O O O O O O O O

De Afûk nij lid fan it European Language Equality Network (ELEN)

10 novimber 2017

Valencia is dit wykein de Europeeske haadstêd fan it taal ferskaat. Dêr wurdt dit wykein de jierlikse gearkomste fan it European Language Equality Network (ELEN) hâlden. By it netwurk binne 150 organisaasjes oansluten dy't meiïnoar 45 minderheidstalen ferstjintwurdigje. De Afûk sil har dêr sneon as nij lid presintearje.

De Afûk fynt it wichtich om oan te sluten by de ELEN om sa op breed Europeesk nivo ûnderfiningen útwikselje te kinnen en fan inoar te learen. Fansels sil by de presintaasje fan de Afûk ek Lân fan taal en yn it bysûnder de ynternasjonale gearwurking yn it Talepaviljoen oan de oarder komme.

Sjoch foar mear ynformaasje oer de gearkomste yn Valencia op elen.ngo.
De betelpagina wurdt laden