O O O O O O O O O

Koen Eekma riddere by ôfskie as Afûk-direkteur

26 april 2018

By syn ôfskie fan de Afûk is direkteur Koen Eekma fan It Hearrenfean beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Eekma krige de fersiersels woansdeitemiddei út hannen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dit barde op it jubileumkongres fan de Afûk yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Hast trije desennia lang hat Eekma him ynset foar it fersterkjen fan de Fryske taal. Sa'n 27 jier wie Eekma direkteur fan de Afûk. Nei syn pensjoen ferline jier bleau hy aktyf by de organisaasje om it Kulturele Haadstedprojekt Lân fan taal klear te krijen.

It ôfskie fan Eekma foel woansdei gear mei de fiering fan it jubileum fan de njoggentichjierrige Afûk. Kommissaris Brok priizge Eekma as ien dy't net somber wêze woe oer de posysje en de takomst fan de Fryske taal. Njonken syn wurk foar it Frysk wie Eekma ek as frijwilliger belutsen by organisaasjes op it mêd fan sport en kultuer.



Foto: Jacob van Essen, fotobureau Hoge Noorden
De betelpagina wurdt laden