O O O O O O O O O

Amtners Súdwestfryslân slagge foar kursus Frysk

12 maaie 2017

It ôfrûne seizoen hawwe 33 meiwurkers fan de gemeente Súdwestfryslân in Afûk-kursus folge. De kursussen dy’t sy folge hawwe binne: Lear mar Frysk, Praat mar Frysk, Skriuw mar Frysk, de online kursus Taalreis troch Europa en de Opfryskkursus. Dus: fan it alderearste begjin oant ‘de puntsjes op ’e i’. In moai momint, want sy hawwe der allegear in soad enerzjy yn stutsen.

Yn oanwêzigens fan wethâlder Mirjam Bakker, lesjousters Renske vd Meer en Hennie de Jong, waarden de sertifikaten troch Koen Eekma, direkteur fan de Afûk, útrikt.



Mear ynformaasje oer kursussen foar ynstellings en bedriuwen fine jo hjir.
De betelpagina wurdt laden