O O O O O O O O O

Online-kwalifikaasje Grut Frysk Diktee los

10 maart 2017

Hoallefoalje, grodzemodzje, ledtelefyzje en nútsjesmoar. Op tiisdei 4 april wurdt it Grut Frysk Diktee wer holden en dêr komme wer prachtige Fryske wurden foarby. Bekende Friezen lykas skûtsjetwalling Harmen en Sytze Brouwer, trûbadoer Frerik de Swetser en parasportfrou fan it jier Alyda Norbruis dogge al mei. Ek meidwaan? Dat kin! Kwalifisearje kin dit jier foar it earst online fia in website. Nammentlik tusken 8 en 19 maart fia: www.grutfryskdiktee.nl. Omrop Fryslân stjoert it diktee op woansdei 5 april út.

Eksamenkandidaten en bekende Friezen
Njonken de kandidaten dy't harren fia it kwalifikaasjediktee kwalifisearje, dogge de fiif bêste eineksamenkandidaten havo/vwo Frysk ek mei oan it diktee.
Ek parasportfrou fan it jier Alyda Norbruis sil meidwaan oan it Grut Frysk Diktee. "It fak Frysk wie op de middelbere skoalle foar my echt in wrakseling. Mar ik wol útdrage dat ik altyd alle útdagingen oangean, dus doch ik graach mei oan it Grut Frysk Diktee." Skûtsjeskipper fan it Hearrenfean Sytze Brouwer en syn twalingbroer Harmen binne der ek by: "Ik fyn it Frysk in machtige taal, dus dit moat altyd wêze" seit Harmen.
Oare bekende Friezen dy't meidogge binne: trûbadoer Frerik de Swetser, skriuwster Hilda Talsma, Tryater-akteurs Brecht Wassenaar en Romke Gabe Draaijer, presintator Willem de Vries alias Willem Waldpyk, sjongeres Marit Talens en Omrop Fryslân-presintatrise Afke Boven. It diktee is dit jier skreaun troch aktrise, sjongeres en skriuwster Tet Rozendal.

Organisaasje
De organisaasje fan it diktee leit yn hannen fan de Afûk, it Sintrum Meartaligens (Cedin), de Fryske Akademy, Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân.
De betelpagina wurdt laden