Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.

Fryske kroechkwis

De Praat mar Frysk-kroechkwis is de leukste Fryske pubkwis fan Fryslân! In pear kear it jier strike de minsken fan de Praat mar Frysk-kampanje del yn de gesellichste kroegen fan Fryslân Mear

Apps

Fryske spultsjes spylje op dyn telefoan of tablet? Dat kin fansels ek. Op heit&mem fynst in oersjoch fan it oanbod. De measte spultsjes binne fergees. In moai oersjoch fan taalhelp-apps en games foar jong en âld fynst ek op www.taalhelp.frl. In lytse greep út it oanbod: Mear

Websites

Der binne ferskate websites dêr’t digitale spultsjes op te finen binne. Op spultsjes.nl kinst bygelyks terjochte foar Galchje en de Djipfries-kwis en ek op de website fan Tomke fynst memory, puzels, kleurplaten en noch folle mear. Fierder kinst op de website Berneboel ferskillende spultsjes dwaan en op gamefrysk.nl fynst in oersjoch fan taalspultsje-apps. Foar wurdboek-apps, games, in Frysk toetseboerd foar dyn telefoan of tablet, in oersethelp en noch folle mear kinst ek noch telâne op taalhelp.frl.

Fysyk