O O O O O O O O O

Dokumintêre 'Yn dit lânskip leit myn libben' op NPO2 en Omrop Fryslân

25 jannewaris 2018

Kommend wykein is de dokumintêre 'Yn dit lânskip leit myn libben' te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân. Sneon 27 jannewaris om 15.30 oere en snein 28 jannewaris om 13.00 oere op NPO2 en op snein 28 jannewaris fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân.

De film giet oer de hjoeddeiske en eardere makkers fan Fryske literatuer. Mei de Fryske taal as ark skriuwe súksesfolle Fryske skriuwers Hylke Speerstra en Hilda Talsma op in idyllyske lokaasje in brief oer harren persoanlike relaasje mei de Fryske literatuer. Se binne te gast yn de Skriuwersark fan Rink van der Velde op 'e Feanhoop. Se skriuwe elk in Fryske skriuwer út it ferline oan, mei wa't se har ferbûn fiele. Keunsthistoarikus en kultuerkritikus Huub Mous lit syn ljocht skine oer de Fryske literatuer fan nei de Twadde Wrâldkriich en pleatst dy yn in Europeesk perspektyf. Sa ûntstiet der in byld fan in libbene Fryske taal mei histoaryske woartels yn Europa. Wêr komt de leafde foar de Fryske taal by Speerstra en Talsma wei? Hoe djip sit de eangst om har taal te ferliezen?

De dokumintêre is makke troch filmmakkers Halbe Piter Claus en Ismaël Lotz, yn opdracht fan Tresoar en yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Fan 26 jannewaris 2018 ôf is de film trochrinnend te sjen yn de Gysbert Japicxseal by Tresoar as ûnderdiel fan it grutte Ljouwert-Fryslân2018-projekt Lân fan Taal.
De betelpagina wurdt laden