header_0

Dat wie doe sa

Dat wie doe sa biedt in soad nijsgjirrige ferhalen, fideo’s, foto’s, muzyk en oare lûdsfragminten fan doe en freget omtinken foar it brûken fan de memmetaal yn soarchsituaasjes. Dat wie doe sa is nijsgjirrich foar âlderein en harren bern of bernsbern, mar ek foar professionals yn de soarch dy’t op syk binne nei materialen of ynspiraasje.

Wat is ‘Dat wie doe sa’?


Dat wie doe sa biedt in protte materialen út it ferline dy’t geskikt binne foar reminisinsje: ferhalen, muzyk, fideo’s ensafuorthinne. It oanbod bestiet út werkenber materiaal, ôfkomstich út de regio en yn de taal fan de regio.

Werkenbere lokaasjes, situaasjes en hannelingen dy’t yn byld brocht wurde mei autentyk materiaal binne ynteressant foar elkenien dy’t belangstelling foar it ferline hat, mar benammen foar âlderen en harren bern en pake- en beppesizzers. Oan ’e hân fan it oanbeane materiaal kinne sy bewust oantinkens út âlde tiden weromroppe en mei-inoar yn petear gean oer it ferline.

It materiaal dat Dat wie doe sa oanbiedt is net allinnich geskikt foar partikulieren, mar ek foar professionals yn de soarch. Sa is it foar bygelyks demintearjenden posityf om oer harren libben te fertellen. Sy wurde har op dy manier bewust fan de eigen identiteit en de eigen ûnderfiningen en prestaasjes út it ferline. Dat draacht by oan it selsfertrouwen en de eigenwearde fan de persoan yn kwestje.

Dat wie doe sa biedt materiaal dat geskikt is foar sawol yndividueel gebrûk as foar groepsaktiviteiten.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.datwiedoesa.nl, of nim kontakt op mei Douwkje Douma.
De betelpagina wurdt laden