In learlingfolchsysteem foar it Frysk: Grip

De Afûk wurket yn in konsortium mei it Taalsintrum Frysk/Cedin, it lektoraat Frysk & Meartaligens (NHL-Stenden) en it lektoraat Taalgebruik & Leren (NHL) yn 2014 en 2015 oan it “Evaluaasjesysteem Frysk”. It sil yn 2016 klear wêze. Der is yn 2014 en 2015 wurke oan it systeem, dêr’t toetsen en oare foarmen fan evaluaasje in plak yn krije. Yn dit projekt is it ERK reemakke om te brûken foar it fierder útwurkjen fan it evaluaasjesysteem. Dat hâldt yn dat by it ferskaat oan toetsen en oare foarmen fan evaluaasje (sawol it LVS-diel as it diel yn de metoade) hieltyd it referinsjeramt Frysk brûkt wurdt foar de nivo’s en de taaldomeinen.

It Evaluaasjesysteem Frysk, mei de namme Grip, jout skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis yn Fryslân fan 2016 ôf de mooglikheid om gebrûk te meitsjen fan ferskillende ynstruminten om de taalûntwikkeling fan harren learlingen te folgjen. De folgjende ûnderdielen foarmje aanst it LVS:

- Metoade-ûnôfhinklike “high stake” toetsen (Stenden/NHL):
Foar it p.û. en de ûnderbou fan it f.û. wurde “high stake” taaltoetsen ûntwikkele. As resultaat komme der falidearre toetsen fan groep 5 fan it primêr ûnderwiis oant en mei klasse 1 fan it fuortset ûnderwiis foar de domeinen Lêzen en Skriuwen (wurdskat en stavering binne ûnderdielen);

- Metoade-ûnôfhinklike evaluaasjes/observaasjeynstruminten (NHL):
Foar alle jierren fan it p.û. en de ûnderbou fan it f.û. wurde de observaasjeynstruminten dy’t makke binne troch it lektoraat Taalgebruik & Leren fan de NHL fierder útwurke en oanpast oan it kurrikulum Frysk.

- Metoadebûne evaluaasjes (Afûk):
Op basis fan de útwurking fan it ERK wurde evaluaasjes (toetsen, observaasjes) makke dy’t keppele binne oan de útwurke learlinen fan de fernijde metoade Frysk.

Al dizze foarmen fan evaluaasje sille in plak krije yn it digitaal learlingfolchsysteem (LVS) dat de Afûk ûntwikkelet. De resultaten fan de learfoarderingen wurde per learling, klasse en skoalle byholden. De tarieding fan de ymplemintaasje wurdt yn it skoaljier 2015-2016 fierder útwurke (Cedin). Yn septimber 2016 sil it evaluaasjesysteem Grip klear wêze en kinne skoallen dermei oan ’e slach.

Mear ynformaasje? Sjoch op www.grip.frl of nim kontakt op mei Albert Walsweer (NHL), a.walsweer@nhl.nl of Bernadet de Jager (Cedin), b.dejager@cedin.nl.
De betelpagina wurdt laden