O O O O O O O O O

Tresoar siket aventoerlike skriuwer (m/f)!

15 jannewaris 2018

LJOUWERT – Foar it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden siket Tresoar nei in Fryske skriuwer dy’t de útdaging oandoart om acht wiken lang yn Ierlân te wenjen en te wurkjen.

It projekt Other Words/Oare Wurden is in ynternasjonaal literêr útwikselingsprojekt. Doel is om in netwurk op te bouwen fan skriuwers yn lytse- en minderheidstalen yn Europa. Njonken Fryslân dogge en Baskelân, Ierlân, Slovenië en Masedoanië mei oan it projekt. Earder ferbleaune der ek al Fryske skriuwers yn San Sebastián (Baskelân), Bitola (Masedoanië) en Maribor (Slovenië). Ek ferwolkomme Ljouwert al fjouwer bûtenlânske skriuwers.

Hjoed begjint de seleksjeproseduere foar it folgjende ferbliuw: in Fryske auteur mei yn de simmer fan 2018 acht wiken nei Dublin (Ierlân) om ynspiraasje op te dwaan, te (net)wurkjen en diel te nimmen oan kulturele aktiviteiten. Hy of sy docht dêrfan ferslach yn blogs. Foar dit útdaagjende karwei siket Tresoar in skriuwer of skriuwster mei in goed plan, de nedige ûnderfining yn de literêre wrâld en in sûne doasis moed. Behearsking fan de Fryske taal is wol fereaske: it ferbliuw moat resultearje yn in literêr wurk fan maksimaal 5000 wurden, yn it Frysk. Dat wurk wurdt oerset yn fiif talen foar publikaasje op de webside fan Oare Wurden/Other Words en yn in boekwurk.

Oant 15 maart is er de mooglikheid om in foarstel yn te tsjinjen. De skriuwer (m/f) fan it bêste foarstel reizget ein juny nei Dublin ôf. Foar ûnderdak wurdt soarge, en der is in honorarium en fergoeding fan de ferbliuws- en reiskosten beskikber.

Klik hjir foar in wiidweidige omskriuwing fan de funksje en mear ynformaasje oer it seleksjeproses.

It projekt Other Words/Oare Wurden wurdt útfierd troch Tresoar, yn gearwurking mei stichting LF2018, Lân fan taal en de provinsje Fryslân.
De betelpagina wurdt laden