O O O O O O O O O O

Afûk en Wikitongues bondelje krêften om de taaldiversiteit yn it Talepaviljoen fêst te lizzen

10 april 2018

Wikitongues, in organisaasje dy’t him dwaande hâldt mei it sammeljen fan ferhalen op fideo út talen út de hiele wrâld (de fideo’s binne te sjen op harren YouTube-kanaal), wurket gear mei de Afûk mei as doel om lytse talen te dokumintearjen ta gelegenheid fan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa.

As ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa koördinearret de Afûk de aktiviteiten yn it Talepaviljoen MeM. Fan 30 maart oant en mei 28 oktober steane taalmienskippen út de hiele wrâld dêr in wike lang sintraal om harren taal en kultuer te dielen. Muzyk, poëzy, ferhalen en in soad oare uteringen binne dan te finen yn MeM, dêr’t jo ek genietsje kinne fan in hapke en in drankje.

Omdat de measte talen dy’t harren presintearje yn MeM bedrige talen binne en/of talen dy’t ûnderdokumintearre binne (tink oan Biltsk, Sorbysk, de Nederlânske gebeartetaal, de taal fan it eilân Man, Limboarchsk, Drintsk of de taal fan Cornwall), hawwe de Afûk en Wikitongues in partnerskip opset om te besykjen om safolle mooglik sprekkers fan safolle mooglik talen fêst te lizzen.

Doch mei en fertel ús wat oer dysels yn dyn eigen taal en wurd sadwaande ûnderdiel fan it mondiale netwurk fan taalpromotors!

Sjoch ek op:
www.wikitongues.org
www.youtube.com/user/WikiTongues
http://afuk.frl/
https://www.facebook.com/Mem.LivingroomofLanguages/
https://twitter.com/Talepaviljoen
De betelpagina wurdt laden