O O O O O O O O O

Promoasje Fryske literatuer troch de Afûk

2 maart 2017

Fan 2017 ôf fersoarget de Afûk de promoasje en de ferkeap fan Fryske literatuer. De boekpromoasje wie yn de ôfrûne jierren by Tresoar belein, de boekferkeap by Boeken fan Fryslân. Op fersyk fan de provinsje Fryslân en yn oerlis mei Tresoar sil de Afûk dy promoasje- en ferkeaptaken no útfiere. It bestjoer fan Tresoar hat yn 2016 in oriïntearjend ûndersyk útfiere litten nei it literêr klimaat yn Fryslân. Sintraal elemint fan it advys wie om de promoasje fan de Fryske literatuer oars te organisearjen. It Algemien Bestjoer fan Tresoar hat op 16 febrewaris 2017 mei dat advys ynstimd.


Sûnt it ferdwinen fan Stichting it Fryske Boek (2010) fierde Tresoar yn opdracht fan de provinsje Fryslân de taken fan dy stichting út. Fan no ôf oan leit Tresoar de klam op literatuerbefoardering en de kearntaken ynformaasje, dokumintaasje en presintaasje fan de Fryske literatuer.

Boeken fan Fryslân

De Afûk fiert sûnt 2012 útfierende taken foar Boeken fan Fryslân út, in kollektyf fan Fryske útjouwers. De stichting set him foar de befoardering fan de ferkeap en promoasje fan Frysktalige literatuer yn. Boeken fan Fryslân docht dat troch de wei fan de sutelaksje, it pleatsen fan boekekisten op skoallen en aksjes yn de boekhannel, lykas it ‘Boek fan de moanne’. Yn 2016 wie Boeken fan Fryslân op de Frankfurter Buchmesse oanwêzich.

Afûk

Fan 2017 beleit de provinsje alle taken oangeande promoasje en ferkeap fan Fryske literatuer by de Afûk. De Afûk makken foar de kommende tiid in nij promoasje- en ferkeapplan. De Afûk moat neist de eigen útjouwerij ek de oare útjouwers fan Fryske literatuer fertsjintwurdigje. Dat binne Audiofrysk, Bornmeer, Elikser, Friese Pers Boekerij, Frysk en Frij, Het Nieuwe Kanaal, Hispel, KFFB, Wijdemeer en Regaad.

Fryske literatuer

De provinsje stimulearret en subsidiearret it skriuwen en útjaan fan Fryske literatuer. De Fryske literatuer is fan grut belang foar it fuortbestean fan de Fryske taal. Dy beliedsfernijing oangeande de promoasje en ferkeap fan Fryske literatuer jout ynfolling oan it beliedsbrief Mei hert, holle en hannen 2017 – 2020.

Parseberjocht Provinsje Fryslân, 2 maart 2017, www.fryslan.nl.
De betelpagina wurdt laden