O O O O O O O O O

Oftraap sutelaksje grut sukses!

7 april 2017

Tiisdeitejûn 4 april is de earste sutelaksje fan dit jier úteinset yn Easterein. It wie in grut sukses. Leden fan fanfare Wilhelmina ha mei de kroaden by de doarren lâns west en binnen twa oeren foar hast € 3.000,00 oan Fryske boeken ferkocht. Dat is foar de fanfareferiening in moaie opstekker, want fan de opbringst meie se 25 % (sa’n € 750,00) op harren eigen rekken byskriuwe. Fanfare Wilhelmina sil op sneon 15 july meidwaan oan it Wereld Muziek Concours yn Kerkrade en kin it jild goed brûke foar alle ekstra repetysjes, de busreis, it ferbliuw ets. It Wereld Muziek Concours yn Kerkrade wurdt ien kear yn de fjouwer jier hâlden.

Ferdinand de Jong, koördinator fan de sutelaksje, is tige tefreden oer it resultaat: “Geweldich, binnen twa oeren foar € 3.000,00 ferkocht”. Hy hopet dat mear muzyk-, sportferienings ets. folgje sille.

Klik foar in ympresje op ûndersteande link: https://youtu.be/VNKGr4SAKuY
De betelpagina wurdt laden