O O O O O O O O

Frysk mei ek by Belestingtsjinst

29 augustus 2017

Fryske Algemien nut beëagjende ynstellings (ANBY), meie harren tenei ek yn it Frysk ferantwurdzje by de Belestingtsjinst. Dat meldt minister Plasterk fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, yn syn beänderjen op de Keamerfragen oer de tuskenevaluaasje bestjoersôfspraken Fryske taal en kultuer.

De VVD fraksje stelde fragen oer it Frysk by ANBY’s. Dit binne ynstellings dy 't harren ynsette foar it algemien belang. Under de rjochtlinen fan de Belestingtsjinst wie it foar Fryske ANBY’s net mooglik om harren yn it Frysk te ferantwurdzjen, want dan ferlearen sy harren ANBY-status. Plasterk jout oan dat it Frysk, op grûn fan de erkenning fan it Europeesk Hânfêst, in deselde status hat as it Nederlânsk. De minister hat dêrom yn oerlis mei de steatssekretaris fan Finânsjes besluten om de rjochtlinen op dit punt oan te passen.

Deputearre Poepjes: “De provinsje Fryslân en taalorgaan DINGtiid hawwe dit meardere kearen oan de oarder steld by minister Plasterk. Mei de oanpassing fan de rjochtlinen respektearret de minister de Wet gebrûk Fryske taal. Dêr bin ik bliid mei. Friezen moatte yn harren eigen taal mei elkoar kommunisearje kinne, ek by Rykstjinsten. Ik rop de Friezen dan ek op om dat te dwaan. Wy meie grutsk wêze op ús taal en dat meie wy sjen litte.”

De folsleine anderten fan minister Plasterk op de Keamerfragen steane op de webside fan de Twadde Keamer.

Bron: parseberjocht Provinsje Fryslân
De betelpagina wurdt laden