O O O O O O O O O

Koen Eekma hâldt yn april 2018 op as direkteur by de Afûk

6 maart 2017

Afûk-direkteur Koen Eekma (65) nimt op 25 april 2018 ôfskied fan de Afûk. De Afûk bestiet dan 90 jier. Yn 2017 wurdt fierder boud op de fûneminten dy’t de ôfrûne jierren lein binne foar de grutte fernijende projekten yn it ûnderwiis en foar Lân fan Taal as ûnderdiel fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

‘Dit jier moat der noch in protte wurk út ’e wei set wurde troch de Afûk, ûnder oare mei de organisaasje fan it Talepaviljoen en de Taletún yn de Prinsetún yn Ljouwert en de Taalkaravaan yn de provinsje. Ik wol dêr as mei-inisjatyfnimmer fan Lân fan Taal noch graach myn stientsje oan bydrage, mar nei april takom jier wol ik my ûnderdompelje yn de festiviteiten fan KH2018’, sa seit Eekma.

Syn ôfskied sil plakfine op it jubileumkongres fan de Afûk op 25 april 2018. Fan ’t hjerst sil begûn wurde mei it sykjen nei in opfolger.

- ein parseberjocht
De betelpagina wurdt laden