O O O O O O O O O

Fryske Foarlêswike 6 o/m 9 juny 2017: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten

19 maaie 2017

Foarlêzers op ’en paad mei 18.000 Tomke-boekjes yn de Fryske Foarlêswike! Goed 600 foarlêzers sille fan 6 o/m 9 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan goed 12.000 pjutten.
It tema is dit jier ‘Tomke troch it jier’.
De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.

Fryske Foarlêswike
Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn:

Achtkarspelen: Boargemaster Gerbrandy lêst foar op woansdei 7 juny fan 9.30 – 11.00 oan twa groepen op it pjuttboartersplak “It Krobbehiem” yn Surhústerfean
Tytsjerksteradiel: Boargemaster Gebben komt tongersdei 8 juny, 10.00 oere nei “De Bistebus” yn Burgum
Wethâlder Doeke Fokkema lêst foar op tongersdei 8 juny om 9.30 oere by “Poppestien”yn Burgum.
Wethâlder mefrou Houkje Rypstra giet op tongersdei 8 juny om 10.00 oere nei berneopfang “Nei ‘t Sin” yn Gytsjerk.
Snits: Wethâlder mefrou Mirjam Bakker komt op woansdei 7 juny by “Thuis bij Thea” oan ’e Langeveemarktstraat om 9.30 oere.
Fryske Marren: Boargemaster Veenstra lêst foar op woansdei 7 juny om 9.00 oere op pjutteboartersplak “It Kidelstientsje” yn Sleat.
Ljouwert: Arjan Hut, skriuwer / dichter, lêst foar op freed 9 juny om 10.00 oere by de pjutten fan Kids First yn Cristallic.
Opsterlân: Boargemaster mefrou Ellen van Selm lêst foar op freed 2 juny om 9.30 oere op
pjutteboartersplak it Pykehokje yn Terwispel.
Ljouwerteradiel: Boargemaster Boertjens sil op tongersdei 8 juny foarlêze op boartersplak de Oesterkes yn Stiens om 10.00 oere.
De Stellingwerven en it Bilt lêze foar út it Tomke boekje yn harren eigen taal
Skiermûntseach: en fansels wurdt der ek wer foarlêzen op Skiermûntseach yn it Eilanders

De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.


www.tomke.nl
De betelpagina wurdt laden