O O O O O O O O

Nij ferskynd: Sirkus PeM en de ûlewapper

10 oktober 2017

Skreaun troch Mindert Wijnstra en yllustrearre troch Babs Wijnstra

Pier en Marieke wenje neistelkoar. Se binne beide acht jier en dikke maatsjes. Ferfele dogge se harren noait. Se ha fantasy genôch en fine alle kearen wer wat nijs út. Op in dei sette se sels in hiele sirkusfoarstelling op tou - al giet net alles sa't se it bedoeld ha. Dy goeie bedoelings pakke wol faker ferkeard út by harren brike aventoeren. Mar hal hoe mâl oft it soms ek giet, meastal rint it dochs noch goed ôf. Teminsten... foar Pier en Marieke.

Fyftjin fleurige ferhalen foar jong en âld fan berneboekeskriuwer en ferhaleferteller Mindert Wijnstra. De ferhalen binne oarspronklik skreaun foar it televyzjeprogramma Fratsen fan Omrop Fryslân.

Boekpresintaasje
De boekpresintaasje fynt plak op woansdeitemiddei 11 oktober om 15.30 oere by de Boekpriuwerij op OBS Op ʼe Dobbe, Finne 42 yn Hallum.

Boekgegevens

Sirkus PeM
Auteur: Mindert Wijnstra
Yllustrator: Babs Wijnstra
Utfiering: Ynbûn
Siden: 87
ISBN 978 94 9217 651 6
Ferkeappriis: € 14,95
Sirkus PeM
De betelpagina wurdt laden