O O O O O O O O

Premjêre Yn dit lânskip leit myn libben: in film oer Fryske literatuer

3 novimber 2017

De leafde foar de Fryske taal en literatuer, dêr draait it om yn de film Yn dit lânskip leit myn libben, dy’t op 9 novimber feestlik yn premjêre giet by it Noordelijk Filmfestival.

Filmmakkers Halbe Piter Claus en Ismaël Lotz makken de film yn opdracht fan Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar. Yn 2018 sil de film trochrinnend yn Tresoar draaid wurde as ûnderdiel fan it LF2018-project Lân fan taal.

Mei de Fryske taal as ark, wurkje suksesfolle Fryske skriuwers Hylke Speerstra en Hilda Talsma yn de skriuwersarke fan skriuwer Rink van der Velde op ’e Feanhoop oan in ferhaal oer har persoanlike relaasje mei de Fryske literatuer. Sy rjochtsje har yn in brief ta in Fryske skriuwer út it ferline mei wa sy har ferbûn fiele. Keunsthistoarikus en kultuerkritikus Huub Mous lit syn ljocht skine oer de Fryske literatuer fan nei de Twadde Wrâldkriich en pleatst dy yn in Europeesk perspektyf. Sa ûntstiet der in byld fan in libbene Fryske taal mei histoaryske woartels yn Europa. Wêr komt de leafde foar de Fryske taal by Speerstra en Talsma wei? Hoe djip sit de eangst om har taal te ferliezen?

It gehiel waard yn sfearfolle filmbylden fêstlein troch Halbe Piter Claus, dy’t it senario skreau en ek de regy die. Sinematograaf Ismaël Lotz soarge foar it meinimmende kamerawurk en die ek de montaazje fan de produksje. De feestlike premjêre is yn oanwêzigens fan de filmmakkers en gasten út de Fryske literêre wrâld. Oanslutend is der in diskusje oer de takomst fan de Fryske literatuer, en der is in hapke en in drankje.

De premjêre fan Yn dit lânskip leit myn libben fynt plak op tongersdei 9 novimber 2017 yn De Harmonie yn Ljouwert.

Programma
• 14.30 - Ynlieding op de film troch Bert Looper
• Film
• Paneldiskusje oer Fryske literatuer
• 16.00 - Hapke en drankje

It projekt is ta stân kommen yn gearwurking mei FryslânDOK fan Omrop Fryslân.

Mei tank oan: Lân fan taal, Stifting FLMD, It Fryske Gea, Fries Film Archief, Simke Kloostermanhûs, Achmea, en Restaurant Het gerecht.
De betelpagina wurdt laden