header_0

Hawwe jo in taalfraach of wolle jo wat neisjen of oersette litte?

Dan kinne jo fansels by de Afûk terjochte!

It jaan fan taaladvys, it neisjen fan koarte teksten of it letterlik oersetten fan in pear wurdsjes is fergees.
Foar it neisjen of oersetten fan gruttere stikken tekst freegje wy in fergoeding. Foar ynformaasje oer tariven en betingsten kinne jo kontakt mei ús opnimme.

E-mail: ynfo@afuk.nl
Telefoan: 058-2343070

Op de startpagina fan dizze website fine jo ek in online wurdboek dêr't jo de measte Fryske of Nederlânske wurden oersette litte kinne (rjochter kolom, ûnder 'Kontakt'). It wurdboek is ek beskikber as applikaasje foar jo smartphone of foar jo website. Sjoch dêrfoar op de webside fan Praat mar Frysk foar de Praat mar Frysk-app, geskikt foar Androïd en iOS-tastellen.

Fierder is der ek noch Taalweb Frysk. In troch de Fryske Akademy ûntwikkele website mei taalhelpmiddels foar elkenien dy't Frysk skriuwe wol. Taalweb Frysk biedt in kar oan digitaal skriuwark foar it Frysk oan, û.o. de nijste ferzje fan de Fryske staveringshifker (spellingchecker).
De betelpagina wurdt laden