O O O O O O O O O O

Alex de Jager nije direkteur Afûk

12 desimber 2017

It bestjoer fan de Afûk hat it foarnimmen om mei yngong fan 1 febrewaris 2018 Alex de Jager te beneamen as nije direkteur fan de Afûk. Hy folget dêrmei Koen Eekma op.

De nije direkteur sil fierder bouwe op de fûneminten dy't de ôfrûne jierren lein binne foar grutte fernijende projekten yn it ûnderwiis en foar Lân fan taal as ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa.

Alex de Jager, berne yn 1965 yn Fryslân, is op dit stuit noch direkteur ‘externe betrekkingen’ en strategysk relaasjebehearder by Hogeschool Inholland yn Alkmaar. De Jager hat altyd, yn ferskillende funksjes, yn it heger ûnderwiis wurke. Reade tried dêryn wie it strategysk belied en management. Alex de Jager is doktorandus yn de Nederlânske taal- en letterkunde mei as spesjalisaasje taalkunde.
De betelpagina wurdt laden