O O O O

Studinten Friese Poort bouwe mei oan Talepaviljoen MeM

16 febrewaris 2018

Yn de Prinsetún yn Ljouwert ferriist ynkoarten Talepaviljoen MeM - livingroom of languages. MeM is de 'húskeamer' fan Lân fan taal' en iepenet op 30 maart har doarren.

Lês hjir it artikel yn de Ljouwerter Krante fan hjoed:
Studenten klussen aan MeM.

Mear witte oer it Talepaviljoen of Lân fan taal? Lês hjir fierder of sjoch op www.lanfantaal.frl.


Unyk twatalich Gouden Boekje: Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht

16 febrewaris 2018

Utjouwerij Rubinstein en útjouwerij Afûk presintearje nije wike tiisdei 20 febrewaris in unyk twatalich Gouden Boekje:

Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht

Skreaun troch Lida Dykstra mei prachtige yllustraasjes fan Harmen van Straaten.

Pake Pipermûs docht mei oan de Alvestêdetocht, dat fynt er it moaiste wat der is. Wat er net wit is dat Sipke, syn pakesizzer, stikem yn syn tas krûpt is, want Sipke woe ek sa graach meiride en Fryslân sjen.

Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht ferskynt yn it ramt fan 65 jier Gouden Boekjes.

Aksje
Yn it boekje sit in iisstimpelkaart dêr’t elkenien dy’t it boekje hat yn de perioade fan 1 april – 1 oktober 2018 yn alle âlve stêden fergees in ijsje mei helje kin. By in folle stimpelkaart wachtet harren in ferrassing yn de Afûk winkel.

Oanbieding earste eksimplaar
It earste eksimplaar wurdt tiisdei 20 febrewaris om 11.00 oere oanbean oan Wiebe Wieling, foarsitter fan de Koninklijke Vereniging De Friese Elf Steden. Lida Dykstra en Harmen van Straaten lêze foar oan de bern fan de Albertine Agnesskoalle út Ljouwert.
De presintaasje fynt plak yn de Elfstedenhal, Fryslânplein 1 yn Ljouwert.

Boekgegevens
Sipke’s Elfstedentocht / Sipke syn Alvestêdetocht
Lida Dykstra
Yllustraasjes: Harmen van Straaten
Utfiering: Ynbûn
ISBN: 978 90 47625179
Ferkeappriis: € 7,50
www.websjop.afuk.nl
www.rubinstein.nl


Ynspirearjend oerlis streektalepartners Talepaviljoen Mem

15 febrewaris 2018

Op 30 maart o.s. iepenet Talepaviljoen MeM - livingroom of languages - har doarren. Alle wiken stiet der by MeM in taal sintraal, 30 wiken lang. De earste 10 wiken binne dat streektalen en - dialekten út Nederlân. It Biltsk trapet op snein 31 maart ôf mei in troch harren gearstald programma en organisearret oant en mei de snein dêrnei allerhanne optredens en aktiviteiten. Dêrnei folgje it Achterhoeksk/Liemersk, it Súd-Hollânsk, Twents, Limboarchsk, Drintsk, Brabânsk, Grinzersk, Sieuwsk en it Stellingwersk.
De ynfoling fan de wiken dogge alle partners op harren eigen wize mar fêst op it programma binne optredens op de sneintemiddei (altyd in gearwurking mei de taalmienskip fan de folgjende wike) en de tongersdeitjûn (altyd yn gearwurking mei in ferrassende Fryske artyst/artisten).

Op tongersdei 15 febrewaris wiene fertjinwurdigers fan alle Nederlânske streektalen yn De Koperen Tún/Prinsetún byelkoar om de programmearring hannen en fuotten te jaan. In ynspirearjende byienkomst mei in belofte!

Hâld de aginda op afuk.frl en/of lanfantaal.frlyn 'e gaten en folgje MeM op Facebook en Twitter!


Afûk en Van der Velde Boeken organisearje boekefeest

12 febrewaris 2018

Ta gelegenheid fan de start fan de Nederlânske boekewike en de feestlike presintaasje fan it boekewikegeskink yn it Frysk organisearret de Afûk yn gearwurking mei Van der Velde Boeken in boekefeest yn Schaaf City Theater yn Ljouwert. De jûn begjint om 19.30 oere.

Haadgast is Griet Op de Beeck. Fierder wurkje mei Jetske Bilker, Neeltje Bonnema, Baukje Zijlstra, Hilda Talsma, Elske Schotanus en Wendy Kennedy. De muzyk wurdt fersoarge troch Radio Barkas.

Kaarten foarferkeap €7,50 by boekhannel Afûk / Van Der Velde Boeken of online fia afuk.frl. Oan de kassa €10,00.


Nije dichtbondel fan Tsead Bruinja ferskynd by útjouwerij Afûk

26 jannewaris 2018

Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok
gedichten fan Tsead Bruinja

Under drege omstannichheden it goede dwaan, dêr draait it om yn de nije bondel Hingje net alle klean op deselde kapstôk/Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok (Afûk, 2018) fan Tsead Bruinja. Fan karmelitepater Titus Brandsma (Boalsert 1881 - Dachau 1942) oan wa ’t de iepeningssyklus opdroegen is oant de jonge Jopie, dy’t yn in wreed modern mearke op syn fyts de trekkers fan it leanbedriuw folget en konfrontearre wurdt mei in mem en soan dy’t út ʼe see krûpt lykje te wêzen om in rekken lyk te meitsjen mei it minskdom. Elkenien docht syn bêst yn dizze bondel en siket dêrfoar yn it ierdske en it hegere nei stipe en sinjouwing. De taal is tagonklik, de ritmes en melodyen binne faak sober en ynbannich. Boppedat is dizze alfde bondel fan Bruinja folle minder autobiografysk as syn foarich wurk. Yn Hingje net alle klean op deselde kapstôk/Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok giet it om de oar en wat dy oar driuwt.

Presintaasje

De syklus ‘Foarlopich lân/Voorlopich land’ út dizze bondel makket ûnderdiel út fan in fideokeunstwurk dêr’t Bruinja foar gearwurke mei sjonger/kabaretier Herman van Veen en byldzjend keunstner Jules van Hulst.
Dat wurk sil fan 2 febrewaris 2018 ôf inkele moannen op de Ljouwerter toer de Aldehou projektearre wurde yn it ramt fan ‘Lân fan taal’ en LF2018.

Oer Tsead Bruinja
Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974) is dichter en wennet yn Amsterdam.
Hy debutearre yn it Frysk yn 2000 mei de Frysktalige bondel De wizers yn it read/De wijzers in het rood (Bornmeer) en yn it Nederlânsk yn 2003 mei Dat het zo hoorde (Contact). Bruinja stelt blomlêzings gear, resinsearret, presintearret, ynterviewt en treedt op yn binnen- en bûtenlân (û.o. yn Perû, Oekraïne en Simbabwe).

Dêrneist wurket er regelmjittich gear mei byldzjend keunstners, typografen en foarmjouwers. Syn wurk is net allinne yn boeken, mar ek op gebouwen, pleinen en yn winkels te lêzen. Sûnt in tal jierren is Bruinja wurksum as dosint oan de oplieding Creative Writing te Arnhim en sûnt 2017 is er ‘Dongeradichter’ fan de gemeente Dongeradiel. Bruinja’s bondels waarden nominearre foar de Jo Peters Poëzieprijs, de Ida Gerhardtpoëzieprijs en de Obe Postmapriis. Hingje net alle klean op deselde kapstôk/Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok (Afûk, 2018) is syn alfde bondel.

De parse oer de twa meast resinte bondels fan Tsead Bruinja:

Binnenwereld buitenwijk natuurlijke omstandigheden (Cossee, 2015)
- Het is typerend voor de poëzie van Bruinja, die hooggevoeligheid voor de leefomgeving, waardoor alles met alles in verband staat en meteen veranderlijk is.- Eppie Dam yn de Leeuwarder Courant

- Dit is geen loze bezorgdheid over wat er gaande is, dit is wat de werkelijkheid zo nu en dan nodig heeft: poëzie.- Janita Monna yn Trouw

- Wie ooit had gedacht dat dichters narcistische pennenlikkers zijn, die op stoffige zoldertjes en in schemerachtige souterrains literaire onanie bedrijven, wordt met Binnenwereld buitenwijk in het ongelijk gesteld. We hebben soms fictie nodig om de werkelijkheid te zien.- Merijn Schipper yn Awater

Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers (Afûk, 2013)
- Sa as it measte wurk fan Bruinja, binne de gedichten tagonklik en geane oer gefoelens dy’t eltsenien begrypt en werkent. Hy slagget deryn om yn de Nederlânske oersettings dyselde toan te treffen en de oersettings binne sadwaande like oertsjûgjend as de Fryske orizjinelen.- Jury Obe Postmapriis 2016

-Tsead Bruinja is in dit boek, zoals vaker in zijn gedichten, open over zijn leven, zijn dromen, vrouw en vrienden; meestal opgewekt, maar ook melancholiek. Hij schrijft zonder pretentie, sympathiek en humoristisch. - Remco Ekkers yn de Poëziekrant

- Bruinja hie him as dichter al bewiisd. Dochs hat er yn dizze bondel syn eigen lûd noch wer ferheldere en ferdjippe, faak feilleas sekuer yn ’e dingen dy’t er sizze wol. - Eppie Dam yn de Leeuwarder Courant

Boekgegevens:
Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok
Auteur: Tsead Bruinja
Untwerp: Monique Vogelsang
ISBN: 9789492176738
Utfiering: paperback
Ferkeappriis: € 18,50
Siden: 108

No yn de websjop fan de Afûk.


Dokumintêre 'Yn dit lânskip leit myn libben' op NPO2 en Omrop Fryslân

25 jannewaris 2018

Kommend wykein is de dokumintêre 'Yn dit lânskip leit myn libben' te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân. Sneon 27 jannewaris om 15.30 oere en snein 28 jannewaris om 13.00 oere op NPO2 en op snein 28 jannewaris fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân.

De film giet oer de hjoeddeiske en eardere makkers fan Fryske literatuer. Mei de Fryske taal as ark skriuwe súksesfolle Fryske skriuwers Hylke Speerstra en Hilda Talsma op in idyllyske lokaasje in brief oer harren persoanlike relaasje mei de Fryske literatuer. Se binne te gast yn de Skriuwersark fan Rink van der Velde op 'e Feanhoop. Se skriuwe elk in Fryske skriuwer út it ferline oan, mei wa't se har ferbûn fiele. Keunsthistoarikus en kultuerkritikus Huub Mous lit syn ljocht skine oer de Fryske literatuer fan nei de Twadde Wrâldkriich en pleatst dy yn in Europeesk perspektyf. Sa ûntstiet der in byld fan in libbene Fryske taal mei histoaryske woartels yn Europa. Wêr komt de leafde foar de Fryske taal by Speerstra en Talsma wei? Hoe djip sit de eangst om har taal te ferliezen?

De dokumintêre is makke troch filmmakkers Halbe Piter Claus en Ismaël Lotz, yn opdracht fan Tresoar en yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Fan 26 jannewaris 2018 ôf is de film trochrinnend te sjen yn de Gysbert Japicxseal by Tresoar as ûnderdiel fan it grutte Ljouwert-Fryslân2018-projekt Lân fan Taal.


Nij: Frysk leare út it Dútsk wei

22 jannewaris 2018

Dútsers dy't Frysk leare wolle hoege har no earst net mear it Nederlânsk eigen te meitsjen. Mei it nije lesmateriaal fan de Afûk kin der no fanút de Dútske taal Frysk leard wurde. Lesmateriaal is aanst ek foar Ingelsk- en Spaansktaligen beskikber.

Lês fierder it artikel dat dêr hjoed yn de LC oer ferskynde:
LC 22-1-2019 Duitsers leren Fries vanuit eigen taal.

Kursus Frysk? Fansels by de Afûk! Sjoch www.kursus.afuk.nl foar alle ynfo.


US: Lân fan taal, unike game oer Ljouwert no beskikber

19 jannewaris 2018

US: Lân fan Taal is in nije, unike game oer Ljouwert dy'tst op dyn smartphone spylje kinst. Yn dy game komst yn oanrekking mei bysûndere lokaasjes yn Ljouwert, mar ek mei de skiednis fan de Ljouwerter binnenstêd. De game gie tongersdei 18 jannewaris by de Taaltoer fan Lân fan taal yn premjêre en is fan hjoed ôf fergees te downloaden yn de App-store en Androïd-market.

Kinsto de kontrôle oer Ljouwert krije en dêrmei it geheim ûntraffelje?

Spylje yn ien fan de trije faksjes om de kontrôle oer Ljouwert. Fyn misjes yn Ljouwert, lis se klear foar faksjegenoaten of los se op om diggels (scherven) te fertsjinjen dêr'tsto in lokaasje mei feroverje kinst. Stadichoan ûntraffelest it geheim fan de trije faksjes en wat dy mei Lân fan Taal te krijen hawwe. Wennest bûten Ljouwert? Dan kinst yn Fûgelflecht de misjes klearlizze en oplosse. Dêrmei fertsjinnest diggels. Ast yn Ljouwert komst, kinst mei dy diggels by de lokaasjes lâns gean en dy plakken oernimme foar dyn faksje.

US: Lân fan Taal is yn it ramt fan Lân fan taal makke yn opdracht fan de Afûk yn gearwurking mei Grendel Games en de Fryske Akademy. De game is ûntwikkele foar skoalbern en jongerein, mar fansels foar elkenien dy’t yn 2018 nei Ljouwert komt: Friezen en toeristen. De game is yn trije talen beskikber: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.

Sjoch ek yn ús websjop!


2018verhalen: fjouwer Fryske skriuwers en harren wurk

19 jannewaris 2018

Ferhaleferteller Gerda van der Wijk hat in grutte leafde foar de Fryske taal. Dy passy is al ier ûntstien troch as bern mei te dwaan oan de foardrachtkriich FeRstival yn Drachten. Dêrnei hat se fyftjin jier toanielspile by MRV Tesselschade yn Hurdegaryp. Sûnt 1987 wurket Gerda by de Afûk en se hat yn al dy jierren in hiel soad berneboeken oerset yn it Frysk. Yn 1992 is se begûn mei it jaan fan lêzingen, benammen foar frouljusferieningen. De lêzing oer Simke Kloosterman wie in grut súkses, sawol yn as bûten Fryslân.

Yn it ramt fan 2018verhalen hat Gerda no in lyts programke gearstald mei as ûnderwerp: Fjouwer Fryske skriuwers en harren wurk. Der sil proaza en poëzy foardroegen wurde fan Tiny Mulder, Fedde Schurer, Berber van der Geest en Willem Abma.

Elkenien is wolkom op 26 jannewaris o.s. tusken 19.00 en 22.00 oere oan Bûterhoeke 3 yn Ljouwert. De earste lêzing begjint om 19.15 oere, de twadde om 20.15 oere en de lêste is om 21.15 oere. De lêzing duorret omtrint 15 minuten.

Yn ús gebou is plak foar 15 besikers de kear. Minsken kinne yn ’e tuskentiid ús winkel besykje en der is fansels kofje en tee mei wat lekkers derby. Minsken dy’t mei de auto komme, kinne dy parkeare yn de parkeargaraazje op it Aldehoustertsjerkhôf of op it Hoeksterend op 100 meter fan de Afûk.

Mear ynformaasje of alfêst in plakje reservearje? Stjoer in mail nei: ynfo@afuk.nl en set dêrby ‘Oanmelding 2018 Verhalen’.


Tresoar siket aventoerlike skriuwer (m/f)!

15 jannewaris 2018

LJOUWERT – Foar it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden siket Tresoar nei in Fryske skriuwer dy’t de útdaging oandoart om acht wiken lang yn Ierlân te wenjen en te wurkjen.

It projekt Other Words/Oare Wurden is in ynternasjonaal literêr útwikselingsprojekt. Doel is om in netwurk op te bouwen fan skriuwers yn lytse- en minderheidstalen yn Europa. Njonken Fryslân dogge en Baskelân, Ierlân, Slovenië en Masedoanië mei oan it projekt. Earder ferbleaune der ek al Fryske skriuwers yn San Sebastián (Baskelân), Bitola (Masedoanië) en Maribor (Slovenië). Ek ferwolkomme Ljouwert al fjouwer bûtenlânske skriuwers.

Hjoed begjint de seleksjeproseduere foar it folgjende ferbliuw: in Fryske auteur mei yn de simmer fan 2018 acht wiken nei Dublin (Ierlân) om ynspiraasje op te dwaan, te (net)wurkjen en diel te nimmen oan kulturele aktiviteiten. Hy of sy docht dêrfan ferslach yn blogs. Foar dit útdaagjende karwei siket Tresoar in skriuwer of skriuwster mei in goed plan, de nedige ûnderfining yn de literêre wrâld en in sûne doasis moed. Behearsking fan de Fryske taal is wol fereaske: it ferbliuw moat resultearje yn in literêr wurk fan maksimaal 5000 wurden, yn it Frysk. Dat wurk wurdt oerset yn fiif talen foar publikaasje op de webside fan Oare Wurden/Other Words en yn in boekwurk.

Oant 15 maart is er de mooglikheid om in foarstel yn te tsjinjen. De skriuwer (m/f) fan it bêste foarstel reizget ein juny nei Dublin ôf. Foar ûnderdak wurdt soarge, en der is in honorarium en fergoeding fan de ferbliuws- en reiskosten beskikber.

Klik hjir foar in wiidweidige omskriuwing fan de funksje en mear ynformaasje oer it seleksjeproses.

It projekt Other Words/Oare Wurden wurdt útfierd troch Tresoar, yn gearwurking mei stichting LF2018, Lân fan taal en de provinsje Fryslân.

De betelpagina wurdt laden