Aginda oersjoch

12 febrewaris 23 maart

Nije workshops Psychology fan dyn Taal rûnom yn Fryslân

Ek foar takom jier steane der wer nije workshops Psychology fan dyn Taal op it programma. Wês der gau by, want fol is fol!

Psychology fan dyn taal

Tinksto der wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Fynst it nijsgjirrich om ris stil te stean by dizze en oare fragen oer dyn ‘taalgedrach en – gewoantes’? Dan is dizze fergees workshop krekt wat foar dy.

Data en plakken:
Ljouwert: moandei 12 febrewaris om 19.30 oere,
Bûtenpost: woansdei 28 febrewaris om 19.30 oere
Frjentsjer: sneon 2 maart om 9.30 oere
Snits: moandei 4 maart om 19.30 oere
Balk: woansdei 6 maart om 19.30 oere
It Hearrenfean: tongersdei 7 maart om 13.30 oere
Drachten: tongersdei 14 maart om 13.30 oere
Boalsert: sneon 23 maart om 9.30 oere

Opjaan foar ien fan de workshops kin fia: opjaan@afuk.frl. Graach dêrby datum en plak fan de workshop neame. Sjoch foar mear ynfo.

16 maart 24 maart

Nasjonale Boekewike 2024

De Nationale Boekenweek 2024 hat as tema ‘By ús yn de famylje’ en fynt plak fan sneon 16 oant en mei snein 24 maart. De famylje Chabot skriuwt it boekewikegeskink, mei as titel: Gezinsverpakking. Krekt as oare jierren ferskynt yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân ek wer in Frysktalige edysje fan it Boekewikegeskink. Ytsje Steen tekenet foar de Fryske oersetting. Yn de Boekewike krijst it boekewikegeskink – yn it Nederlânsk óf it Frysk – fergees by besteging fan € 15,- of mear oan boeken. Sjoch foar mear ynfo ek op boekenweek.nl of boekenfanfryslan.frl en kom del yn de Afûk boekwinkel of websjop.

20 maart

Koarte foarstelling ‘By ús yn de famylje’ yn de Afûk-winkel

14:00 - 16:00

Marianne Kootstra, auteur fan it boek Dwarsliggers in Appelscha, komt mei har fleurige ‘Verhalenkoffer’ nei de Afûk-winkel en fertelt ‘5-minuten-ferhalen’ mei de moaiste anekdoates út har boek en portretten fan har favorite famyljeleden. In ynteraktive foarstelling mei fertellingen, riedsels en ferrassingen. Oer leargjirrige bern, puberjende dwersbongels, âlden dy’t trochsette en pakes en beppes mei prinsipes. Aardich foar de hiele famylje, foar ien ferhaal of in pear achterelkoar. Frije ynrin tusken 14.00 en 16.00 oere!

21 maart

Praat mar Frysk taalpraatsje: fergetten wurden

Yn it programma ‘Goeiemiddei’ op Omrop Fryslân Radio besprekt Mirjam Vellinga alle moannen in bysûnder of fergetten Frysk wurd. Wat bestjut it wurd? Hoe waard of wurdt it brûkt? Wêr komt it wei? Brûke wy no oare wurden en kinne wy dit wurd miskien wer op ‘e nij yntrodusearje? Hjoed is it om plm. 15.10 oere wer tiid foar in nij fergetten Frysk wurd! Nijsgjirrich nei de wurden dy’t al behannele binne? Sjoch dan op ús side ‘fergetten wurden‘.

22 maart

BBA ûntfangt earste eksimplaar boek Linda de Haan

Witst it noch? Yn 2022 kuiere der in Bosk troch Ljouwert! Linda de Haan wie der by. En nei oanlieding dêrfan betocht sy it nije boek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’. Se skreau én tekene it, want sy kin it beide! In fantasijfol printeboek, oer in famke dat graach in bosk wol yn har strjitte. De Berneboeke-ambassadeur nimt hjoed it earste eksimplaar fan it boek yn ûntfangst yn de Kapel fan DBieb yn Ljouwert. It boek komt yn twa talen út. De Nederlânske ferzje fan it boek ‘Ik wil een bos voor mijn verjaardag’ wurdt útjûn troch Uitgeverij Ploegsma.

23 maart

Workshop Psychology fan dyn Taal yn Boalsert

09:30 - 12:00

Taal. Brûkst it alle dagen. Mar tinksto der bygelyks wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Fynst it nijsgjirrich om ris stil te stean by dizze en oare fragen oer dyn ‘taalgedrach en – gewoantes’? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy. Fan ‘e moarn yn Boalsert.

Oanmelde kin fia opjaan@afuk.frl, graach datum en plak dêrby neame. De workshop is fergees. Mear ynfo.

24 maart

Presintaasje magazine ‘Taal yn ‘e soarch’

Hjoed is de earste edysje fan De ‘Rede foar de geast’ yn Theaterkerk Nes. Dy earste edysje giet oer it belang fan (streek)taal yn ’e geastlike sûnenssoarch. De Kommissaris fan de Kening yn Fryslân, de hear A. Brok, sil de earste ‘Rede foar de geast’ útsprekke. Ek wurdt it nije magazine ‘Taal yn ’e soarch’ fan de Afûk dy middeis offisjeel oanbean oan geneesheer-directeur fan GGZ Friesland, Houkje Tamsma. It magazine, spesjaal bedoeld foar professionals yn ’e geastlike sûnenssoarch, giet oer it belang fan it prate kinnen fan de memmetaal yn soarchsituaasjes. Tickets foar de middei binne hjir te bestellen. 

27 maart

BBA op besite op skoalle De Skulpe yn Hylpen

De Berneboeke-ambassadeur is der net allinnich foar it Frysk, ek de Fryske streektalen krije oandacht. Lykas it Hylpers. Sels kin de Berneboeke-ambassadeur de taal net lêze, mar prate oer meartaligens kin wol! De learlingen fan basisskoalle De Skulpe bygelyks krije ien kear yn de 14 dagen les yn de Hylpertaal. Wa wit kin ien fan de bern har Aete en ame plús foarlêze!
De Berneboeke-ambassadeur komt fergees ek by jimme del, sjoch op de website.

28 maart

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Tineke fan Praat mar Frysk  

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Tineke yn de útstjoering oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en oer Frysk op ‘e dyk.

29 maart

Linda de Haan yn de Afûk-winkel

Linda de Haan (skriuwster en yllustratrise) hat krekt in prachtich nij boek makke mei de titel ‘Ik wol in bosk op ‘e jierdei!’ En op (goed) freed 29 maart komt se by ús yn de Afûkwinkel del om út it boek foar te lêzen. Spesjaal foar bern fan 4 oant 7 jier. Ek wurde der moaie aktiviteit mei de bern organisearre. Komsto ek? It is fergees! Meld dy hjir oan. It boek is hjir online te bestellen.
Tiid: fan 14.00 oant 15.00 oere. Lokaasje: Afûkwinkel, Boterhoek 3 yn Ljouwert.

2 april

BBA by temawike op JKC Oldenije

JKC de Oldenije is in jenaplanskoalle yn Ljouwert. De Berneboeke-ambassadeur sil der hinne yn harren temawike ‘Wat is leven?’ om foar te lêzen út de Fryske literatuer, meartaligens yn te bringen yn it projekt en fansels om de bern oan it wurk te setten!

4 april

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Dieuwke fan heit&mem

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Dieuwke yn de útstjoering mei nijs en nijsgjirrichheden oer (berne)boeken en heit&mem.

8 april

BBA op De Populier yn Makkum

Hjoed sil de Berneboeke-ambassadeur foarlêze en fertelle op OBS De Populier yn Makkum en meie de learlingen har fragen stelle. De skoalle hat in lêskiste besteld, dus der is genôch ynspiraasje om mei te wurkjen hjoed! En fansels sille de learlingen sels ek oan de slach mei it meitsjen fan in ferhaal.

9 april

BBA yn sjuery provinsjale finale foarlêswedstriid

Hjoed is it in hiel spannende dei fuor guon learlingen. Sy meie nammentlik in stik út in moai berneboek foarlêze by de provinsjale finale fan de nasjonale foarlêswedstriid! De Berneboeke-ambassadeur is ien fan de sjueryleden hjoed yn de Gordyk. Wa fan dizze Fryske foarlêskampioenen giet troch nei it folgjende poadium?

10 april

BBA op De Pipegaai yn Warkum

De Berneboeke-ambassadeur giet hjoed del by groep 5/6 fan De Pipegaai, in Jeelo-skoalle: ‘Je Eigen Leeromgeving’. Op sa’n skoalle wurkje se mei seis projekten yn it jier. ‘Feilich helpe’ is op dit stuit it tema. Ambulance, EHBU en sa fierder komme oan bod. Yn alle fakken, dus ek by it Frysk. De bern meie hjoed sels in ferhaal skriuwe by it ûnderwerp!

11 april

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Sito fan Praat mar Frysk

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Sito yn de útstjoering.

11 april

Bildts Diktee troch Stichting Bildts Aigene

Stichting Bildts Aigene organisearret op tongersdei 11 april in ‘Bildts diktee’. “Soa starigan is ’t Bildts diktee ’n faste tradisy worren: alle jaren is elkeneen fan harte welkom om met te doen an ’t útdagende maar ok gesellige Bildts Diktee. De kinnis fan ’t skriven in de Bildtse taal wort op de proef steld. Alle jaren is d’r weer ’n ânder die’t ’t diktee skriift en die persoan sorgt d’r fansels ok foor dat d’r wat falkúllen insitte…” Lokaasje: “The Friezinn” yn ’e Westhoek.
Tidens it kafee/diktee sil Omrop Fryslân opnames meitsje foar in 12-dielige rige oer ferskillende Fryske Taalfarianten.

18 april

Praat mar Frysk taalpraatsje: fergetten wurden

Yn it programma ‘Goeiemiddei’ op Omrop Fryslân Radio besprekt Mirjam Vellinga alle moannen in bysûnder of fergetten Frysk wurd. Wat bestjut it wurd? Hoe waard of wurdt it brûkt? Wêr komt it wei? Brûke wy no oare wurden en kinne wy dit wurd miskien wer op ‘e nij yntrodusearje? Hjoed is it om plm. 15.10 oere wer tiid foar in nij fergetten Frysk wurd! Nijsgjirrich nei de wurden dy’t al behannele binne? Sjoch dan op ús side ‘fergetten wurden‘.

18 april

BBA op IBS it Pertoer yn Weidum

Hjoed reizget de Berneboeke-ambassadeur by de klassen del op IBS it Pertoer yn Weidum. Yn groep 3/4, 5/6 en 7/8 sil sy foarlêze en fertelle en meie de learlingen fragen stelle. En fansels sille de bern ek oan ‘e slach mei it meitsjen fan in ferhaal.
De Berneboeke-ambassadeur komt fergees ek by jimme del! Sjoch op de website foar mear ynformaasje.

22 april

Berneboeke-ambassadeur by Firda yn Dokkum

Op it ROC Firda yn Dokkum wolle learlingen letter yn harren wurk bern foarlêze. Hoe dochst dat it bêste? En welke boeken binne der eins beskikber? De BBA jout tips & tricks. Ek binne de learlingen hiel nijsgjirrich hoe’t in boek no eins makke wurdt, ek dêrop hat de BBA – dy’t ek skriuwer is – in antwurd hjoed.

25 april

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Tineke fan Praat mar Frysk

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Tineke yn de útstjoering oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en oer Frysk op ‘e dyk .

2 maaie

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Dieuwke fan heit&mem

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Dieuwke yn de útstjoering mei nijs en nijsgjirrichheden oer (berne)boeken en heit&mem.

16 maaie

Praat mar Frysk taalpraatsje: fergetten wurden

Yn it programma ‘Goeiemiddei’ op Omrop Fryslân Radio besprekt Mirjam Vellinga alle moannen in bysûnder of fergetten Frysk wurd. Wat bestjut it wurd? Hoe waard of wurdt it brûkt? Wêr komt it wei? Brûke wy no oare wurden en kinne wy dit wurd miskien wer op ‘e nij yntrodusearje? Hjoed is it om plm. 15.10 oere wer tiid foar in nij fergetten Frysk wurd! Nijsgjirrich nei de wurden dy’t al behannele binne? Sjoch dan op ús side by ‘fergetten wurden‘.

23 maaie

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Tineke fan Praat mar Frysk

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Tineke yn de útstjoering oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en oer Frysk op ‘e dyk.

30 maaie

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Dieuwke fan heit&mem

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Dieuwke yn de útstjoering mei nijs en nijsgjirrichheden oer (berne)boeken en heit&mem.

3 juny 5 juny

BBA by Fryske Wike op IKC Trianova

It is ‘Fryske wike’ op IKC Trianova yn Ljouwert. De Berneboeke-ambassadeur sil del by alle 10 de groepen. Se nimt alle tiid per groep foar promoasje fan de Fryske boeken troch in grutte steapel boeken mei te nimmen en fansels om foar te lêzen!

6 juny

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Sito fan Praat mar Frysk

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Sito yn de útstjoering.

26 juny 27 juny

BBA op skoalle De Nijewier yn Tjalleberd

Mei it fak Frysk oan de slach op skoalle, dat is allegearre nij. En net elkenien behearsket it Frysk. SWS De Nijewier yn Tjalleberd giet derfoar! Ien fan de dingen dy’t se dogge, is de Berneboeke-ambassadeur útnûgje. Tialda komt dizze dagen del by alle bouwen om taal en ferhaal boartlik te ferkennen en tegearre te genietsjen fan de rykdom fan it (foar)lêzen.

27 juny

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Dieuwke fan heit&mem

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Dieuwke yn de útstjoering mei nijs en nijsgjirrichheden oer (berne)boeken en heit&mem.

8 oktober

BBA op de Blinker yn Boalsert

It is wer 10 dagen lang Kinderboekenweek, hoera! ‘Lekker eigenwijs’ is it tema fan dit jier. Op de Daltonskoalle yn Boalsert sil de Berneboeke-ambassadeur dêrom oandacht ha foar dy eigenwiize Gysbert Japixc, dy’t sa ûnmisber west hat foar de Fryske taal! Tialda sil fertelle en foarlêze en fansels kinne bern har wer allerhande fragen stelle.