O O O O O O O O

Twa Fryske berneboeken nominearre foar IBBY- Honourlist 2018

29 juny 2017

De Fryske berneboeken Tije fan Mirjam van Houten en de oersetting fan Martsje de Jong, de GFR (de Grutte Freonlike Reus fan Roald Dahl) binne beide nominearre foar de IBBY-Honourlist 2018.

Om de twa jier jout IBBY (International Board on Books foar Young people) de honourlist út, in oersjoch fan berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit, útjûn yn mear as fiifensantich by de IBBY oansletten lannen. De nasjonale seksjes fan IBBY meie boeken foardrage dy’t útblinke troch tekst, yllustraasjes of oersetting.

Foar it earst yn de skiednis draacht IBBY-Nederlân foar de kategory “vertalers” ek in Fryske oersetter foar en dat is Martsje de Jong foar har oersetting fan de GFR (útjûn troch útjouwerij Regaad).

Omdat Nederlân twatalich is wurdt neist in Nederlânsk boek ek in Frysk boek foardroegen foar de kategory “auteurs” en dat is dit jier Mirjam van Houten foar har boek Tije dêr‘t sy ek de yllustraasjes foar makke (útjûn troch útjouwerij Afûk).

De reuzewrâld fan de GFR hat de herten fan miljoenen bern én folwoeksenen oer de hiele wrâld stellen. Martsje de Jong is der mei har fernimstige, kreative oersetting yn slagge de fantasyrike reuzetaal ek yn it Frysk klinke te litten as in klok.

Tije is it debút fan skriuwster/yllustratrise Mirjam van Houten. Yn dit boek wurdt de lêzer fan it begjin ôf meinommen yn de belibbingswrâld fan Tije. In tagonklik boek foar bern dy’t krekt lêze kinne mei prachtige yllustraasjes.

De betelpagina wurdt laden