O O O O O O O O

42 Fûgels oan ús kusten/42 Vögels van uns Küsten

6 oktober 2017

Op tongersdei 12 oktober wurdt presintearre:42 Fûgels oan ús kusten/42 Vögels van uns Küsten
. De ynternasjonaal bekende tekener Steffen Walentowitz hat it skreaun en prachtige tekeningen makke fan waadfûgels. It berneboek is yn twa talen (Frysk en Plattdútsk).

Der falt hiel wat te ûntdekken: 42 kustfûgels mei harren geheimsinnige libbens yn twa talen, it Frysk út de Nederlânske provinsje Fryslân en it Platdútsk út East-Fryslân yn Dútslân.

Dat gifft en Bült to finnen: 42 Küstenvögels mit en besünner Leven un twee oll Spraken, dat Westfreeske in de nederlanske Provinz Freesland un dat Plattdüütske in de düütske Kuntrei Oostfreesland.

Boekpresintaasje
It earste eksimplaar wurdt oanbean oan deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Pytsje de Graaf fan gemeente Dongeradeel.De boekpresintaasje fynt plak yn museum It Garnalefabryk yn Moddergat fan 9.30 – 10.30 oere.De bern fan de groepen 7 en 8 fan KBS De Griffel út Ljussens sille by dizze feestlike presintaasje oanwêzich wêze. Nei it offisjele diel wurde de bern en gasten û.o. op waadekspedysje meinommen û.l.f. de waadgidsen fan edukaasjesintrum De Klyster.

Boekgegevens
42 Fûgels oan ús kusten/42 Vögels van uns Küsten
Steffen Walentowitz
Utfiering: Ynbûn
Siden: 100
ISBN 978 94 92176 60 8
Ferkeappriis: € 8,95
www.afuk.frl
www.fryslan.frl
www.nationalpark-wattenmeer.de
www.ostfriesischelandschaft.de
De betelpagina wurdt laden