O O O O O O O O O

Vrouwen van Nu St. Nyk op kursus

11 oktober 2017

Tsien froulju fan de Vrouwen van Nu feriening út St. Nyk en omkriten folgje sûnt ferline wike de SkriuwmarFrysk-kursus.
De earste reaksjes binne tige posityf, lesjouwer Aant Mulder kin dat ûnderskriuwe.

Der wurdt wurke oan it wurdbyld fan it Frysk, de stavering en de tiidwurden. Nei ôfrin fan de kursus kinne de froulju Fryske berjochten skriuwe. Dêrneist meitsje de dielnimmers thús gebrûk fan it lesmateriaal op it digitale learplatfoarm eduFrysk.

Mear witte in oer kursus foar jim feriening, organisaasje of bedriuw? Ynformearje frijbliuwend nei de mooglikheden by de kursusorganisaasje, Lineke Kuiper: l.kuiper@afuk.nl.

www.kursus.afuk.nl

De betelpagina wurdt laden