Muzyk wurdt oeral makke, ek yn Fryslân en yn it Frysk. Muzyk foar alle leeftiden en yn alle soarten en maten: koaren, korpsen, bands, singer/songwriters, (sjong)festivals, konserten, modern, tradisjoneel, eksperimenteel, snoeihurd ... Kinst yn Fryslân alle kanten op, ek wat muzyk oanbelanget.

By de Afûk meitsje wy by tal fan projekten tankber gebrûk fan dy muzikale rykdom. Frysk leare kin bygelyks hiel goed mei Fryske songteksten en de âldereinsoarch brûkt in soad muzyk en ferskes fan eartiids. Fansels is in soad (Fryske) muzyk online te finen, mar yn de Afûk boek- en kadowinkel fynst ek in karút oan Fryske muzyk op cd en dvd.

Op de Fryske regionale stjoerder Omrop  Fryslân hearst geregeld Frysktalige muzyk. Oan de ein fan it jier is der tradysjoneel de Fryske Top 100. Ek Frysk FM is in stjoerder dêr’t geregeldwei Frysktalige muzyk en muzyk fan Fryske boaiem op te hearren is.

Sjoch foar mear ynformaasje oer Frysktalige muzyk ek ûnder it kopke Deropút op dizze webside.

 

Berneferskes

Hoe leuk is it om mei dyn bern muzyk te meitsjen en Fryske ferskes te sjongen? By de Afûk binne ferskate cd’s en apps ferskynd mei ferskes foar bern. Ek boeken yn kombinaasje mei in cd of muzyknotaasje. Om sa mei te sjongen of te spyljen! In hiel soad Fryske berneferskes fynst op heitenmem.nl en op tomke.nl.