O O O O O O O O O

De nije heit&mem is der!

9 oktober 2017

Op de cover steane dizze kear Judith en har skoalgenoat Isaac fan de Jouwer. Muzyk is ien fan de tema’s dy’t werom komt yn de heit & mem.

Fierder is der yn it blêd omtinken foar natuerlike kreamsoarch, mannen dy’t wurkje op de berneopfang, Lân fan taal, smoken en bern, hypes, TOS en noch folle mear!

Berne-arts Tjalling de Vries skreau ek wer in prachtige kollum, Linda Keekstra-Leystra pronket mei har moaie dikke búk en ek de nijste Fryske boeken, sa as ‘Ik tel oant 100‘ steane der yn.

De kommende wiken wurdt er ferspraat troch hiel Fryslân en sa as wenst is de heit&mem ek dizze kear wer hielendal fergees te krijen! Sjoch hjir foar mear ynfo en de ferspriedingslist.

De betelpagina wurdt laden