O O O O O O O O

Presintaasje samle wurk fan dichter Tsjêbbe Hettinga

11 april 2017

Op freed 21 april is yn Tresoar de Fryske presintaasje fan it samle wurk fan dichter Tsjêbbe Hettinga. It programma begjint om 16.30 oere en is foar elk tagonklik.

It samle wurk hat as titel Het vaderpaard / It faderpaard. Alle gedichten en is in mânsk boek fan mear as 800 siden. Dat is omdat alle gedichten twatalich presintearre wurde en elk fers op in nije side begjint. De sammelbondel beslacht in dichterlik oeuvre fan 44 jier. Dêr is ek Hettinga syn nijste, achtste dichtbondel by, De ring fan Gyges, dy’t er sels noch gearstalde; de tekst stie klear op syn kompjûter.

Piter en Wypkje Hettinga, bern fan de yn 2013 ferstoarne dichter, sille it earste eksimplaar oanbiede oan Henk Deinum, goede freon fan Hettinga en syn selskip op in grut tal bûtenlânske reizen. Yn it programma komme fierder bydragen foarby fan in oantal Fryske dichters mei in gedicht oer Hettinga, fan redaksjeleden fan de literêre tydskriften Ensafh en De Moanne en fan de gearstallers fan it boek. It muzikale part wurdt fersoarge troch sjonger-gitarist Basile Maneka Lukadi, mei wa’t Hettinga optredens hie. Tagelyk mei it ferskinen fan it boek giet de website tsjebbehettinga.frl online.

Hettinga wie ferneamd om syn foardrachten. Syn letter wurk ferskynde net allinne yn tekst, mar ek op cd. Alle foardrachten komme tagelyk mei it boek as mp3 beskikber fia de website luisterrijk.nl. It komplete audio-wurk beslacht fjouwer mp3-cd’s fan elk sawat in oere. De cd’s binne apart te krijen, mar der is ek ien sammel-cd mei alle foardrachten.

Het vaderpaard / It faderpaard. Alle gedichten ferskynt by útjouwerij De Bezige Bij yn Amsterdam. Dêr is op 20 april de lanlike presintaasje fan it boek.

Mear op sirkwy.frl en nei 20 april ek op .http://www.tsjebbehettinga.frl.
De betelpagina wurdt laden