O O O O O O O O

Suksesfolle worksjop 'Gastfrij Frysk' foar it Gastengilde

13 maart 2017

Sa'n 20 ûndernimmers fan it Gastengilde, in ûndernimmersgroep yn Noardeast Fryslân, hie tongersdei 9 maart de primeur: dielnimme oan de workshop Gastfrij Frysk. It is in programma út Wales dat de Afûk oanpast hat op Fryslân. Yn it koart giet it derom dat toeristysk- rekreative ûndernimmers de identiteit fan de omjouwing meinimme yn de bedriuwsfiering.

Mei it each op Ljouwert- Fryslân 2018 hat de provinsje in kennisprogramma opset om ûndernimmers yn de toeristyske sektor ta te rieden op nije besikers. De Afûk biedt 'Gastfrij Frysk' fia dit programma oan omdat oantoand is dat hieltyd mear besikers op in mear duorsume wize gebrûk meitsje wolle fan de bestimming. Dit hâldt ûnder oare yn dat de omjouwing wichtich is foar de gast en hjir yn it gasthearskip rekken mei hâlden wurdt.

It Gastengilde wie de earste groep oan wa’t dizze workshop jûn waard. De Wierumse schuitjes, it ferhaal fan de Trekfeart en it Peilhúske yn Eastmahorn, in greep út de nijsgjirrige streekeigenheden dy’t op tafel kamen by de workshop Gastfrij Frysk. Neffens Sjoerd de Hoop fan it Gastengilde wie it: ‘In jûn mei brûkbere tips en mear ynsjoch yn it ferhaal fan ús regio, wêrby’t we ek wurkje oan it ûnderlinge netwurk yn de streek’.

Fenny Reitsma, steatelid fan it CDA, wie oanwêzich by de start fan dizze workshop: ‘We sette ús al jierren yn foar it fuortsterkjen fan it Frysk yn it MKB, moai dat dat no mei dizze workshop omsetten is yn in konkreet produkt. It is goed om ús Fryske ûndernimmers sjen te litten dat de Fryske identiteit in mearwearde jout oan it bedriuw, we meie der wolris wat grutsker op wêze.

De workshop Gastfrij Frysk stiet dit jier noch iepen foar in pear groepen. Foar mear ynformaasje en it ynplannen fan de workshop kin kontakt lein wurde mei Douwkje Douma, d.douma@afuk.nl.

De betelpagina wurdt laden