O O O O O O O O

Nije roman Aggie van der Meer: Anna

14 december 2017

Anna is in famylje-epos oer geheimen, belangen en relaasjes

Anna spilet him ôf binnen de Roomske sakefamylje Fan it Hof yn de perioade 1880 oant 2005. Yn 1880 sette Aloïs fan it Hof en Jacoba fan Gosliga yn Osnabrück in gruthannel yn stoffen op, dy’t letter útwreide wurdt mei filialen yn Nederlân. Benammen tidens de Earste en Twadde Wrâldoarloch hâlde de famyljeleden har net altyd oan de easken dy’t se harsels as fromme boargers oplein hiene. Neitiid dogge se alle war dat foar de jongere famyljeleden en nei bûten ta ferburgen te hâlden. Dat guon earwearde hearen dêr út en troch ek by belutsen wiene makke it geheimhâlden ekstra needsaaklik. It fermoeden fan it bestean fan dôfpotten lykop mei it bestean fan in ynterne machtsstriid hawwe de ferhâldingen binnen de famylje gjin goed dien. Wylst yn Dútslân leden fan de Rote Armee Fraktion besykje ynformaasje oer de hannel en wannel fan de Fan it Hofs te sammeljen, ûntstiet der in leafdesrelaasje tusken twa leden – Anna en Onno- fan de famylje.
As dúdlik wurdt dat de famylje mei in ramp te krijen hat en dat as gefolch dêrfan Onno út it sicht ferdwine moast, begjint Anna oan har syktocht troch de famyljegeheimen, belangen en relaasjes om ynsjoch te krijen hoe’t it allegear sa fier kommen is.

Presintaasje
De feestlike presintaasje fynt plak op sneon 16 desimber by Tresoar. It earste eksimplaar wurdt oanbean oan de eardere haadredakteur fan de Ljouwerter Krante Hans Snijder. Mei fierdere meiwurking fan Jelle van der Meulen, Ernst Bruinsma, Hoite Pruiksma en Rommy Soepboer.

Plak: G.J. seal Tresoar, Boterhoek 1, Ljouwert
Datum/oanfang: 16 desimber 11.00 oere


Boekgegevens
Aggie van der Meer, Anna
Utfiering: paperback
Siden: 204
Ferkeappriis: € 19,50
ISBN:9789492176646
Afûk, Ljouwert 2017

De betaalpagina wordt geladen