Frysk yn it middelber beropsûnderwiis

It is wichtich dat der foar it fak Fryk in trochgeande line komt fan it fuortset ûnderwiis nei it middelber beropsûnderwiis ta. Ommers, de measte mbû-studinten sille nei harren oplieding yn Fryslân wenje en wurkje.
Wat dy trochgeande learline oanbelanget, binne yn it mbû wilens de earste stappen set.

De ROC’s Friese Poort, it Friesland College en it Nordwin College hawwe in konvenant tekene foar it brûken fan it Frysk yn harren opliedingen. Yn dat kovenant is ûnder oaren ôfsprutsen om yn de skoalgidsen en yn it taalbelied in ‘Taalkoade Frysk’ op te nimmen. Studinten meie Frysk prate en skriuwe as sy dat wolle, ek yn de staazje en yn (mûnlinge) eksamens.

By hieltyd mear mbû-opliedingen wurdt it Frysk as fak jûn (as ûnderdiel fan it ûnderwiis- of kultuerprogramma, as ûnderdiel fan in karfak of as gastles). Sûnt in pear jier binne der ek ROC-lokaasjes, dy’t, mei stipe fan de Provinsje, in module Frysk oanbiede. De studinten kinne dêr in sertifikaat foar krije. ROC Friese Poort hat sûnt 2015 in fakgroep Frysk.

De Afûk hat yn gearwurking mei ROC Friese Poort en mei Cedin in nij programma fan 60 stúdzjebelêstingsoeren ûntwikkele. It is in digitale metoade wurden, wêryn’t op ferskillende nivo’s wurke wurde kin oan de taalfeardigens. Yn it programma is ek oandacht foar de Fryske kultuer en der wurdt omtinken jûn oan wat studinten aanst mei de Fryske taal en kultuer yn harren berop kinne.

Fierders binne yn 2015 de earste stappen set om it Frysk yn in karmodule in plak te jaan. De Afûk wol in ynspanning leverje om, yn gearwurking mei de ROC’s, ek foar dizze module in passend oanbod fan learmiddelen te kreëarjen.

Mear ynformaasje? Sjoch op www.lesjaan.frl of nim kontakt op mei de Afûk: ynfo@afuk.nl.
De betelpagina wurdt laden