Lân fan taal

Jins taal fiere yn in frijsteat. Dat is it útgongspunt fan Lân fan taal. Yn 2018 is Ljouwert-Fryslân de Kulturele Haadstêd fan Europa. Lân fan taal is dêr in wichtich ûnderdiel fan. De Afûk is yn Lân fan taal ferantwurdlik foar de Taletún, it Talepaviljoen MeM, de Talegame US: lân fan taal en de Talekaravaan.

Taletún
Fan 30 maart ôf is de Prinsetún 30 wiken lang in Taletún. Yn de Taletún giest op syk nei taal, boartest mei taal, belibbest taal en makkest taal. Op skoaldagen is der in spesjaal programma foar learlingen fan de basisskoalle. Under de namme 'Der op út mei heit&mem' wurde der 15 sneonen mei in spesjaal programma foar bern fan 0-12 jier organisearre.
Mear ynformaasje fynst hjir, op lanfantaal.frl of heitenmem.nl. Hâldt ek de ferskate aginda's yn 'e gaten en folgje it lêste nijs fia de social media kanalen fan Afûk, heit&mem en Lân fan taal.

Talepaviljoen MeM, livingroom of languages
Yn de Prinsetún yn Ljouwert fynst fan 30 maart o/m 28 oktober 2018 in bysûnder (memme)taalpaviljoen yn de foarm fan twa frouljusfigueren: MeM. MeM is de ‘húskeamer’ fan Lân fan taal. Kom by MeM lâns foar in bakje, in slokje of in hapke en lit dy ferrasse troch taal yn allerhanne ferskiningsfoarmen. Alle wiken stiet der by MeM in oare taal sintraal. Wat, hoe en wannear?
Mear ynformaasje fynst hjir en op lanfantaal.frl. Hâldt ek de ferskate aginda's yn 'e gaten en folgje it lêste nijs fia de social media kanalen fan MeM, Afûk, Lân fan taal.

US: lân fan taal
US: Lân fan Taal is in nije, unike game oer Ljouwert dy’tst op dyn smartphone spylje kinst. Yn de game komst yn oanrekking mei bysûndere lokaasjes yn Ljouwert, mar ek mei de skiednis fan de Ljouwerter binnenstêd. Lês der mear op lanfantaal.frl of gean nei de websjop fan de Afûk foar mear ynformaasje.

Taalkaravaan

Yn 2018 lûkt it reizgjende festival de Taalkaravaan troch Fryslân. Dêrmei slút Lân fan taal oan by besteande festivals en eveneminten en fersterket dy mei in ryk, talich (muzyk)programma! Witte wêr't de Taalkaravaan lâns komt? Sjoch op lanfantaal.frl en folgje ek de ferskate festivals.
De betelpagina wurdt laden