O O O O O O O O O O

Nije dichtbondel fan Tsead Bruinja ferskynd by útjouwerij Afûk

26 jannewaris 2018

Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok
gedichten fan Tsead Bruinja

Under drege omstannichheden it goede dwaan, dêr draait it om yn de nije bondel Hingje net alle klean op deselde kapstôk/Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok (Afûk, 2018) fan Tsead Bruinja. Fan karmelitepater Titus Brandsma (Boalsert 1881 - Dachau 1942) oan wa ’t de iepeningssyklus opdroegen is oant de jonge Jopie, dy’t yn in wreed modern mearke op syn fyts de trekkers fan it leanbedriuw folget en konfrontearre wurdt mei in mem en soan dy’t út ʼe see krûpt lykje te wêzen om in rekken lyk te meitsjen mei it minskdom. Elkenien docht syn bêst yn dizze bondel en siket dêrfoar yn it ierdske en it hegere nei stipe en sinjouwing. De taal is tagonklik, de ritmes en melodyen binne faak sober en ynbannich. Boppedat is dizze alfde bondel fan Bruinja folle minder autobiografysk as syn foarich wurk. Yn Hingje net alle klean op deselde kapstôk/Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok giet it om de oar en wat dy oar driuwt.

Presintaasje

De syklus ‘Foarlopich lân/Voorlopich land’ út dizze bondel makket ûnderdiel út fan in fideokeunstwurk dêr’t Bruinja foar gearwurke mei sjonger/kabaretier Herman van Veen en byldzjend keunstner Jules van Hulst.
Dat wurk sil fan 2 febrewaris 2018 ôf inkele moannen op de Ljouwerter toer de Aldehou projektearre wurde yn it ramt fan ‘Lân fan taal’ en LF2018.

Oer Tsead Bruinja
Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974) is dichter en wennet yn Amsterdam.
Hy debutearre yn it Frysk yn 2000 mei de Frysktalige bondel De wizers yn it read/De wijzers in het rood (Bornmeer) en yn it Nederlânsk yn 2003 mei Dat het zo hoorde (Contact). Bruinja stelt blomlêzings gear, resinsearret, presintearret, ynterviewt en treedt op yn binnen- en bûtenlân (û.o. yn Perû, Oekraïne en Simbabwe).

Dêrneist wurket er regelmjittich gear mei byldzjend keunstners, typografen en foarmjouwers. Syn wurk is net allinne yn boeken, mar ek op gebouwen, pleinen en yn winkels te lêzen. Sûnt in tal jierren is Bruinja wurksum as dosint oan de oplieding Creative Writing te Arnhim en sûnt 2017 is er ‘Dongeradichter’ fan de gemeente Dongeradiel. Bruinja’s bondels waarden nominearre foar de Jo Peters Poëzieprijs, de Ida Gerhardtpoëzieprijs en de Obe Postmapriis. Hingje net alle klean op deselde kapstôk/Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok (Afûk, 2018) is syn alfde bondel.

De parse oer de twa meast resinte bondels fan Tsead Bruinja:

Binnenwereld buitenwijk natuurlijke omstandigheden (Cossee, 2015)
- Het is typerend voor de poëzie van Bruinja, die hooggevoeligheid voor de leefomgeving, waardoor alles met alles in verband staat en meteen veranderlijk is.- Eppie Dam yn de Leeuwarder Courant

- Dit is geen loze bezorgdheid over wat er gaande is, dit is wat de werkelijkheid zo nu en dan nodig heeft: poëzie.- Janita Monna yn Trouw

- Wie ooit had gedacht dat dichters narcistische pennenlikkers zijn, die op stoffige zoldertjes en in schemerachtige souterrains literaire onanie bedrijven, wordt met Binnenwereld buitenwijk in het ongelijk gesteld. We hebben soms fictie nodig om de werkelijkheid te zien.- Merijn Schipper yn Awater

Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers (Afûk, 2013)
- Sa as it measte wurk fan Bruinja, binne de gedichten tagonklik en geane oer gefoelens dy’t eltsenien begrypt en werkent. Hy slagget deryn om yn de Nederlânske oersettings dyselde toan te treffen en de oersettings binne sadwaande like oertsjûgjend as de Fryske orizjinelen.- Jury Obe Postmapriis 2016

-Tsead Bruinja is in dit boek, zoals vaker in zijn gedichten, open over zijn leven, zijn dromen, vrouw en vrienden; meestal opgewekt, maar ook melancholiek. Hij schrijft zonder pretentie, sympathiek en humoristisch. - Remco Ekkers yn de Poëziekrant

- Bruinja hie him as dichter al bewiisd. Dochs hat er yn dizze bondel syn eigen lûd noch wer ferheldere en ferdjippe, faak feilleas sekuer yn ’e dingen dy’t er sizze wol. - Eppie Dam yn de Leeuwarder Courant

Boekgegevens:
Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok
Auteur: Tsead Bruinja
Untwerp: Monique Vogelsang
ISBN: 9789492176738
Utfiering: paperback
Ferkeappriis: € 18,50
Siden: 108

No yn de websjop fan de Afûk.
De betelpagina wurdt laden