header_0

Gemeenten en Frysk

Foar alle fragen oer Frysk en taalbelied
De measte Fryske gemeenten steane posityf foar it brûken fan it Frysk oer. Mar wêrom soe in gemeente taalbelied hawwe moatte? Wat heakket in oardering dêr oan ta? Hoe hawwe se dat regele by oare Fryske gemeenten? Hoe folje wy soks yn? Hokker helpmiddels binne der foar it skriuwen fan in Fryske brief of notysje? Op www.gemeentenenfrysk.nl fine jo faaks in antwurd mar jo kinne der ek jo fragen kwyt.

Fansels fine jo op de thússide regelmjittich oar nijs. Sa’n fjouwer kear jiers ferskynt de nijsbrief gemeentenenfrysk dy’t jo op ‘e hichte hâldt fan ûntwikkelingen en nijs op it mêd fan taal- en kultuerbelied by gemeenten en provinsje.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.gemeentenenfrysk.nl, of nim kontakt op mei Douwkje Douma.
De betelpagina wurdt laden