O O O O O O O

Frysk yn it fuortset ûnderwiis

Fan it skoaljier 2014-2015 ôf is de Afûk, yn ’e mande mei Cedin én mei dosinten Frysk, dwaande mei de fernijing fan de metoade Frysk foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It resultaat fan dizze ynspanningen wie Searje 36, in nije metoade dy’t bestiet út 36 digitale lessen. De lessen binne te finen op it eduFrysk-learplatfoarm fan de Afûk.

Searje 36 is gearstald út lesmateriaal dat ôfkomstich is út de eardere metoade Freemwurk, út it tydskrift LinKk, út de Kanon fan de Fryske skiednis en út it hark- en sjochmateriaal fan SkoalTV. Fierders binne der edukative taalgames opnommen en is der in kultuerline, mei saken dy’t in dosint Frysk troch it skoaljier hinne tsjinkomt, sa as it FeRstival en SjONG!

Searje 36 is tige entûsjast ûntfongen troch dosinten en learlingen en wurdt op it stuit troch mear as 3000 learlingen brûkt. De digitale metoade kin brûkt wurde op de iPad, mar ek op oare tablets en fansels op PC’s en laptops. De opdrachten en toetsen wurde automatysk neisjoen en it eduFrysk-platfoarm biedt mooglikheden om audio, fideo en edukative games te yntegrearjen.

Yn de kommende jierren wurdt Searje 36 foar 1tl/havo/vwo evaluearre en ferbettere, ûnder oaren troch mear differinsjaasjemooglikheden foar de dosint oan te bieden, sadat de Frysktalige en Nederlânsktalige learlingen better betsjinne wurde kinne. It is ek it doel om Searje 36 aktueel te hâlden, troch bygelyks beskate tydskriftartikelen en SkoalTV-filmkes te ferfangen. Fierders sil der op fergelykbere wize as by THV wurke wurde oan in vmbo-fariant en wurde der foar de hegere skoaljierren ek digitale lesmaterialen ûntwikkele.

Mear ynformaasje? Sjoch op www.lesjaan.frl of nim kontakt op mei de Afûk: ynfo@afuk.nl.
De betelpagina wurdt laden