O O O O O O O O O

US: Lân fan taal, unike game oer Ljouwert no beskikber

19 jannewaris 2018

US: Lân fan Taal is in nije, unike game oer Ljouwert dy'tst op dyn smartphone spylje kinst. Yn dy game komst yn oanrekking mei bysûndere lokaasjes yn Ljouwert, mar ek mei de skiednis fan de Ljouwerter binnenstêd. De game gie tongersdei 18 jannewaris by de Taaltoer fan Lân fan taal yn premjêre en is fan hjoed ôf fergees te downloaden yn de App-store en Androïd-market.

Kinsto de kontrôle oer Ljouwert krije en dêrmei it geheim ûntraffelje?

Spylje yn ien fan de trije faksjes om de kontrôle oer Ljouwert. Fyn misjes yn Ljouwert, lis se klear foar faksjegenoaten of los se op om diggels (scherven) te fertsjinjen dêr'tsto in lokaasje mei feroverje kinst. Stadichoan ûntraffelest it geheim fan de trije faksjes en wat dy mei Lân fan Taal te krijen hawwe. Wennest bûten Ljouwert? Dan kinst yn Fûgelflecht de misjes klearlizze en oplosse. Dêrmei fertsjinnest diggels. Ast yn Ljouwert komst, kinst mei dy diggels by de lokaasjes lâns gean en dy plakken oernimme foar dyn faksje.

US: Lân fan Taal is yn it ramt fan Lân fan taal makke yn opdracht fan de Afûk yn gearwurking mei Grendel Games en de Fryske Akademy. De game is ûntwikkele foar skoalbern en jongerein, mar fansels foar elkenien dy’t yn 2018 nei Ljouwert komt: Friezen en toeristen. De game is yn trije talen beskikber: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.

Sjoch ek yn ús websjop!
De betelpagina wurdt laden