O O O O O O O O O O

Visions of the Basque country through Frisian eyes (and words)

22 juny 2018

Op freedtejûn 6 july is Talepaviljoen MeM it dekor foar in ynternasjonale jûn mei literatuer en muzyk. Publyk is fan herte wolkom. Sintraal stiet de Baskyske taal en kultuer. Yn in ynformele talksjo komme ferskate sprekkers oan it wurd. Sa binne skriuwers Gerard de Jong en Bart Kingma te gast. Beide reizgen sy foar it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden nei Baskelân. Se fertelle oer harren ûnderfinings dêr en stelle de fraach oft der oerienkomsten binne tusken de Baskyske en Fryske taal en identiteit. Ek komt Mirjam Vellinga oan it wurd. As projektlieder fan Lân fan Taal by de Afûk is sy de betinkster fan de Baskyske wike. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Idoia Noble, dy’t wurket foar de organisaasje Donostia Kultura yn de Baskyske stêd San Sebastian. De jûn wurdt opfleure mei live muzyk fan Elmar Kuiper en syn band Tigers fan Greonterp.

Wat: Talksjo en live muzyk
Wannear: Freedtejûn 6 july 2018. Ynrin: 19.30 oere, begjin: 20.00 oere
Wêr: Talepaviljoen MeM, Prinsetún, Ljouwert

Fan 1 o/m 8 july is it Baskyske wike yn Talepaviljoen MeM en de omlizzende Taletún. Der wurde ferskate eveneminten organisearre rûnom de Baskyske taal.

Oare Wurden/Other Words
Oare Wurden/Other Words is in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen, dat begûn is yn 2016. It projekt jout skriuwers de kâns om acht wiken yn it bûtenlân te wenjen en te wurkjen. Doel fan sa’n ferbliuw is om in literêr wurk te meitsjen, mei te dwaan oan it kulturele libben yn it gastlân en in nij (skriuwers)netwurk op te bouwen. It úteinlike literêre wurk wurdt yn it Ingelsk en de oare dielnimmende talen oerset en op de webside fan Oare Wurden publisearre. Op dit stuit dogge -neist Fryslân- Baskelân, Ierlân, Masedoanië en Slovenië mei oan it projekt. Op 4, 5 en 6 july binne ôffeardigen fan de dielnimmende lannen yn Fryslân om te praten oer in mooglik ferfolch op it projekt. Ek binne der ferskate skriuwers út de dielnimmende lannen oanwêzich.

It projekt Other Words/Oare Wurden wurdt útfierd troch Tresoar, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It projekt is ûnderdiel fan it LF2018-programma Lân fan taal, dat as doel hat doel om Fryslân as publyks- en kennissintrum foar meartaligens te posisjonearjen.
De betelpagina wurdt laden