Talepaviljoen MeM - livingroom of languages

Wolkom yn it Talepaviljoen, wolkom by MEM!

Yn de Prinsetún yn Ljouwert ferriist yn 2018 in bysûnder (memme)taalpaviljoen yn de foarm fan twa frouljusfigueren: MEM. MEM is de ‘húskeamer’ fan Lân fan taal, dêr’t fan april oant en mei oktober lytse talen út Europa, streektalen en -dialekten út Nederlân en minderheidstalen út Ljouwert sintraal steane. Tritich wiken lang is elkenien wolkom om by MEM te genietsjen fan poëzij, muzyk, presintaasjes en lêzingen, fersoarge troch alle dielnimmende (taal)mienskippen. Of kom gewoan by MEM del foar in bakje, in slokje of in hapke en lit dy ferrasse troch taal yn allerhanne ferskiningsfoarmen.

Livingroom of languages

Under de rokken fan MEM komst yn de húskeamer fan talen. Dêr komst yn ’e kunde mei in ferskaat oan taalmienskippen út Europa, Nederlân en Ljouwert. Op fêste mominten yn ’e wike binne der optredens en oare aktiviteiten. Op oare mominten joust dy noflik del by MEM mei wat te drinken en te iten. Alles by MEM hat te krijen mei taal. Silst der ek ûnderfine dat taal mear is as allinne it sprutsen wurd.

Taalmienskippen
Alle wiken stiet by MEM njonken it Frysk in oare taal sintraal. Yn totaal sille sa’n 30 taalmienskippen út Europa, Nederlân, Fryslân en de stêd Ljouwert ‘acte de présence’ jaan. Alle dielnimmende mienskippen binne om bar in wike by MEM útfanhûs en presintearje allegear op eigen wize harren taal en kultuer troch muzyk, poëzy, storytelling en lêzingen mar ek troch lokale gerjochten en gebrûken.

Samlingen
It dak (of eins de rok) fan MEM wurdt it hiele jier troch beklaaid mei moaiste wurden en leafdeswurden fan besikers en dielnimmende taalmienskippen. De wurden wurde op in dakpanne yn de foarm fan in ‘post-it’ (gieltsje) skreaun en op it dak oanbrocht. Mei it opskriuwen fan harren moaiste of leafste wurd dogge besikers op boartlike wize ôfstân fan harren eigen taal om har dêrnei by MEM iepen te stellen foar oare talen en kultueren. Ek wurde by MEM samlingen oanlein fan wurden fan lulkens en frustraasje.

Poadium

Bist altyd wolkom by MEM. De doarren steane alle dagen iepen. Fêst stiet dat op tongersdeitejûnen in programma fersoarge wurdt troch de taalmienskip dy’t dy wike sintraal stiet. Op sneintemiddeis is de ‘wikseling fan de wacht’: in ôfwikseljend programma wêrby‘t ôfskied nommen wurdt fan de iene mienskip en de folgjende wolkom hjitten wurdt. Under skoaltiid is MEM it moetingsplak foar skoalgroepen en op ferskate sneonen is MEM de útfalsbasis foar aktiviteiten yn de Taletún.

Lokaasje
It Talepaviljoen MEM is ûnderdiel fan de Taletún: park Prinsetún, Ljouwert. De Taletún is yn de wykeinen en yn de skoalfakânsjes frij tagonklik. Under skoaltiid binne der programma’s foar bern fan de basisskoalle (sykje op ‘Taletún’ op www.kultuerfilter.nl).

Iepeningstiden april, maaie, juny en oktober
Moandei o/m freed: 12.00-18.00 oere
Tongersdeis programmearring mei 'de taal fan de wike' oant 23.00 oere
Sneon en snein: 10.00-18.00 oere mei op sneintemiddeis yn alle gefallen in programma mei 'de taal fan de wike'

Iepeningstiden july, augustus, septimber
Moandei o/m snein: 10.00-19.00 oere
Tongersdeis en freeds programmearring mei 'de taal fan de wike' oant 23.00 oere en op sneintemiddeis ek in programma mei 'de taal fan de wike'

Besjoch hjir de aginda of gean nei lanfantaal.frl.

It Talepaviljoen is in projekt fan de Afûk y.g.m. BUOG en yn 2018 ûnderdiel fan Lân fan taal, www.lanfantaal.frl en Kulturele Haadstêd Leeuwarden Friesland 2018, [url=https://www.friesland.nl/nl/culturele-hoofdstad]www.2018.nl
De betelpagina wurdt laden