O O O O O O O O O

2018verhalen: fjouwer Fryske skriuwers en harren wurk

19 jannewaris 2018

Ferhaleferteller Gerda van der Wijk hat in grutte leafde foar de Fryske taal. Dy passy is al ier ûntstien troch as bern mei te dwaan oan de foardrachtkriich FeRstival yn Drachten. Dêrnei hat se fyftjin jier toanielspile by MRV Tesselschade yn Hurdegaryp. Sûnt 1987 wurket Gerda by de Afûk en se hat yn al dy jierren in hiel soad berneboeken oerset yn it Frysk. Yn 1992 is se begûn mei it jaan fan lêzingen, benammen foar frouljusferieningen. De lêzing oer Simke Kloosterman wie in grut súkses, sawol yn as bûten Fryslân.

Yn it ramt fan 2018verhalen hat Gerda no in lyts programke gearstald mei as ûnderwerp: Fjouwer Fryske skriuwers en harren wurk. Der sil proaza en poëzy foardroegen wurde fan Tiny Mulder, Fedde Schurer, Berber van der Geest en Willem Abma.

Elkenien is wolkom op 26 jannewaris o.s. tusken 19.00 en 22.00 oere oan Bûterhoeke 3 yn Ljouwert. De earste lêzing begjint om 19.15 oere, de twadde om 20.15 oere en de lêste is om 21.15 oere. De lêzing duorret omtrint 15 minuten.

Yn ús gebou is plak foar 15 besikers de kear. Minsken kinne yn ’e tuskentiid ús winkel besykje en der is fansels kofje en tee mei wat lekkers derby. Minsken dy’t mei de auto komme, kinne dy parkeare yn de parkeargaraazje op it Aldehoustertsjerkhôf of op it Hoeksterend op 100 meter fan de Afûk.

Mear ynformaasje of alfêst in plakje reservearje? Stjoer in mail nei: ynfo@afuk.nl en set dêrby ‘Oanmelding 2018 Verhalen’.

De betelpagina wurdt laden