Aginda oersjoch

22 april

Berneboeke-ambassadeur by Firda yn Dokkum

Op it ROC Firda yn Dokkum wolle learlingen letter yn harren wurk bern foarlêze. Hoe dochst dat it bêste? En welke boeken binne der eins beskikber? De BBA jout tips & tricks. Ek binne de learlingen hiel nijsgjirrich hoe’t in boek no eins makke wurdt, ek dêrop hat de BBA – dy’t ek skriuwer is – in antwurd hjoed.

23 april

BBA by Fryske Dei op it vmbû De Gordyk

De Burgemeester Harmsmaskoalle op ‘e Gordyk hat hjoed De Fryske Dei. En de Berneboeke-ambassadeur is derby. Sy sil de dei feestlik iepenje. Oanslutend jout se in fleurige, kreative workshop oan alle fiif de brêgeklassen. De Berneboeke-ambassadeur ek ris útnûgje? Tialde komt fergees by jimme del!

25 april

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Tineke fan Praat mar Frysk

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Tineke yn de útstjoering oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en oer Frysk op ‘e dyk .

2 maaie

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Dieuwke fan heit&mem

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Dieuwke yn de útstjoering mei nijs en nijsgjirrichheden oer (berne)boeken en heit&mem.

13 maaie

BBA op De Wingerd yn Damwâld

Op it spesjaal ûnderwiis fan de De Wingerd yn Damwâld sil de Berneboeke-ambassadeur yn de Fryske wike oan de slach mei Fryske boeken. Gjin bernige boeken, wol maklike boeken. En dus komme de learlingen hjoed yn de kunde mei de leukste Fryske berneboeken foar harren. Se wurde foarlêzen, meie fragen stelle en mei-inoar fersinne wy in ferhaal.

14 maaie

Besite fan de BBA oan de Master Frankeskoalle

Yn Earnewâld op de Master Frankeskoalle sil de Berneboeke-ambassadeur by de groepen 1/2, 4/5/6 en 7/8 del om te fertellen, foar te lêzen en har fragen stelle te litten. Fansels meie de bern sels ek oan de slach mei in ferhaal!
De Berneboeke-ambassadeur komt fergees op eltse skoalle yn Fryslân!

15 maaie

BBA del by It Bynt yn Sumar

Hjoed sil de BBA del by de groepen 3/4, 5/6 en 7/8 op It Bynt yn Sumar. De hiele skoalle ûntfangt fan de BBA hjoed de lêskiste dy’t sy fergees krije fan de gemeente Tytsjerkstradiel! Dêr wurdt hjoed út foarlêzen en oer ferteld.

De Berneboeke-ambassadeur komt fergees op eltse skoalle yn Fryslân!

16 maaie

Praat mar Frysk taalpraatsje: fergetten wurden

Yn it programma ‘Goeiemiddei’ op Omrop Fryslân Radio besprekt Mirjam Vellinga alle moannen in bysûnder of fergetten Frysk wurd. Wat bestjut it wurd? Hoe waard of wurdt it brûkt? Wêr komt it wei? Brûke wy no oare wurden en kinne wy dit wurd miskien wer op ‘e nij yntrodusearje? Hjoed is it om plm. 15.10 oere wer tiid foar in nij fergetten Frysk wurd! Nijsgjirrich nei de wurden dy’t al behannele binne? Sjoch dan op ús side by ‘fergetten wurden‘.

21 maaie

Lêskiste nei OBS ’t Partoer yn Burgum 

Hjoed sil de BBA del by de groepen 1/2, 5 en 8 op OBS ‘t Partoer yn Burgum. Mar de hiele skoalle ûntfangt fan de BBA hjoed de lêskiste dy’t sy fergees krije fan de gemeente Tytsjerkstradiel! Dêr wurdt hjoed út foarlêzen en oer ferteld. De bern mei fragen stelle oer it wurk fan de Berneboeke-ambassadeur en har wurk as skriuwer.

22 maaie

Dichtsje op Loevestein yn Gorredijk

Tegearre mei Dichter fan Fryslân Arjan Hut jout de Berneboeke-ambassadeur hjoed poëzijwurkwinkels (workshops) op School Loevestein. Oan de hân dêrfan kinne learlingen harren dicht- en skriuwtalint streame litte. As it klear is, wurdt it op it skoalplein skildere. In kleurryk feest mei taal en ferhaal!

23 maaie

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Tineke fan Praat mar Frysk

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Tineke yn de útstjoering oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en oer Frysk op ‘e dyk.

27 maaie

Mei de lêskiste nei de Twirre yn Eastermar

Hjoed sil de BBA del by de groepen 4, 5 en 6 op De Twirre yn Eastermar. Mar de hiele skoalle ûntfangt fan de BBA hjoed de lêskiste dy’t sy fergees krije fan de gemeente Tytsjerkstradiel! Dêr wurdt hjoed út foarlêzen en oer ferteld. De bern mei fragen stelle oer it wurk fan de Berneboeke-ambassadeur en har wurk as skriuwer.

30 maaie

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Dieuwke fan heit&mem

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Dieuwke yn de útstjoering mei nijs en nijsgjirrichheden oer (berne)boeken en heit&mem.

3 juny 5 juny

BBA by Fryske Wike op IKC Trianova

It is ‘Fryske wike’ op IKC Trianova yn Ljouwert. De Berneboeke-ambassadeur sil del by alle 10 de groepen. Se nimt alle tiid per groep foar promoasje fan de Fryske boeken troch in grutte steapel boeken mei te nimmen en fansels om foar te lêzen!

6 juny

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Sito fan Praat mar Frysk

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Sito yn de útstjoering.

25 juny

BBA op Dorpsschool de Twa-ikker yn Augustinusga

De hiele moarn is de BBA oanwêzich by de groepen 3/4, groep 5/6 en groep 7/8  op de Twa-ikker om foar te lêzen, te fertellen en fragen te beäntwurdzjen fan de learlingen. De besite is part fan de toernee troch de hiele gemeente Achtkarspelen, by alle skoallen del! Want de skoalle ûntfangt hjoed fan de BBA de lêskiste mei dêryn tsien Fryske berneboeken. In geweldich kado dat sy fergees krije fan de gemeente Achtkarspelen!

26 juny 27 juny

BBA op skoalle De Nijewier yn Tjalleberd

Mei it fak Frysk oan de slach op skoalle, dat is allegearre nij. En net elkenien behearsket it Frysk. SWS De Nijewier yn Tjalleberd giet derfoar! Ien fan de dingen dy’t se dogge, is de Berneboeke-ambassadeur útnûgje. Tialda komt dizze dagen del by alle bouwen om taal en ferhaal boartlik te ferkennen en tegearre te genietsjen fan de rykdom fan it (foar)lêzen.

27 juny

Praat mar Frysk Taalpraatsje – mei Dieuwke fan heit&mem

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Dieuwke yn de útstjoering mei nijs en nijsgjirrichheden oer (berne)boeken en heit&mem.

8 oktober

BBA op de Blinker yn Boalsert

It is wer 10 dagen lang Kinderboekenweek, hoera! ‘Lekker eigenwijs’ is it tema fan dit jier. Op de Daltonskoalle yn Boalsert sil de Berneboeke-ambassadeur dêrom oandacht ha foar dy eigenwiize Gysbert Japixc, dy’t sa ûnmisber west hat foar de Fryske taal! Tialda sil fertelle en foarlêze en fansels kinne bern har wer allerhande fragen stelle.