header_0

Boeken fan Fryslân (BFF)

Boeken fan Fryslân (BFF) rjochet him direkt op 'e ferkeap fan Fryske boeken, bygelyks mei alternative ferkeapaksjes rûnom yn Fryslân en it pleatsen fan boekekisten op skoallen fan it basis- en fuorset ûnderwiis en aksjes yn de boekhannel sa as byg. it Boek fan de Moanne.
Tresoar leit him ta op de algemiene promoasje fan Fryske literatuer.
BFF wurket dêrnêst gear mei de Bibliotheek Service Fryslân (BSF).

De stichting Boeken fan Fryslân is yn 2010 oprjochte troch Fryske útjouwers meiinoar. De folgjende útjouwers binne der op 't stuit oan ferbûn:

Afûk/Utjouwerij Fryslân
Audiofrysk
Bornmeer
Elikser
Friese Pers Boekerij
Frysk en Frij
Hispel
KFFB
Wijdemeer
Regaad

Foar syn aktiviteiten krijt de stichting subsydzje fan de provinsje Fryslân.

Kontakt opnimme kin mei:

Ida Heddema (Afûk-meiwurkster dy't wurk docht foar BFF)
e-mail: i.heddema@afuk.nl
til.: 058 – 2343086/06 208 90524

Of

Ernst Bruinsma(foarsitter BFF)
e-mail: e.bruinsma@afuk.nl
til.: 058-2343070/06 388 22859
De betelpagina wurdt laden