O O O O O O O O

By de Afûk ferskynd:' Pykje Fjouwer' fan Lida Dijkstra

16 maart 2017

Skreaun troch Lida Dykstra mei prachtige yllustraasjes fan Ina Hallemans.

Tik tik tik. tik tik tik .......
Trije aaien yn it skriezenêst binne al út. Mar it pykje yn it fjirde aai kin de dop net stikken krije. Dêrom wurdt Pykje Fjouwer samar troch syn famylje achterlitten. Gelokkich nimt Kealtsje him mei nei de pleats fan Yfke. Mar nei in jier wol Pykje Fjouwer fleane. Hiel fier. Miskien wol nei Afrika. Mar dat fynt Kealtsje net sa'n goed idee. Want sil er syn skriezefreontsje oait noch wol weromsjen?


'Pykje Fjouwer' is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek nochris nijsgjirrige feiten oer de skries; Kening fan 'e Greide. Foar alle bern dy’t fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle.

Oanbieding earste eksimplaar
It earste eksimplaar wurdt tongersdei 16 maart om 18.00 oere oanbean troch deputearre Johannes Kramer oan boer Jehannes Fopma by it maitiidsfeest “Amalia’s Wolkom”yn Britswert. Boer Fopma is gasthear fan Amalia, de skries dy’t diel útmakke fan de tûzenen skriezen dy’t ôfrûne wykein arrivearre binne yn Fryslân. It feest begjint om 17.00 oere en fynt plak oan de Kromwâl 18 yn Britswert. Elkenien is fan herte wolkom. Oanmeldings fia www.waarisamalia.nl

Boekgegevens

Pykje Fjouwer
Lida Dykstra
Yllustraasjes: Ina Hallemans
Utfiering: Ynbûn
ISBN: 978 94 9217 645 5
Ferkeappriis: € 13 ,50

Fan 'Pykje Fjouwer' is ek in Nederlânsktalige ferzje ferskynd ûnder de titel 'Kuikentje Vier' (ISBN 978 94 9217 649 3).

De betelpagina wurdt laden