Taletún

Wolkom yn de Taletún!

Yn 2018 feroaret de Prinsetún yn Ljouwert yn in Taletún! Krekt as blommen yn in echte tún groeit en bloeit dêr dan taal. Fan letter oant wurdsje, fan wurdsje oant sin, fan sin oant ferhaal oant boek oant ... oant ... ach, eins is alles taal! Yn de Taletún giest op syk nei taal, boartest mei taal, belibbest taal en makkest taal.

De Taletún is alle dagen iepen fan 31 maart o/m 28 oktober. Yn de Taletún fynst ek it Talepaviljoen MeM. By MeM stiet alle wiken in oare taal sintraal, kinst dy noflik even deljaan mei in hapke of in drankje, in spultsje dwaan, genietsje fan in optreden ... Lês hjir mear oer MeM of gean nei lanfantaal.frl.

De Taletún foar skoallen
Under skoaltiid binne der programma’s foar bern fan de basisskoalle. De jongsten geane yn de Taletún op syk nei de freonen fan Tomke (pjutten) of Rinze de Kikkert (groep 1 en 2). Foar de bern fan groep 3, 4 en 5 giet der yn de tún in wrâld fan talen iepen: se geane op syk nei – en ûntdekke bekende mar ek ûnbekende talen en geheime boadskippen. Foar de groepen 6, 7 en 8 wachtet in spannend (taal)aventoer. Wat bart der mei dy as’t yn in lân komst wêrs’t de taal net kinst? Wat docht taal mei dy? Wat bart der asto dyn eigen taal net prate meist? En kinne wy mei syn allen in nije taal meitsje?

Lessen binne foar de jongsten beskikber yn katerns op papier en foar midden- en boppebou fia de digitale metoade Spoar8.
Foar in besite oan de Taletún kinst dyn skoalle oanmelde fia www.kultuerfilter.nl. Sykje op 'taletún'!

Der op út mei heit&mem
In rige fan 15 sneonen mei in spesjaal programma foar bern fan 0-12 jier en harren heiten en memmen, pakes en beppes, broerkes, sukes, tantes, omkes ... no ja, foar de hiele famylje! Op dizze dagen kinst yn de Taletún skriuwers, muzikanten en oare artysten tsjin it liif rinne of dochst mei oan taalwurkwinkels en allerhanne taalaktiviteiten.

Giest der op út mei heit&mem op 31 maart, 28 april, 5 en 26 maaie, 30 juny, 21 en 28 july, 4 en 25 augustus, 1 en 29 septimber, 20 en 27 oktober 2018. Fansels yn de Taletún, Prinsetún Ljouwert alle kearen fan 13.00-17.00 oere.

Sjoch ek lanfantaal.frl.
De betelpagina wurdt laden