O O O O O O O O O

'Ynbyld' is de nije dichtbondel fan keunstneres/dichteres Elske Kampen

2 juny 2017

“Byld en tekst beynfloedzje elkoar ynhâldlik op in nijsgjirrige en foar de lêzer iepen wize”, sa seit Elske Kampen oer har wurk yn in wiidweidich fraachpetear mei Eppie Dam yn deMoanne nr. 3 (ferskiningsdatum 24 juny o.s.).

Dizze prachtige bondel is foar € 17,50 te keap yn de boekhannel. Of bestelle fia ús websjop kin fansels ek.

Bin ik op in eilân en inkeld mei myn each kin ik
de see berikke, wylst ropt in twingend freegjen
yn my om alles wat it sjocht te neamen

Mar leaver as te neamen, graaf ik.
Krij in skeppe en bûgje my foaroer en graaf.
En iepen-ticht en iepen-ticht is wylst it wikseljen
fan tij in núnderjend gerdyn, binne myn knibbels
wiet fan it heechspringend wetter en moarn
myn boksen mei bedrûge skom it wyt bewiis
dat ik hjir werklik wie


De betelpagina wurdt laden