Taletún

Wolkom yn de Taletún!

Yn 2018 feroaret de Prinsetún yn Ljouwert yn in Taletún! Krekt as blommen yn in echte tún groeit en bloeit dêr dan taal. Fan letter oant wurdsje, fan wurdsje oant sin, fan sin oant ferhaal oant boek oant ... oant ... ach, eins is alles taal! Yn de Taletún giest op syk nei taal, boartest mei taal, belibbest taal en makkest taal.

Sjoch foar mear ynformaasje op lanfantaal.frl.

De Taletún is alle dagen iepen fan 31 maart o/m 28 oktober. Yn de Taletún fynst ek it Talepaviljoen MeM. By MeM stiet alle wiken in oare taal sintraal, kinst dy noflik even deljaan mei in hapke of in drankje, in spultsje dwaan, genietsje fan in optreden ... Lês hjir mear oer MeM of gean nei lanfantaal.frl.

Der op út mei heit&mem
In rige fan 15 sneonen mei in spesjaal programma foar bern fan 0-12 jier en harren heiten en memmen, pakes en beppes, broerkes, sukes, tantes, omkes ... no ja, foar de hiele famylje! Op dizze dagen kinst yn de Taletún skriuwers, muzikanten en oare artysten tsjin it liif rinne of dochst mei oan taalwurkwinkels en allerhanne taalaktiviteiten.

Giest der op út mei heit&mem op 31 maart, 28 april, 5 en 26 maaie, 30 juny, 21 en 28 july, 4, 11, 18 en 25 augustus, 1 en 29 septimber, 20 en 27 oktober 2018. Fansels yn de Taletún, Prinsetún Ljouwert alle kearen fan 13.00-17.00 oere.
De betelpagina wurdt laden