomhut’ ferskynt ek yn it Frysk

It Berneboekewikegeskink fan bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton, bekend fan de populêre rige De waanzinnige boomhut, krijt ek in Fryske fertaling. Neist dat it yn de 68-jierrige skiednis fan de Berneboekewike de earste kear is dat in bûtenlânske auteur en yllustrator it geskink fersoargje, is it ek foar it earst yn de skiednis fan […]

Lútsen Bakker út Grins wint It Grut Frysk Diktee

It Grut Frysk Diktee 2022 is wûn troch Lútsen Bakker fan Grins. Hy hie mar in heale flater yn syn diktee en fertsjinne as priiswinner dêrmei it Gouden Dakje. It wie in spannende striid en it ferskil tusken de winner en de oaren wie hiel lyts: de nûmers 2 en 3 hiene elk mar ien […]

It ‘fergetten wurd’ fan 12 maaie is ‘lêbich’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer it wurd ‘lêbich’.

Moardferhalewedstriid

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it feest BoekmoardBoek dat op freed 8 july om 20.00 oere yn Café Het Grauwe Paard yn Marsum holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn minst 1000 wurden te skriuwen dêr’t moard in ûnderdiel fan is. […]

Friezen kieze bernesearje, pop en ferhalebank

De bernesearje ‘Buurman en Buurman’ yn it Frysk, bekende en besteande popnûmers oersette nei en ynsjonge yn it Frysk én in biblioteek fan Fryske ferhalen. Dy ideeën meie fan de ynwenners fan Fryslân ekstra omtinken jaan oan de Fryske taal. Mei-inoar brochten 1.382 minsken fia Stimfanfryslan.frl harren stim út op 33 ideeën. Yn de ôfrûne […]

Sneon 7 maaie yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by […]

Douwe Tammingapriis 2022 foar Paul van Dijk

Wy lokwinskje Paul van Dijk mei it winnen fan de D.A. Tammingapriis! Hy kriget de priis foar foar syn dichtbondel ‘Famke fan snie’ yn 2018 ferskynd by útjouwerij Afûk. De D. A. Tammingapriis, yn 2014 ynsteld troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en 3000 euro grut, is in mearjierlikse priis, ornearre foar […]

Dit is de Afûk boekeTIP 10 foar maaie

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

‘Wjuklam’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. It gedicht is skreaun nei oanlieding fan de misstannen dy’t oan it ljocht kamen rûn it tv-programma ‘The Voice of Holland’ en de uterings fan Johan […]

Ferbyn it Frysk mei oare fakken mei de Spoar 8 Temateek en de Fak-Taal-Formule

Op alle skoallen yn Fryslân wurdt op dit stuit hurd wurke oan de ambysjes fan it Taalplan Frysk 2030. In hiel soad skoallen brûke dêrby de metoade Spoar 8: in metoade fan de Afûk dy’t helpt by it jaan fan it fak Frysk yn it basisûnderwiis. Sûnt jannewaris 2022 hat Spoar 8 wer nij én […]

Mear oandacht foar it Frysk

De promoasje fan it Frysk giet as ôfpraat. Dy konklúzje kin lutsen wurde út it tuskenrapport dat it ministearje fan Ynlânske Saken en de provinsje Fryslân opsteld hawwe oer harren Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dêryn hawwe se foar in perioade fan fiif jier ôfspraken makke oer hoe’t se it Frysk beskermje en befoarderje […]

Stimme op bêste plan foar de Fryske taal: dyn plan ynstjoere kin noch o/m 7 maaie!

Mei hokker idee krijt de Fryske taal de bêste takomst? Dat beslute de ynwenners fan Fryslân sels troch harren stim út te bringen. Op stimfanfryslân.frl kinne hja kieze út de beskikbere ideeën. De ideeën binne no ris net ôfkomstich fan beliedmakkers, mar betocht troch ynwenners sels. De yntsjinners fan de trije ideeën mei de measte […]

Ynformaasjebuorden fan no ôf (ek) yn it Frysk

Yn Fryslân komme wy meikoarten mear Frysk tsjin op strjitte en yn iepenbiere gebouwen. Minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken en de Fryske deputearre Sietske Poepjes hawwe dat hjoed fêstlein mei de ûndertekening fan it Sichtberensakkoart Frysk. Dêr stiet yn dat se it gebrûk en de sichtberens fan it Frysk fergrutsje wolle. De oerienkomst […]

Boekpresintaasje ‘Maia en har freonen’

Fannemiddei wie de boekpresintaasje fan de oersetting fan it Oekraynske berneboek ‘Maia en har freonen’ yn de bibleteek fan Snits. It earste eksimplaar waard oanbean troch Motvey út de Oekraïne oan Gertrud Palstra fan FERS, dy’t foar de bibleteken yn Fryslân Oekraynske boeken besteld hat foar flechtlingen. Underwilens hawwe ek de gemeenten Achtkarspelen, Noardeast-Fryslân, Tytsjerksteradiel […]

9e printinge fan it populêre printeboek ‘Tûzen wurden’

Tûzen wurden, it iennige echte ‘sykje it pykje’ boek, is fan no ôf wer te krijen yn de boekwinkel. It súksesfolle syk- en sjochboek fan Heather Amery en Stephen Cartwright jout bern fan ferskate leeftiden én folwoeksenen de mooglikheid om op in boartlike wize in basiswurdskat fan it Frysk op te bouwen. De earste Fryske […]

De Diet Huberpriis: nije priis foar yllustratoaren fan Fryske berneboeken

Neist de Simke Kloostermanpriis foar de skriuwer fan it bêste Fryske berne- of jongereinboek is der no ek in priis foar de bêste Fryske yllustrator: de Diet Huberpriis. De priis is neamd nei (berneboeke)skriuwster en yllustratrise Diet Huber (1924-2008), bekend fan û.o. it faak werprinte Tutte mei de linten (1955; 12e printinge 2012). De priis […]

De Diet Huberpriis: in priis foar yllustratoaren fan Fryske berneboeken

Neist de Simke Kloostermanpriis foar de skriuwer fan it bêste Fryske berne- of jongereinboek is der no ek in priis foar de bêste Fryske yllustrator: de Diet Huberpriis. De priis is neamd nei (berneboeke)skriuwster en yllustratrise Diet Huber (1924-2008), bekend fan û.o. it faak werprinte Tutte mei de linten (1955; 12e printinge 2012) en sil […]

It Frysk is de taal fan de wike op @EuroDigitalLang

Fan 20 oant en mei 26 april 2022 fersoarget Mirjam Vellinga fan de Afûk de berjochtjouwing fia it rûlearjende twitter-akkount @EuroDigitalLang. Dat platfoarm ûndersiket hoe’t technology brûkt en ynsetten wurde kin om Europeeske minderheids – en/of regionale talen nij of mear libben yn te blazen. Doel fan de Twitter-kampanje is it fergrutsjen fan de sichtberens […]

Renze Stiemsma fan De Griffel yn Ljussens wint Lyts Frysk Diktee 2022

Renze Stiemsma fan basisskoalle De Griffel yn Ljussens hat it Lyts Frysk Diktee wûn. Hy makke mar acht flaters en dêrmei kin Renze it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoalbern yn Fryslân. Twadde waard syn skoalgenoat Jelmer Faber, mei 10 flaters. It tredde plak wie mei 11 flaters foar Brecht Haantjes fan De Jasker yn Nij […]

Wrâldboekedei en de Katalaanske ‘Dei fan Sant Jordi’ op 23 april by de Afûk

Sneon 23 april is it yn Kataloanië ‘De dei fan Sant Jordi (Sint Joris)’, in dei dat de minsken dêr elkoar neffens tradysje boeken en roazen kado dogge. Boppedat falt dy dei gear mei de jierlikse ‘Wrâldboekedei’, yn 1995 fêststeld troch de UNESCO om oandacht te freegjen foar it belang fan boeken en lêzen. De […]

Priis en earfolle fermelding by Circom Awards foar ‘Jennifer Stript’ en ‘Dûnsje mei Tomke’

Eare foar twa produksjes fan Omrop Fryslân by de Circom Awards! De transmediale vlog-detective ‘Jennifer Stript’ wûn de Digital Media Circom Award. De sjuery wie foaral ûnder de yndruk fan it gebrûk fan ferskillende sosjale media yn kombinaasje mei in spannende fertelfoarm. It pjutteprogramma ‘Dûnsje mei Tomke’ fan krige yn de kategory Music and Arts […]

Skriuw in ferhaal of gedicht foar de Rely Jorritsmapriisfraach

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 68ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery, dit jier besteande út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra, hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en […]

Nij fan Praat mar Frysk: Fryske ‘wibelders’ foar yn dyn winkel

Kinne Fryskpraters by dy yn de winkel of bedriuw ‘gewoan’ Frysk prate? Dan hat Praat mar Frysk wat moais foar dy yn de oanbieding: Frysktalige wibelders! Mei dy wibelders (ek bekend as ‘wobblers’ of ‘schap-stoppers’) makkest op in aardige manier dúdlik dat it Frysk by dy wolkom is én litst dyn kassa, baly of winkelskap […]

Bestel no kaarten foar de literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer & Jetske Bilker

Fan 9 oant 18 april is it Nasjonale Boekewike! Dêrom organisearret Boeken fan Fryslân yn gearwurking mei it CPNB op sneon 16 april in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2022, Ilja Leonard Pfeijffer. Njonken haadgast Ilja Leonard Pfeijffer, sil ek de oersetter, Jetske Bilker, ynterviewd wurde troch deifoarsitter Coen Peppelenbos. Nei […]

It Skriuwersboun presintearret plan foar bettere beleanning en promoasje Fryske skriuwers

Skriuwers fan Fryske boeken moatte betelle wurde foar it wurk dat sy dogge. It Skriuwersboun presintearre juster by Tresoar harren plan mei oanbefellings foar skriuwers, Fryske media, útjouwers, boekferkeapers, de organisaasje Boeken fan Fryslân en de provinsje. ‘It skriuwen fan in Frysk boek is gjin keunstke, mar in keunst. En dat hoecht net fergees te […]

Provinsjale priiswinner krijt ekstra jild foar promoasje

Winners fan Fryske prizen lykas de Gysbert Japicxpriis en de Gerrit Bennerpriis krije aanst in spesjaal promoasje- en ûntwikkelbudzjet fan 5.000 euro. Dêrmei kinne se bygelyks in útstalling oer in wurk organisearje of in oersetting fan in boek meitsje litte. Tagelyk is it in stimulâns foar it fjild. It is ien fan de nije ûnderdielen […]

Nij projekt ‘Dêrom Frysk – Klassem!nt’ mei fergees lespakketten foar fuortset ûnderwiis

Afûk, Cedin en SJB Media komme mei it nije projekt ‘Klassem!nt’ foar skoallen yn it fuortset ûnderwiis. It betsjut in ferfolch én in ferdjippingsslach op de eardere en tige suksesfolle kampanje #dêromfrysk, dy’t yn febrewaris 2021 útein setten is. Klassem!nt hat as doel learlingen yn it fuortset ûnderwiis neitinke te litten oer wat taal foar […]

Kommendeweis: Fryske Graphic Novel “Kyra” fan Elske Schotanus

Sneon 9 april – by de start fan de nasjonale Boekewike – presintearret skriuwster Elske Schotanus (1957, Terbant) har nijste boek, de Graphic Novel Kyra, by de Afûk yn Ljouwert. Sawol de tekst as de yllustraasjes binne fan har hân. Nei har Facebook-roman De Raven (2020) ferrast Schotanus mei Kyra it publyk op ’e nij […]

Sneon 2 april yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by […]

Dit is de Afûk boeketip 10 (+5 ekstra!) foar april

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

It Grut Frysk Diktee werom mei in nije edysje

Gnyskje, nútsjesmoar en krûpelhintsje. It Grut Frysk Diktee is werom mei in nije edysje. Dat is foar it earst sûnt It Grut Frysk Diktee yn 2018 op it Aldehoustertsjerkhôf wie, mei in rekôrtal dielnimmers. Op tiisdei 17 maaie wurdt It Grut Frysk Diktee wer as fan âlds hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Kwalifisearje […]

Simke Kloostermanpriis foar ‘It neidiel fan de twivel’ fan I.E. Bloem

Wy lokwinksje I.E. Bloem mei it winnen fan de Simke Kloostermanpriis 2022! De priis foar it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier, giet nei It neidiel fan de twivel fan I.E. Bloem, yn 2021 ferskynd by útjouwerij Afûk. Dat hat de sjuery foar de Simke Kloostermanpriis 2022 besteande út Arjan Hut, Martsje de Jong […]

Superhandich: de Oersetter-app!

Mei de Oersetter-app kinst losse wurden of langere stikken tekst oersette, stavering tsjekke én Fryske synonimen sykje! Hiel handich foar bygelyks in sollisitaasjebrief, in berjochtsje op Instagram of Facebook, in mailtsje, in kaartsje, in reklameboerd yn ‘e tún, in Fryske advertinsje, of gewoan in appke oan dyn freonen of famylje!

Finalisten SjONG junior 2022 bekend

De finalisten fan de earste edysje fan SjONG junior binne bekend. In soad skoallen rûnom yn Fryslân folgen de ôfrûne wiken de kant en kleare muzykles en hawwe harren audysje ynstjoerd. Fan dy skoallen krije no acht de kâns om yn it programma SjONG junior in eigen hit te skriuwen. Mei dat ferske nimme se […]

Fryske útjouwers jouwe Oekraynsk printeboek út yn it Frysk: opbringsten foar UNICEF-Oekraïne

Under oanfiering fan Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp slaan de Fryske útjouwers de hannen gear en jouwe it Oekraynske printeboek ‘Maya and her moms’ út yn it Frysk. De opbringsten fan de ferkeap komme te’n goede oan UNICEF-Oekraïne, foar help oan bern dêr yn de oarloch. Skriuwster Tialda Hoogeveen fersoarget de Fryske oersetting fan it […]

Nije twatalige dichtbondel “Ynbêde / Ingebed” fan Tsead Bruinja

De ein fan in moai houlik, it begjin fan in nije leafde en tagelyk as Dichter des Vaderlands by fersoargingshuzen del om mei âlderen te praten oer harren bernetiid, wurk en relaasjes, wylst in goeie freon stoar en in bêste freondin slim siik waard, sa seagen Tsead syn ôfrûne jierren derút.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

‘Helden’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân, RIXT en literêr tydskrift ‘de Moanne‘.

It ‘fergetten wurd’ fan 17 maart is ‘griemmank’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer it wurd ‘griemmank’.

Tige slagge earste partnerbyienkomst WikiWomen yn Ljouwert

Yn it wykein fan 11 oant 13 maart 2022 hat de earste partnerbyienkomst fan it WikiWomen-projekt plakfûn yn Ljouwert. It wie foar de fjouwer dielnimmers út Baskelân en de trije út Ierlân harren earste besite oan Fryslân. Neist in delegaasje út dy twa lannen wiene ek de partners út Fryslân, Learning Hub Friesland, Fryske Akademy-Mercator […]

Is de kuolkastdoar wol ticht?

Superleuke posters mei dito teksten yn dito kleuren. Hielendal fergees foar dy fan Praat mar Frysk. Om op te hingjen yn dyn keamer, keuken, gong of húske. Of foar it rút. Yn de keet. Op dyn kantoar. Yn de karavan. De mancave. Boppe it sikehûsbêd. Op skoalle. Of hiel ergens oars. Om kado te dwaan, […]

Optrede foar de frede

Dichterskollektyf RIXT, kultureel opinyblêd De Moanne en Ljouwert City of Literature organisearje kommende snein 13 maart in kulturele manifestaasje foar de frede. De tagong is fergees mar donaasjes binne wolkom foar Giro555.

‘Stim fan Fryslân’ jout romte oan stim fan ynwenners: tink mei oer de takomst fan it Frysk

Ynwenners fan Fryslân wurde mear belutsen by wêr ‘t de oerheid mei dwaande is. Oft it no giet om de takomst fan it Frysk, de ynrjochting fan it lânskip of ideeën út de mienskip. It hjoed lansearre digitale platfoarm Stim fan Fryslân wol boarger en oerheid tichter byinoar bringe. Op woansdei 9 maart lansearre Kommissaris […]

Mear Frysk en mear froulju op Wikipedia troch Europeesk projekt

De Fryske ûnderwiisorganisaasje en útjouwerij Afûk, Learning Hub Friesland en it Mercator Europeesk Kennissintrum fan de Fryske Akademy hawwe in Europeeske subsydzje krigen foar it trijejierrich projekt ‘WikiWomen’. Yn gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân sette de Fryske kennispartners harren de kommende trije jier yn om Wikipedia yn Europeeske minderheidstalegebieten […]

It Hearrenfean jout Lêskoffer fan Berneboeke-ambassadeur kado oan alle basisskoallen yn de gemeente

Alle 30 basisskoallen yn de gemeente Heerenveen krije de Lêskoffer fergees besoarge, mei dêryn tsien Fryske berneboeken foar alle leeftiden. Wethâlder Hedwich Rinkes naam moandei 7 maart op Het Vogelnest op It Hearrenfean de earste Lêskoffer yn ûntfangst fan Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra. Oanslutend fersoarge de Berneboeke-ambassadeur in les yn ien fan de groepen op Het […]

Sneon 5 maart yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by […]

Nominaasjes Simke Kloostermanpriis 2022 bekend

Sjueryleden fan de Simke Kloostermanpriis 2022 Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg hawwe 40 Fryske berne- en jongereinboeken trochnommen dy’t skreaun binne yn de jierren 2019-2020-2021. Unôfhinklik fan elkoar kamen sy ta fierhinne deselde list mei favoriten. Sadwaande hat de sjuery yn grutte ienriedigens fiif boeken – wêrfan mar leafst fjouwer […]

Oprop! Skriuw in fers foar FeRstival

Al jierren docht FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, in berop op Fryske dichters. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Graach stelt Cedin, de organisator fan FeRstival, foar de edysje fan 2022 wer in FeRsefariaasje-bondel gear mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen […]

Fyfde etappe ‘Karavaan van de Vriendschap’ rydt troch gemeente Opsterlân

Freed 4 maart start de fyfde etappe fan de Karavaan van de Vriendschap yn Beetstersweach wêr’t boargemaster Ellen van Selm om 11.30 oere yn De Buorskip it ‘pact van de vriendschap’ ûndertekenje sil út namme fan de gemeente Opsterlân. Yn gearwurking mei dichter Froukje Reitsema wurdt it gedicht van de Vriendschap foardrûgen. Underweis wurde ferskate […]

ZEA en Tsead Bruinja tegearre op Skuorre- en Tsjerketoer troch Fryslân en Amsterdam

Muzikant Arnold de Boer – ZEA – en dichter Tsead Bruinja slaan de hannen ynien en meitsje dit foarjier tegearre in toer troch Fryslân en Amsterdam. Beide makkers presintearje nije ferskes en gedichten yn harren Skuorre- en Tsjerketoer.  ZEA spilet muzyk fan syn yn novimber útbrochte album Witst noch dat d’r neat wie en âld-Dichter […]

Dit is de Afûk boeketip 10 foar maart

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Lida Dykstra’s ‘Schaduw van Toet’ ek nominearre foar Woutertje Pieterse Prijs 2022

Alwer in nominaasje foar de Fryske berneboeke-skriuwster én Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra! Har boek ‘Schaduw van Toet’ is nominearre foar de Woutertje Pieterse Prijs 2022! De Woutertje Pieterse Prijs is in priis foar it bêste oarspronklike Nederlânsktalige berne- of jeugdboek en wurdt al sûnt 1988 útrikt. Op sneon 2 april wurd it winnende boek bekend makke.

Nominearren dr. Joast Halbertsmapriis bekend

De nominearren fan de dr. Joast Halbertsmapriis binne bekend. In ûnôfhinklike sjuery selektearre út mear as 200 wurken fiif kânshawwers foar dizze provinsjale priis. De sjuery draacht úteinlik in winner oan Deputearre Steaten foar. Op 9 maart wurdt de winner bekend makke.

Populêre taalspultsjes Wordle en Wurdian no ek yn it Frysk

Sûnt hjoed, moandei 21 febrewaris 2022 én Ynternasjonale dei fan de Memmetaal, binne de populêre wurdspultsjes Wordle en Wurdian ek offisjeel yn it Frysk te spyljen. Yn gearwurking mei de Afûk ûntwikkelen Jelle Besseling en Ronald van den Berg fan beide taalspultsjes in offisjele Fryske fariant.

It ‘fergetten wurd’ fan 17 febrewaris is ‘hottefylje’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer it wurd ‘hottefylje’.

Premjêre fiiftalige film op Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de Nederlânske premjêre fan de meartalige film Der Krug an der Wiedau/Æ kro ve æ Virå/ E krouf […]
Foto: Taalplan Frysk 2030

Nije websjop Taalplan Frysk 2030 fan hjoed ôf live foar al it Frysk lesmateriaal

Hjoed giet de nije websjop fan Taalplan Frysk 2030 live. Op www.websjop.taalplan.frl is fan no ôf al it materiaal foar it Frysk ûnderwiis beskikber: om it Frysk sichtber te meitsjen, it Frysk lêzen te befoarderjen, it fak Frysk stal te jaan of krekt it plak fan it Frysk by oare fakken te fersterkjen. Yn de […]

Workshop Frysk foar ynboargerers yn Achtkarspelen

Achtkarspelen is de earste Fryske gemeente dy’t har ynboargerers in workshop Frysk oanbiedt. Afûk, ROC Friesland College en de gemeente jouwe de workshop yn oparbeidzjen meielkoar. Wethâlder Margreet Jonker is bliid mei dy primeur: ‘In onze dorpen wordt veel Frysk gesproken. Voor de sociale integratie is het daarom goed dat inburgeraars ook hiermee kennismaken. We […]

Doch mei oan SjONG junior!

Taal- en keunstorganisaasjes yn Fryslân slane de hannen yn ien en sette fan 8 febrewaris ôf in kant en kleare Fryske muzykles foar basisskoallen klear. Wêrom? Om’t nei alle lockdowns it groepsproses oandacht nedich hat op skoalle. Boppedat hawwe sjongen, muzyk meitsjen en meartalichheid positive kognitive effekten. De muzykles wurdt fergees oanbean troch SjONG junior, […]

De Fryske oersetting fan Amanda Gorman is klear

Nei alle rombom oer it oersetten fan it ferneamde ynhuldigingsfers ‘The hill we climb’ fan Amanda Gorman ferskynt op sneon 12 febrewaris de twatalige bondel mei de Fryske oersetting fan Friduwih Riemersma en Michelle Samba.

Sneon 5 febrewaris yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by […]

3e printinge fan aktiviteitemap ‘Doch mear mei Tomke’ ferskynd

Hy is der wer: de ‘Doch mear mei Tomke’-aktiviteitemap! De aktiviteitemap is ornearre foar professionals dy’t wurksum binne yn de berneopfang of op pjutteboartersplakken en jout suggestjes foar aktiviteiten om op in ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan ’e slach te gean. Handich dêrby is dat de tema’s en aktiviteiten oanslute by […]

Oprop: 100 paradyslike tunen socht foar fertellen ferhalen ‘Utsteld gelok’

Ljouwert UNESCO City of Literature siket 100 paradyslike tunen yn hiel Fryslân foar it projekt ‘Utsteld gelok’. Yn de tunen wolle sy yn de 100 dagen fan it kulturele programma Arcadia, fan 7 maaie oant 14 augustus 2022, alle dagen ien fan harren 100 nije koarte ferhalen fertelle oan it publyk. Faaks kin dat yn […]

Opnij subsydzje beskikber foar Frysk ûnderwiis

Ek dit jier is der wer subsydzje beskikber foar it fuortsterkjen fan it Frysktalich ûnderwiis. Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 14 febrewaris ôf in subsydzje oanfreegje. Der is û.o. subsydzje beskikber foar it oplieden fan dosinten, it oanskaffen fan ekstra lesmateriaal en it frijroasterjen fan ûnderwiispersoniel foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. De […]

Memmetaalsprekkers fan it Frysk socht!

De kollega’s fan de Fryske Akademy sykje memmetaalsprekkers fan it Frysk dy’t meidwaan wolle oan in koart ynterview yn it Frysk en it Nederlânsk. Dêrby wurdt spraak sammele foar in ûndersyk nei de werkenning fan aksinten.

Dit is de Afûk boeketip 10 foar febrewaris

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Nasjonale Foarlêsdagen: helje dyn fergees Tomkeboekje by de byb

Fan 26 jannewaris o/m 5 febrewaris binne it ‘de Nationale Voorleesdagen’. Dy dagen ha as doel om it foarlêzen oan bern dy’t sels noch net lêze kinne, te befoarderjen. Foarlêzen stimulearret de (taal-)ûntwikkeling fan bern en it prikelet de fantasij. En it is ek nochris hiel gesellich!

Oprop foar de Skriuwersarke

Takom simmer sil de arke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001), wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en […]

Wurdian, een nij wurdspultsje, ek yn it Frysk

Ronald van den Berg (42) spile jierrenlang Wordfeud mar steurde him oan it gebrek oan updates en ferbetterings fan de wrâldferneamde Scrabble-app. Dêrom ûntwurp hy in eigen, bettere én opfallend útwreide fariant: Wurdian.

Oanpaste subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân iepen

Wa’t in Frysktalich boek of toanielstik skriuwe wol of oan in Fryske oersetting wurkje sil kin fan 19 jannewaris ôf wer terjochte by de subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân. De regeling ferlient ek stipe oan organisatoaren fan sporteveneminten. Ek promoasje yn it bûtenlân en oersettingen nei in Fryske streektaal kinne rekkenje op subsydzje.

It ‘fergetten wurd’ fan 20 jannewaris is ‘oates en toates’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei‘ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer de útdrukking ‘oates en toates’.

Keimpe & Tomke – Wolkom op ús skoalle!

De oergong fan pjutteboartersplak nei basisskoalle is in grutte en spannende stap foar fjouwerjierrigen. Dêrom ûntwikkele it team ûnderwiis fan de Afûk in saneamd ‘oergongsboekje’: Keimpe & Tomke – Wolkom by ús op skoalle! It kin troch basisskoallen as kadootsje meijûn wurde oan bern dy’t foar it earst op skoalle komme. It boekje is in […]

Berneboek fan Lida Dykstra op shortlist foar literatuerpriis ‘de Boon’

De Fryske berneboeke-skriuwster én Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra stiet mei har boek ‘Schaduw van Toet’ op de shortlist foar de Boon yn de kategory berne- en jeugdliteratuer! De Boon is in nije én direkt ek de grutste Flaamske literatuerpriis dy’t 24 maart foar de earste kear útrikt wurde sil.

Nasjonale Boekewike moanne útsteld

De ‘Boekenweek’ 2022 wurdt mei in moanne útsteld fanwege de hjoeddeistige koroanaregels. “De Boekenweek is pas echt een feest voor de lezer als de boekhandel en bibliotheek weer volledig open zijn en op volle sterkte”, meldt Stichting Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek.

Us boekwinkel is wer iepen!

Goed nijs foar ûnder oaren de boekwinkels yn de koroana-parsekonferinsje fan freed 14 jannewaris! Fan sneon 15 jannewaris ôf ferwolkomje wy dy graach wer yn ús winkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert!

Koroanamaatregels en de Afûk

De lanlike maatregels om it koroanafirus hinne hawwe ek konsekwinsjes foar it wurk fan de Afûk. Lês hjir wat dat mooglik foar jo betsjut.

De Foarlêsgids: de moaiste Fryske boeken, apps en foarlêstips

Der is wer in nije Foarlêsgids. Yn dit gidske fynst de moaiste Fryske boeken en apps, geskikt foar bern fan 0 oant 12 jier en handige tips en ‘weetjes’ oer foarlêzen. It gidske is op papier te krijen mar ek digitaal beskikber.

Sneon 8 jannewaris 2022 yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by […]

Fjirde etappe ‘Karavaan van de Vriendschap’ rydt troch gemeente Smellingerlân

Op freed 7 jannewaris 2022 start de fjirde etappe fan de ‘Karavaan van de Vriendschap’ en rydt dan troch de gemeente Smellingerlân. Inisjatyfnimmer Simon Vuyk wol hiel Fryslân in besite bringe mei syn bakfyts. Hy fytst mei ûnder oaren trûbadoer Bruno Rummler en dûnseressen Colinda Zandberg en Annalies Muurling elke earste freed fan de moanne […]

Dit is de Afûk boeketip 10 foar jannewaris

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

‘Klútsjes’ hjit it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. It is hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, op de webside fan Omrop Fryslân en yn de spesjale bylage fan de Leeuwarder Courant oer ‘ferbining’.

It ‘fergetten wurd’ fan 23 desimber is ‘krôkje’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei‘ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer it wurd ‘krôkje’.

Lida Dykstra nominearre foar Flaamske literatuerpriis

De Fryske berneboeke-skriuwster én Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra stiet mei har boek ‘Schaduw van Toet’ op de longlist foar de Boon, in nije Flaamske literatuerpriis dy’t yn 2021 it ljocht seach. De priis bestiet út twa kategoryen: de Boon foar fiksje en non-fiksje en de Boon foar berne- en jeugdliteratuer en wurdt begjin takom jier foar […]

Frysk lêsbefoarderingsprojekt ‘LêsNo’ as ‘LeesWaar’ troch hiel Nederlân beskikber

‘LeesWaar’ is in nij transmediaal lêsbefoarderingsprogramma dat jongerein yn it earste skoaljier fan it fuortset ûnderwiis stimulearret om in boek te lêzen en sa it plezier fan lêzen te fergrutsjen. Nei seis suksesfolle edysjes yn Fryslân (mei rom 4.000 dielnimmende learlingen yn 2021) is it programma no ek foar earsteklassers yn de rest fan Nederlân […]

Fryske mbû’s sette skouders ûnder it Frysk

De Fryske mbû-ynstellingen Aeres, ROC Friesland College en ROC Friese Poort sette yn ’e mande mei de Afûk en provinsje Fryslân de skouders ûnder it Frysk. Alle partijen sille sa mei-inoar it plak fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis fersterkje. De partijen hawwe de ambysjes en de dêrby hearrende doelen en wurksumheden fêstlein as ûnderdiel […]

Ensafh organisearret Grutte Gedichtejûn

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It barren sil ditkear wer op lokaasje plakhawwe, nammentlik op 4 febrewaris 2022 om 19.30 oere yn ’e IJsherberg yn Dokkum. De redaksje ropt alle alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om harren op te jaan om op dy jûn in gedicht foar […]

Provinsjale fakseksje Frysk ropt Grutte Fryske Wurkstikpriis yn it libben

De beropsferiening foar dosinten Frysk yn it fuortset, berops- en heger ûnderwiis hat de ‘Grutte Fryske Wurkstikpriis’ yn it libben roppen. Learlingen en studinten dy’t in (ein)wurkstik yn it Frysk of oer it Frysk en Fryslân meitsje, kinne mei dat wurkstik in jildbedrach fan 200 of 100 euro winne.

Noflike lêsdagen mei ús aksje Doch in boek kado!

Bûten is it kâld en tsjuster mar yn ‘e hûs is it waarm en smûk. Us advys: begraaf dy lekker mei in steapel boeken op de bank want dit binne de noflikste lêsdagen fan it jier! Yn ús boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert en/of yn ús websjop fynst in hieieiel soad boeken […]

It ‘fergetten wurd’ fan 2 desimber is ‘heisterje’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei‘ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer it wurd ‘heisterje’.

Dit is de Afûk boeketip 10 foar desimber

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Podcast tip: Wy & Dy – oer identiteit en Fryslân

De podcast ‘FryslânDOK, ferhalen fan it flakke lân’ hat in nije rige: Wy & Dy. De jonge histoarikus Hielke van Duuren praat mei minsken dy’t in bysûndere bân mei Fryslân hawwe. Wy & Dy giet oer identiteit. Wat spilet dêrby in rol?

Literêre jûn Boeken fan Fryslân mei Ilja Leonard Pfeijffer – Save the date!

Op sneon 16 april, de twadde sneon fan de Nationale Boekenweek 2022, organisearret Boeken fan Fryslân in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2022: Ilja Leonard Pfeijffer. Lykas foargeande jierren ferkskynt yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân ek wer in Fryske edysje fan it Boekenweekgeschenk. Tidens dizze jûn wurde sawol de skriuwer […]

Wurdsto ús nije projektmeiwurker ûnderwiis?

Wy binne op syk nei in projektmeiwurker ûnderwiis foar 24 oeren wyks. In ôfwikseljende baan yn in dynamyske organisaasje en − al sizze wy it sels − yn in superleuk team! Wat foar dy?
Doch in boek kado-sint

Doch in boek kado

Sinteklaas is wer yn it lân! In tiid fan kadootsjes betinken en kadootsjes keapjen stiet wer foar de doar. Ferras dyn leafsten ris mei in moai Frysk boek! Want: Wa’t leaf is, krijt letters! Foar de aksje ‘Doch in boek kado!’ hat de Afûk de aldermoaiste Fryske boeken foar dy op in rychje setten. Foar […]

Der is wer in nije heit&mem!

In moai nij hjerst/winternûmer is fan de parse rôle. Yn it blêd fynst dit kear û.o. artikels oer iten foar skoalbern, gearstalde húshâldings, boerdspultsjes, oer hoe’st dyn relaasje goed hâldst, oer selsbetrouwen by bern en noch folle mear. Heit&mem is it tydskrift foar âlders foar bern fan 0-12 jier, yn it Frysk en it Nederlânsk […]

Sigrid Kingma is de nije Dichter fan Fryslân

Sigrid Kingma (Drachten, 1989) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Sietske Poepjes beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Sigrid Kingma folget dêrmei Nyk de Vries op dy’t hjoed mei de presintaasje fan in nije dichtbondel ôfskied naam fan syn funksje as Dichter fan Fryslân.

Skriuwsto it moaiste Fryske Sinteklaasgedicht?

De Fryske Akademy en de Provinsje Fryslân organisearje in Sinteklaasgedichtewedstriid foar jong en âld mei prizen yn ferskate leeftiidskategoryen. De ynstjoeringen moatte foar 1 desimber o.s. binnen wêze en wurde beoardiele troch in deskundige sjuery.

Foar dy: moaie wurden fan Praat mar Frysk

Praat mar Frysk hat wat nijs! Moaie wurden. Foar dysels, in oar, foar dyn leafste, om stikem by ien yn ‘e jas te triuwen, om ien in hert ûnder de riem te stekken, om fuort te jaan oan mei wa’sto mar in moai wurd diele wolst.

Lêste poëzijfideo Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, yn premjêre op Omrop Fryslân

Op snein 7 novimber gie de lêste poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, yn premjêre op Omrop Fryslân TV. Dizze nijste en lêste poëzijfideo is in ferfilming fan it gedicht ‘Unwis’.

Strjittepoëzij yn Ljouwert

De lansearring fan de nije webside fan de Stichting Poëzieroute Leeuwarden wie freed 5 novimber 2021 de oanlieding foar in programma oer strjitpoëzy, mei sprekker Kila van der Starre. Yn de Fryske haadstêd leit de grutste poëzyrûte fan Nederlân. Dizze rûte is no ek tagonklik foar minsken mei in beheining.

15e edysje ‘Jou in bern in boek’ yn Noardeast-Fryslân

Jierliks krije alle bern fan groep 5 yn gemeente Noardeast-Fryslân in Frysk boek kado fan gemeente Noardeast-Fryslân en de Bibliotheek Noord Fryslân. Dit jier is it de 15e edysje fan Jou in bern in boek. Op 5 novimber rikte wethâlder Fedde Breeuwsma it earste boek fan de 15e edysje út yn Hallum.

Nij ferskynd! ‘Hero’, in jeugdboek mei in Frysk hynder yn de haadrol

Yn 2003 publisearre Orca Books Publishers in Ingelsktalich jeugdboek mei de titel ‘Hero’. Skriuwster Martha Attema, yn Fryslân berne en nei Canada emigrearre, giet oer de belibbenissen fan Izaak en syn favorite hynst Hero yn WOII. It boek is basearre op it wierbarde ferhaal fan de hynst Held 140 en is no yn in Fryske […]

Sneon 6 novimber 2021 yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Takom sneon binne we der wer!

Nije website foar Boeken fan Fryslân

Boeken fan Fryslân is dé organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek. Dat dogge wy troch it opsetten fan kampanjes, it organisearjen fan gearwurkingsaktiviteiten en mei projekten lykas de Berneboeke-ambassadeur, de Sutelaksje en Dichter fan Fryslân. Sjoch foar de […]

Wa is de nije Dichter fan Fryslân?

Op freed 12 novimber wurdt tidens it Explore the North festival yn Ljouwert de nije Dichter fan Fryslân bekend makke. Tagelyk wurdt ôfskie nommen fan Nyk de Vries dy’t de ôfrûne twa jier it amt fan Dichter fan Fryslân ferfolle hat. De Dichter fan Fryslân wurdt ien kear yn de twa jier beneamd troch Deputearre […]

It ‘fergetten wurd’ fan 28 oktober

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra. Tongersdei 28 oktober gie it oer it wurd ‘rimpen’.

Twa Fryske foardrachten foar de IBBY Honour List 2022

De boeken Silke & Miss Dee (útjouwerij Afûk 2020) skreaun troch Baukje Wytsma fan Reduzum en De bruorren Liuwehert (Utjouwerij Regaad 2019) fan Astrid Lindgren, oerset troch Rymke Zijlstra fan Oentsjerk, binne foardroegen foar de IBBY Honour List 2022. Dy Honour List fan de IBBY (International Board on Books for Young People) is in ynternasjonale, […]

Rôze Sneon

Sneon 16 oktober is it Rôze Sneon. Dat wurdt dit jier fiert yn Ljouwert mei in machtich moai kleurryk en wiidweidich programma. Ek yn de literatuer is der op allerhanne wizen omtinken foar de LHBTY+ tematyk en dêrom ferskynt net hielendal tafallich dizze sneontemiddei de blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan, Literatuer fan Fryslân troch […]

Ferdinand de Jong skriuwt Frysk Kadoboek 2022

Skriuwer Ferdinand de Jong (Oranjewâld, 1969) skriuwt it Frysk Kadoboek 2022. Yn 2010 ferskynde fan him syn earste roman ‘Guozzeflecht’. Twa jier letter krige hy de Rink van der Velde priis foar syn roman ‘It dak fan ’e wrâld’. Syn lêste roman ‘De tredde perioade’ (2018) is ek yn it Nederlânsk ferskynd.

‘Sipke vindt een kievitsei/Sipke fynt in ljipaai’ opnommen yn seleksje White Ravens 2021

‘Sipke vindt een kievitsei/Sipke fynt in ljipaai’ fan Lida Dykstra is opnommen yn de seleksje fan de White Ravens 2021 en dêrmei ek foar de katalogus dy’t dêrby heart. In prachtige opstekker foar de auteur dy’t okkerdeis noch foar in jier ekstra beneamd is ta Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân.

‘Call me by your name’ is it lêste gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân

‘Call Me by Your Name’, is alwer it lêste gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. Diskear spesjaal yn it teken fan Roze Zaterdag no sneon 16 oktober yn Ljouwert. It gedicht is hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

It neidiel fan ’e twivel is de twadde jeugdroman fan I.E. Bloem

By útjouwerij Afûk is in nij boek ferskynd fan de hân fan fan I.E. Bloem. It neidiel fan ’e twivel is in spannende  en aktuele jeugdroman dy’t him ôfspilet yn Italië oan it begjin fan de koroana-pandemy. It is it twadde jeugdboek fan dizze auteur dy’t in flot en tagonglik ‘coming-of-age’-ferhaal skreaun hat.

It ‘fergetten wurd’ fan 7 oktober

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Tongersdei 7 oktober gie it oer it wurd ‘krebintich’.

Lida Dykstra in jier langer Berneboeke-ambassadeur

Berneboekeskriuwer Lida Dykstra sil ek yn 2022 Berneboeke-ambassadeur wêze. Omreden fan it útfallen fan skoalbesites en oare aktiviteiten yn it ôfrûne koroanajier is yn oerlis mei Boeken fan Fryslân besletten dat Lida Dykstra har wurk as Berneboeke-ambassadeur in jier langer fuortsette kin.

Dichterskollektyf RIXT komt mei it Literêr Sirkwy

Frysk Dichterskollektyf RIXT bringt It Literêr Sirkwy werom mei in nije rige literêre jûnen yn 2021-2022. Poëzy en muzyk binne de fêste yngrediïnten, lykas in iepen poadium nei it skoft. Sneontejûn 9 oktober is de ôftraap mei it earste Literêr Sirkwy yn kafee Marktzicht yn Drachten.

Premjêre nije poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Lok’

Juster gie op Omrop Fryslân TV de sechde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. Dizze sechde poëzijfilm is in ferfilming fan it gedicht ‘Lok’, oer de kânseûngelikens yn it ûnderwiis.

Nij ferskynd! a is fan aapke / a is een aapje

By útjouwerij Afûk is ferskynd a is fan aapke in grappich en ûndogens bist / a is een aapje in vliegende vaart. A is fan aapke is in biste-alfabet mei teksten op rym geskikt foar bern fan 4 jier ôf. It is in saneamd omkearboekje mei oan de iene kant de Fryske teksten en fan […]

Gysbert Japicxpriis 2021 foar Eeltsje Hettinga

De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’. De priis wurdt op 6 novimber útrikt, as ôfsluter fan in wike mei literêre aktiviteiten. De advyskommisje skriuwt yn it rapport: ‘Dizze dichter fynt himsels hast by alle gedichten opnij út, sa’t er dat […]

Sneon 2 oktober 2021 yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Takom sneon binne we der wer! Dizze kear wurdt de side alhiel folle troch ‘Boeken fan Fryslân’ mei […]

Dit is de Afûk boeketip 10 foar oktober

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Stap op de Rode Loper: it nasjonale taal- en lêsprojekt foar vmbo’ers

Stap op de Rode Loper! is ít jierliks weromkommende nasjonale taal- en lêsprojekt foar vmbo’ers yn de boppebou. Hjoed hawwe de learlingen de bêste ‘young adult’ skriuwers moete en diene se mei oan stimulearjende taalworkshops en ynteraktive teaterfoarstellings. Yn it programma wie ek omtinken foar de Fryske taal en ydentiteit.

Tredde Musical Master Gysbert giet los!

Nei it grutte sukses yn 2016 fan Musical Master Gysbert I ‘Inkele reis Sabeare’ en de twadde Musical Master Gysbert ‘De Pompeblêdspion’ yn 2018, giet moarn, 28 septimber 2021, Musical Master Gysbert III ‘Master hat leaver leaf’ yn premjêre.

Altyd wat! Lês of harkje op 1 oktober nei it Nasjonale Foarlêslunchferhaal

It Nasjonale Foarlêslunchferhaal is dit jier skreaun troch Mensje van Keulen, mei as titel ‘Altijd wat’. De skriuwster lêst it ferhaal op freed 1 oktober 2021, Nasjonale Aldereindei, sels foar by Omrop MAX op NPO1. Ek op in soad oare plakken wurdt it ferhaal foarlêzen oan âlderen, ûnder oaren yn soarchynstellingen en biblioteken. Ek yn […]

Fan 26 septimber ôf beskikber: de oersetter-app

Hast foar it skriuwen fan in Frysk berjocht(sje) of tekst (wat) help nedich? Wolst in Nederlânsktalige tekst oersette yn it Frysk of oarsom? Dan wurdt de nije oersetter-app dyn grutte freon! Fan 26 septimber 2021 ôf te krijen dyn app-store!

De Sutelaksjes binne wer los: it Fryske boek hûs oan hûs!

Keatsferiening De Helfrichs yn Kimswert en streekharmony Concordia yn Balk hienen de primeur. Dêr gienen de earste twa fan in rige fan seis Sutelaksjes yn septimber en oktober fan start. Fiifentweintich kroaden mei Fryske boeken gienen hûs oan hûs by de doarren lâns om it Fryske boek út te suteljen. De opbringst yn beide doarpen […]

Tomke jierdeifeestje: in slagge feest foar lyts en grut

Tomke bestiet dit jier 25 jier. Alle reden foar in feestje. Likernôch 250 entûsjaste pjutten en harren begelieders wiene dêrom sneon 18 septimber op Tomke’s jierdeifeestje fan ’e partij op it prachtige hiem fan paviljoen MeM yn Bûtenpost. Om safolle mooglik lytse fans de gelegenheid te jaan om Tomke te lokwinskjen, waard it feest oerdei […]

Fryske Foarlêswike Selskip fan moandei 27 septimber o/m freed 1 oktober

Yn de lêste wike fan septimber geane wer goed 600 foarlêzers op ’en paad om rûnom yn ’e provinsje foar te lêzen oan goed 12.500 pjutten. De foarlêzers nimme mei-inoar sa’n 20.000 nije Tomkeboekjes mei, dat de pjutten nei it foarlêzen op de pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by de gastâlders mei nei hûs krije. De Fryske […]

Lit dyn stim hearre foar it Frysk!

Apps op de tillefoan binne hieltyd faker oan te stjoeren mei spraak. Dat kin faak yn it Ingelsk of Nederlânsk mar noch net yn it Frysk. Wat soe it moai wêze dat dyn telefoan ek Frysk ferstiet en prate kin! Takomstmuzyk? Der wurdt al oan wurke en wy hawwe dyn stipe derby nedich!

Berber Spliethoff wint ferhalewedstriid BoekfeestBoek

Freed 10 septimber wie it BoekfeestBoek, in jûn foar en mei lêzers én skriuwers, yn paviljoen MeM yn Bûtenpost. Goed 50 minsken kamen op it feest ôf dat it tema ‘los’ meikrigen hie, want sûnt lange tiid ien fan de earste literêre aktiviteiten. De ferhalewedstriid dy’t troch Boeken fan Fryslân oan it feest keppele wie, […]

Literêre optredens yn oktober én novimber

Boeken fan Fryslân organisearret yn oktober en novimber sechtjin literêre optredens mei fjouwer skriuwersduo’s. Elske Schotanus & Hein Jaap Hilarides, Geart Tigchelaar & Elmar Kuiper, Hilda Talsma & Emiel Stoffers fan ‘De Hûnekop’ en Sjoerd Bottema & Jaap Louwes hawwe spesjaal foar dizze gelegenheid in eigen programma gearstald. Foardrachten út harren wurk en ynterviews oer […]

Karavaan van de Vriendschap reizget hiel Fryslân troch

Mei yngong fan 10 septimber is de Karavaan van de Vriendschap wer ‘on tour’. Nei yn 2020 alle stedswiken en doarpen fan de gemeente Ljouwert oandien te hawwen, wol Simon Vuyk, inisjatyfnimmer fan de Karavaan, fan no ôf de rest fan Fryslân op syn bakfyts in besite bringe. Hy fytst mei û.o. trûbadoer Bruno Rummler […]

Kening & Kening: win in auteursbesite foar dyn klasse

Yn oansluting op it tema fan de Kinderboekenweek/Berneboekewike 2021 ‘Worden wat je wil / Wurde watst wolst’ en yn it ramt fan Roze Zaterdag/Rôze Sneon ‘Kunnen zijn wie je bent / Wêze kinne wa’st bist’ is der in winaksje foar in auteursbesite fan Stern Nijland & Linda de Haan, de makkers fan it printeboek Kening […]

It ‘fergetten wurd’ fan 2 septimber

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Tongersdei 2 septimber gie it oer it wurd ‘tsiere’.

400.000 euro subsydzje beskikber foar Frysk ûnderwiis

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 13 septimber ôf wer in subsydzje oanfreegje foar it fersterkjen fan it Frysktalige ûnderwiis. Mei de regeling Frysk foar no en letter wol de provinsje Fryslân skoallen stypje by it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. Skoallen út alle ûnderwiissektoaren kinne in oanfraach dwaan. Der is û.o. subsydzje […]

Sneon 4 septimber 2021 yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Takom sneon binne we der wer!

Nije lokaasjefoarstelling Kneppelfreed: in teätraal proses oer de Fryske identiteit

Net allinne Fedde Schurer stie terjochte op 16 novimber 1951, mar ek de Fryske identiteit. In proses oer de posysje fan it Frysk yn de rjochtseal dat útrûn op in histoaryske oproer. Santich jier letter is Kneppelfreed oanlieding foar in bysûndere foarstelling.

Dit is de Afûk boeketip 10 foar septimber

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Kursussen Frysk fan de Afûk sette wer útein

Koroana sette it ôfrûne kursusjier ek in dikke streek troch de plande kursussen Frysk fan de Afûk. Gewoanwei ferwolkommet de organisaasje rûchwei 1000 kursisten jiers. It grutste part dêrfan folget ien fan de groepskursussen dy’t op ferskate lokaasjes troch de hiele provinsje hinne organisearre wurde. Dat wie it ôfrûne jier net of mar beheind mooglik. […]

Natoer-Lêskoffers foar alle basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân

Op basisskoalle ‘De Bining’ yn Westergeast waard hjoed de earste fan 47 natoer-Lêskoffers oan de skoalle oerlange troch Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra en Jan Tiede Bouma fan natoeredukaasjesintrum De Klyster. Dizze wike krije mar leafst 47 basisskoallen yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân de spesjale natoer-Lêskoffer oanbean. Dêrneist bringt de Berneboeke-ambassadeur de kommende moannen in besite […]

Feestlike ôftraap kultuerseizoen Ljouwert: fergees kultuersnuve mei ‘Uit in Huis’

Op snein 5 septimber smite mear as 27 musea, teaters, poadia, ateliers en oare kulturele ynstellings harren doarren wiid iepen foar de ôftraap fan it kultuerseizoen 2021. Genietsje fan 13.00 oere oant 17.00 oere fan tentoanstellings, foarpriuwkes fan it teateroanbod, fergese workshops en folle mear. Ek by de Afûk oan de Boterhoek bist fan herte […]

Fluitsjend troch Fryslân mei it Cohda Kwartet en de Dichter fan Fryslân

De Alvestêdetocht is al troch in soad minsken ôflein: op redens, op ‘e fyts, swimmend, mar noch nea earder fluitsjend.  En dat is no krekt wat de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries en de fjouwer blokfluitisten fan it Cohda Kwartet dwaan sille. Yn it wykein van 28 en 29 augustus bringe Nyk de Vries […]

Sneon 7 augustus 2021 yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Takom sneon binne we der wer!

Komsto ek op Tomkes jierdeifeestje?

Tomke is jierdei en dêrom jout hy sneon 18 septimber in feestje op it hiem fan de Muzykpleats yn Bûtenpost. In feestje mei taartsjes, ferhaaltsjes, muzyk en sjongen, spultsjes en in superleuke speurtocht. Tomke soe it geweldich fine asto komst!

Ljouwert City of Literature siket ferhalen oer skientme

Foar it projekt ‘Utsteld lok’ siket Ljouwert UNESCO City of Literature hûndert ferhalen, wêrfan’t in tredde part út Fryslân komt. Oant 17 septimber hawwe skriuwers út Fryslân de kâns harren ferhaal oer skientme yn te stjoeren.

Foar de fans: it bûsboekje 2022 leit yn de winkel!

It nije Fryske bûsboekje (2022), dé Fryske aginda, leit yn ‘e winkel! It tema foar dit jier is ‘diel de romte’. De redaksje keas dat tema mei in knypeach nei de oardel meter (koroana), mar ek mei it each op it Fryske plattelân dêr’t wy sunich op wêze moatte soene. It earste eksimplaar waard okkerdeis […]

Gean ‘los’ mei it BoekfeestBoek

Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it BoekfeestBoek dat op freed 10 septimber yn Paviljoen MeM yn Bûtenpost holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan 750-1000 wurden te skriuwen yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen. It tema foar it […]

Dit is de Afûk boeketip 10 foar augustus

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Afûk sammelet ferhalen Karavaan van de Vriendschap

Op 30 july wurdt de ynternasjonale Dei fan de Freonskip fiert. Dy dei is dêrom de ideale start foar it ferfolch fan de Karavaan van de Vriendschap. De Karavaan bringt gesellichheid op iepenbiere lokaasjes mei muzyk en oandacht foar de ferhalen fan inoar. De ferhalen sille no troch de Afûk sammele, bondele en publisearre wurde […]

CBS: Leeftiid hat gjin ynfloed op it gebrûk fan de Fryske taal

Leeftiid liket gjin ynfloed te hawwen op it gebrûk fan it Frysk, de jongerein bliuwt Frysk praten. Dat is ien fan de útkomsten fan it ûndersyk fan it CBS, dêr’t minsken yn frege is hokfoar taal oft sy thús it meast prate.

Toarnbeisykje mei Tomke: spesjale útjefte foar jubilearjend Brommels!

Tomke tusken de toarnbeien! Dat is de namme fan in spesjale edysje fan it magazine Tomke, dy’t moandei útbrocht wurdt. Yn de bysûndere útjefte belibbet it lytse mantje mei Romke aventueren op it wâldfestival Brommels!. It is in gearwurking tusken Commissie Brommels!, feriening Noardlike Fryske Wâlden en Afûk. It spesjale Tomkeboekje fergees yn de Afûk-winkel […]

‘Noas tsjin ‘t glês’ is de nije dichtbondel fan Edwin de Groot

By de Afûk is ferskynd de nije dichtbondel Noas tsjin ’t glês fan Edwin de Groot (1963, It Hearrenfean). Yn Noas tsjin ’t glês sjocht de dichter: nei bûten, nei binnen, nei himsels en somtiden sjocht hy ek neat. De bondel set útein mei it gedicht ‘Oanreitsje’.

Premjêre poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Hoefolle wurden’

Juster gie op Omrop Fryslân TV de fyfde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De fyfde poëzijfilm is in ferfilming fan it gedicht ‘Maitiid’.

Leeuwarden City of Literature presintearret it lêsmagazine LETTER

Hjoed ferskynt it magazine LETTER, lêze foar de takomst, as lêsbylage by de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad. It magazine is in útjefte fan Ljouwert City of Literature. Ynspirearre troch de Sustainable Development Goals (SDGs), dy’t sy as UNESCO-organisaasje omearmje, is keazen foar tema’s dy’t passe by Fryslân en by de Friezen: minsken dy’t […]

It ‘fergetten wurd’ fan 8 july

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Tongersdei 8 july gie it oer it wurd ‘Halje-trawalje’.

Keimpe de krokodil giet op reis

As it foarútsjoch kloppet, sille der hieltyd mear besikers út eigen provinsje en fan dêrbûten in besite bringe oan de hoareka yn Fryslân. Dat is in moai momint om de gasten yn de kunde komme litte mei it Frysk en it rike taalferskaat fan Fryslân. Dêrom yntrodusearre de Afûk hjoed by Restaurant & Partycentrum De […]

Syktocht nei nije dichter fan Fryslân fan start

Wa wint de Joast Halbertsmapriis en wa wurdt de nije dichter fan Fryslân? Ein dit jier wurdt bekend makke wa’t yn de fuotleasten fan Nyk de Vries giet, de hjoeddeistige dichter fan Fryslân. Deputearre Steaten hawwe in advyskommisje frege om mei in foardracht te kommen. Dêryn sitte Cilla Geurtsen, Annemary Lindeboom en Tsead Bruinja.

Nij boekje oer Sipke pipermûs útrikt oan keatsende Sipke’s

Freed 2 july is by de keatsfinale fan de hearen haadklasse by Keatsferiening ‘De Pompeblêdden’ op it Hearrenfean it twatalige Gouden Boekje: Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild presintearre. Skriuwster en berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra rikte tegearre mei topkeatser Tjisse Steenstra de earste eksimplaren út oan mar leafst fjouwer keatsende Sipke’s. Twa grutte […]

Wjerspegelje-projekt kompleet: gedichten op mear as 200 lokaasjes yn Fryslân

Hannen waskje? Gedicht lêze! Sûnt corona waskje we de hannen better as ea. Hoe noflik is it dan om yn dy tweintich sekonden in moai Frysk gedicht te lêzen? Dat kin mei ‘Wjerspegelje’, in projekt fan Ljouwert UNESCO City of Literature en Merk Fryslân.

In hiel soad nije boeken by de Afûk

By útjouwerij Afûk binne in hiel soad moaie nije boeken ferskynd! Prachtich nij wurk mar ek werprintingen fan populêre printeboeken. Hjirûnder hawwe wy alle nij ferskynde titels foar dy op in rychje setten.

Ljouwerter projekt Indiveo wint Taalunie ZorgVoorZorgPrijs

Indiveo út Ljouwert hat de earste Taalunie ZorgVoorZorgPrijs wûn. Indiveo ‘ferpakt’ medyske ynformaasje yn begryplike byldferhalen, saneamde Divi’s: animaasjefilmkes dy’t pasjinten ynformearje oer in oankommend ûndersyk, syktebylden en behannelingen. Yn gearwurking mei provinsje Fryslân en it projekt ‘Taal yn ‘e soarch’ fan de Afûk binne in diel fan de Divi’s ek yn it Frysk beskikber.

Sneon 3 july 2021 yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Takom sneon binne we der wer!

Superleuke nije GIF’s yn de Praat mar Frysk-app

De Praat mar Frysk-app is in wurdboek en in freone-app yn ien! Geandewei it jier wurdt de app geregeld oanfold mei nije funksjes en mooglikheden. Sa binne der no wer in hiel soad leuke nije GIF’s oan taheakke!

Dit is de Afûk boeketip 10 foar july

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Earste skoallen oan ‘e slach mei ferbetterjen Fryske les

De subsydzjeregeling ’Frysk foar no en letter’ hie in foarsichtige start. Yn de earste omloop dienen 39 skoallen in oanfraach om it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen. Dêrtroch is der minder subsydzje oanfrege dan der beskikber wie. Ien fan de redenen dy’t skoallen neame is dat se troch de koroanamaatregels gjin tiid hienen foar de subsydzje-oanfraach. […]

Rubinstein, Afûk en KNKB presintearje 4e Gouden Boekje oer Sipke

Op freed 2 july presintearje de Afûk en Rubinstein yn gearwurking mei it Keninklik Nederlânsk Keatsbûn it Gouden Boekje: Sipke op het kaatsveld / Sipke op het keatsfjild. Topkeatser Tjisse Steenstra en auteur Lida Dijkstra jouwe it boekje dan kado oan trije jonge keatsende Sipke’s, foarôfgeand oan de finale fan de hearen haadklasse by keatsferiening “De Pompeblêdden” […]

Nij printeboek fan Mirjam van Houten

Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe … By beppe útfanhûs is in prachtich nij printeboek, skreaun én yllustrearre troch Mirjam van Houten. Noflik yn har eigen […]

Keatsende Sipke’s socht!

Kinsto of bisto in Sipke dy’t keatst? Dan sykje wy dy! Op 2 july komt it 4e Gouden Boekje ‘Sipke op het kaatsveld / Sipke op it keatsfjild’ út. Topkeatser Tsjisse Steenstra sil teagearre mei skriuwster Lida Dykstra it 4e Gouden Boekje útrikke oan trije jeugdkeatsers mei de namme Sipke by de finales fan de earste […]

Fryske MBÛ’s krije jild foar Frysk ûnderwiis

Der is goed nijs foar de MBÛ-skoallen yn Fryslân. De kommende trije jier stelt it ministearje fan OCW alle jierren 100.000,- euro foar Frysk ûnderwiis beskikber. It jild kinne skoallen brûke om lesmateriaal oan te tugen. De provinsje Fryslân ferdielt it jild oer de MBÛ-skoallen.

Der is wer in nije heit&mem

Hawwe jim de nije heit&mem al sjoen? It tydskrift foar âlders foar bern fan 0-12 jier, yn it Frysk en it Nederlânsk, is ynkoarten wer rûnom yn de provinsje te krijen. Hielendal fergees! Yn it blêd lêst dit kear oer ûnder oaren oer bern yn it ferkear, hormoanen, oer leave omkes en tantes, oer bern […]

Studinten fan ROC Friesland College sette basisskoalle op slot

Oan de ein fan in yntinsive perioade sette 13 mbû-studinten fan ROC Friesland College de ôfrûne dagen OBS Ekke de Haan yn Hearrenfean op de kop. Oan de hân fan it spannende escape(class)roomspul Anno N. fersus skoalbern binne sy, mei de learlingen fan de basisskoalle de striid oangien mei it pesten op skoallen.

It ‘fergetten wurd’ fan 10 juny

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Tongersdei 10 juny gie it oer it wurd ‘skelk’, ek wol ‘skerldoek’, ‘skoart’, ‘strûper’.

Is dizze slagge-flagge ek foar dy?

Hjoed is in spannende dei foar in soad eineksamenlearlingen: bin ik slagge of net. As’t slagge bist, wolst dat fansels – lykas Amarens hjir op de foto – oan elkenien witte litte. Wappert er aanst ek by jim oan de flaggestok?

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

Hjoed yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en op de webside fan Omrop Fryslân in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries. It gedicht ‘Lok‘, diskear mei in breder maatskiplik tema oer kânsûngelykheid yn it ûnderwiis troch ôfkomst of achtergrûn.

Sneon 5 juny 2021 yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Takom sneon binne we der wer!

It VWO-eksamen Frysk: Trouw berjochtet fanút Drachten

Fan Almelo oant Voorburg en fan Drachten oant Wijk bij Duurstede switte learlingen út it fuorset ûnderwiis dizze wiken op de eineksamens. Deiblêd Trouw freget elke dei oan in learling en in dosint: hoe gie de tarieding yn koroanatiid? En: hoe giet it eksamen? Dizze kear oer it VWO-eksamen Frysk op tiidsdei 1 juny by […]

Nij! Timen op ‘e tegels

Fan it fermaaklike printeboek ‘Timen op ‘e tegels‘ fan Tjibbe Veldkamp is by útjouwerij Afûk in twadde printinge fan de Fryske edysje ferskynd. Yn 2008 ferskynde de earste printinge fan it ûnderwilens klassike ‘Tim op de tegels’ (2004) yn in Fryske oersetting makke troch Gerda van der Wijk. It boek waard bekroane mei de Kinderboekwinkelprijs.

Dit is de Afûk boeketip 10 foar juny

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Nij! It bêste fan Nyk de Vries – Humor út ’e Wâlden

Hjoed ferskynt by útjouwerij Afûk de nije, komise bondel mei ultrakoarte ferhalen fan Nyk de Vries (Noardburgum, 1971): It bêste fan Nyk de Vries, humor út de Wâlden. Nyk de Vries is skriuwer, dichter, muzikant én Dichter fan Fryslân. Yn dizze bondel mei syn bêste ferhalen, foarmje de yllustraasjes fan Willie Darktrousers, yllustrator, trûbadoer, producer […]

Nasjonale Boekewike: 29 maaie oant en mei 6 juny 2021

It is safier: fan 29 maaie oant en mei 6 juny is it yn Nederlân Boekenweek! De boekwinkels binne wer iepen, dus in moaie oanlieding om wer ris even lâns te gean by dyn favorite boekferkeaper In boek keapje yn de Boekenweek is ommers nóch leuker as oars want by besteging fan € 15,00 of […]

Gedichtewedstriid Woudagemaal

Om te fieren dat it Woudagemaal al 100 jier soarget foar drûge fuotten yn ús moaie provinsje hawwe Wetterskip Fryslân en it Woudagemaal in gedichtewedstriid útskreaun. Gedichten moatte yn it Frysk skreaun wurde en gean oer ‘wetter’.

Feestlik oanbieden Tomke-feestkofferke set jubileumaktiviteiten yn gong

Troch it iepenjen fan it spesjale Tomke-feestkofferke is fan ’e moarn op pjutte-opfang It Healtsje yn Jobbegea op feestlike wize it startsein jûn foar de jubileumaktiviteiten om it 25-jierrich bestean fan it Fryske pjutte-freontsje Tomke hinne. It Tomke-feestkofferke is in kadootsje fan Tomke foar alle pjutteboartersplakken en berne-opfangplakken yn Fryslân. Mei de ferskillende boekjes en […]

Fryske en Deenske dichters presintearje blomlêzing op LiteratureXchange yn Aarhus

De Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar presintearje yn ’e mande mei de Deenske dichters Peter Laugesen, Carsten René Nielsen, Annemette Kure Andersen, Thomas Dalgaard en Mads Mygind op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange yn Aarhus de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus, útjûn troch Hispel.

“Nearnewâld” foar alle eksamenstudinten Frysk!

It Skriuwersboun, de feriening fan en foar Fryske Skriuwers, Oersetters, Sjoernalisten en oare Publisisten, jout alle learlingen fan middelbere skoallen dy’t dit jier it Frysk eksamen dogge in kado! Hja krije it jubileumboek ‘Nearnewâld’, mei bydragen fan 45 skriuwsters en skriuwers. Laurens Bontes makke in tekening fan in tinkbyldich Frysk doarp mei allerhanne nijsgjirrige details. By […]

Dichter fan Fryslân op Poetry International Rotterdam

Spesjaal foar Poetry International makke Nyk de Vries, tegearre mei it Rotterdamske Artvark Saxophone Quartet, de poëtyske muzykfoarstelling ‘TAGELYK’. De foarstelling is yn it Nederlânsk en it Frysk en is ûnderdiel fan it iepeningsprogramma fan Poetry International op freed 11 juny.

Nije game ‘BabelAR’ – in spultsje foar elke klasse

BabelAR is in meartalich spultsje foar de basisskoalle, kreëarre troch it Erasmus+ projekt VirtuLApp, dat Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen koördinearret. De game lit learlingen de wearde fan harren (thús)talen sjen en aktivearret harren taalkennis. Fierder makket de game learkrêften bewuster fan meartaligens yn de klasse en fan de wearde fan meartalich ûnderwiis. […]

It ‘fergetten wurd’ fan 13 maaie

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma Muzyk yn Bedriuw. Tongersdei 13 maaie giet it oer it wurd ‘skruten’, ek wol skrutel, skrutelich of skrupe.

Cornelis van der Wal nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

Foar de alfde kear wurdt yn septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzijfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuipers (2019) en Nyk de Vries (2020) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Cornelis van der Wal. Hy sil op 26 septimber in optreden fersoargje, op de Europeeske Dei fan ’e Talen.

Dit is de Afûk Boeketip 10 foar maaie

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Sneon 1 maaie 2021 yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Moarn binne we der wer!

Premjêre poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Spegel’

Juster gie op Omrop Fryslân TV de fjirde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De fjirde poëzijfilm, in film mei Sinan Cihangir, is in ferfilming fan it gedicht ‘Spegel’.

Us boekwinkel giet wer iepen!

Fan woansdei 28 april ôf kinne klanten wer sûnder yn ‘t foar in ôfspraak te meitsjen te plak yn ús boekwinkel. De doar is op dy dei ‘âlderwetsk’ fan 9.30 oere ôf iepen. ‘Wat ha wy dêr in sin oan’, glundert haad fan de winkel Elisabeth Abels-Gorter […]

Nasjonale Boekewike 2021: sneon 29 maaie o/m snein 6 juny

Nei de parsekonferinsje wêryn’t dúdlik wurde dat fan 28 april ôf de boekhannels wer sûnder ôfspraak iepen kinne, hat it CPNB bekend makke dat de Boekenweek 2021 fiert wurde sil fan 29 maaie oant en mei 6 juny. It Boekenweekgeschenk fan Hanna Bervoets – tagelyk yn in Fryske oersetting fan Baukje Zijlstra – en it […]

Set de toan foar it Sjongfestival

Yn 2021 is der gjin regulier Sjongfestival, yn plak dêrfan komt Omrop Fryslân Tsjil mei in spesjale rige dêr’t Raynaud Ritsma in nij ferske yn betinkt en makket mei skoalklassen. It format is bedoeld as alternatyf foar it tradisjonele festival troch de gefolgen fan de koronakrisis. Foar dit unike konsept wurdt de help ynroppen fan […]

NewsSpectrum Fellowship foar minderheidstaalmedia lansearret earste oprop foar oanfragen

It International Press Institute (IPI) en MIDAS kundige okkerdeis de earste oprop oan foar oanfragen foar de NewsSpectrum Fellowship. De beurs stiet iepen foar sjoernalisten en oare mediaprofessionals dy’t wurkje foar media yn minderheidstalen yn de EU (ynklusyf Roma- en migrantetalen) en hat as doel om gearwurking tusken nijskanalen yn minderheids- en mearderheidstalen te stimulearjen. Deadline […]

Werhelle oprop Rely Jorritsmapriisfraach

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 9 maaie 2021 syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.

Sneon 3 april 2021 yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Sneon 3 april binne we der wer!

Baukje Wytsma fiert har 75ste jierdei mei nije dichtbondel

Skriuwster en dichteres Baukje Wytsma (Reduzum, 1946) wurdt hjoed 75 jier. Ta eare fan har 75ste jierdei wie al ôfpraten dat yn april har tsiende dichtbondel mei de titel Wyt ljocht ferskine soe. In grutte ferrassing wie it foar har doe’t fannemoarn útjouwer Ernst Bruinsma fan de Afûk foar de doar stie om har it […]

Dit is de Afûk Boeketip 10 foar april

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Lockdown-projekt meartalige gesinnen: doch mei oan it ûndersyk

MA studinten taalwittenskippen fan de Radboud Universiteit fiere, ûnder begelieding fan Dr. Sharon Unsworth, in ûndersyk út nei de ympakt fan koroana en de dêrby hearrende maatregels op (meartalige) gesinnen. Der wurdt sjoen nei taalgebrûk, taalfeardigens en wolwêzen fan de meartalige hûshâldigs. Foarmesto in meartalich famylje mei bern tusken de 0 en 18? Dan binne […]

Fryske kennisynstellings slaan de hannen yn ien

Njoggen kennispartijen en de provinsje Fryslân gean mei-inoar wurkjen oan in sterk kennisfjild oer de Fryske taal en kultuer. Noch dit jier wurdt in mienskiplike fyzje ûntwikkele op it op Fryslân oriïntearre ûndersyk en ûnderwiis. It giet om: Fryske Akademy, Afûk, RUG Campus Fryslân, Tresoar, Fakulteit Letteren fan de RUG mei de learstoel Fryske taal […]

Blije bijen yn Blije!

Om’t it offisjeel maitiid is en om’t wy fan Praat mar Frysk it tiid fûnen om wat leuks te dwaan, hawwe wy alle ynwenners fan Blije ferrast mei in hânskreaune kaart mei in gedicht fan Nyk de Vries (Dichter fan Fryslân) en blommesied fan Cruydt-Hoeck! Mear as 400 adressen hawwe in kaart fan ús krigen […]

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

Diskear in maitiidsgedicht wêryn’t de Dichter fan Fryslân in relaasje leit tusken bioferskaat en taalferskaat, oer hoe’t it yngripen yn it lânskip gefolgen hat foar beide.

Nûgje de Berneboeke-ambassadeur no út op jim skoalle!

Hat se al by jim op skoalle west? De Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân? Sûnt 1 jannewaris 2020 is skriuwster Lida Dykstra de Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Ofrûne jier is sy al by in hiel soad skoallen op besite west en dit jier kin dat fansels wer. Sterker noch, oant de simmerfakânsje hat de Berneboeke-ambassadeur noch reedlik wat […]

Nij! It pake&beppe tydskrift!

Ynstee fan it tydskrift ‘heit&mem’ is der no in ‘pake&beppe’ makke! Yn it blêd spesjaal foar pakes en beppes – mar fansels ek foar heiten en memmen – lêst û.o. oer it belang fan it trochjaan fan de Fryske taal troch de pakes en beppes, oer bern dy’t deselde hobby’s hawwe as harren pake of […]

Suksesfolle Fryske Boekewike: Kadoboek Fryske Boekewike ‘útferkocht’

Noch nea earder wie de Fryske Boekewike sa’n grut sukses. It kadoboek Lockdownleafde fan Hilda Talsma, in spesjale útjefte yn it ramt fan de Fryske Boekewike, is útferkocht. Ernst Bruinsma fan Boeken fan Fryslân: ‘Wy hawwe sels, dat is echt unyk, 500 eksimplaren bymeitsje litten. Al yn it earste wykein fan de Fryske Boekewike waarden […]

Grut berik foar #DêromFrysk kampanje

De kampanje #DêromFrysk mei in grut sukses neamd wurde. De kampanje fûn plak fia ferskillende platfoarms en dat hat der mei foar soarge dat in soad minsken berikt binne. It útgongspunt fan #DêromFrysk is om learlingen yn it fuortset ûnderwiis entûsjast te meitsjen om foar Frysk as eksamenfak te kiezen. Mei help fan bekende Friezen […]

Nij ferskynd by de Afûk

By útjouwerij Afûk binne fannewike wer twa moaie nije boeken ferskynd: ien foar lytskes en ien foar grutten. Stikelbarchje Prikkeprik is in moai, stevich kartonboekje mei gedichtsjes oer bisten foar pjutten fan 1 jier ôf. Om is de nije roman fan Geart Tigchelaar wêryn’t hy inkelde ûnderfinings dy’t hy yn syn fytsreizen opdien hat, ferwurke […]

Wy sykje in nije kollega!

By de Afûk sykje wy in projektmeiwurker foarskoalsk (m/f) foar 20-24 oeren wyks. In ôfwikseljende baan yn in dynamyske organisaasje en – al sizze we ‘t sels – yn in super leuk team! Wat foar dy?

Sichtber Frysk foar stimulearjen taalgebrûk

It Frysk moat mear en dúdliker te sjen wêze yn it deistich libben. Dêrom komt de provinsje Fryslân mei in plan om de sichtberens fan de Fryske taal te fergrutsjen. De provinsje wol yn oparbeidzjen mei it Ryk soargje dat der mear Frysk brûkt wurdt. Bygelyks as it giet om paadwiisbuorden yn de iepenbiere romte, kommunikaasje […]

Poëzijfideo ‘Asman’ Dichter fan Fryslân yn premjêre

Juster gie de tredde poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV. De nijste poëzijfideo is in muzikale ferfilming fan it gedicht ‘Asman’ en is ta stân kommen yn gearwurking mei Omrin.

Fryske Boekewike 2021

Fan 6 oant en mei 14 maart is it Fryske Boekewike. Spesjaal foar dy gelegenheid skreau Hilda Talsma it Frysk Kadoboek 2021: Lockdownleafde, in spannend en humoristysk ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra. Krigest it de hiele wike fergees by oankeap fan in boek yn dyn (online) boekwinkel.

Klikke & oppikke en winkelje op ôfspraak by de Afûk

Bisto op syk nei in boek, in (Frysk) kadootsje of wat oars en kinst it yn de websjop net fine of wolst graach persoanlik advys? Fan woansdei 3 maart o.s. ôf ferwolkomje wy dy graach, hielendal koroana-proof, wer yn ús moaie Boek- en Kadowinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert! Meitsje gau in ôfspraak!

Nije Frysktalige podcast: in ûnsinnich ferhaal

In nije Frysktalige podcast yn de foarm fan in fjouwerdielich harkspul makket de lockdown ynkoarten wat draachliker. Fan 3 maart ôf is yn in ûnsinnich ferhaal de kantoarthriller Gaazte Sjoerd te hearren fia de webside fan de Moanne, tydskrift en poadium foar kultuer en de keunsten.

It Dockumer Lokaeltsje wint Bernlefpriis 2020

De band It Dockumer Lokaeltsje is de winner fan de Bernlefpriis 2020. De priis waard op sneon 20 febrewaris útrikt op in spesjale digitale edysje fan de Frysk Popawards. Gitarist Sytse van Essen en sjonger/bassist Peter Sijbenga krigen in sjek fan € 1500 en in byldsje. De Bernlefpriis is in jierlikse priis wêrmei’t de provinsje […]

Kadootsje fan Praat mar Frysk! #FryskSichtber

Fan 21 oant 26 febrewaris fiere wy Ynternasjonale Memmetaaldei mei #FryskSichtber. Yn dy wike wolle wy de Fryske taal safolle mooglik sichtber meitsje. Om’t wy tsjinwurdich in soad tiid efter it skerm sitte yn Teams of Zoom of oare wurk-/oerlisomjouwingen, hawwe wy fjouwer digitale eftergrûnskermen makke dy’tst brûke kinst by dyn oerlis- en bypraatmominten.

3,2 miljoen beskikber foar ferbetterjen Frysk ûnderwiis

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 22 febrewaris ôf in subsydzje oanfreegje foar it ferbetterjen fan it fak Frysk. De kommende fjouwer jier is der alle jierren € 800.000 beskikber foar bygelyks neiskoalling fan dosinten Frysk, ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje.

Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2021 beneamd

Nynke Heeg, Hein Jaap Hilarides en Jannes van der Velde binne troch Deputearre Steaten beneamd as leden fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2021. Dy priis foar Frysk literêr wurk wurdt op sneon 6 novimber útrikt. Provinsje Fryslân, Tresoar, gemeente Súdwest Fryslân en de Gysbert Japicx Holckema Stichting organisearje yn dy moanne in literêr […]

#FryskSichtber: meitsje it Frysk sichtber op Ynternasjonale Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaaldei. Dy dei is op inisjatyf fan Unesco yn it libben roppen en bestiet dit jier 20 jier. Om dat te fieren hat Praat mar Frysk in spesjale aksje betocht dy’t ekstra omtinken jout oan de sichtberheid fan ús memmetaal, it Frysk. En elkenien kin fansels meidwaan.

#DêromFrysk moat learlingen entûsjast meitsje foar Frysk as eksamenfak

Mei in folslein nije en ynnovative kampanje moatte learlingen fan it fuortset ûnderwiis ynspirearre wurde om it Frysk as eksamenfak te kiezen. Dy kar sil ynkoarten wer makke wurde moatte en de Afûk, SJB Media en Omrop Fryslân wolle learlingen dêrby helpe troch sjen te litten hoe leuk, mar ek hoe oft wichtich it Frysk […]

De Fryske taal as toeristyske mearwearde

Suf en âlderwetsk? Wolnee, de Fryske taal en kultuer binne krekt potinsjele trekpleisters. Studinten fan it Friesland College wurkje oan ideeën foar it Frysk as toeristyske erfaring. Okkderdeis presentearren studintes Adri Marloes, Fleur, Amber, Charlotte en Inge (online) harren konsept om mear mei de Fryske taal en kultuer te dwaan om it figuerke Tomke hinne […]

Winterwaar hâldt ek meiwurkers Afûkwinkel thús

Us kollega’s fan de winkel binne hjoed, moandei 8 febrewaris, net op lokaasje oanwêzich. Dat betsjut dat bestellings – partikulier en saaklik – dy’t sneon, snein of hjoed dien binne/wurde, net earder as moarn ôfhannele wurde.

Boek in (online) aktiviteit fan in skriuwer of yllustrator foar dyn skoalle, boekhannel of bibleteek

Lêzen sit yn ‘e lift, mar skriuwers ha tidens de lockdown grutte muoite om harren lêzers te moetsjen fia de fysike boekhannels, bibleteken of skoallen. Dêrom komt it Nederlands Letterenfonds yn gearwurking mei De Schrijverscentrale en de Koninklijke Boekverkopersbond mei in nije steunmaatregel om optredens fan skriuwers en yllustrators te stimulearjen. Sa wurde fan ‘t […]

Geart Tigchelaar is de nije Streekdichter fan Noardeast-Fryslân

De kommende twa jier rint Geart Tigchelaar yn syn nije funksje as Streekdichter Noardeast-Fryslân alle lêste woansdeis yn ‘e moanne mei in sandwichboerd op ‘e merk fan Dokkum. Op it boerd in gedicht. Fan himsels, fan foargongers en fan oare dichters (dy’t bygelyks yn ‘e omkriten fan Dokkum berne binne).

Sneon 6 febrewaris 2021 yn de Ljouwerter Krante

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Ljouwerter Krante: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Sneon 6 febrewaris binne we der wer!

Dit is de Afûk Boeketip 10 foar febrewaris

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Rely-priisfraach wer los

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2021 is iepensteld. It is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal kinne fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre […]

Wjerspegelje: Fryske gedichten op spegels

Op 28 jannewaris, nasjonale gedichtedei, hawwe Merk Fryslân en Ljouwert UNESCO City of Literature yn Ljouwert it mienskiplik projekt ‘Wjerspegelje’ lansearre. Yn Post-Plaza waard it nijste gedicht fan Dichter fan Fryslân Nyk de Vries ûntbleate, dat dêr diel fan útmakket. ‘Wjerspegelje’ brûkt it ferplichte 20-sekonden-hannewaskmomint om Fryske dichters in nij poadium te jaan.

Oftraap Fryske Boekewike 2021 op telefyzje by Omrop Fryslân

De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 sil op sneontejûn 6 maart om 20.00 oere semi-live útstjoerd wurde op Omrop Fryslân telefyzje fanút de Westertsjerke yn Ljouwert. Spesjale gast is de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma. De útstjoering, mei nijsgjirrige ynterviews, muzyk en foarpriuwkes, foarmet de feestlike ôftraap fan de Fryske Boekewike dy’t […]

Praat mar Frysk op ‘e kofje by Klean & sa

Wat hat in kleanwinkel mei it Frysk? Wat smyt dat op en hoe wurdt it brûkt yn de ferkeap? De froulju fan Klean & sa yn Twizelerheide fertelle dy persys wat it Frysk harren opsmyt!

Nij by de Afûk: ‘Ik bliuw by dy’ en ‘It Bijeboek’

By útjouwerij Afûk binne okkerdeis wer twa prachtige nije berneboeken ferskynd. ‘Ik bliuw by dy’ is in leaf boek oer freonskip bedoeld foar bern fan 0-4 jier mar ek super leuk as kadootsje foar Falentyn. Mei ‘It Bijeboek’ (8-12 jier) dûke bern yn de wûndere wrâld fan de bij. Wêrom binne se sa belangryk foar […]

#FryskSichtber: meitsje it Frysk sichtber op Ynternasjonale Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it Ynternasjonale Memmetaaldei. Dizze dei is op inisjatyf fan Unesco yn it libben roppen en bestiet dit jier 20 jier. Om dat te fieren hawwe wy in spesjale aksje betocht dy’t ekstra omtinken jout oan de sichtberheid fan ús memmetaal, it Frysk. En do kinst fansels meidwaan.

Jou dy no op foar de online workshop ‘Psychology fan dyn taal’

Fynsto it nijsgjirrich om mear te witten oer de psychology achter taal, oer dyn taalgedrach en dyn taalgewoantes? Dan is de workshop ‘Psychology fan dyn taal’ wat foar dy. Yn febrewaris organisearje wy dizze workshop 4 kear online. Hielendal fergees.

Earste Fryske jeugdroman Tialda Hoogeveen

Fan de Fryske skriuwster Tialda Hoogeveen, op dit stuit súksesfol mei ‘De geur van hooi’, is by útjouwerij Afûk har earste fiksjeboek ‘Wurden fan Timo’ ferskynd. ‘Wurden fan Timo’ is boppedat har debút yn it Frysk én har earste boek yn de kategory ‘young adult’. Har idee foar in boek oer in famyljedrama dêr’t de […]

De nije Foarlêsgids: berneboeke-ynspiraasje

Yn de nije edysje fan de Foarlêsgids fynst in moai oersjoch fan aktuele Fryske berneboeken. Leuk om te besjen en ynspiraasje op te dwaan. En wistest dat foarlêzen net allinne leuk is mar dat it ek de bân mei dyn bern fersterket en goed is foar de opbou fan de wurdskat en fierdere taalûntwikkeling? Lekker […]

Social Mozilla Voice challenge

Mozilla Common Voice organisearret mei Campus Fryslân en Hogeschool van Amsterdam fan 15 oant en mei 22 jannewaris 2021 in Voice Challenge tusken it Nederlânsk en it Frysk. De taal dy’t yn ien wike de measte minuten ynsprutsen en falidearre wurdt, wint. Dochsto ek mei? Ynsprekke kin ienfâldich thús fia dyn telefoan, tablet of kompjûter. […]

Stypje dyn boekhannel!

De boekhannels binne troch koroana tydlik ticht. Mar, wy steane klear om dy thús fantastyske boeken te besoargjen. Boeken dêr’tst dysels of in oar, jong en âld, in soad plezier mei dwaan silst. Dus keapje nó in boek. En soargje derfoar dat dyn meast favorite boekwinkel ek nei de lockdown noch bestiet. Sjoch gau op […]

Wurkje mei oan in nije taal fan en foar Ljouwert

Do hâldst fan dyn eigen taal. It is de taal dy’tst brûkst om tsjin dyn mem te sizzen dat sy it alderbêste iten siede kin. Of om yn te skellen, ast lilk bist. Wêryn’st tsjin dyn famylje goenacht seist. Sprekst thús in oare taal as it Nederlânsk en wolst mei dyn memmetaal meidwaan om in […]

Oprop!

Studintes Emma, Iris, Marta en Nova fan Universiteit Leiden / Leiden University ûndersykje foar harren stúdzje kulturele antropology hoe sterk de taal ferbûn is mei de Fryske mienskip en hoe’t dit yn ferbining stiet mei it gefoel fan identiteit. Dêr ha se in fragelist foar makke dy’t eltsenien dy’t yn Fryslân wennet of wenne hat, […]

Marije op besite by de Berneboeke-ambassadeur

Op 30 oktober 2020 wie Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra op besite op de Master Frankeskoalle yn Earnewâld om te fertellen en foar te lêzen. Marije (8) út groep 4 hold al fan lêzen, ferhaaltsjes betinken en skriuwen, mar doe’t se allegear nije ynspiraasje krige troch de BBA wie se der wis fan: sy wol letter ek […]

Tomke siket (in) skriuwer(s)!

Yn 2021 wurdt Tomke25 jier! Njonken feestlike (ekstra) aktiviteiten en it ferskinen fan nije materialen en boekjes, is dat ek in moaie oanlieding om in skriuwwedstriid te organisearjen. Foar de kommende jierren sykje wy ien of mear skriuwers om de skriuwgroep oan te foljen. Soesto ek ferhalen skriuwe wolle oer it libben fan Tomke? Doch […]

Sneon 9 jannewaris 2021 yn de Ljouwerter Krante

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Ljouwerter Krante: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Sneon 9 jannewaris binne we der wer!

Dit is ús Boeketip 10 foar jannewaris

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Premjêre twadde poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Hoe komt it moarn?’

Juster gie yn it programma Fryslân Dok op Omrop Fryslân T, de twadde fan in searje koarte poëzijfilms fan de Dichter fan Fryslân Nyk de Vries yn premjêre . De twadde poëzijfilm is basearre op it krystgedicht ‘Hoe komt it moarn’. Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan […]

2e printinge Fryske Pippi leit no yn de winkel

De 1e printinge fan de Fryske edysje fan Pippi Langkous wie samar útferkocht. Gelokkich leit no de 2e printinge yn de (web)winkel. Alle Pippi-fans dy’t ‘útferkocht’ te hearren krigen, kinne no har slach slaan. Super leuk om kado te dwaan mar ek hearlik om sels te lêzen!

Praat mar Frysk op de kofje by Rispens Totaalservice

It team fan Praat mar Frysk gie op besite by Birhanu Rispens fan Rispens Totaalservice út Metslawier. Wat hat hy mei it Frysk en wat smyt it him op?

Presintaasje poëzijstien Dichter fan Fryslân

Juster is oan de Skrâns yn Ljouwert in nije poëzijstien lein mei in gedicht fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân. It gedicht ‘Asman’, oersetten troch Anne Feddema, is yn opdracht fan Historisch Centrum Leeuwarden spesjaal skreaun foar it 150-jierrige jubileum fan de Ljouwerter stedsreiniging.

De Faeröer Eilannen en Fryslân

Fan ’e wike ferskine tagelyk by de Fryske útjouwerij Afûk en by de Faeröerske útjouwerij Bókadeild Føroya Lærarafelags twa bysûndere nije boeken. ‘De Beam’ is de Fryske titel fan it oarspronklik Faeröerske printeboek TRÆIÐ, skreaun en tekene troch Bárður Oskarsson. ‘Tije – drongurin og rottumaðurin’ is de Faeröerske titel foar it oarspronklik Fryske (foar)lêsboek ‘Tije’, […]

Feroaringen by de Moanne

It is tiid foar in nije koers by de Moanne. Ynhâldlik, organisatoarysk en yn foarm. Tialda Hoogeveen nimt mei yngong fan 1 jannewaris 2021 de einredaksje oer fan Sito Wijngaarden, dy’t 10 jier lang dy funksje útfierd hat. Dêrneist ferhuzet it blêd fanút de Afûk nei in nij ûnderdak yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It […]

Sneon 5 desimber 2020 yn de Ljouwerter Krante

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Ljouwerter Krante: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Moarn binne we der wer!

Fryske Pippi Langkous yn pear wike tiid oan twadde printinge ta

De Fryske edysje fan Pippi Langkous is populêr, it boek is yn in pear wike tiid oan de twadde printinge ta. De earste oplage fan 1000 stiks dy’t mids novimber ferskynde by útjouwerij Afûk is hast útferkocht. Oer twa wiken leit de twadde printinge yn de boekhannel.

Oprop foar de online Grutte Gedichtejûn

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze op freedtejûn 5 febrewaris 2021 om 19:30 oere. De jûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd. Om dy reden wurde alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, […]

Wy hawwe in winner: studinten ûntwikkelje nij Tomke-spul

Takom jier sil der in nij Tomke-spul oanbean wurde oan pjutteboartersplakken en bernesintra. It spul is betocht troch studinten fan ROC Friesland College. De ofrûne perioade binne sa’n 50 studinten fan de oplieding ‘pedagogisch werk en onderwijsassistent’ hurd oan it wurk west om dit nije Tomke-spultsje te ûntwikkeljen. De sjuery hat ien groepke ta winner […]

Afûkwinkel ‘popt-up’ yn OBE

Mei yngong fan tongersdei 3 desimber is de Afûk Fryske boek- en kadowinkel ek te finen yn OBE, it poadium foar literatuer, keunst en taal oan it Heer Ivostraatje yn Ljouwert. De winsk foar in ‘pop-up’ winkel, wat tichter by it winkeljend publyk yn de Ljouwerter binnenstêd, bestie al langer. No is it safier.

Afûk-meiwurkers jouwe boeketips foar pakjesjûn

Alle kado’s al yn hûs of op de falreep noch wat skoare? Pakjesjûn komt hieltyd tichterby en ast noch net alles yn hûs hast kin dat dizze wike noch. Afûk-meiwurkers helpe dy in hantsje want sy jouwe tips foar de moaiste kadootsjes foar pakjesjûn.

Nij: Myn grutte syk- en ûntdekboek – Fan alles wat rydt, fart of fljocht

Nij ferskynd by de Afûk: ‘Myn grutte syk- en ûntdekboek – Fan alles wat rydt, fart of fljocht’. In prachtich, ryk yllustrearre kartonboek foar in hiel soad syk- en sjochwille. Witsto wat der allegear yn de stêd omrydt? En witsto de nammen fan de grutte masines op de buorkerij en it bouplak? Op de grutte […]

It ynternasjonale LISTEN-projekt oer taalpsychology hat in eigen website

It LISTEN-projekt hat in eigen meartalige website. It projekt hat as doel om minderheidstalesprekkers hanfetten te jaan om harren taal mear en faker te praten, ek yn sitewaasjes wêrby’t it net altyd wis is oft de oar him of har wol ferstiet. Yn it ramt fan it projekt wurde yn ferskate taleregio’s treningen ûntwikkele om […]

Praat mar Frysk by de ortodontist!

Praat mar Frysk gie op besite by Daniël van der Meulen fan Orthodontiepraktijk Leeuwarden. Wat hat hy mei it Frysk en wêrom is it sa fijn dat je Frysk prate kinne by him yn ‘e praktyk? En wêrom wie Berneboekeambassadeur Lida Dijkstra by him op besite?

Nij berneboek ‘Jou my de romte!’ bringt freonskip fierder

It earste eksimplaar fan it nije berneboek Jou my de romte! is freed 20 novimber oanbean oan learlingen fan mienskipsskoalle ‘Bloei’ yn Terherne. Earder waard dêr ek it bybehearrende escape(class)room-spul lansearre. Jou my de romte! is skreaun troch Bart Kingma en giet oer Anno N., dy’t as learling fan groep 7 slim pest waard.

Ekstra! De heit&mem feestdagen-edysje

Neist de gewoane heit&mem – nûmer 2 is krekt ‘vers van de pers’ –  ha wy dit jier in ekstra online kadootsje foar jim: in heit&mem feestdagen-edysje! In waarm e-magazine mei  prachtige wintergedichten en -ferhalen, fijne boeketips, grappige bernepraatsjes, leave foto’s fan bern mei harren bear, desimbertips foar bern dy’t gefoelich binne foar al dy […]

Der is wer in nije heit&mem

Hawwe jim de nije heit&mem al sjoen? It tydskrift foar âlders foar bern fan 0-12 jier, yn it Frysk en it Nederlânsk, is ynkoarten wer rûnom yn de provinsje te krijen. Hielendal fergees! Yn it blêd lêst dit kear oer ûnder oaren de biologyske toskedokter, famylje-opstellingen, bern dy’t blyn binne, heit Syb en mem Adriana, […]

Klokhuis Wetenschapsprijs foar ûndersyk nei twataligens by Fryske bern

Evelyn Bosma en Naomi Nota hawwe de Klokhuis Wetenschapsprijs 2020 wûn mei harren ûndersyk nei hoe’t twatalige bern yn Fryslân lêze. De winner waard ôfrûne snein fia in livestream bekendmakke. Der wiene rom 60 ynstjoerings foar de priis wêrfan’t úteinliks noch tsien kâns makken om te winnen. Rom 4.000 bern brochten harren stim út.

Twa kear trije is fjouwer: Pippi Langkous no ek yn it Frysk

By útjouwerij Afûk is de Fryske edysje fan Pippi Langkous ferskynd. It boek is útjûn ta eare fan de 75ste jierdei fan it sterkste famke fan de wrâld en befettet de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tuka-lân. De Fryske oersetting, út it Sweedsk wei, is fan Martsje de […]

De fernijde Praat mar Frysk-app: altyd in Frysk wurdboek by dy!

Hasto de nije Praat mar Frysk-app al? Hy wachtet op dy yn dyn appstore! In handich Frysk wurdboek mei audio, Fryske GIFkes en de Blinder of Blunder-taalkwis. Hielendal fergees!

Bern meartalich opfiede: hoe dochst dat?

Yn Fryslân groeie de measte bern op mei mear as ien taal. Hoe sjocht sa’n twa- of meartalige ûntwikkeling derút? Wat binne de foardielen? En hoe kinst as âlder of fersoarger dy ûntwikkeling sa goed mooglik begeliede? De animaasje ‘Meartalich opfiede: hoe dochst dat?’ jout dêr yn ‘t koart en op heldere wize antwurd op.

Vers van de pers: Pippi yn it Frysk

Einliks is it safier: de ferhalen fan Pippi Langkous fan Astrid Lindgren binne der fan hjoed ôf ek yn it Frysk! Yn de Fryske edysje fan Pippi Langkous stean de dielen ‘Pippi Langkous’, ‘Pippi Langkous giet oan board’ en ‘Pippi Langkous yn Taka-Tukalân’. Geweldich foar alle bern en elk dy’t bern bliuwe wol.

Poëzijfilm ‘Begjin’ fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV

Snein 8 novimber gie de earste fan in seary koarte poëzijfilms fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre by it sneinsprogramma Fryslân Dok fan Omrop Fryslân. Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille yn totaal sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde. De earste poëzijfilm is basearre op it […]

Podcast Boekekast kriget in ferfolch mei nije eksklusive ferhalen

De moaiste Fryske ferhalen yn de donkerste dagen fan it jier, de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân kriget in ferfolch. Fryske skriuwers skreaunen spesjaal foar dit twadde seizoen in ferhaal. Diskear binne it dus gjin passaazjes út besteande boeken, mar spesjaal skreaune ferhalen. De earste podcast mei in ferhaal fan Hilda […]

Sneon 7 novimber 2020 yn de Ljouwerter Krante

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Ljouwerter Krante: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Moarn binne we der wer!

Nij printeboek fan Paul van Dijk ferskynd by de Afûk

Omke Ûle past op is de titel fan it nije printeboek skreaun én yllustrearre troch Paul van Dijk. De haadpersoan yn it boek, Omke Ûle, is oeral benaud foar en dêrom bliuwt er it leafst feilich thús. Op in dei moat er op syn neefke passe, dat wól wat fan de wrâld sjen wol. En […]

Wurkje mei Fryske toanielteksten yn de klasse mei Praat mar Toaniel!

Nij by de Afûk: de toanielboekjes fan Praat mar Toaniel! Dêrmei dochst op in fleurige en ynspirearjende wize mear mei Fryske toanielteksten. It lêzen en spyljen fan dy teksten set oan ta mear Frysk lêzen, praten en skriuwen. De toanielboekjes mei titels as Jungleboek, Oz en Peter Pan binne geskikt foar de boppebou fan it […]

Skriuwer Josse de Haan ferstoarn (1941-2020)

Op snein 1 novimber is skriuwer Josse de Haan yn Bayonne (Frankryk) ferstoarn. Hy groeide op yn Peins, in doarp noardeast fan Frjentsjer. De Haan folge de ûnderwizersoplieding oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Hy publisearre fan 1962 ôf yn Quatrebras en letter yn Trotwaer en Hjir. Hy joech mei Meindert Bylsma, Reinder Rienk van der […]

Berneboeke-ambassadeur op besite yn de wachtkeamer fan de ortodontist

“In bytsje bryk is in minskelyk”, sa stiet op de stoepe by Orthodontiepraktijk Leeuwarden. Mar it Frysk is net allinne op de stoepe te finen, fan no ôf kinst ek yn de wachtkeamer dyn tosken deryn sette. Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra hat ôfrûne wike yn de wachtkeamer foarlêzen út ferskate Fryske boeken. Fan eigner Daniël van […]

Nij kultuermagazine BUHNE

Fan sneon 31 oktober ôf is it nije kultuermagazine BUHNE te krijen op sa’n 800 lokaasjes yn Noard-Nederlân, lykas de winkel fan de Afûk. Dêrneist wurdt it blêd hûs-oan-hûs ferspraat yn Ljouwert, Drachten, Grins, Assen, Roden en Hoogezand. Yn in oplaach fan 20.000 eksimplaren bringt BUHNE kultuer nei it publyk, mei ûnder mear ynterviews en omtinken foar […]

Dit is ús Boeketip 10 foar novimber!

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

De doar fan de winkel giet iepen en ticht, iepen en ticht

Sels binne wy der hiel wiis mei: ús nije winkelyngong. Nei de klapperjende flapdoarren is ús Fryske boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert no foarsjoen fan in pear prachtige automatyske skodoarren. Bist yn ‘e buert? Kom even lâns. Njonken moaie nije skodoarren hawwe we nammentlik ek in hiel soad moaie boeken en […]

Tomke op it MBU

Dizze wike start op it Friesland College in training ‘meartaligens’. Hoe meartalich is Fryslân? Hoe sit dat no presys mei de meartalige ûntwikkeling? Hoe kin dêr op de pjutte-opfang en op de basisskoalle op ynspile wurde? Watfoar Frysk materiaal is der beskikber en hoe kin dat materiaal op in ynteraktive wize ynset wurde?

Basis foar nij kurrikulum foar it fak Frysk klear

It kurrikulum foar de Fryske taal en kultuer wurdt fernijd. In wichtich part dêrfan is de oanpassing fan de saneamde kearndoelen. Dy jouwe rjochtlinen oan foar it ûnderwiisoanbod yn it basisûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De basis foar it nije kurrikulum is no klear en bestiet út in fisy op het leargebiet, […]

Pippi Langkous yn it Frysk komt der oan, bestel alfêst dyn eksimplaar

Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan ’e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken.  Mei Tommy en Annika, dy’t neist har wenje, […]

Ferhalewedstriid ‘En doe?’

Yn 2021 ferskynt in spesjale útjefte fan it tydskrift heit&mem: de pake&beppe! Do (oant 12 jier) kinst meidwaan troch sels in ferhaal te skriuwen, it favorite resept mei ferhaal te dielen of in filmke te meitsjen oer bygelyks skoalle, boartersguod of it iten en drinken út de tiid dat dyn pake en beppe sa jong […]

Nij printeboek fan skriuwer Paul van Dijk yn oantocht, bestelle kin no al

Begjin novimber ferskynt it nije printeboek Omke Ûle past op fan skriuwer Paul van Dijk by de Afûk. De haadpersoan yn it boek, de ûle, is benaud foar alles. Op in dei moat er op syn neefke passe dy’t wól wat fan de wrâld sjen wol. Mar doart omke Ûle dat wol? In prachtich printeboek […]

Nij by útjouwerij Afûk: Passys fan Josse de Haan

Skriuwer Josse de Haan ferrast syn trouwe lêzers mei in nije grutte roman: Passys. Hy wurke fiif jier oan dit boek oer in libben yn leafde en literatuer. In boek dat út syn aard wei ‘auto-fiksjoneel’ wêze moast. Mar tagelyk hat Josse de Haan dy autobiografyske ynvestearring finaal ûnderút helle, troch in rûts oan perspektiven […]

Kom mar efterom

Yn Fryslân is it in goed gebrûk en belje net oan by de foardoar mar gean efterom. Dat jildt de kommende dagen ek foar ús boek- en kadowinkel yn Ljouwert. Yn ferbân mei wurksumheden oan de winkeldoar freegje wy ús klanten en besikers om even in oare rûte te nimmen. Tongersdei 22 oktober o.s. is […]

Undersyk nei twataligens Fryske bern nominearre foar Klokhuis Wetenschapsprijs

Ald-promovendus fan de Fryske Akademy Evelyn Bosma en har kollega binne nominearre foar de Klokhuis Wetenschapsprijs. Sy hat ûndersyk dien nei hoe’t twatalige bern yn Fryslân lêze. Der wiene mear as 60 ynstjoeringen, dêr binne 10 ûndersiken út nominearre en op 15 novimber wurdt de winner bekend.

Dr. Obe Postmapriis 2020 foar Jan Popkema mei “It parfum”

De dr. Obe Postmapriis 2020 is takend oan Jan Popkema foar syn Frysktalige oersetting fan Das Parfum fan de Dútske auteur Patrick Süskind. De priis wurdt op 19 novimber útrikt yn gearwurking mei it festival Explore the North. De útrikking sil dien wurde mei it yn acht nimmen fan de dan jildende koroanamaatregels.

Stimulearringsfûns stipet ûntwikkeling Fryske digiTales

De Ljouwerter bedriuwen 8D Games en Bureau Maalstroom hawwe mei trije kulturele organisaasjes – Tresoar, Afûk en Fers – 100.000 euro subsydzje takent krigen foar de ûntwikkeling fan Fryske digiTales. De oanfraach foar de ûntwikkeling fan de ynnovative bibleteek dêr’t folksferhalen en digitaal erfguod boartsjendewei yn ûntdutsen wurde, is yntsjinne by it Stimuleringsfonds voor de […]

Frijwilligers socht foar ynsprekken Fryske sinnen

Ynwenners fan Fryslân en Friezen om utens hawwe mei-inoar al 29 oeren oan Fryske sinnen ynsprutsen foar it projekt Mozilla Common Voice. Apps op de telefoan binne hieltyd faker oan te stjoeren mei spraak. Dat kin faak yn it Ingelsk of Nederlânsk mar net yn it Frysk. It projekt Mozilla Common Voice moat dêr feroaring […]

It Deiboek fan Janny van der Molen bekroand mei in White Raven

It troch de Afûk útjûne boek fan Janny van der Molen is ien fan de White Ravens op de jierlikse list fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer. Yn totaal hawwe njoggen Nederlânsktalige boeken en ien Frysktalich boek in White […]

Win in skoalbesite fan de berneboekeskriuwers fan Kening & Kening foar dyn klasse!

Yn 2020 is it 20 jier lyn dat de earste printinge fan it printeboek Koning & Koning útkaam. It wie ek it earste printeboek fan Stern Nijland & Linda de Haan. Tagelyk mei de Nederlânske edysje ferskynde it mearke oer de twa keningen ek yn it Frysk, Dútsk en Deensk. De keningen út it printeboek […]

Vers van de pers: de Moanne nr. 4

Dit wykein by alle abonnees op de matte: ‘de Moanne’ nûmer 4. Mei lykas wenst in nijsgjirige en ynteressante miks oan kollums, ynterviews, (eftergrûn)ferhalen en oare bydragen yn it Frysk en it Nederlânsk. Losse nûmers te keap yn de boekhannel.

Sneon 3 oktober 2020 yn de Ljouwerter Krante

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Ljouwerter Krante: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Moarn binne we der wer!

‘Het beest met de kracht van tien paarden’ fan Lida Dijkstra nominearre foar Boekenleeuw

Fannemiddei waard bekend makke dat skriuwster én Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra mei har boek ‘Het beest met de kracht van tien paarden’ nominearre is foar de Boekenleeuw. De Boekenleeuw is Flaamske priis foar it bêste berne- en jeugdboek fan Flaanderen en Nederlân. Op 2 novimber o.s. wurdt de winner fan de Boekenleeuw bekend makke. 

Mindert Wijnstra (1945-2020)

Nei in lang siikbêd is skriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra op 74 jierige leeftyd ferstoarn. Noch mar koart lyn joech hy sels yn petearen mei de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân al oan dat er fielde dat syn krachten oan it ôfnimmen wienen. By Mindert tinke wy by de útjouwerij fan de Afûk yn it […]

Ofskie fan ‘meester Thys’ mei oanbieding fan syn nijste boek

Thys Wadman naam juster op bysûndere wize ôfskie nei in lange karriêre fan 42 jier yn it ûnderwiis. Tagelyk mei syn ôfskie ferskynde syn nijste boek Jorrit & Philo begjinne in klup. Hjiryn binne al twa besteande titels, De fûgelklup en De hûneklup opnommen en dêr is in no in gloednij diel oan tafoege: De autoklup.

Dit is ús Boeketip 10 foar oktober!

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

It Frysk ferweve mei oare skoalfakken? Dat kin mei Spoar 8

‘Het Fries moet verweven zijn met andere schoolvakken’, dat is de kop fan it artikel yn it Friesch Dagblad fan hjoed nei oanlieding fan in digitaal sympoasium fan dosinten en oare saakkundigen op it mêd fan ûnderwiiskunde en belied dat juster plakfûn. It moat normaal wurde op skoalle om ek by oare fakken de Fryske […]

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

Hjoed publisearre Dichter fan Fryslân Nyk de Vries syn sânde gedicht, diskear oer it tanimmend messebesit op strjitte.

‘Fear yn ’e broek’ foar trije skoallen op It Hearrenfean

Woansdei 30 septimber 2020 – op de earste dei fan de berneboekewike – waarden op It Hearrenfean trije skoallen yn it sintsje set. Dat barde op inisjatyf fan Boargeraksjegroep Sis Tsiis yn boekhannel Binnert Overdiep. Sis Tsiis stekt de basisskoallen de Buitenkans en de Hoeksteen en VMBO Nordwin College in fear yn ’e broek foar […]

Underwilens yn Kulturele Haadstêd Galway …

Skriuwer, muzikant en skilder Anne Feddema fan Ljouwert docht mei oan ien fan de projekten fan kulturele haadstêd Galway, dêr’t de Afûk as partnerorganisaasje by belutsen is. Hy makke mei oare keunstners in multydissiplinêre foarstelling. Óró hjitte it stik. De Irish Times skreau in moaie resinsje.

Operaasje Fryske flagge

Yn de simmer fan 2020 wie it startskot fan in grutte ynternasjonale operaasje. Soargje dat de Fryske Flagge in emoji kriget, sadat dy aanst brûkt wurde kin op sosjale media lykas WhatsApp en Facebook. De online redaksje fan Omrop Fryslân die in oprop oan Friezen om utens om in foto mei in Fryske flagge yn […]

Skriuwer Sam McBratney fan it bekroande printeboek ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?’ stoarn

Foarige wike makke útjouwerij Walker Books bekend dat op 77-jierrige leeftiid de geastlike heit fan Lytse en Grutte Ljochtbrune Hazze ferstoarn is. Syn wrâldferneamde printeboek ‘Guess how much I love you’, mei yllustraasjes fan Anita Jeram, ferskynde yn mar leafst 57 talen, wêrûnder it Frysk. ‘Sa fier as de moanne, sa mâl bin ik mei […]

Ien, twa, los! Fryske Foarlêswike fan 26 o/m 30 oktober

Gewoanwei is de Fryske Foarlêswike yn de earste folle wike fan juny. Hûnderten frijwilligers binne dan op ’en paad om troch de hiele provinsje foar te lêzen oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Yn 2020 is it allegear oars as oars. Dit jier is de foarlêswike fan 26 o/m 30 oktober. Ek komme […]

Dichter fan Fryslân begjint syn skoalletoer yn Wolvegea

De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, is úteinset mei syn toernee by skoallen yn de provinsje del. As earste wie tiisdei it Terra Wolvegea oan bar, in gebiet dêr’t fan âldher gjin Frysk, mar Nedersaksysk praat wurdt. De Vries lies ûnder oaren koarte Frysktalige fragminten foar op muzyk. De learlingen fûnen it “leuk en […]

Earste edukative escaperoom oer pesten no beskikber foar basisskoallen

Mei-inoar yn stee fan tsjininoar, dat is de iennige manier wêrop’t learlingen mei dit ynteraktive spul út de greep fan hacker Anno N. komme kinne. Anno N. fersus skoalbern is in nij ûntwikkele edukatyf escape(class)room-spul foar it basisûnderwiis. Mei dit fernijende projekt pakke de Afûk, Omrop Fryslân en it Friesland College it pesten op skoalle […]

Streektalen en Tsead Bruinja op Europeeske Taledei

Op de Europeeske Taledei, sneon 26 septimber 2020, sille de streektalen fan Nederlân te hearren wêze by de meartalige fiering mei Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Grinslanner dichteresse Fieke Gosselaar, Biltker muzikant Jan de Vries en Liesbeth Terpstra, mei in presentaasje fan Nijntje yn it Frjentsjerters.

Startsein ‘Taal yn it sosjaal domein’ mei oanbieden magazine

Hjoed waard it startsein jûn foar de kampanje ‘Taal yn it sosjaal domein’ troch it oanbieden fan in spesjaal magazine oan de teamleden fan it gebietsteam Snits Noard. Yn ’e mande mei de Fryske gemeenten set de Afûk mei it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’ yn op it fergrutsjen fan it taalbewustwêzen fan de soarchprofessionals […]

Start ynformaasjekampanje ‘Taal yn it sosjaal domein’

Professionals bepale faak de taal dy’t sprutsen wurdt yn it ûnderlinge kontakt mei soarchfregers. Troch omtinken te jaan oan de memmetaal fan de soarchfreger kinst de tsjinstferliening ferbetterje. Minsken fiele harren better op har gemak en jouwe mear en bettere ynformaasje wannear’t se dat yn har eigen taal dwaan kinne. Tegearre mei de Fryske gemeenten […]

Utslach ferhalewedstriid foar de Lange koartproazajûn

Begjin dit jier hat Frysk literêr tydskrift Ensafh in oprop dien ta it ynstjoeren fan tige koarte ferhalen fan op syn heechst 250 wurden. Dat hat de redaksje fan it tydskrift dien, mei’t hja fûn dat der yn ’e Fryske literatuer mear omtinken foar proaza komme kin. Dat hat fertuten dien, want mei 39 ynstjoerde ferhalen […]

Skriuwer Anne Feddema yn Kulturele Haadstêd Galway: ‘Bealgje as in idioat’

Dûnsje, springe, sjonge en skriuwe, fan moarns betiid oant jûns let. Skriuwer, muzikant en skilder Anne Feddema fan Ljouwert moat oan ’e bak yn Ierlân, dêr’t hy mei oare keunstners wurket oan in multydissiplinêre foarstelling. ‘Ik haw oan ’e ein fan ’e dei de ein yn ’e bek.’ Dochs soe Feddema dit foar gjin goud […]

Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra giet op toernee troch Opsterlân

De wurkgroep ‘schrijver in school’ fan de gemeente Opsterlân hat mei Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân Lida Dykstra ôfpraat dat sy yn de moannen septimber en oktober op alle 22 basisskoallen yn de gemeente op besite gean sil. Moandei 7 septimber set se útein mei har toernee by OBS De Treffer op De Gordyk.

Twa kear trije is fjouwer: Pippi Langkous yn it Frysk ferskynt ynkoarten by útjouwerij Afûk

It is fan ‘t jier 75 jier lyn dat de Sweedske skriuwer Astrid Lindgren (1907-2002) it famke Pippi Langkous yntrodusearre. Earst ferskynde it stoere famke mei de reade flechten yn boeken en letter kaam se ek op telefyzje. Fan har aventoeren ferskynt begjin novimber in Fryske oersetting by útjouwerij Afûk. De oersetting is makke troch […]

Friezen lêze en skriuwe mear Frysk

It tal Friezen dat Frysk lêze en skriuwe kin, is yn de lêste 12 jier in bytsje tanommen. Dat docht bliken út De Fryske Taalatlas 2020, de Fryske taal yn byld. Hast 6.500 ynwenners fan Fryslân follen in enkête yn oer it gebrûk en it eigen nivo fan de Fryske taal. It persintaazje ynwenners dat […]

Dit is de Boeketip 10 foar septimber!

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Witsto wêrom’t literatuer en poëzy sa moai wêze kinne?

Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, jout it antwurd op dy fraach yn in literêr lesprogramma dat hy spesjaal foar middelbere skoallen yn Fryslân makke hat. Hy makket dêrby tankber gebrûk fan syn eigen erfarings op de middelbere skoalle. De lesprogramma’s binne geskikt foar gruttere en lytsere groepen en bestean út in optreden en les […]

Nije, sechsde printinge fan ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin’

Lytse Ljochtbrune Hazze en Grutte Ljochtbrune Hazze hâlde in hiel soad fan elkoar. Mar hoefolle? Bern én âlden út de hiele wrâld binne mâl mei dit prachtige printeboek. Ek yn Fryslân, ek yn it Frysk. Fan de kartonnen edysje fan dizze all time favourite is dêrom dizze wike in sechsde printinge ferskynd. Mei de fiif […]

Gjin sutelaksjes yn 2020

Der sil dit jier net sutele wurde mei Fryske boeken. De belutsen partijen binne ta dat beslút kaam yn ferbân mei it noch hieltyd oanwêzige koroanafirus. Neffens koördinator Ferdinand de Jong is by it suteljen de oardel meter regel net nei te kommen. Boppedat steane der ferskate sutelaksjes yn in perioade fan in pear wiken […]

Nij by útjouwerij Afûk: dichtbondel fan Simon Oosting en ferhalen fan Sjoerd Bottema

Hjoed binne by útjouwerij Afûk twa nije titels ferskynd. ‘DC … en tichterby / DC … en dichterbij’ is de twatalige en tredde dichtbondel fan Simon Oosting. De ferhalebondel fan Sjoerd Bottema – okkerdeis noch winner fan in Rely Jorritsmapriis mei ien fan syn ferhalen –  krige de driigjende titel ‘De grize oer de grouwe’.

Foar de leafhawwers: it nije bûsboekje leit yn de winkel!

It nije Fryske bûsboekje (2021), dé Fryske aginda, leit yn ‘e winkel! Dit jier is it tema: ‘it is mar in spultsje’. Njonken fansels romte foar al dyn ôfspraken en oantekenings, fynst yn dizze nije edysje temasiden mei en oer spultsjes, ferskes, sechjes en riedsels. Ek de skoalfakânsjes 2021-2022 en de Fryske gemeenten en plaknammen […]

Nei skoalle mei Tomke

Tomke giet wer nei skoalle en dat is best spannend! By it tema ‘Nei skoalle’ binne leuke boekjes, kleurplaten, rymkes, ferskes en praatplaten. Super leuk foar thús, op it pjutteboartersplak of yn de berne-opfang. Fynst se bygelyks op de webside fan Tomke, yn de Tomketeek of op de Pinterestside fan Tomke.

It nije skoaljier: tsjek yn by Spoar 8 en Searje 36

In nij skoaljier, in nije start. Foar it fak Frysk reizget it basisûnderwiis mei de metoade Spoar 8 en tsjekt it fuortset ûnderwiis yn by de metoade Searje 36. Nij en oantreklik digitaal materiaal foar alle nivo’s! Folgje it trije-stappe-plan om ek dit jier (wer) gebrûk te meitsjen fan de metoade of belje of mail […]

Nije berneboeken ferskynd by de Afûk

Mar leafst trije nije berneboeken binne de ôfrûne wiken by útjouwerij Afûk ferskynd. Om sels te lêzen of om lekker foar te lêzen! Foar pjutten is der it moaie printeboek ‘Tútsje derop!’ mei échte pleisters. Foar bern fan 8 jier ôf hawwe wy in werprintinge fan de klassiker ‘Dingeman krijt wjukken’ en foar justjes âldere […]

Mei boeketten Fryske en Biltske buordsjes omtinken foar bioferskaat

De gemeente Waadhoeke, Praat mar Frysk en Silence of the Bees hawwe yn de nacht fan 28 op 29 july twa boeketten Fryske en Bildtske krûdenammen pleatst yn Frjentsjer en yn Sint Anne. Mei de ferrassingsaksje wolle de trije organisaasjes sjen litte hokke krûden se hoopje dat der groeie sille mei it oanpaste meanbelied. Wethâlder […]

Rely Jorritsmapriis foar twa ferhalen en ien fers

De Rely Jorritsmapriisfraach hat dit jier trije winnende bydragen opsmiten, twa ferhalen en ien gedicht. Elmar Kuiper út Jorwert wint in Rely mei it ferhaal ‘Ni Hao’ en Sjoerd Bottema út Weidum mei syn ferhaal ‘Total loss’. Syds Wiersma út Ljouwert kriget de priis foar syn gedicht ‘It famke’.

Utstalling ‘Frysk libben erfgoed, fan Wâldbean oant Wetterhoun’ yn Obe

Fryske lânbougewaaksen, fruitsoarten en bisten stean sintraal yn de nije tentoanstelling ‘Frysk libben erfgoed, fan Wâldbean oant Wetterhoun’. Fan 14 augustus ôf o/m 18 oktober 2020 te sjen yn Obe. Krekt yn dizze tiid, dat der hieltyd mear omtinken is foar lokaal ferboud en produsearre iten, past de tentoanstelling goed. It hat noch noait sa […]

Afûk-meiwurkers jouwe boeketips foar bern

In pear wiken lyn joegen wy boeketips foar folwoeksenen, mar no is it de beurt oan de berneboeken. Foaral no yn de fakânsje is it hearlik om mei de bern in moai boek út te sykjen. Meiwurkers fan de Afûk hawwe dêrom harren favorite boek(en) foar dy op in rychje setten. Sawol foar de lytskes […]

Nije app: It Grutte Foarlêsboek

De app fan It Grutte Foarlêsboek is fernijd. De app is spesjaal foar bern fan alle leeftiden en sit grôtfol mei moaie ferhaaltsjes, gedichtsjes, spultsjes én ferskes.

Praat mar Frysk op de kemping!

Anke fan kemping ‘De Wigwam’ yn Aldemardum bestelde Praat mar Frysk-materiaal om har Fryske gasten sjen te litten dat se har ek op harren fakânsjeadres gewoan yn harren memmetaal uterje kinne. Mar ék om gasten fan bûten Fryslân yn ‘e kunde komme te litten mei it Frysk.

Vers van de pers: de Moanne nr. 3

Dit wykein by alle abonnees op de matte: ‘de Moanne’ nûmer 3. Mei lykas wenst in nijsgjirige en ynteressante miks oan kollums, ynterviews, (eftergrûn)ferhalen en oare bydragen yn it Frysk en it Nederlânsk. Losse nûmers te keap yn de boekhannel.

Slagge earste trening ‘Psychology fan Taal’ foar treners

‘De psychology fan Taal’ is in nije trening/workshop fan Praat mar Frysk oer taalgedrach en -gewoantes. Bedoeld foar elk dy’t nijsgjirrich is nei de kant fan taal dêrst net by stil stietst, in ‘oars as oars’ trening dy’t bestiet út in kombinaasje fan teory en praktyk. De minsken dy’t de trening aanst jaan sille, hawwe […]

Wurk Eeltsje Hettinga publisearre yn ‘Sinn und Form’

Yn it simmernûmer fan it literêre tydskift Sinn und Form binne fjouwer gedichten fan Eeltsje Hettinga yn Dútske oersetting publisearre. It is foar it earst dat dat kwaliteitstydskrift wurk út Fryslân opnimt.

Gebrûk memmetaal yn Waadhoeke benammen yn ynformele situaasjes

Ut in ûndersyk fan studinten fan NHL-Stenden yn opdracht fan de gemeente Waadhoeke, docht bliken dat de ynwenners fan dy gemeente harren eigen memmetaal benammen yn de ynformele sfear brûke.

Nij by de Afûk: online groepskursussen mei dosint

Neist de tradisjonele groepskursussen fan de Afûk op lokaasje, is it fan oktober 2020 ôf ek mooglik om in groepskursus online te folgjen. By dy kursusfoarm folgest thús, efter dyn kompjûter, live de lessen fan ien fan de lesjouwers fan de Afûk. De nije, online kursusfoarm is foarearst beskikber foar de kursussen Fries verstaan en lezen (basis […]

Doch mei: Berneboekewike ferhalewedstriid

De simmerfakânsje stiet foar de doar en dát is in moaie tiid om it ris mei pake en beppe te hawwen oer de tiid dat sy jong wienen! Hawwe jim pake en beppe dy bygelyks wolris ferteld oer de spultsjes dy’t se dienen? En liket harren boartersguod noch op it boartersguod dêr’tsto no mei boartest? […]

Dit is de Afûk boeketip 10 fan july

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Nij by de Afûk: De lytse walfisk

De kleine walvis van Benji Davies is ûnderwilens in moderne klassiker mei mear as 100.000 ferkochte eksimplaren yn Nederlân en Flaanderen. Dit prachtige printeboek is der no ek yn it Frysk!

Boek Lida Dijkstra nominearre yn Flaanderen

De jeugdroman ‘Het beest met de kracht van tien paarden’ fan de Fryske skriuwster én Berneboekeambassadeur Lida Dijkstra is nominearre foar de Kinder- en Jeugdjury Vlaanderen (KJV), yn de kategory fan 12- oant 14-jierrigen. Oant april 2021 kin der stimd wurde.

In Frysk boek by de boadskippen

Boeken keapest al lang net mear allinne yn in boekwinkel. In soad supermerken bygelyks, hawwe – neist strips en tydskriften – ek in beheind oanbod oan boeken. Njonken it Nederlânsktalige oanbod stelt Boeken fan Fryslân supermerken, mar ek oare winkels, no yn de gelegenheid om ek Fryske boeken oan it assortimint ta te foegjen. Ferskate […]

Dichter fan Fryslân ‘on tour’ by middelbere skoallen yn Fryslân del

Wêrom kinne literatuer en poëzy sa moai wêze? De Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, jout it antwurd yn in literêr lesprogramma dat hy spesjaal foar middelbere skoallen yn Fryslân makke hat. Fan hjoed ôf kinne alle middelbere skoallen yn Fryslân fia de webside fan Dichter fan Fryslân in fergees skoaloptreden boeke foar it kommende […]

‘Fjoertoer yn it wâld’ is de nije dichtbondel fan Arjan Hut

De presintaasje fan de nije dichtbondel fan de Ljouwerter skriuwer en dichter Arjan Hut (Drachten 1976) fûn freed 12 juny ll. plak as ûnderdiel fan in sfearfolle, útferkochte en tige slagge ‘sneak peek Fryske poëzy’ yn de Westertsjerke yn Ljouwert. Hut dielde dêr it poadium mei Elmar Kuiper en Sigrid Kingma dy’t ek foardroegen út […]

Berneboeke-ambassadeur oerlanget Lêskoffers oan alle basisskoallen yn Opsterlân

De gemeente Opsterlân hat as earste Fryske gemeente foar al har 22 basisskoallen in besite fan de Berneboeke-ambassadeur regele. Ut namme fan de VCSO en Comprix skoallen Opsterlân hat de wurkgroep Schrijvers in school it inisjatyf hjirfoar naam. Neist de besiten krije alle 22 basisskoallen ek de Lêskoffer fan de gemeente. De koffers binne tongersdei […]

‘Sipke fynt in ljipaai’ foar basisskoallen Dantumadiel en Noardeastfryslân

De maitiid is begûn; dat rûkst, de sinne skynt, de beammen binne grien, de blommen bloeie en de fûgels fluitsje. De ljippen binne werom yn Fryslân. Krekt as ferline jier. Krekt as is der neat oan de hân en is der gjin koroanafirus. Sûnt koart kinne de bern wer nei skoalle, mar kinne de normale […]

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, skreau  in oade oan de fakânsje yn eigen provinsje.

It belang fan it Frysk yn de bou

Yn it magazine Ondernemend Friesland fynst yn de edysje fan juny 2020 in moai artikel oer it belang fan de Fryske taal yn de bou. Mei it Frysk stiest tichter by de klant.

In healjier Frysk studearje oan NHL Stenden

Alle jierren lûkt de learare-oplieding Frysk fan NHL Stenden, de iennige oplieding Frysk op hbû-nivo yn Nederlân, in klasse fol nije studinten. De measten binne minorstudinten, dy’t in healjier Frysk studearje yn it ramt fan in oare oplieding. Wat driuwt dy studinten en om watfoar studinten giet it?

Anne-Goaitske Breteler en Sytze de Haan begjinne Fryske podcast

De freonen Anne-Goaitske Breteler fan Ternaard en Sytze de Haan fan Holwert ha betocht om in podcast te meitsjen. Doel: it Frysk wat tichterby bringe. Beide ha se hiel wat ôfreizge en sjoen, mar by beide komt de leafde foar Fryslân en it Frysk altyd wer boppe driuwen. De podcast hyt: Frysk Bloed, Tsjoch!

Afûk-meiwurkers jouwe boeketips foar folwoeksenen

De ôfrûne perioade waarden hiel wat boeken opfretten, dus wy kinne ús goed foarstelle dat elkenien wol wat nije boeketips brûke kin. Meiwurkers fan de Afûk hawwe dêrom harren favorite boek(en) foar dy op in rychje setten. Ynkoarten folget diel 2 mei in tal berneboeken, mar no earst tips foar folwoeksenen!  

Afûkside yn de Ljouwerter Krante

Fan juny oant en mei (foarearst) desimber 2020 ferskynt op alle earste sneonen fan de moanne in side fan de Afûk yn de Leeuwarder Courant. In side mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei ûnder oaren nijsgjirrige boeketips en in ‘blinder of blunder’. De earste is der moarn, sneon 6 juny […]

Sa’n hip Praat mar Frysk mûlekapke wolsto ek!

En dat kin! Se binne te keap yn ús Fryske boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert of te bestellen fia ús websjop.

Literêre projeksjes

Sûnt it begjin fan de lockdown ferskynt der alle jûnen by it ynfallen fan it tsjuster earne yn Ljouwert in tekst op in gebou. Leeuwarden UNESCO City of Literature helpt de makkers sûnt koart op lytse skaal troch sitaten fan Fryske dichters oan te leverjen.

Frysk kadoboek 2021 fan Hilda Talsma / 6 maart Boekefeest!

Skriuwster Hilda Talsma (1971) út Warten skriuwt it Fryske kadoboek 2021. Yn 2011 ferskynde har earste roman ‘De Twadde Hûd’. Meast resint ferskynde har njoggende roman ‘De Onnie’s en ‘It hynstebal’ (2019). Yn 2017 skreau se it jeugdboek ‘Slangen ûnder it bêd’ en it lêste diel fan de Wyn-trilogy ‘Wyn fan de winners’. Neist skriuwster […]

Fjouwer nije aventoeren fan Tomke!

By de Afûk binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd. Foar alle seizoenen hat Geartsje Douma in moai ferhaal op rym skreaun. Luuk Klazenga soarge foar de oansprekkende yllustraasjes.

Deadline foar ynstjoerings lange koartproazajûn mei moanne ferlinge

Frysk literêr tydskrift Ensafh hat begjin fan it jier in oprop dien ta it skriuwen fan tige koarte ferhalen foar de Lange koartproazajûn dy’t op 27 novimber yn De Bogt fan Guné te Frjentsjer holden wurdt. De falbile wie 1 juny, mar dy is ferskood nei 1 july 2020. Wy meie fanwegen de koroanakrisis noch altiten […]

Praat mar Frysk yn ’e soarch!

Praat mar Frysk gie op besite by soarchgroep Noorderbreedte. Oer it Frysk yn ‘e soarch en hoe fijn it wêze kin ast dy yn dyn memmetaal útdrukke kinst. NB dizze fideo is opnommen foar’t de RIVM-maatregels fan krêft wienen.

Afûkwinkel op pinkstermoandei ticht

Moandei 1 juny, twadde pinksterdei, is de Afûkwinkel ticht. Tiisdei 2 juny bist wer fan herte wolkom! Sjoch hjir foar de aktuele iepeningstiden. De websjop fan de Afûk is fansels 24/7 iepen. Wol kin it wêze dat websjopbestellingen yn ferbân mei it lange pinksterwykein wat letter binne. Sjoch foar de websjop fan de Afûk hjir.

de Moanne nr. 2 leit foar dy klear!

Farsk fan de printer: de Moanne nr. 2. It earste nûmer mei in ‘redaksjoneel’ fan ús nije haadredakteur Amarens Geveke en mei lykas wenst in nijsgjirige en ynteressante miks oan kollums, ynterviews, (eftergrûn)ferhalen en oare bydragen yn it Frysk en it Nederlânsk. Ein maaie by alle abonnees op de matte en foar oaren te keap […]

Trije winners skriuwwedstriid StUFT bekendmakke

De winners fan de skriuwwedstriid fan StUFT, Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel, binne moandei bekendmakke. De winners soene bekend makke wurde op it jubileumfeest, mar dat koe net trochgean fanwegen de koronamaatregels.

Tomke rommet op

Tomke hat wat tefolle boeken en oar guod yn de kast stean en rommet op. Hy docht in hiele protte foar lytse pryskes fuort, dus wês der gau by, want op is op!

Earste Fryske Facebookroman ferskynd by de Afûk: De raven

“Al wie ik, doe’t ik op 23 maaie op Facebook in optocht stikje oer in broer skreau, alhiel net fan doel om dêr in feuilleton fan te meitsjen, dat is wat it waard.” No, in jier letter, ferskynt it doe skreaune feuilleton fan Elske Schotanus as alderearste Fryske Facebookroman by de Afûk.

Meldpunt Fryske taal iepen fan 11 maaie 2020 ôf

Ynwenners fan Fryslân kinne fan 11 maaie ôf foar alle fragen en meldingen oer it gebrûk fan de Fryske taal terjochte by it Meldpunt Fryske taal. Dat kin gean oer fragen oer Frysk yn it  ûnderwiis of bygelyks it gebrûk fan de Fryske taal by de gemeente. Foar 450.000 ynwenners fan de provinsje is it […]

De Afûkwinkel is wer iepen!

Fan freed 8 maaie ôf is de Afûkwinkel wer iepen neffens besteande iepeningstiden fan moandei o/m sneon. Fansels mei yn achtnimming fan de jildende lanlike koroanamaatregels. Dêrby freegje wy ek fan ús klanten rekken te hâlden mei krekt neamde maatregels.

Fergees e-book foar bern oer it coronafirus

‘Coronafirus, in boek foar bern’ is in fergees Frysktalich e-book oer it coronafirus, spesjaal makke foar bern en harren famyljes. Medyske eksperts, bernepsychologen en ûnderwizers hawwe mei-inoar soarge foar in ienfâldige útlis oer it coronafirus foar bern yn de leeftiid fan 5 oant 10 jier.

Omrop Fryslân Tsjil: nije app mei Fryske filmkes foar bern

Omrop Fryslân komt mei in nije app spesjaal foar bern: Omrop Fryslân Tsjil. Bern kinne dêrmei yn in feilige omjouwing Fryske filmkes besjen dy’t foar harren leeftiid geskikt binne. Omrop Fryslân hat de app ûntwikkele omdat bern en jongeren hieltyd faker programma’s en filmkes besjogge fia apps en social media.

Nij Taalkado by oanjefte fan in berte

Fan dizze wike ôf krije âlden in nij fleurich Taalkado fan de provinsje Fryslân at sy berte-oanjefte dogge by in dielnimmende Fryske gemeente. Sûnt 2008 jout de provinsje Fryslân in bertegeskink út, dat earder ek wol it ‘Taaltaske’ hjitte. It Taalkado sit fol leuke en edukative produkten dy’t âlden en jonge bern op boartlike wize […]

Gedicht Dichter fan Fryslân te lêzen fanút de loft

Nyk de Vries skreau as Dichter fan Fryslân foar it projekt ‘Fryslân fan Boppen’ in gedicht dat oer de strannen fan de fjouwer Fryske Waadeilannen útskreaun waard. De bewenners fan de Waadeilannen skreaune op alle fjouwer eilannen in strofe út op it strân.

Poëzy foar bewenners fersoargingstehuzen

Op freed 24 april binne by 88 lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen rûnom yn de provinsje Fryslân poëzykaarten besoarge foar de goed 5.000 bewenners. It is in aksje fan Leeuwarden UNESCO City of Literature yn gearwurking mei Dichterskollektyf RIXT.

Wat in koffer seit, fersen út Theresienstadt

As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Op 24 april ferskynt by útjouwerij Afûk de twatalige bondel Wat in koffer seit, fersen út Theresienstadt, skreaun yn […]

Oant 10 maaie noch ynstjoere foar de Rely

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 10 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.

Skriuwwedstryd: ferslaan Grutte Pier … mei wurden

Dit jier is it 500 jier lyn dat de Fryske frijheidsstrider Pier Gerlofs Donia, better bekend as Grutte Pier, stoar. It berteplak fan Pier is Kimswert en dêr ûntstie it inisjatyf om doarpsgenoat Pier te betinken mei in skriuwwedstryd.

Fryske Foarlêswike útsteld

Goed 600 foarlêzers geane alle jierren yn de earste folle wike fan juny op ’en paad om rûnom yn ’e provinsje foar te lêzen oan goed 12.000 pjutten. De foarlêzers nimme mei-inoar sa’n 18.500 nije Tomke-temaboekjes mei, dat de bern nei it foarlêzen op de pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by de gastâlders mei nei hús krije. […]

Bisto ek ta oan in praatsje of in moai ferhaal?

We komme der allegear minder út, minder ûnder de minsken. Allerhanne inisjativen binne der om dochs yn kontakt mei elkoar te kommen en ferdivedaasje te bringen. Dat bart op in hiel soad ferskillende wizen online mar kin ek ‘gewoan’ mei de telefoan. En yn it Frysk. By UP! kinne âlderen elkoar bygelyks no moetsje yn […]

Fûgels fan Fryslân yn Vroege Vogels

Eltse streek yn Nederlân hat syn eigen fûgelnammen. Sa hjit bygelyks in ‘winterkoninkje’ yn Noard-Hollân in ‘klein jantje’ en neame se de ‘fuut’ yn Grinslân in ‘doeker’. Yn it programma ‘Vroege Vogels’ op NPO radio 1 gie it snein 3 april 2020 oer Fryske fûgelnammen. De ljip en de skries kenne we allegear wol dochs? […]

Corona, korona of koroana?

De Fryske Akademy hat in wurdlist opsteld mei frekwinte wurden dy’t te meitsjen hawwe mei de koroanaútbraak. De list wol advys jaan oer de skriuwwize fan de nije wurden dy’t yn ferbân mei de koroanakrisis ûntstien binne. De wurden yn de list binne stavere neffens de regels dy’t de Provinsje Fryslân yn 2015 fêststeld hat.

Twadde subsydzjemooglikheid Proeftuin Meertaligheid

De ‘Culturele Regeling Proeftuin Meertaligheid’ makket it mooglik subsydzje oan te freegjen foar provinsje-oerstiigjende produksjes wêryn’t (streektaal)meartaligens in rol spilet. De deadline foar de earste tender wie 1 maart 2020. Dy foar de twadde en lêste mooglikheid om subsydzje oan te freegjen is 1 juny 2020.

Frysk Diktee ferset nei 16 juny 2020

Fanwegen it koronafirus dat omgiet, kinne der oant 1 juny gjin eveneminten holden wurde yn Nederlân. Dêrom geane it Grut en Lyts Frysk Diktee op 21 april net troch.

Sjong dan

Sjongeres Janneke Warringa en pianist Peter van der Zwaag kamen dizze krisistiid op it idee om in liet op te nimmen dêr’t minsken wat oan hawwe. No’t de wrâld op syn kop stiet, der gjin wissicheid mear is, in soad minsken bang binne en ûnwis, wolle sy troch dit liet besykje de minsken – dy, […]

DINGtiid siket in bestjoerslid (m/f) foar portefúlje Fryske taal en kultuer

It bestjoer fan DINGtiid nûget jo út om jo belangstelling kenber te meitsjen foar de fakatuere fan bestjoerslid fan DINGtiid. DINGtiid is it advysorgaan foar de Fryske taal en hat, sa’t yn de Wet gebrûk Fryske taal (2014) stiet, as taak om de gelikense posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân te befoarderjen.

Amarins Geveke nije haadredakteur ‘de Moanne’

Amarins Geveke (1974) is mei yngong fan 1 april de nije haadredakteur fan kultureel tydskrift ‘de Moanne’. Geveke is direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân, presintator en gearstaller fan de talkshow IepenUP en wie earder redakteur en ferslachjouwer by Omrop Fryslân.

Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

As Dichter fan Fryslân treedt Nyk de Vries op as poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt syn gedichten ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje. Hoe kin it dan oars dan dat syn nijste gedicht hannelet oer it korona-firus.

Thús Frysk leare mei de digitale metoaden fan de Afûk

Learlingen leare Frysk op skoalle mei Spoar 8 of Searje 36. Dizze metoaden fan de Afûk wurde oanbean yn in digitale learomjouwing. Dat hat as grut foardiel dat learlingen net allinnich op skoalle, mar ek thús mei it Fryske lesmateriaal oan de slach kinne no’t de measte skoallen ticht binne.

Nij by útjouwerij Afûk: Lippebiter fan L., gedichten fan Anne Feddema

Nij wurk fan Anne Feddema én in seleksje fan it bêste wurk út syn eardere dichtbondels. Boppedat presintearret de dichter him mei dizze bondel foar it earst folslein meartalich.

Al 200 kandidaten foar it Grut Frysk Diktee

Der is in soad belangstelling foar it Grut Frysk Diktee dat op 21 april holden wurdt. Fan heal febrewaris ôf hawwe al 200 minsken it kwalifikaasjediktee makke. De foarsitter fan de organisaasje fan it Grut Frysk Diktee Hindrik Sijens is optein: “Noch net earder wiene der safolle minsken dy’t kâns meitsje woenen op in plakje yn […]

Nij ferskynd by de Afûk: Silke & Miss Dee

Silke & Miss Dee is in prachtich nij lêsboek fan skriuwster Baukje Wytsma (Reduzum) en yllustratrise Carla van der Heijde (Ljouwert). Utjouwer Ernst Bruinsma oer dizze nije útjefte: ‘It is fantastysk om te sjen hoe’t Baukje Wytsma nei jierren wer mei in berneboek komt dat oer in fertroud tema giet, freonskip en fertrouwen, mar tagelyk […]

Winners skriuwwedstriid fan Tresoar binne bekend

Op de skriuwwedstriid fan Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar ‘wat betsjut frijheid foar ús?’ binne 19 gedichten en 9 ferhalen ynstjoerd. Oanlieding om de wedstriid út te skriuwen, is it feit dat 75 jier lyn in ein oan de Twadde Wrâldoarloch kaam. De sjuery, besteande út Doeke Sijens, Eric Hoekstra en Nienke Jet de […]

Portret Aggie van der Meer tafoege oan Gysbert-galery

Tresoar hat in nij portret tafoege oan de searje Gysbert Japicxpriiswinners. It is al hast in tradysje wurden dat de Gysbert Japicxpriiswinner in skildere portret kriget yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar. Yn 2019 wûn Aggie van der Meer (1927) fan Boalsert de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre. Douwe Elias fan Frjentsjer hat har […]

‘de Moanne’ siket in nije haadredakteur m/f

Mei’t haadredakteur Ernst Bruinsma per 1 jannewaris 2020 saaklik lieder fan City of Literature Ljouwert wurden is, is er per dy datum stoppe mei syn wurk foar ‘de Moanne’. Dêrom siket ‘de Moanne’ op koarte termyn in nije haadredakteur (m/f) foar 8 oeren wyks.

No ek omtinken foar berneboeken op Sirkwy

Op Sirkwy is in begjin makke om ek boekprofilen oan te bieden fan berneboeken. De nominearren fan de Simke Kloostermanpriis 2019 binne as earste oan bar. De boeken fan 2016 steane der al yn, lykas Lytse Protter fan Baukje Wytsma en Siem en Sanne sjogge Sint Piter fan Hendrika Vis-de Ruiter. Ek It deiboek fan Janny van der Molen út 2019 stiet al beskreaun.

Ynsjoch yn de psyche fan de minderheidstaalsprekker

Fan 6 o/m 8 febrewaris binne oan ‘e Universiteit fan Valencia trainingen jûn oer taalassertiviteit troch prof. Ferran Suay yn it ramt fan it Erasmus+-projekt LISTEN. De Afûk is partner yn dit projekt en riedt op dit stuit treningen en byienkomsten ta oer dit ûnderwerp.

De Proeftuin Meertaligheid fan We the North: profitearje der fan en doch mei

Op inisjatyf fan it Ministearje fan OC&W en de trije noardlike provinsjes is yn 2016 it programma We the North útein setten. Doel is om it saneamde kulturele ekosysteem yn it noarden te fersterkjen troch programmatyske gearwurking. De ‘Proeftuin Meertaligheid’ is dêr in ûnderdiel fan.

Oprop ta tige koarte ferhalen foar de lange koartproazajûn

Der binne al in skoft lûden te hearren yn literêr Fryslân dat Frysk proaza oan ’e krapperein komt mei al dy poadia, kollektiven en projeksjes foar poëzije. Proaza lient him likegoed om foardroegen te wurden, proaza is net allinnich foar ûnder de skimerlampe. Frysk literêr tydskrift Ensafh hat dy útgjalpen heard en organisearret dêrom de […]

Online kwalifikaasje Grut Frysk Diktee los

De kwalifikaasje foar it Grut Frysk Diktee 2020 is los. Minsken dy’t meidwaan wolle moatte harren kwalifisearje. Dat kin fan no ôf oant 16 maart online fia de website www.fryskdiktee.nl.

Literêre jûnen yn maart

Alle literêre programma’s binne foarearst ANNULEARRE. Nije data wurde letter fia dizze webside en social media kanalen bekend makke. Oer de maatregels dy’t de Afûk fierder nimt yn ferbân mei de korona-krisis kinst hjir mear lêze.

KfdK Arno Brok nimt printeboek Kening & Kening yn ûntfangst op Falentynsdei 

Ta eare fan it 20-jierrich jubileum fan it printeboek Kening & Kening komt it boek op Falentynsdei foar de twadde kear yn it Frysk út. De makkers fan it boek, Linda de Haan en Stern Nijland, gean by de skoallen del om foar te lêzen, in workshop te jaan en te praten oer diversiteit. Sy […]

Annejet van der Zijl spesjale gast op literêre jûn yn Ljouwert

Bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl is dit jier de spesjale gast op de literêre jûn yn Ljouwert op sneon 7 maart. Oanlieding foar har komst is de start fan de Boekewike én it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is […]

Nij ferskynd! Silke & Miss Dee

De âlde Miss Dee dy’t yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it […]

Gean mei dyn klasse nei in foarstelling fan Tryater (8+)

Nei it sukses fan de kleuterfoarstelling In dei út it knisterjende libben fan in pûdsje makket Karlijn Kistemaker diskear foar Tryater de 8+ foarstelling Dit wie it waar wer. In muzikale waarsensaasje wêrby’t de temperatuer heech oprinne kin en CO2 oeral op de loer leit.

BoekWinterBoekfeest 2020: in geweldige jûn!

Smûk! Noflik! Joppech! In geweldige jûn! Man, o man, wat ha ik lake! En mear fan soks en dat alles mei tank oan Boeken fan Fryslân, mar benammen oan Martsje de Jong en Hilda Talsma.

Nyk de Vries skriuwt Grut Frysk Diktee 2020

Nei it geweldige sukses fan it Grut Frysk Diktee fan 2018, op it Aldehoustertsjerkhôf, mei mear as 600 dielnimmers, wurdt der dit jier op tiisdeitejûn 21 april wer in ‘gewoan’ Grut Frysk Diktee hâlden yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. It diktee wurdt diskear skreaun troch de Dichter fan Fryslân Nyk de Vries. […]

Nij gedicht fan Dichter fan Fryslân Nyk de Vries

Hjoed giet de poëzijwike los mei de Nasjonale Gedichtedei. Nyk de Vries, Dichter fan Fryslân, skreau spesjaal foar dizze dei it gedicht ‘Unwis’.

Fryske berneferskers op Spotify

Fan no ôf kinst in hiel soad Fryske berneferskes ek beharkje fia Spotify. In hiel soad ‘old time favorites’ mar ek nije ferskes. Wat in feest!

Fryske berneferskers op Spotify

Fan no ôf kinst in hiel soad Fryske berneferskes ek beharkje fia Spotify. In hiel soad ‘old time favorites’ mar ek nije ferskes. Wat in feest!

Friese kinderliedjes op Spotify

Vanaf nu kun je héél veel Friese kinderliedjes ook beluisteren via Spotify. Heel veel ‘old time favorites’ mar ook nieuwe liedjes. Wat een feest!

Rely-priisfraach 2020 iepensteld

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2020 is iepensteld. It is de 66ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei […]

Rely-priisfraach 2020 iepensteld

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2020 is iepensteld. It is de 66ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei […]

Earste edysje fan BoekWinterBoekfeest yn Snits

Yn neifolging fan it BoekSimmerBoekfeest organisearret Boeken fan Fryslân no it BoekWinterBoekfeest. In feest foar skriuwers, lêzers en elk dy’t ynteressearre is yn moaie ferhalen. Foar dizze earste edysje fan it BoekWinterBoekfeest is in Ferhalewedstriid útskreaun. De winner fan de wedstriid wurdt op it feest sels bekend makke en mei syn of har ferhaal foardrage oan […]

Earste edysje fan BoekWinterBoekfeest yn Snits

Yn neifolging fan it BoekSimmerBoekfeest organisearret Boeken fan Fryslân no it BoekWinterBoekfeest. In feest foar skriuwers, lêzers en elk dy’t ynteressearre is yn moaie ferhalen. Foar dizze earste edysje fan it BoekWinterBoekfeest is in Ferhalewedstriid útskreaun. De winner fan de wedstriid wurdt op it feest sels bekend makke en mei syn of har ferhaal foardrage oan […]

Lida Dykstra offisjeel ynstallearre as Berneboeke-ambassadeur

Lida Dykstra is woansdeitemoarn ynstallearre as Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. De kommende twa jier sil Lida de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan. Op School Loevestein op ’e Gordyk mocht wethâlder Libbe de Vries de amtsketting by Lida om ’e nekke hingje, it teken dat sy offisjeel yn tsjinst is as […]

Lida Dykstra offisjeel ynstallearre as Berneboeke-ambassadeur

Lida Dykstra is woansdeitemoarn ynstallearre as Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. De kommende twa jier sil Lida de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan. Op School Loevestein op ’e Gordyk mocht wethâlder Libbe de Vries de amtsketting by Lida om ’e nekke hingje, it teken dat sy offisjeel yn tsjinst is as […]

Nij ferskynd by de Afûk

Mar leafst trije nije titels binne ferskynd by útjouwerij Afûk. Ntrije55 is de titel fan de nije dichtbondel fan Elske Kampen. Foar de allerjongste bern is der in prachtich boek mei flapkes: Wekker wurde! En foar kleuters in boek oer famylje: It grutte famyljeboek.

Nij ferskynd by de Afûk

Mar leafst trije nije titels binne ferskynd by útjouwerij Afûk. Ntrije55 is de titel fan de nije dichtbondel fan Elske Kampen. Foar de allerjongste bern is der in prachtich boek mei flapkes: Wekker wurde! En foar kleuters in boek oer famylje: It grutte famyljeboek.

Nij ferskynd by de Afûk

Mar leafst trije nije titels binne ferskynd by útjouwerij Afûk. Ntrije55 is de titel fan de nije dichtbondel fan Elske Kampen. Foar de allerjongste bern is der in prachtich boek mei flapkes: Wekker wurde! En foar kleuters in boek oer famylje: It grutte famyljeboek.

Nei 25 jier gjin nije aventoeren mear fan Bear Boeloe

“Bear Boeloe, Bear Boeloe, Boeloe de bear, wat oh wat belibbet er dizze kear.” Ferskate generaasjes binne opgroeid mei dat ferske en de aventoeren fan Bear Boeloe. 25 jier nei de start fan it programma yn jannewaris 1995 komt der in ein oan de ferhalenrige en wurde der gjin nije ôfleveringen mear makke. Dat waard […]

Basisskoallen kinne har wer opjaan foar it Sjongfestival

‘Vak Fries laat nog steeds te wensen over’ kopte de Ljouwerter Krante ein 2019. De ûndúdlikens is wol begryplik, want hoe moatst no oan dy kearndoelen foldwaan? Mei it Sjongfestival wurkest oan meardere kearndoelen Frysk. It projekt is boppedat fakoerstiigjend, want do wurkest oan Frysk, muzyk én beweging.

Nijsgjirrige kursussen by Tresoar

​By Tresoar wurde regelmjittich kursussen organisearre op it gebiet fan Fryske literatuer en skiednis. Ek de kommende moannen sette wer in tal nijsgjirrige kursussen útein.

Earste Frysktalige supermerken dizze wike iepene

Yn oktober die de Afûk in oprop oan supermerkûndernimmers yn Fryslân om it Frysk yn harren winkels mear sichtber te meitsjen. Meardere ûndernimmers hawwe dêrop reagearre en nei oanlieding dêrfan wurde dizze wike de earste twa Frysktalige supermerken offisjeel iepene. ‘Alles ûnder ien dak’ yn Eastermar en de Albert Heijn yn Damwâld binne fan freed […]

Doch mei oan de ferhalewedstriid fan Boeken fan Fryslân

Stichting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers, yn it ramt fan it BoekWinterBoekfeest, dat op freed 31 jannewaris 2020 yn Café de Bakkersdochter yn Snits holden wurdt. Elkenien wurdt fan herten útnûge om in koart ferhaal fan 500 à 600 wurden te skriuwen yn it Frysk of yn ien fan de […]

de Moanne nr. 7 komt der oan

Dit jier is it 50 jier lyn dat de earste Trotwaer útkaam. Yn dit nûmer sjogge wy in bytsje werom, fierders binne wy gewoan by de tiid. Alles ûnder de titel ‘Wat wit ik fan dizze wrâld?’. Send in the literature dus. Rûn 21 desimber by alle abonnees op ‘e matte en yn de losse […]

Projekt ‘Poetic Potatoes’ wint Piter Jellespriis 2019

It poëtysk útwikselingsprojekt ‘Poetic Potatoes’ wûn justerjûn yn de Oranjeseal fan it Ljouwerter stedhûs de Piter Jellespriis foar de Letteren 2019. De literêre priis is moandei troch wethâlder Sjoerd Feitsma oan de stichting De Bildtse Aardappelweken oanbean. De sjuery bestie út Goffe Jensma, Kirsten van Santen en Coen Peppelenbos.

Nije útjeften fan Utjouwerij Afûk

By Utjouwerij Afûk is by gelegenheid fan de hûndertste bertedei fan Anne Wadman ferskynd ‘Anne Wadman ‘It tipelsinnich bousel, ik’. Soan Thys Wadman, skriuwer en gearstaller, waard by de presintaasje op 30 novimber ferrast mei in oare útjefte fan de Afûk dy’t dyselde dei ferskynde, nammentlik ‘It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen’ fan Hylkje Goïnga, […]

Ferhalewedstriid oer 75 jier frijheid

Takom jier is it 75 jier lyn dat der in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. Wy libje 75 jier yn frijheid, mar wat betsjut dat foar ús? Wat is frijheid presys? Wurdearje wy de frijheid noch genôch? Wat is it effekt fan it frij wêzen foar ús? Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar ropt skriuwers en dichters […]

Kultureel libben moat Fryslân yn beweging hâlde

In bloeiend kultureel libben dat soarget foar beweging yn de Fryske mienskip. Dat is wêr’t de provinsje Fryslân har op rjochtet mei de nije beliedsnota Nij Poadium foar de perioade 2021 oant en mei 2024. Yn dat plan steane ambysjes foar keunst, kultuer, taal, ûnderwiis en erfgoed. Dy freegje foar de hiele perioade om in […]
Foto: Istock

Trije kandidaten bekend Piter Jelles Priis voor de Letteren

Dichteres Elske Kampen, it poëzyprojekt Poetic Potatoes en skriuwster Jannie Regnerus meitsje noch kâns op de literêre Piter Jelles Priis voor de Letteren. De Moanne, it tiidskrift dat útjûn wurdt troch de Afûk, wie belutsen by Project Poetic Potatoes. De literêre priis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt oan in persoan of projekt […]

Ferskynd by de Afûk: Leeuwarden gezien door W.H. Kuipers

Wiebren Hendrik Kuipers (1918-1988) wie yn de jierren fyftich fan de foarige iuw de earst betelle foarljochtingsamtner fan de gemeente Ljouwert. Syn funksje brocht mei dat W. H. Kuipers foto’s makke fan de stêd Ljouwert. Yn de rin fan de jierren hat hy de stêd fêstlein op tûzenen foto’s.

Nyk de Vries is de nije Dichter fan Fryslân

Nyk de Vries is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Poepjes beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Nyk de Vries folget Eeltsje Hettinga op dy’t hjoed ôfskied naam fan syn funksje as earste Dichter fan Fryslân.

Projekt oer “European Charter Classroom Activities” út ein set

De “European Charter Classroom Activities” (ECCA) is in projekt dat  troch it NPLD honorearre is mei in finansjele bydrage. Comun General de Fascia (Province of Trento) is de leadpartner. It doel fan it projekt is om kennis te fersprieden oer de European Charter of Regional or Minority Languages (ECRML) troch it meitsjen fan ferskate lesmaterialen […]

Suksesfolle start Listen-projekt yn Valencia

De earste gearkomste fan it Listen-projekt is hâlden yn Valencia op 22-23 oktober. De partners:  Universitat de Valencia, ELEN, Conradh na Gaeilge, Consiglio Nazionale Delle Ricerche, IAITH: Welsh centre for language planning, Universitatae Sapientia Din Municipiul Clujnapoca troffen inoar dêr foar it earst. It Listen-projekt is in Erasmus+ projekt en draait hielendal om taalassertiviteit. It […]

Afûk tekenet ‘Bijenpact’

De Afûk hat ôfrûne freed in ‘Bijenpact’ sletten. Dat hâldt yn dat der no in krúsbestowing fêstlein is tusken de bioferskaat en de Fryske taal. Mei noch 16 oare organisaasjes slacht de Afûk de hannen ynien om oplossingen te betinken foar de grutte stjerte ûnder bijen.

Eeltsje Hettinga skriuwt lêste gedicht as Dichter fan Fryslân

Eeltsje Hettinga hat as Dichter fan Fryslân syn lêste gedicht skreaun, tongersdei wurdt syn opfolger presintearre. It gedicht is spesjaal makke foar skriuwster Aggie van der Meer, dy’t yn septimber te hearren krige dat sy de Gysbert Japicxpriis wûn hat en sneon de priis yn ûntfangst nimt.

Earste eksimplaar fan ‘It Grutte Foarlêsboek II’ yn ûntfangst naam troch Aart Staartjes

By de Afûk is ôfrûne sneon 9 novimber it twadde diel fan ‘It Grutte Foarlêsboek’ ferskynd. Yn it boek steane mear as sechstich ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes foar bern fan 2 o/m 6 jier. It earste eksimplaar waard mids sa’n 175 belangstellende heiten en memmen yn ûntfangst naam troch bekend Sesamstraat-akteur Aart Staartjes. It boek […]

Feestlike ynstallaasje nije Dichter fan Fryslân

Op tongersdei 21 novimber wurdt de nije Dichter fan Fryslân beneamd. De beneaming fynt plak om 16.00 oere yn de Stadskas fan Explore the North op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.
Foto: Istock

11 kandidaten selektearre foar literêre Piter Jellespriis 2019

Alve kandidaten meitsje dit jier kâns op de ‘Piter Jellespriis voor de Letteren’. Under de kandidaten sitte trije produksjes fan de Afûk, Kapstôk fan Tsead Bruinja, Ynbyld fan Elske Kampen en De parallaks fan Janneke Spoelstra. Dêrneist wie de Moanne belutsen by it projekt Project Poetic Potatoes. De Piter Jellespriis wurdt ien kear yn de […]

Ljouwert beneamd ta UNESCO City of Literature

Ljouwert is útroppen ta UNESCO City of Literature. UNESCO hat dat juster bekendmakke. Mei dy titel makket Ljouwert offisjeel diel út fan in wrâldwiid netwurk fan literatuerstêden. “De titel is in erkenning foar ús taal, literatuer en de meartalichheid fan Fryslân”, sa seit saaklik lieder Ernst Bruinsma.

Pak hjir jo winkelwein: Frysk yn ‘e supermerk

By in soad supermerken yn Fryslân stiet no noch de tekst ‘Haal hier uw winkelwagen’. As it oan Praat mar Frysk fan de Afûk leit wurdt dat meikoarten ‘Pak hjir jo winkelwein’, want Praat mar Frysk wol wurk meitsje fan mear Frysk yn en om de supermerk en is dat ek al oan it tarieden. […]

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, hat in nij fers makke ta gelegenheid fan de iepening fan Campus Fryslân yn Ljouwert. De Nederlânske oersetting is fan Elske Schotanus.

Fan hjoed ôf yn de boekhannel: Karlsson fan it dak

It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op ‘e rêch en in startknopke op ‘e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa’n mantsje. En Erik ken net ien dy’t sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar […]

Instore concerttour WIEBE

Op sneon 26 oktober toert de band WIEBE lâns ferskate boekhannels om harren nije album ‘Y’ te promoatsjen. Op dy saneamde instore concerttour is de band op mar leafst fiif ferskillende lokaasjes te sjen en te hearren en fansels is der gelegenheid om it album sinjearje te litten. De dei begjint om 11.00 oere yn […]

Sjuery fan de Lytse Gysbert Japicxpriis 2019 bekend

De Lytse Gysbert Japicxprijs is de priis foar it bêste Fryske gedicht fan bern fan groep 7 en 8 fan de basisskoalle. Dy priis makket diel út fan it edukative oanbod fan it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert om bern mear bewust te meitsjen fan de Fryske taal en it belang fan Gysbert Japicx foar it […]

Boargemaster Buma lêst Frysk ferhaal by foarlêslunch yn Abbingahiem

Op tongersdei 17 oktober 2019 lêst boargemaster Buma yn it Frysk foar yn wensoarchsintrum Noorderbreedte Abbingahiem yn Ljouwert. De middei wurdt organisearre yn it ramt fan de Nationale Voorleeslunch. It ferhaal fan dit jier is op fersyk fan de Leescoalitie skreaun troch Maarten Spanjer. De Fryske oersetting dy’t Buma foarlêze sil, is makke troch Ytsje […]

‘Skrinende ferealens’, in filmportret fan Aggie van der Meer troch Omrop Fryslân

‘Skrinende ferealens’ (Schrijnende verliefdheid) is de titel fan in Fryslân DOK oer skriuwster Aggie van der Meer (1927). Yn novimber ferskynt har boek ‘Tsjûgen fan de macht’ en kriget se de Gysbert Japicxpriis foar har hiele literêre oeuvre.

Skriuwoprop: Wat wit ik fan dizze wrâld?

Under dizze titel wol de redaksje fan de Moanne oan it ein fan it jier in folslein literêr nûmer meitsje. Is dit de wrâld wêryn’t wy ús thús fiele? Meitsje wy ’m kapot of krekt noch wat moaier? Wat seit it eins oer ús dat wy fan de Stichting Ideële Reclame in kampanje oanbean krije mei as titel […]

Janny van der Molen praat mei bern út Reduzum oer Reade Geartsje

De lytse wente dêr’t se mei har âlden yn Reduzum wenne, stiet der net mear. Har namme wie eins al fergetten. Mar sûnt it okkerdeis ferskinen fan it twatalige It Deiboek fan skriuwster Janny van der Molen komt Redúster Geertje Kleefstra wer ta libben. 

Afûk jout boek út om hûnen Frysk te learen

Altyd al Frysk leare wollen, mar gjinien om mei te oefenjen? Foar hûnebesitters hat de Afûk no de oplossing: ‘Leer je hond Fries’. Mei dit boekje learst dysels en dyn hûn stap foar stap Fryske wurden en sinnen. It boekje wurdt op freed 4 oktober oanbean oan Yuki, de hûn fan reedrydpear Jorrit en Heather […]

Fryske ferhalen yn de nije podcastrige ‘Boekekast’ 

Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân lansearje de nije podcastrige ‘Boekekast’. Spesjaal foar leafhawwers fan Fryske ferhalen. Alle wiken komt op snein in nij literêr ferhaal online. In boek lêze dochst meastentiids thús yn ‘e loaie stoel, mar mei in podcast hast Fryske ferhalen altyd en oeral by dy.

Praat mar Frysk yn bedriuw

Grutte ynfrastruktuerele projekten, lykas it wurk fan konsortsium Levvel (fersterking fan de Ofslútdyk), freegje it uterste fan alle belutsen partijen. Kommunikaasje is dêrby hiel wichtich.

Boekewikegeskink 2020 krijt Fryske oersetting

Troch in gearwurking tusken de CPNB en Boeken fan Fryslân ferskynt it Boekewikegeskink fan bestsellerauteur Annejet van der Zijl yn de Boekewike ek yn it Frysk. Yn 2018 barde dat foar it earst yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa. De ôfrûne twa jier soarge dizze spesjale edysje foar ekstra entûsjaste lêzers yn […]

Gysbert Japicxpriis 2019 foar Aggie van der Meer

De Gysbert Japicxpriis wurdt fan ‘t jier takend oan skriuwster Aggie van der Meer út Boalsert. Op sneon 16 novimber wurdt de Gysbert Japicxpriis 2019 yn de Martinitsjerke in Boalsert útrikt.

Nij lesmateriaal foar groep 3-4 yn Spoar8

Fan ‘e wike hat Ineke van Petegem (links) tegearre mei har kollega’s fan CBS De Winde út Hurdegaryp de earste workshop folge oer it nije lesmateriaal yn Spoar 8. It lesmateriaal, dat spesjaal foar groep 3-4 makke is, is sûnt it begjin fan it nije skoaljier beskiber! Lykas Ineke en har kollega’s krije alle skoallen […]

Undersyk Taalunie: Friezen brûke faker Frysk

De Taalunie hat ûndersyk dien nei de posysje fan it Nederlânsk yn de mienskip. De posysje fan it Frysk is ek ûndersocht. De útkomsten binne presintearre yn it rapport ‘Staat van het Nederlands‘. De wichtichste útkomst is dat der hieltyd minder minsken binne dy’t inkeld Nederlânsk prate en dat der mear Frysk brûkt wurdt yn […]

Unike gearwurking WIEBE en de Afûk: nije album ‘Y’ dizze wike presintearre

In doaske mei oantinkens, yn de foarm fan ferskes. Sa soest it nije album fan de band WIEBE omskriuwe kinne. Op 21 septimber presintearret WIEBE, mei frontman Wiebe Kaspers, yn gearwurking mei de Afûk har nije album ‘Y’. In album mei mear as allinnich muzyk. Sa sit der ek in oantekeningenboekje by oer it skriuwproses, […]

Kursus foardrachtskeunst 2019 ‘As stiennen prate koene’

Yn de hjerst fan 2019 organisearret Tresoar yn oparbeidzjen mei Tryater in kursus foar proazaskriuwers, dêr’tst alles learst oer foardrachtskeunst, presintaasje en performance. It giet benammen oer de foardracht fan dyn ferhalen: de ferskate wizen fan stimgebrûk en it ynsetten fan stilte. In goede foardrachtskeunstner brûkt teatertechniken en fertelstilen om de tekst oer te bringen.

Dit is ús taal

Taal is altyd yn beweging. Sa ek de Fryske taal. Mei de komst fan sosjale media feroaret ek de posysje fan it Frysk. Der wurdt mear Frysk skreaun as oait, jongerein dielt massaal Frysktalige memes en de Frysktalige band De Hûnekop is populêr by in breed publyk. Programmamakker Miranda Werkman ûndersiket wat it effekt dêrfan […]

Nij ferkskynd: It deiboek, ús reade striid (notysjes fan Jehannes de Groot)

Yn it kader fan it Domela-jier skreau Janny van der Molen (Burgum, 11 oktober 1968) in twatalich berneboek (10+) oer Niels dy’t sûnt koart yn Fryslân wennet. Troch in skilderij komt er op it spoar fan Geertje Kleefstra dy’t oan ʼe ein fan de njoggentjinde iuw yn Reduzum wenne. Har heit is in fanatyk oanhinger […]

Trauma’s kinne tenei ek yn it Frysk behannele wurde

Trauma’s kinne fan no ôf ek yn it Frysk behannele wurde. De Vereniging EMDR Nederland (VEN) hat it protokol foar saneamde EMDR-terapy sûnt tiisdei ek yn it Frysk beskikber steld.

Iepen hûs: Afûk docht mei oan Uit in Huis

De Afûk lit by Uit in Huis sjen wat sy yn ’e hûs hawwe. Snein 8 septimber dogge meardere kulturele organisaasjes yn Ljouwert mei oan Uit in Huis. De Afûk winkel is de hiele middei iepen foar it publyk. Dêrneist binne der spultsjes foar de bern, in scrabble yn it Frysk, boeken foar in lyts […]

Dichtsje foar it Bûsboekje 2021

Juster is yn Aldtsjerk op it hiem fan klokmakker Tjitte Talsma en ûnder muzikale begelieding fan it duo Paul & Gjalt, de Bûsboekje ‘poëzykriich’ begûn! De ‘poëzykriich’ is in ynisjatyf fan de redaksje fan it Bûsboekje om foaral begjinnende en jonge dichters oan te moedigjen om wat te dwaan mei it Frysk of in streektaal yn […]

Wizige iepeningstiden Afûkwinkel

Fan moandei 2 septimber ôf is de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk net mear iepen op moandeitemoarns. De winkel is op moandeis tenei om 13.00 oere iepen ynstee fan moarns om 9.30 oere. Fierder bliuwe de winkeltiden sa’t se wienen.

Rosmos & The Blues yn reprise

Nei de suksesfolle toernee yn de Moanne fan it Fryske Boek trede skriuwer Willem Schoorstra en muzikant Jack Bottleneck noch ien kear tegearre op mei harren programma Rosmos & The Blues. Op freed 6 septimber, de jûns fan 20.30 oere ôf, binne de mannen yn Café Markzicht yn  Drachten te sjen en te hearren mei […]

Nij gedicht Dichter fan Fryslân: Fat man’s tsjusternis 090845

Begjin augustus stapte Amearika út it INF-raketferdrach mei Ruslân. Dêrmei liket de doar iepenset foar in nije wapenwedrin. Net allinne de grutte weareldmachten boartsje mei fjoer, dat dogge ek lytsere lannen lykas Noard-Korea dy’t kearnwapens ta harren foldwaan hawwe. Dizze wike mislearre by de Wite See yn Ruslân in eksperimint mei in nukleêre raket, mei […]

Afûk-winkel sneon 10 augustus ticht

Yn ferbân mei festival Into the Grave op it Aldehoustertsjerkhôf is de Afûk-winkel sneon 10 augustus ticht. Moandei is de winkel wer fan 9.30 oere ôf iepen. Fansels is de websjop fan de Afûk gewoan iepen, sjoch dêrfoar hjir.

Fiif winners fan Rely Jorritsmapriis 2019

Twa ferhalen en trije gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Ik doch it foar dy’ fan Elmar Kuiper út Jorwert en ‘Kimboeëwij’ fan Geert Nauta út Wergea. De winnende gedichten binne ‘Sleau mei lok’ fan Jetske Bilker (Achlum), ‘Wy kinne…’ fan Henk Nijp (Mantgum) en ‘Ik miende’ […]

Ljouwert-Fryslân kandidaat City of Literature

Ljouwert-Fryslân stelt him kandidaat as UNESCO City of Literature. Ljouwert wol graach oanslute by de 28 stêden dy’t de titel no drage, sa kin Ljouwert bliuwend diel útmeitsje fan dat kreative netwurk.

‘Grutsk op Greidefûgels’ winner Fryske reklamepriis 2018

De reklamespot ‘Grutsk op Greidefûgels’ is de bêste Fryske reklame fan 2018. De reklame is makke troch Merlin Producties yn opdracht fan in kollektyf fan boere- en natuerorganisaasjes om boeren der op te wizen goed op de greidefûgels te passen.

Tredde printinge fan Jip en Janneke yn it Frysk

Ein desimber 2016 ferskynde by útjouwerij Afûk Jip en Janneke foar it earst yn it Frysk yn in oplage fan 1.000 stiks. Al nei in wike waard besletten om in werprintinge te meitsjen fan 2.000 stiks. Dy twadde printinge is ûnderwilens ek al wer skjin op en dêrom is der no in tredde.

Download Microsoft Office yn it Frysk!

Hasto ek altyd fan dy reade kringeltsjes ûnder dyn Fryske tekst by it typen op de kompjûter? No, dat kin oars! Mei de nije Fryske staveringshifker yn Microsoft Office (Office 2013 of heger). De nije staveringshifker wurket net allinne yn Word mar ek yn PowerPoint, Outlook en Excel. Super handich!

Sipke sil sile / Sipke gaat zeilen: in nij twatalich Gouden Boekje

Nei it sukses fan it Gouden Boekje Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn âlvestêdetocht giet Sipke wer op aventoer en sil hy te silen …

Ferskynd: de Moanne nr. 4

Fan hjoed ôf by de abonnees op de matte en foar alle ynteresearre lêzers te keap yn de boekhannel: de Moanne nûmer 4. Mei dizze kear nijsgjirrige ynterviews mei û.o. Frank den Oudsten, Valentina Tóth en Emiel Stoffers, wurk fan Machiel Braaksma mar ek kollums, poëzy, proaza en mear ynteressante artikels.

RIXT Frisian Poets Pack online

It Frysk Dichterskollektyf RIXT hat har Ingelske webside online pleatst. In grut part fan de 45 dichters dy’t by RIXT oansletten binne, hat oersettings fan eigen gedichten foar de webside ynstjoerd. Boppedat hawwe de RIXT-dichters no njonken in Frysktalich ek in Ingelsktalich dichtersprofyl.

Stim foar de Fryske Telefyzjereklame Publykspriis

Oant en mei 7 july kinne jo stimme foar de 18e Fryske Telefyzjereklame Publykspriis. Dy wurdt alle jierren organisearre troch de Kommisje Fryske Reklamepriis fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân by it ôfskie fan boargemaster Ferd Crone

In nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, by it ôfskie fan boargemaster Ferd Crone. Ek werom te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Der is wer in nije heit&mem

In moai nij simmernûmer is fan de parse rôle. Yn it blêd fynst dit kear û.o. artikelen oer de doula, Hindrik van der Meer, de bernefysioterapeut, grutte gesinnen, de Simke Kloostermanpriis en de skoaltún. 

Lida Dykstra wurdt de Berneboekeambassadeur fan Fryslân

Skriuwer Lida Dykstra wurdt as Berneboekeambassadeur (BBA) oansteld, sa is hjoed op it WOW Meartalich kongres fan Cedin bekendmakke. Fan jannewaris 2020 ôf sil Dykstra twa jier lang promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan.

Lida Dykstra fiert har 25-jierrich skriuwerskip mei jubileumboek

25 jier lyn ferskynde it earste berneboek fan Lida Dykstra (De Knipe). Om dat te fieren, binne 25 fan har moaiste ferhalen, troch de jierren hinne al earder ferskynd yn tydskriften lykas Holder, Switsj, Tsjek en LinKk, bondele yn in jubileumboek: It Spûkskip. De ferhalen geane oer fan alles en noch wat: in famke fan tsien […]

Suksesfolle Afûk-fotoshoot

Op ús oprop heal april foar modellen foar ien dei dy’t de Afûk in gesicht jaan wolle, krigen wy in hiel soad reaksjes. Prachtich dat safolle  minsken it Frysk, Fryslân en de Afûk in waarm hert tadrage. Op de foto de groep dy’t op freed 17 maaie foar de kamera fan Jacob van Essen (Fotobureau […]

Gesellige foarlêsmoarn mei lytse mol

Sneon 8 juny hienen wy fan heit&mem wer in foarlêsmoarn organisearre yn ús moaie Afûkwinkel. Gerda lies foar út it boek Fan de lytse mol dy’t witte wol wa’t him op de kop skiten hat, Rieneke song in pear ferskes en spile op har gitaar en de bern hawwe droltsjes fan klaai makke foar op […]

Tresoar publisearret Fryske skriuwersportretten

Tresoar hat 52 fotoportretten fan Fryske skriuwers en oaren út de Fryske literatuer publisearre. De foto’s binne begjin fan dit jier makke troch Haye Bijlstra en foarmje in oanfolling op de Frysk literêre byldkolleksje fan Tresoar. Under oaren Janny van der Molen, Jan Minno Rozendal, Janneke de Boer en Skelte Braaksma binne foar it earst […]

3 Afûk-titels nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2019

Utjouwerij Afûk is mei trije fan de fiif nomimearre titels foar de Gysbert Japicxpriis 2019 sterk fertsjintwurdige om kâns te meitsjen op de belangrykste literêre priis fan Fryslân. Fan ’t jier wurdt de priis útrikt foar de kategory proaza. De Gysbert Japicxpriis wurdt op 16 novimber 2019 yn Boalsert útrikt. 

Baukje Zijlstra krijt D.A. Tammingapriis foar roman De Koma-Korrektor

Skriuwster Baukje Zijlstra fan Frjentsjer krijt de D.A. Tammingapriis foar har romandebút De Koma-Korrektor (Utjouwerij Afûk). Sy ûntfangt de priis, in jildbedrach fan 3.000 euro en in oarkonde, op 21 juny yn Tresoar yn Ljouwert.

Twastriid, in nije game foar it fak Frysk

Oan de hân fan in spannende wedstriid tusken learlingen fan CSG Liudger Burgum en Dockinga College Dokkum is juster de nije taalgame Twastriid lansearre. De game, dy’t ûnderdiel is fan de digitale metoade Searje 36 foar it fuortset ûnderwiis, sit grôtfol oefeningen op it mêd fan de Fryske stavering. Learlingen dy’t de game spylje mei […]

StUFT bestiet 50 jier

Moarn bestiet it StUFT – de Stifting Utjouwerij Frysk toaniel – 50 jier. It útfierende wurk foar de útjouwerij waard yn 1989 oerdien oan de Afûk en wurdt oan hjoed ta útfierd troch Afûkmeiwurkster Gerda van der Wijk. Alle reden om kollega Gerda fannemoarn te ferrassen mei in Sarah en in feestlik bosk blommen.

Praat mar Frysk by de dokter

Praat mar Frysk gie op besite by Mark Esinger, húsdokter yn Tsjummearum! In pear jier lyn kaam hy fanút Heemstede nei Fryslân om te wurkjen. Wy woenen wolris mei him yn petear oer wêrom’t hy in kursus Frysk docht.

Simke Kloostermanpriis foar Tomke

It berneboek Tomkes foarlêsfeest fan de skriuwsters Auck Peanstra (1954-2016) en Riemkje Pitstra en fan yllustrator Luuk Klazenga, is de winner fan de Simke Kloostermanpriis 2019. It winnende boek ferskynde yn 2016 by Utjouwerij Afûk ta neitins oan Auck Peanstra. Op freed 17 maaie namen Riemkje Pitstra, Luuk Klazenga en Frâns Hoogland, de widner fan Auck Peanstra, de priis […]

Boeken fan Fryslân organisearret Boeksimmerboekfeest

Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) organisearret op freed 21 juny om 20.00 oere in feest foar skriuwers, útjouwers en lêzers yn kafee Marktzicht yn Drachten. It tema fan it feest is “Sinnekear” (Zonnewende).

Doch mei oan de ferhalewedstriid fan Boeken fan Fryslân

Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it BoekSimmerBoekfeest dat op 21 juny yn Drachten holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal, fan 500-600 wurden te skriuwen yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen. It tema foar it feest en dus ek […]

Foarlêzers mei 18.500 Tomke-boekjes op ’en paad yn de Fryske Foarlêswike

Fan 3 o/m 7 juny 2019 is it wer de Fryske Foarlêswike. Dan geane rom 600 foarlêzers mei mar leafst 18.500 Tomke-boekjes op ‘en paad om rûnom yn de provinsje foar te lêzen oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Belibje it mei Tomke’ oer de sintugen. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch […]

Heechlearaarskip foar Hans Van de Velde

Hans Van de Velde (1969), sosjolinguistysk ûndersiker oan de Fryske Akademy, is mei yngong fan 1 maaie 2019 beneamd ta heechlearaar sosjolinguistyk oan de Universiteit Utrecht. It giet om in reguliere learstoel sosjolinguistyk, mei bysûnder omtinken foar de taalfariëteiten yn Fryslân.

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

Heal april ferstoar Hessel Miedema, skriuwer, dichter, keunsthistoarikus en âld-konservator fan Keramiekmuseum Princessehof. Miedema is de fader fan de moderne neioarlochske poëzy yn Fryslân. Syn wurk wie baanbrekkend en grinsferlizzend. Gedichten as ‘stadich brekke de foarmen út ’e skyl’ binne hichtepunten yn de Fryske literatuer.  Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân, skreau it I.M.-gedicht ‘It fertrek’.

Werhelle oprop Rely Jorritsmapriis

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 12 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.

Workshop Twatalige Konversaasjes: wat foar dy?

Do hast it sels grif ek ris meimakke: dejinge dy’t tsjinoer dy sit hat al in pear kear oanjûn dat er wol Frysk ferstiet, mar it net praat en dochs skeakelest hieltyd wer oer nei it Nederlânsk sûnder datst dêr suver erch yn hast. Om’t wy tinke dat dat oars kin, en wy fansels fine […]

Provinsje ûndersiket ynfloed fan it Frysk op de ekonomy

Provinsje Fryslân wol de kommende tiid ûndersyk dwaan litte nei de ynfloed fan it Frysk op de ekonomy. Leannet it brûken fan it Frysk op de wurkflier?

Ferskynd by Utjouwerij Afûk: debútroman en dichtbondel fan Janneke Spoelstra

By de Afûk binne mar leafst twa nije titels ferskynd fan Janneke Spoelstra: har debútroman De Parallaks en in nije dichtbondel Wij yn ‘e draaimûne.

Afûk is lid fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD)

De Afûk is dizze wike akseptearre as lid fan it NPLD. Troch dat lidmaatskip is de Afûk ferbûn mei  41 oare organisaasje dy’t aktyf binne op it mêd fan taalpromoasje, taalbelied en taallearen. De oare leden komme ûnder oare út Wales, Ierlân, Skotlân, Baskelân, Friulië, Finlân, Kataloanje, Sardinië, Masedoanje en Bretanje. Op it stuit is […]

Oprop fotoshoot

Liket it dy moai om foar ien dei model te wêzen? Draachsto de Fryske taal in waarm hert ta en wolst yn ’e mande mei oaren it gesicht wêze fan de Afûk? Dan is dit wat foar dy.

Grieteke Schrama is de winner fan it Lyts Frysk Diktee 2019

Grieteke Schrama fan basisskoalle Mooitaki yn Bitgummole kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 16 flaters waard sy hjoed de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it provinsjehûs. Twadde waard Baukje Anna Klimstra fan De Griffel yn Ljussens mei 20,5 flaters. Emma Koree fan De Eker yn Eanjum einige op […]

Tomkes foarlêsfeest winner fan de Simke Kloostermanpriis 2019

It berneboek Tomkes foarlêsfeest fan de skriuwsters Auck Peanstra (1954-2016) en Riemkje Pitstra en fan yllustrator Luuk Klazenga, is de winner fan de Simke Kloostermanpriis 2019, sa makket it Simke Kloostermanlien bekend. It winnende boek is yn 2016 útkaam by Utjouwerij Afûk ta neitins oan Auck Peanstra. Sy hat earder de Simke Kloostermanpriis yn 1998 wûn foar har […]

Frysk leare mei online kursus foar soarchprofessionals

Om de soarch yn Fryslân goed ôf te stimmen op de Fryske soarchfreger stimulearret de Afûk mei it projekt Frysk yn ’e soarch de soarchprofessional om de Fryske taal te brûken. Foar soarchprofessionals dy’t de taal noch net fersteane is der no in fergeze digitale yntroduksjekursus Fries in de zorg beskikber. Yn 6 lessen kin […]

Marko van der Wal winner oersetwedstriid Dichter fan Fryslân

Ut hast 70 ynstjoeringen keas de sjuery de oersetting fan Marko van der Wal as bêste Nederlânsktalige oersetting fan it gedicht ‘De redens fan it wurd’, skreaun troch de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. Neffens de sjuery is it foar in goede literêre oersetting fan belang dat it orizjinele gedicht mei respekt en begryp fan […]

Suksesfolle start kursusjier Afûk: mear minsken op kursus Frysk

Goed 400 minsken binne yn it earste fearnsjier fan 2019 úteinset mei in kursus Frysk. Dat binne 150 kursisten mear as yn deselde perioade yn 2018. Yn totaal binne der op dit stuit in goede 30 kursusgroepen op ferskate lokaasjes troch de hiele provinsje aktyf mei in kursus Frysk ferstean, praten of skriuwen.

Kadoboek Rosmos ‘útferkocht’

It kadoboek Rosmos, in spesjale útjefte foar de Moanne fan it Fryske Boek, is útferkocht. ‘Utferkocht is miskien wat in nuvere oantsjutting yn dit gefal omdat it om in kadootsje giet’, sa leit Ernst Bruinsma fan Boeken fan Fryslân út. ‘It bestjut feitlik dat wy net mear nije foarried oan de boekhannels leverje kinne, se […]

Skriuwer en oersetter ‘Boekenweekgeschenk’, Dichter des Vaderlands en Dichter fan Fryslân op it poadium yn Ljouwert

Yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske Boek organisearret Boeken fan Fryslân op sneon 30 maart in literêre jûn yn de eardere synagoge fan Ljouwert. Te gast binne Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga, auteur fan it nasjonale boekewikegeskink Jan Siebelink en oersetter fan it boekewikegeskink Jetske Bilker. De […]

Nij gedicht Dichter fan Fryslân: ‘Woede’

In nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga. Skrean mei it each op de oanslach yn Utert en de útslach fan de provinsjale ferkiezings ôfrûne woansdei. Ek werom te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Anna Veeninga skriuwt profylwurkstik oer frisismen

‘Lieve 17’, ‘ik was betijd van bed’ of ‘waar kom je weg’ binne in pear frisismen dy’t faak wolris sein of heard wurde. Miskien as grapke of wannear’t in stânfries dapper Nederlânsk besiket te praten. Fryske útdrukkingen of siswizen wurde bewust of ûnbewust ferhollânske en dat smyt gauris hilaryske teksten op, dy’t op sosjale media […]

Gedicht: ‘Skip fûgel lân’ fan Dichter fan Fryslân

Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, hat in nij gedicht makke: ‘Skip fûgel lân’. It giet oer de ramp mei de MSC Zoe en de gefolgen dêrfan foar it Waadgebiet.

Jeroen Gebben en Anje Wester-Koopmans beneamd yn bestjoer Afûk

PARSEBERJOCHT – Mei yngong fan 1 maart hat de Afûk twa nije bestjoersleden beneamd. Jeroen Gebben, yn it deistich libben boargemaster fan de gemeente Tytsjerksteradiel, is beneamd ta foarsitter. Anje Wester-Koopmans, ûndernimmer yn Eastermar, beset de funksje fan skriuwster yn it bestjoer. Beide binne se ynearsten beneamd foar in perioade fan fjouwer jier. It bestjoer […]

Afûk grutsk op nominaasjes Simke Kloosterman Priis 2019

Foar de sjuery fan de 13e edysje fan de Simke Kloosterman Priis is de earste kûgel troch de tsjerke. De sjueryleden Geart Tigchelaar, Sytske Eringa en Gerbrich van der Meer hawwe alle Frysktalige jeugd/berneboeken út de trije foargeande jierren lêzen en beoardiele. Ut dy list mei hast fyftich titels hawwe hja 5 boeken nominearre.

Pasjinte-ynformaasje by bepaalde medisinen tenei ek yn it Frysk

It farmaseutyske bedriuw Boehringer Ingelheim út Alkmaar sil tenei ynformaasje oer medisinen ek beskikber meitsje yn it Frysk. Dat dogge se om’t se tinke dat benammen âldere pasjinten dêr ferlet fan hawwe. Bysluters by medisinen binne faak dreech te begripen en dizze ekstra ynformaasje moat it makliker meitsje.

Friezen binne it meast grutsk op harren provinsje

Friezen fiele harren it meast ferbûn mei harren provinsje fan alle Nederlanners. Ek binne se fan alle Nederlanners it meast grutsk op harren eigen provinsje. Dat docht bliken út in enkête, útfierd troch I&O Research yn opdracht fan de NOS en de regionale omroppen, nei oanlieding fan de Provinsjale Steateferkiezings.

Foarlêze yn it Frysk docht fertuten

Dat foarlêzen goed is foar de taalûntwikkeling fan bern, dat wisten we al. It is dan ek de minst ynteressante útkomst fan in ûndersyk dat Evelyn Bosma en Elma Blom dizze moanne publisearren yn it Journal of Child Language. 

Belibje it wer: koffers fol ferhalen

In foarwerp, in gefoel of in lûdsje kin dy wat yn it sin bringe út in lang ferfleine tiid. By dy oantinkens hearre faak moaie ferhalen. Spesjaal foar de âldereinsoarch en -deibesteging binne troch de Afûk temakoffers makke om dy ferhalen foar it ljocht te bringen. De koffers mei de namme Belibje it wer biede […]

Boeken fan Fryslân presintearret: Rosmos & the Blues

Yn de Moanne fan it Fryske Boek giet skriuwer Willem Schoorstra tegearre mei muzikant Jack Bottleneck op toernee troch Fryslân. Op ferskillende lokaasjes troch de hiele provinsje bringe sy in programma oer de ‘blues’ yn ’e breedste sin fan it wurd.

Folle seal by presintaasje kadoboek ‘Rosmos’ op Frysk Boekebal yn Neushoorn

Skriuwer Willem Schoorstra oerhandiget earste eksimplaar oan deputearre Sietske Poepjes.

Praat mar Frysk guerrilla-aksje yn Droegeham

Feest yn Droegeham! Nei Terherne ferline jier, wie it no de beurt oan Droegeham! By ‘nacht en ontij’ hong it kampanjeteam fan Praat mar Frysk hiel Droegeham fol mei Fryske ferkearsbuorden.
Fotografie Erwin Jonkman

Moanne fan it Fryske Boek set útein mei Frysk Boekebal

De hiele moanne maart stiet yn it teken fan it Fryske boek. Willem Schoorstra skreau spesjaal foar dy gelegenheid it kadoboek Rosmos. Dat wurdt de hiele moanne fergees oanbean by in besteging fan € 12,50 oan boeken. Alhiel yn de styl fan it kadoboek set de Moanne fan it Fryske Boek sneon 2 maart útein […]

Foarkarswurdlist fan de Fryske Akademy soe mear oandacht krije moatte

Dat is de konklúzje fan it ûndersyk nei it brûken fan de foarkarswurdlist dat Renske van der Meer-Pasma dien hat. Sy die dat ûndersyk foar it fak taalkunde oan de learare-oplieding Frysk by de NHL.

Jan Minno Rozendal skriuwt yn Baskelân

Skriuwer/histoarikus Jan Minno Rozendal is útnûge foar in ferbliuw yn it skriuwershûs Hugoenea yn Pasai Donibane, in doarpke tichtby San Sebastian, yn it noarden fan Spanje. It hûs is eigendom fan de Feriening fan Skriuwers yn it Baskelân. It pân, ferneamd nei Victor Hugo dy’t yn itselde doarpke de simmer fan 1843 trochbrocht hat, is […]

Oersetwedstriid Dichter fan Fryslân

De Dichter fan Fryslân, Eeltsje Hettinga, freget, yn gearwurking mei It Skriuwersboun om de bêste Nederlânske oersetting fan syn gedicht ‘De redens fan it wurd’.

Arjan Hut nije Wâlddichter

Arjan Hut is de kommende twa jier Wâlddichter fan Achtkarspelen. Arjan Hut (1976) is opgroeid yn Surhústerfean en wennet yn Ljouwert. Yn 2005 waard er keazen as earste stedsdichter fan Ljouwert.

‘Winter’ troch de Dichter fan Fryslân

Hjoed giet de poëzijwike los mei de ‘Nationale Gedichtendag’. Eeltsje Hettinga, Dichter fan Fryslân, skreau it gedicht ‘Winter’. Foar de leafhawwers fan poëzy yn Nederlân en Flaanderen binne dizze wike tal fan aktiviteiten op priemmen set. It gedicht is ek werom te lêzen yn it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant fan hjoed en op […]

Nij Frysk stripalbum oer Skieringers en Fetkeapers

Op 1 febrewaris 2019 wurdt yn Museum Dokkum it nijste stripboek fan Skelte Braaksma presintearre: ‘Fete’, it nea earder fertelde ferhaal oer de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers.

Praat mar Frysk op ’e kofje by Wetterskip Fryslân

Hoe giet it Wetterskip om mei it Frysk op kantoar? En wêrom is in kursus Frysk foar harren meiwurkers sa handich? Tsjek it filmke! Praat mar Frysk, ek by it Wetterskip!

Gearwurking Afûk, UNESCO en Wikitongues

Mei it each op it ferdwinen fan hieltyd mear lytse talen, hawwe de Feriene Naasjes 2019 útroppen ta The International Year of Indiginous Languages, it ynternasjonale jier fan de memmetalen (#IYIL2019). Hjoed, 28 jannewaris, fynt yn Parys de offisjele start plak fan de #IYIL2019 kampanje. It hiele jier troch sil omtinken frege wurde foar lytse […]

Kursussen Frysk foar amtners gemeente It Hearrenfean

‘Praat mar Frysk! Mear as 50 meiwurkers fan @Heerenveen binne dwaande mei in kursus Frysk. Ferstean, prate of skriuwe, mar krekt wêr’t se it measte oan hawwe. Jo kinne tenei noch faker yn de memmetaal by ús terjochte!’ Sa twitteret gemeente It Hearrenfean. Leuk! Sjoch ek it parseberjocht op www.heerenveen.nl. Praatsto en skriuwsto ek de […]

Tekenje alfêst yn foar it Graet Hylper Wordebook

Nei jierren fan yntinsyf wurkjen ferskynt op 29 maart o.s. it ‘Graet Hylper Wordebook’. Mear as 1000 siden telt dit omfangrike Frysk dialektewurdboek. De wichtichste ûnderdielen fan it wurdboek binne it wurdboekdiel sels, dat mear as 700 siden omfettet, in wiidweidige yndeks Nederlânsk-Hylpersk, in yndeks Frysk-Hylpers en in brede omskriuwing fan de útspraak en de […]

Rely-priisfraach foar 65ste kear iepensteld

LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 65ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt […]

Nij ferskynd: It aldermoaiste Dinoboek

It hie net folle skeelt en de dino’s wienen ek oanspield op it strân fan Skylge. Gelokkich sieten se goed ynpakt op in oar grut skip en leit It aldermoaiste Dinoboek no foar dy yn de boekwinkel! Yn dit moaie, stevige kartonboek steane net allinne moaie plaatsjes. It sit ek grôtfol mei spannende flapkes en […]

Tsead Bruinja Dichter des Vaderlands

Afûk auteur Tsead Bruinja (1974), earder fan Rinsumageast en no wenjend yn Amsterdam, is de nije Dichter des Vaderlands. Hy sil de kommende twa jier gedichten skriuwe by aktuele saken en hy sil optrede as ambassadeur foar de poëzy. Bruinja folget Ester Naomi Perquin op as Dichter des Vaderlands. Hy hat krekt twa jier ‘Dongeradichter’ […]

Nije Tomke webside, nije Tomke App én in nij digitaal platfoarm

Tomke hat in nije webside! Alle ynformaasje oer Tomke en ferhaaltsjes, spultsjes, ferskes en filmkes foar pjutten binne no  te finen op dizze frisse, nije side. Ek is der in hagelnije Tomke App, dêr’t bern  op telefoan of tablet boartsje kinne mei Tomke en Romke. Derneist is der in ‘Tomketeek’, spesjaal foar professionals dy’t mei […]

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

‘Westminster Bridge’, troch Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân. Oanlieding foar it skriuwen fan it gedicht is de stimming oer de Brexit-deal moarn yn it Britske parlemint. It gedicht is ek werom te lêzen yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad, Omrop Fryslân en op de webside fan Dichter fan Fryslân: http://dichterfanfryslan.nl.

Praat mar Frysk op ’e kofje by Hulpmiddelencentrum Fryslân

Hulpmiddelencentrum Fryslân bestelde Praat mar Frysk-promoasjemateriaal. Reden genôch foar ús om ris op ‘e kofje. Want hoe dogge sy it dêr mei it Frysk? Tsjek it filmke! Wolst ek Praat mar Frysk-promoasjemateriaal bestelle of fynst it miskien ek leuk dat we by dy lâns komme foar in bakje? Foar mear ynformaasje oer de Praat mar […]

Der is wer in nije ‘Moanne’

Der is wer in nije ‘Moanne’! Mei ynterviews, kollums, krystferhalen en tal fan oare prachige bydragen fan û.o.: Jacob van Essen, Tom van Huisstede, Karen Bies, Douwe de Bildt, Anne Feddema, Marlies Stoter, Theo van der Veer, Thomas Azier, Kester Freriks, Tjibbe Hooghiemstra, Arjan Hut, Bartle Laverman, Elske Schotanus, Claudia Woolgar, Bert de Jong, Ad Peek, Jaap Krol, Baukje Zijlstra, Lida Dijkstra, Josse de Haan, Edwin de Groot, Reitze Jonkman, […]

Ferhaaltsjes en yllustraasjes socht foar it twadde ‘Grutte Foarlêsboek’

Wy sykje moaie foarlêsferhaaltsjes, gedichtsjes en ferskes foar de twadde ferzje fan It grutte foarlêsboek. Fansels hearre dêr ek moaie yllustraasjes by. Dus kinsto moai skriuwe of tekenje en wolsto meiwurkje oan dit boek? Stjoer dan dyn wurk yn! Foar 1 maaie nei h.vdmeer@afuk.nl. Mear ynformaasje fynst yn de oprop hjirûnder.

Bonne Speerstra sinjearret syn nijste boek ‘Underweis’ op de Landbouwbeurs

Freed 14 desimber fan 14.00 oere oant 16.00 oere is Bonne Speerstra op de Landbouwbeurs (WTC Expo Ljouwert) yn de stand fan de Afûk om syn nijste boek Underweis te sinjearen. Underweis komme jo de moaiste ferhalen tsjin, wit Bonne Speerstra nei in libben as feekeapman en fertsjintwurdiger. Yn dit boek beskriuwt er de meast bysûndere […]

Nij gedicht Dichter fan Fryslân

‘Net te beteljen’, troch Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân, by de útrikking fan de Fryske Anjer, oanbean oan de frijwilligers fan Leeuwarden-Fryslân 2018. It gedicht is ek werom te lêzen yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en op de webside fan Dichter fan Fryslân: www.dichterfanfryslan.nl.

Eksposysje tekeningen Elske Schotanus

Skriuwster en byldzjend keunstner Elske Schotanus publisearre earder dit jier by de Afûk de roman Wurk. Dêryn nimt se ûnder oaren de keunstwrâld yn Fryslân op it harspit. Ek skreau se in biografy oer keunstner Pier Feddema. Yn de moanne desimber lit Elske Schotanus no ek eigen wurk as keunstneres sjen. Foar dizze eksposysje is […]

Sjonge, foarlêze en Sinterklaas yn de Afûk winkel

Wat in feestje wie it ôfrûne sneon yn de winkel fan de Afûk! Yn ôfwachting fan de komst fan Sinteklaas song Raymond Sinteklazeferskes mei de bern en Binne lies foar út Tomke. Alle bern krigen fan Sinteklaas in Tomketrompke mei pipernútsjes. Lekkerrrrr! Mear foto’s fan it Sinteklazefeest yn de Afûk winkel fynst op de Facebook fan heit&mem. […]

Team ‘Swichum Aktyf’ wint lêste Praat mar Frysk Kroechkwis 2018 yn Wurdum

Ofrûne freed yn in grôtfol doarpshûs ‘De Golle’ yn Wurdum waard alwer de lêste Praat mar Frysk Kroechkwis fan dit jier holden. Sa’n 20 teams hienen har opjûn foar in jûn fol fragen oer Fryslân, it Frysk en Wurdum en omstreken. En úteinlik wûn team ‘Swichum Aktyf’! Lokwinske!

Skriuwster Baukje Wytsma krijt keninklik lintsje

Skriuwster Baukje Wytsma (72) út Reduzum is tongersdei beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. By in byienkomst dy’t foar har organisearre wie yn har wenplak rikte kommissaris fan de Kening Arno Brok de fersiersels út. Wytsma krige de keninklike ûnderskieding foar har grutte fertsjinste foar de Fryske taal.

Nij kultuerbelied Provinsje Fryslân fan 2021 ôf

Parseberjocht provinsje Fryslân – Oanslute by de krêft en de ideeën út it fjild wei, fierder bouwe op de resultaten fan Ljouwert-Fryslân 2018 (LF2018) en mear romte foar ynnovaasje en nij talint. Sa wol de provinsje Fryslân fan 2021 ôf yn de nije beliedsperioade in sterk en fleksibel kultuerbelied yn Fryslân delsette.

Boek fan de Moanne novimber-desimber: Lindbergh

Boek fan de Moanne novimber-desimber is Lindbergh – it grutte aventoer fan in fleanende mûs fan Torben Kuhlmann. Yn bysûnder printeboek mei prachtige yllustraasjes oer in lytse mûs mei grutte plannen. No foar mar € 9,95 te keap yn de boekhannel!

Download fergees: 4 ynteraktive aventoeren fan Rinze de Kikkert

De e-boekjes oer Rinze de Kikkert binne boartlik, leuk en learsum en sitte fol mei ynteraktive eleminten. Se binne leuk foar op dyn tablet thús mar ek beskikber as digiboerd-ferzje en kinne dus ek yn de klasse brûkt wurde! Download se fergees fia de App Store of Google Play.

Presintaasje nije dichtbondel ‘It leafst bin ik in fûgel’

Op freedtemiddei 2 novimber wurdt presintearre: It leafst bin ik in fûgel, poëzy foar elkenien fan 9 – 99 jier. Mei gedichten fan: Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra […]

‘Het leven van een loser’ komt nei Fryslân

Do kenst grif de suksesfolle boekesearje wol: Het leven van een loser. Skriuwer Jeff Kinney wûn der yn 2015 én dit jier wer de Prijs van de Nederlandse Kinderjury mei. Wrâldwiid binne der al mear as 200 miljoen eksimplaren fan ferkocht.

21-28 oktober by MeM: de lêste wike

Fan 1 april ôf hat Talepaviljoen MeM alle wiken in oare taal, taalmienskip of – tema ûnder har rokken wolkom hjitten. Muzyk, poëzij, foardracht, diskusje, teater, dûns, byld, petearen … op allerhanne wizen hawwe hûnderten gasten harren (memme)taal en kultuer sjen, hearre en fiele littten. Tûzenen besikers hat MeM sûnt begjin april koestere en se hat fan harren in […]

‘It sonken Waad’ is it nijste gedicht fan Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga

It sonken Waad is it nijste gedicht fan Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga.  It is ûnder mear skreaun nei oanlieding fan it rapport De toekomst va de Waddenzee. Een stijgende zeespiegel over een dalende bodem. It gedicht is opdroegen oan Theunis Piersma, dy’t yn de top 100 fan meast duorsume Nederlanners stiet. Lês it gedicht […]

Nij ferskynd: The story of Frisian in multilingual Friesland

Nei de súksesfolle útjeften fan dizze oersichtlike taalskiednis fan Fryslân yn it Frysk en yn it Nederlânsk, Fryslân lân fan talen, in skiednis is no ek in Ingelske oersetting ferskynd. The story of Frisian in multilingual Friesland is in tige lêsber en ryk yllustrearre útjefte oer de skiednis fan it Frysk: wêr’t it weikomt, hoe […]

Berneboekeskriuwers op toernee mei it Aksjeboek foar bern

It is in drokke tiid foar berneboekeskriuwers Hanneke de Jong en Linda de Haan. Hast alle dagen fan de Kinderboekenweek binne se op paad mei harren aksjeboek: De Bonsterkes  op   ̓e terp. Wistest dat se om it aksjeboek hinne in spesjale foarstelling makke ha? Dy foarstelling is al op tal fan skoallen mei sukses opfierd en […]

14-21 oktober by MeM: de multykulturele mienskip

By MeM stiet alle wiken in oare taal, tema of (taal)mienskip sintraal! Fan 14 oant en mei 21 oktober is it tema by MeM: de multykulturele mienskip, in programma yn gearwurking mei Multicultureel Gospelkoor All for One.

Nij ferskynd: de Moanne nr. 5

Yn nûmer 5 fan dit jier û.o. ynterviews mei byldzjend keunstner B.C. Epker, deputearre Sietske Poepjes en creative director Joris Hoebe en fansels poëzy, kollums, resinsjes, ferhalen en moaie foto’s.

7-14 oktober by MeM: elkenien docht mei!

By MeM stiet alle wiken in oare taal, tema of (taal)mienskip sintraal! Fan 7 oant en mei 14 oktober is it tema by MeM: elkenien docht mei, in programma yn gearwurking mei Talant.

Tydskrift heit&mem sjocht foar de 25ste kear it ljocht

Der is wer in nij nûmer fan heit&mem! Net samar in nûmer mar de 25ste! De redaksje is dêr ek mei rjocht en reden tige grutsk op. Fansels yn de nije heit&mem wer omtinken foar ferskillende ûnderwerpen, nijtsjes, kollums ensfh. Helje ‘m fergees by ferskillende plakken troch hiel Fryslân of bestel ‘m online. Sjoch foar […]

30 septimber-7 oktober: Yndysk-Molukske wike by MeM

30 septimber-7 oktober by MeM: Minggu Hindi-Beland/Maluku (Yndysk-Molukske wike) By MeM stiet alle wiken in oare taal of (taal)mienskip sintraal! Fan 30 septimber oant en mei 7 oktober is it by MeM ‘Minggu Hindi-Beland/Maluku’

De Bonsterkes op ‘e Terp is it berne-aksjeboek 2018

Yn it ramt fan de Berneboekewike (3 o/m 14 oktober) ferskynt op sneon 29 septimber it Aksjeboek foar bern 2018: De Bonsterkes op ̓e terp 

Scholen en provincie zetten samen schouders onder Fries op school

LEEUWARDEN – Op de conferentie Frysk yn it ûnderwiis in Heerenveen is donderdagmiddag 20 september het rapport ‘It is mei sizzen net te dwaan’ gepresenteerd.

Wike fan de gebeartetaal by MeM

23-30 septimber by MeM: wike fan de gebeartetaal. By MeM stiet alle wiken in oare taal sintraal! Fan 16 oant en mei 23 septimber is dat de gebeartetaal

Alden binne bliid mei it Taalkado

LJOUWERT – It bertegeskink fan de provinsje Fryslân, it Taalkado, wurdt troch âlden tige posityf ûntfongen. Dat docht bliken út in stekproef

Wike fan de flechtelingetalen by MeM

16-23 septimber by MeM: de wike fan de flechtelingetalen. By MeM stiet alle wiken in oare taal sintraal! Fan 16 oant en mei 23 septimber binne dat flechtlingetalen

Provinsjaal taalbelied op de goede wei

LJOUWERT – Nettsjinsteande de grutte maatskiplike ûntjouwingen, is de posysje fan de Fryske taal stabyl bleaun. Dat docht bliken út it ûndersyk Taal yn Fryslân, útfierd troch de Fryske Akademy.

Leewadder week bij MeM

9-16 septimber by MeM: de Leewadder week By MeM stiet alle wiken in oare taal sintraal! Fan 9 oant en mei 16 septimber hâlde we it ticht by hûs en is dat it Leewadders

Tomke foarlêsferhaaltsjes yn it Biltsk

LJOUWERT – De Tomke-foarlêsferhaaltsjes dy’t earder ferskynden yn de Weekkrant Fryslân en lettere bondele binne yn it boek ‘100 x Tomke’ wurde oersetten nei it Biltsk.

Russyske wike by MeM

2-9 septimber by MeM: Русская неделя – Russyske wike