O O O O O O O O O O

Taalkaravaan bringt festivals taalwille

31 maaie 2018

Fan 1 juny ôf is Lân fan taal mei de Taalkaravaan op festivals en eveneminten yn Fryslân. Foarstelling en aktiviteiten fol talen en ferhalen wurde dêrmei oan de programmearring fan de 'events' taheakke. De earste halte is it Oranjewoud Festival. Dêr giet sneon 2 juny de foarstelling 'Tongen' fan skriuwer/performer Nyk de Vries en 'Solo' mei musici fan it Noord Nederlands Orkest yn premjêre.

Nei it Oranjewoud Festival (1-10 juny) giet de Taalkaravaan nei Oerol (15-24 juny), Simmerdeis (28 juny -1 july), The Tall Ships Races (3-6 augustus) en de Admiraliteitsdagen (6-8 septimber). Njonken in meireizgjend haadprogramma binne der op elke lokaasje passende, oanfoljende optredens en aktiviteiten. Lân fan taal-partners dy't nau belutsen binne by de Taalkaravaan binne Afûk/de Moanne en Explore the North.

Haadprogramma

Tongen
De foarstelling ‘Tongen’ begjint yn Malawi. As skriuwer/ferteller Nyk de Vries dêr in tsjerkje besiket, hear hy himsels ynienen yn tongen sprekken. Yn in frjemde gearmjuksel fan Frysk en oare talen brabbelet hy foar him út, yn it fiere lân mei syn sânpaden en houten elektrisiteitspeallen. It docht him frjemd genôch tinken oan De Westereen, it doarp fan syn mem. ‘Tongen’ giet oer de ferriederlike krêft fan ûnwennigens. Fier fan hûs wurde taal en gewoanten, dy’t dy eartiids as ûnbelangryk foarkamen, dy ynienen dierber. Nyk sjongt en draacht foar. Ûnderwilens samplet hy film en muzyk, en wit as gjin oar spanning op te bouwen út sa’t it liket ûnbelangrike, ferjitten barrens. In totaalûnderfining.

Solo
It Noord Nederlands Orkest is ien fan de ferneamdste symfonyorkesten fan Nederlân. De musisy komme fan oeral op ‘e wrâld, wêrtroch’t it orkest hast fyftjin nasjonaliteiten en likefolle talen ken. Wêr’t it gewoanwei giet om it kreëarjen fan in symfony tusken dy musisy, leit ‘Solo’ krekt de klam op it yndividu. Want wa binne eigentlik dy minsken dy’t yn in orkest spylje? Musisy út Japan, Spanje, België, Dútslân, Portugal, Frankryk en Ingelân litte harren ynstrumint dit kear stean en fertelle harren persoanlike ferhaal elk yn in koarte solo. Skreaun troch trije talintfolle skriuwers en regissearre troch de teätermakker Skoft&Skiep.

Redaksjelokaal
Op it UITfestival 2017 sette Frysk literêr tydskrift De Moanne in redaksjelokaal yn ‘e Prinsentún, Ljouwert. Dat wie sa’n sukses, dat it ropt om in ferfolch! It idee is ienfâldich: sawat fyftjin âlde typmasinen steane yn in ienfâldige, smûke opstelling. As besiker (jong en âld) wurdst útnûge om in tekst te skriuwen. Betûfte skriuwers/dichters stypje dy dêrby. Fan de opbringst meitsje wy in (online) publikaasje!

Relaxerette
De Relaxerette fan keunstner Arjan Kruidhof is in rûndraaiende ynstallaasje dy’t dy meifiert nei in oar perspektyf. Do leist yn in hingelmatte en stoarrest nei de wolkens. Do pakst dyn koptelefoan en slútst dyn eagen. Harkje nei ferhalen en lûden dy’t dyn tinzen efkes stilsette. Kies foar de twirjende wurdestream fan Marc van der Holst, de mankelikens fan Marieke Lucas Rijneveld of foar ien fan de oare ferhalen, skreaun troch Jamila Faber, Heksenhamer en Pieter van der Sman. Jolle Roelofs makke spesjaal foar de Relaxerette in muzikaal tafriel dat dy efkes út dizze grôtfolle wrâld ûntkomme lit.

Mei de Taalkaravaan wol Lân fan taal yn hiel Fryslân it belang fan meartaligens en wille foar taal sjen litte. It grutte LF2018-projekt wie al provinsjebreed aktyf op skoallen, mei apps en mei mienskipsprojekten. In soad Taalkaravaan-aktiviteiten binne fergees tagonklik. Dêr't wol kaartferkeap fan tapassing is, fynt dat plak fia de festivals en eveneminten sels.
De betelpagina wurdt laden