O O O O O O O O O

Afûk wiis mei provinsjaal subsydzje ûnderwiisprojekten

7 juny 2017

De Afûk krijt rom 2 miljoen euro subsydzje fan de provinsje foar it ûntwikkeljen fan nij Frysktalich lesmateriaal. Direkteur Koen Eekma is der 'hartstikke wiis mei'.

De provinsje Fryslân wol de kommende jierren fierder ynvestearje yn it Frysk ûnderwiis en jout oan dat hja de soarchplicht hawwe foar it behâld en it befoarderjen fan de Fryske taal en de Fryske streektalen. It giet dêrby om it fuortsterkjen fan it plak fan it Frysk, faak yn in meartalige kontekst. De provinsje wol yn de kommende beliedsperioade ynsette op de ferbining tusken taal, meartaligens, kultuer en sport yn it ûnderwiis.

De Afûk hat yn ’e mande mei kollega-ynstellingen de ôfrûne jierren in begjin makke mei it ûntwikkeljen fan in trochgeande learline yn de foarm fan it referinsjeramt Frysk, útwurkingen fan fernijde foarmen fan ynteraktyf taalûnderwiis, de nije digitale metoaden ‘Spoar 8’ en ‘Searje 36’ en bypassende digitale les- en evaluaasjemiddels foar alle doelgroepen: foarskoalsk, primêr, fuortset (ek mbû), heger en folwoekseneûnderwiis.

De Afûk wol him derfoar ynsette om yn 2020 foar de Fryske taal in folslein en ryk oanbod oan digitale tapassingen foar it learen en brûken fan de Fryske taal yn in edukative setting beskikber te meitsjen. Dêrta sille der de kommende jierren ek foar dy groepen en klassen dêr’t noch net in soad, gjin of ferâldere learmiddels binne, nije digitale programma’s beskikber makke wurde. Tink oan groep 3 en 4 fan it basisûnderwiis en oan alle klassen nei de earste klasse fan it fuortset ûnderwiis, mar ek oan it middelber beropsûnderwiis.

Skoallen wurde bewuster, no’t it ‘Taalplan Frysk’ harren ambysjes yn kaart bringt. Dat freget ek om passende oplossingen, op basis fan de profilen fan de skoallen. Ek dêrfoar sil der mear ferskaat yn it oanbod komme. Nije digitale en fleksibele oplossingen wurde fierder útwurke foar de skoallen. It digitale oanbod wurdt sa foarm jûn dat it oantreklik is en dat it ek mooglik is foar skoallen om troch te ‘groeien’.
De betelpagina wurdt laden